Salang’t de beam bloeit
Oersettingen kamen yn Frysk, Dútsk, Hollânsk, Ingelsk; net yn it Biltsk

English     Deutsch     Nederlands

Besprek

‘Ik stean der net yn, do wol?’

Oer Salang’t de beam bloeit: Koarte skiednis fan de Fryske literatuer

Friduwih Riemersma - Fers2 nû. 4.12, 17 juny 2018

Op pompier hwet moais to skrjuwen
      Is gjin wirk onfoege swier,
Mar dat ’s altyd net to leauwen,
      Alle moaiens is net wier.Waling Dykstra

Tresoar syn nije boek oer Fryske literatuerskiednis, offisjeel skreaun troch Joke Corporaal, hat 50 siden effektive tekst. In Ensafh is grouwer mei 60 siden. Wol kinne op dy siden goed 400 wurden, want it skiedboek hat in ûngebrûklik lyts letterke. Mar dat bart net. De opmaak is neffens webshoptemplate, mei reade triedden en ‘moods’—“Syktocht om it wiere Fryslân”—yn ‘boadskip’-fonts en kleare kleuren. Heapen plaatsjemateriaal—soms fan minne kwaliteit; Aggie van der Meer glimket ús ta út brutsen byldbestân wei—en tekstdekorearjende rânen en linen parse de tekst yninoar ta in ûnfreonlik fersekeringskontraktformaat, tusken rourânesmelle sidemarzjes sadat it boek min yn ’e hân leit. Lêsberensregels skeine en ropperige typografy is oars neat foar de kommersjele útjouwer Bornmeer. Wa wol sa’n boek hawwe?

De provinsje, suggerearret it kolofon. Skoalbern en studinten en besikers fan it kulturele haadstêdevenemint, seit it foaropwurd. Mar fan in stúdzjeboekopset is gjin sprake. De kearn fan sa’n opset, oersichtlikens, mist folslein. Al is der in nammeregisterke, in saakregister ûntbrekt. In logyske, trochrinnende haadstikyndieling, needsaak foar in skoalboek, hat plakmakke foar in hink-stap-sprong troch it boarne-literatuerskiedboek Zolang de wind van de wolken waait, ek fan Tresoar, hinne. Betsjuttingsfolle titels foar de ynhâldsopjefte, in eask foar skoalboeken, binne net nedich achte en it skoalbern moat it dwaan mei titels dy’t nei literatuer noch skiednis ferwize, lykas “Frysk leechlân”. Om sidenûmers moat men sykje. Nei in oerke omblêdzjen springe ynienen op elke rjochterside, mar net ien lofterside, okkult omheechskreaune sifers út de wytrâne wei: “2000 >”. Ferjit de skoalbern en studinten. It boek is in shortlist fan Fryske bewegersikoanen fan Gysbert Japicx oant Nyk de Vries. In who’s who, mei foto’s derby dêr’t it sjen nea mear fan ûngedien wurde kin: Simke Kloosterman, aardich minder sexy as ik altyd tocht, hat hielendal gjin Fryske hynst mar ien of oare sleauwe guds.

Like nonsjalant as de foarm en it doel komt de ynlieding op jo oer. Der stiet dat “eins neat Nederlânsker is as de Fryske literatuer”, mar wat Fryske literatuer is wurdt net ferdútst, lit stean wat literatuer an sich is. Dan stiet der dat it net spesjaal giet oer literatuerskiednis: “Yn 2018 is Ljouwert in jier lang Kulturele Haadstêd fan Europa … Yn dit boek giet it oer it proses dat dêroan foarôfgie en dêrop folge, oer de hichtepunten mar ek oer de djiptepunten fan de Fryske literatuer en taal.” De “haadtekst”—blykber is der ek in bytekst—giet oer de kontekst dêr’t de Fryske literatuer, wat dat ek wêze mei, yn ûtstie. Bêst genôch, want literatuerskiednis, dus de systematyske, krityske organisaasje fan literêr materiaal op grûn fan ynterne en eksterne karakteristiken, hat wichtige tekoartkommingen. Yn it earste plak litte literêre teksten har min yndiele nei oerflakkige eigenskippen en noch minder as dat gronologysk moat. Homogene stylperioaden binne amper oan te wizen; wurk út ferskillende tiidrekken oerlapet faak mear kwa foarm, ynhâld en resepsje as wurk binnen ien tiidrek, nettsjinsteande de druk om ien trend nei te folgjen.

