image marije roorda

Marije Roorda - Fers2 nû. 3.16, 15 oktober 2017

Wer’t de wyn my hinnesylde

Fan fierren te sjen it eilân dat in bewenner mei opsetsin

ferliet en dy’t by syn frou en soan weromkaam doe’t

de swalkerskoarts einliks út syn brein en lea wiske wie.

Him troch goaden en goadinnen liede liet en nocht

hie oan oarloch en fjochtsjen; mei de spear yn ’e fûst

de fijân deade, yn Troje in kriichsbút him talake.

Dat ik silend syn thúslân mei eigen eagen oanskôgje,

my de berch Nériton, beklaaid mei bosken, tawiuwt en

fierderop rûch en rotsich in helling ploaiket mei ûnderoan

glinsterjend in baai, dêr’t hy lichtwol in foet oan wâl sette.

Hat earst Zeus my as frjemdling hjirhinne stjoerd en wie ’t

Aeolus dy’t my geunstige wyn joech om it ljocht fan de sinne

te fielen op in strân by it seewiid dat jadegrien spegele

myn neakenens yn ’e djipte fan de âldheid, dy’t ek

wennet yn in hillige grot, yn in oliifbeam en oerdeis

yn it mekkerjen fan in keppel skiep en geiten huzet.

Mien ik yn in figuer op in klimmend paad te werkennen

de hoeder fan bargen, dy’t my freonlik opnimt en freget:

‘Wa bisto en wat sikest hjir?’ My de wurden ûntfalle dat

fier fan hûs hjir opriist út see in oerâld langstme nei

immen, dy’t achter de hoarizon swalket en dat dit eilân

de myte draacht fan trouhertigens yn berchstien bewarre.

Wizend nei in fallei mei wielderich grien freegje ik him oft

dêr ienris in treurbeam woeks, dêr’t drôvich om in ferbrutsen

bân de hoeder ûnder siet, dy’t trou bargen weide en fetmeste,

yn ’e fierte it kleiliet fan in ferlitten frou te hearren wie.

My in hân op it skouder lein wurdt en sizzend:‘Hjir telt

de tiid gjin oeren. Bist tink oan lân kommen yn Frikes mei

syn sulverstrân en sjoch dêrjinsen leit Kioni, in fiskersdoarp

mar syl fannacht mei moanneskyn nei de baai fan Molus.

Dêr wachtet dy Vathi en fynst der de blinens fan Homêros.’

Mear fan Marije Roorda

In beam jout justjes ljocht
Reinduns
Unferwachts fersen fan Marije Roorda
It wald
Tút fan Judas Politike Haiku II
Wat my driuwt
Greidblom Stien, do bist in krommel út in rots.
Droechte
‘Kuier’ en ‘Grut hoefblêd’ Leafst yn in lânskip/ as ik geandefoets har eagen moetsje …
It lûd fan de yidaki Hoe’t de see yn dampens stillei / har wazem oer de dyksfoet striek