image marije roorda

Poëzy

Marije Roorda - Fers2 nû. 6.1, 16 febrewaris 2020

Greidblom

Stien, do bist in krommel út in rots.

Leist as in skib út de dolomiten

foar myn knibbel, sjochst my nuver oan.

Ik kear dy om en om.

Wriuw dyn net te bûgjen hurdens,

in hearsker dy’t him tsjinje lit,

my lokket nei in berchskeante

dêr’t ingelhier sêft weaget.

Easkest my myn wale ôf te dwaan

ear’t ik dyn ieren reitsje mei in beitel

en fan dyn moarmersiel in splinter spat,

mei ik yn dy in greidblom bloeie litte.

image marije roorda

Wat my driuwt

Wat driuwt my om yn ’e skimer

allinne nei it strân te gean

dat heimich stil der hinneleit

as it skûlliif fan de see,

dy’t pearsich lispelet oer

hoe’t yn my in jutter siket

nei de skoat fan myn bestean.

Earst

ast der net om sikest

krijst antwurd fan de see

driuwt yn wurdleas wachtsjen

dyn sylskip nei de kime ta

dúnhelm wiuwt it skoften nei

baai tenearsten troch it wrakhout

healtrochwiet om wat oanspielt

oan it tij werom te jaan.

Marije Roorda - Fers2 nû. 6.5, 13 septimber 2020

image marije roorda

It wald

it wâld foar myn drompel âlet

troch myn prakkesaasjes hinne:

it farske nijs fan alle deaden

ik doch de doar ticht; ik bin der net mear

al dy lykkleden dy’t ik borduerde

oant myn fingers bletten

de skimen kleve op myn stuollen

hja nûgje my by har lûdleas brochje-iten

it rút dat siicht my op ’e rêch

ja âlje mar, bekrûp my mar

it boarst smûcht my, ik sjoch

en hear net langer mear

Mear fan Marije Roorda

In beam jout justjes ljocht
Reinduns
Unferwachts fersen fan Marije Roorda
It wald
Tút fan Judas Politike Haiku II
Wat my driuwt
Droechte
‘Kuier’ en ‘Grut hoefblêd’ Leafst yn in lânskip/ as ik geandefoets har eagen moetsje …
It lûd fan de yidaki Hoe’t de see yn dampens stillei / har wazem oer de dyksfoet striek
Wêr’t de wyn my hinnesylde Fan fierren te sjen it eilân dat in bewenner mei opsetsin / ferliet en dy’t by syn frou en soan weromkaam doe’t …