Mar nei de ynlieding docht bliken dat se bedoeld ha dat yn it boek gjin letter literatuer stean sil. Njoggentich jier lyn kritisearre Jelle Brouwer, dy’t de earste direkteur fan de Fryske Akademy wurde soe, de foargonger fan it skiedboek, it hânboek Fryske skriftekennisse fan Douwe Kalma, om in kontrastearjende reden. Brouwer sei dat in skiedboek dat de nammen neamt, de oardielen útsprekt en alle boarnen jout, de hûnderten siden karlêzing dy’t Kalma opnaam, net nijsgjirrich makket nei de Fryske literatuer. Skeelt it dan neat oft der al of net literatuer yn in literatuer­skiedboek opnommen wurdt, is de fraach. In antwurd hinget fansels ôf fan jo hegere doel, fan wat jo wolle foarby it skiedboek. Brouwer hat him altyd ynset foar horizontferbreding fan bern út minder fernimstige húshâldens en yntellektuele ferriking fan studinten en wiisde dus it idee fan komplete ynformaasje ôf; Brouwer woe de oanberne minsklike nijsgjirrigens nei mear en oars net deadzje. Mar fan idealen of fisy of sels mar in foarm fan humanisme en ferantwurdlikens—wat wis stal krige yn it Lyts hânboek fan ’76, yn de searje Minsken en Boeken—kinne jo ús provinsje net beskuldigje. It nije boek is syn eindoel, sa blykt út de opset. Wa’t literatuer­winsken hat siket mar in oare webshop.

Yn haadstik 1 ûntlûkt de Fryske literatuer him oan de natuerwet dy’t Fryslâns alvestêdetochten mooglik makke en de kulturele haadstêdfontein yn Dokkum ûnmooglik: de wet dat iis foar it aldergrutste part ûnder wetter driuwt. Net de Fryske literatuer, dy hat neat ûnder wetter: “Allinnich it topke fan de iisberch is oerbleaun en de rest is ferdwûn.” It nije skiedboek pleatst it begjin fan it “topke” as wenst yn ’e midsieuske kopiearre teksten yn de doetiidske Fryske taal. Mar wêr kaam dy skriuwtaal wei en hokker doel soene dy teksten tsjinne ha, as net dyselde taal praat waard troch yn alle gefallen de elite fan in beskate groep? Praattaal is in automatysk kopiearre systeem fan symboalen om djippe betsjutting oer te dragen. Bysûndere, ‘artistike’ ferbylding mei dy symboalen is allyksa oererfd minsklik gedrach. “Ferdwûn”, yn it “weagjende wetter fan de tiid”, docht sa besjoen tinken oan ’e Titanic: ûndergean bart net as net eat dêr wreed ta twingt. It skiedboek beakenet út de flecht wei literatuer ôf ta skreaune tekst en keppelet it los fan spontaan minsklike, dus orale symboaloerdracht. Dat is snoad. Want it Frysk is as praattaal sawat ferdwûn, mar dat jout neat as allinne de skreaune “top” telt. Skreaune tekst wurdt no sa fûl oerheidsûnderstipe dat ‘yn opdracht’ gjin oerdriuwing is. Unnedich te sizzen dat dy nije tekst net kritysk opnommen wurdt yn it korpus mar liturgysk, lykas de kopiearre wetsteksten dy’t neffens it nije skiedboek “in unyk byld fan de libbenswrâld fan de Friezen” jouwe.

Haadstik 2 springt nei de santjinde ieu. Oan taseine kontekst mankearret it. Bygelyks, wa koe doe lêze? It analfabetisme waard hurd minder yn ’e gouden ieu, mar yn 1827 gie mar ien op ’e acht minsken nei skoalle yn Fryslân. Fansels helle it gros lang net it lêsnivo foar gedichten. Yn dat fakuüm neamt it skiedboek—de passaazje is sa streekrjocht oernommen út oarmans ûndersyk (en it skiedboek is net annotearre) dat it plagiaat is—Johan van Hichtum syn ‘Ansk en Houk’. Dat gedicht is goed bestân tsjin de tiid en fol mei Fergilius foar de Fergi-fan, mar it is net oerset nei modern Frysk; it skiedboek bedoelt dúdlik net te sizzen fan lês it, mar neamt it as efterdoek foar Gysbert Japicx. Japicx—de man, net syn wurk—wurdt dêrnei behannele yn in finjetsje dat los stiet fan ’e haad­stikken, lykas de oare finjetten as ûnbesibbe grêfstiennen yn ’e grûn stutsen. It haadstik sels nimt in ûnferwachte draai. Dichter/psalmoersetter Jan Althuysen komt deryn as foarbyld (fan professors en studinten “dy’t ek niget oan it Frysk [hiene] en dat sette wer oaren oan”). In foarbyld is in ekstra elemint, oer te slaan foar wa’t it ferhaal snapt, mar hjir stiet weimuozze: “It is it diskusjepunt dat yn de folgjende ieuwen hieltyd wer weromkomme sil: hoe moat de Fryske literatuer him ferhâlde ta de literatueren om him hinne? Nêst in stribjen nei ‘hege literatuer’ yn it Frysk wie der ek altyd ferlet fan werkenbere stikken yn de folkstaal.”

It ûnderskied tusken de Fryske en de Nederlânske literatuer, de polityk fan taal en nation building, is lykwols in folslein oar fraachstik as de obsesje mei it ûnderskied tusken hege en lege kultuer dat ein santjinde, begjin achttjinde ieu yn Ingelân útbruts en begjin tweintichste ieu by de Fryske beweger Douwe Kalma. Mar as jo werom sykje, by Althuysen en syn foargongers, wêr’t de beide kwestjes yn woartelje neffens it skiedboek, dan stiet der neat. De redaksje—Babs Gezelle Meerburg, Ans Wallinga, Goffe Jensma en Teake Oppewal—wolle sa te sjen gjin diskusje oer it diskusjepunt. De lêzer sil net witte foar wa’t de Fryske literatuer in etnyske eigenheid ha “moat” en wa’t krekt ferlet hat fan “werkenbere” literatuer yn de “folkstaal”. Mar wie dat net de sjuery fan de ‘heechste’ Fryske oerheidspriis foar literatuer, dy’t yn 2015 mainstream mystery fiction bekroande? Docht in skiedboek net krekt rjocht oan de eigen skiednis as it dêr in fraach oer stelt?

New criticism hat ús leard ús emoasjes út de tekst te hâlden, mar fertwifeling, mei dat? Want ‘heart’ in skiedboek net in debat oan te slingerjen? Of leau ik, naïve babyboomer, tsjin better witten yn yn dialooch en de plicht fan beskavingsoffensiven fan de oerheid, lykas dit skiedboek, om de kwestjes te praat te bringen? Mar myn kollegaskriuwers seine itselde: dat elkenien fluch yn it boekje sjocht oft hysels ‘deryn stiet’ en bliid is as it al sa is en lilk as it net sa is, sadat de slimme fragen fan hjoed út sicht reitsje, en sadat it literatuerskiedboek dus gjin fûnemint biedt foar fierder. Mar Fryslân, andere ik (al foar’t ik it skiedboek seach), hat in kanonisearringssysteem dat typysk is foar in minderheidskultuer, dat is bekend. Wat jo dogge is dat jo tiidrekken yndiele. Foar dy tiidrekken skeppe jo keunstmjittich ien of twa ikoanen. En foar de rest fan de skriuwers hâlde jo it fjild hielendal egalitêr en demokratysk. Elke literator hat likefolle kâns op in rigel yn in boek, in opdracht of priis, likefolle hoe hurd er wurket, en dat makket dat er hieltyd syn kollega’s befjochtet en net mei-inoar it systeem.

Dêr komt by, haadstik 3 hat it wol oer de tradysje fan de pioniers, de Fryske rymkes fan de bruorren Halbertsma, de mienskiplike teltsjes, ús mei-inoar optochte histoaryske folksferhalen, de Fryske grutskensepi, it kollektive djipfryske moed fan Douwe Kalma, de boere-idylle fan Brolsma en Postma en de folkloaristyske leaflikens fan Gysbert Japicx oant Tsjêbbe Hettinga, mar betink dat dy it allegearre net rêden hawwe. Hja hawwe har mar efkes en swak utere. Hja hawwe de rigen net sletten. Der is amper wat fan har kultuermissy oerbleaun. De literatuer fan hjoed sit grôtfol mei egoïsme, materialisme en benammen in alderheislikst yndividualisme. De efterflaptekst is mar al te wier en nearzich: “De Frsyke literatuer is útdrukking fan de eigenheid fan Fryslân. Troch de ieuwen hinne hawwe Fryske skriuwers en dichters yn har eigen taal skreaun: oer harsels, oer har taal en oer har lân.” Dy—subsi­stinsje­strategyske—polityk korrekte skriuwerij is in ferskowing nei in kulturele Sklavenmoral, dy’t it beskiedend ferskil is tusken ferline ieuwen en hjoed. Net te missen en boppedat problematisearre troch útlânske minderheids­literatuer­stúdzjes. Lykwols merkt it skiedboek it net op, en dat hoewol’t it seit net yn ’e boeken te sjen mar just nei de kontekst.

Nei it haadstik oer de njoggentjinde ieu, dat min skreaun is, wurde de haadstikken hurd noch minder fan kwaliteit. Mooglik komt dat om’t literatuerhistoarysk ûndersyk him minder rjochte op de tweintichste ieu. Nei de nei-oarlochske literatuer is hast gjin ûndersyk dien. Ek is it skiedboek part fan it probleem dat it op it ein sinjalearret, dat literatuerstúdzje no sa goed as útstoarn is, want it folget de trend om Fryske literatuer net wittenskiplik te besjen. Mar mear foar de hân lizze skiedkundich metoadysk ûnfermogen en—want boarnenkrityk is oerslein—letargy. In finjet nei haadstik 4 fertelt oer de krityk op it Letterefûns dat foar op ’e Frankfurter Buchmesse fan 2013 twa boereromans útkeas en jout dan in reaksje fan Trinus Riemersma. It sitaat is sa min keazen en ûndúdlik dat Corporaal dernei Riemersma gau ferbetteret, mar it punt is: Riemersma wie yn 2013 al twa jier dea.

Haadstik 5 ‘Blik op Europa’ hat gjin “Europa” yn de tekst, útsein ien út de kontekst skuord sitaat fan Anne Wadman oer dat skriuwers har neffens Kalma [sic] net provinsjaal oriïntearje moatte. In losse gjalp dus; line sit der net mear yn it ferhaal. De net-teoretyske beneiering fan skiedkunde yn it skiedboek brekt op. Dat dat krekt yn ’e resinte skiedskriuwing, fan ’e twadde helte fan de foarige ieu ôf, echt opfalt is gjin wûnder. Guon direkte belutsenen by de Fryske literatuer, lykas Antsje Swart, libje noch en hawwe in libben ynsjoch yn wat hja meimakke ha: wie bygelyks yn ’e jierren sechstich werklik “demokratisearring it biedwurd” en net noch altyd—sa’t trouwens de nonfiksje fan Wadman en de fiksje fan de oare “fernijer”, Riemersma, ûnderstreekje—god en bibel? Yn de postmoderne opfetting fan skiedskriuwing bestean ‘feiten’ net mear en bliuwt betsjutting fluïde. Sa’n outlook kin dreech wêze foar in net-wittenskipper lykas Corporaal, mar hy sil benammen heaks stien ha op de opdracht om in grut ferhaal te meitsjen. Ymplisyt mar oerdúdlik is keazen is foar de âlderwetsk ûnkrityske pedagogy fan it opleppeljen fan wat sinneklear is en gjin útlis hoecht: fan wierbarde, fêststeande wapenfeiten yn ien rjochttrochrinnende tiidstream dy’t alle kontradiksjes kanalisearret ta “freon en fijân wie it deroer iens”—ta kultuernasjonalistyske ienheid.

Yn skoalskiedboeken dy’t ûnder streekrjochte politike kontrôle stean krijt hast altyd in ideologyske bewurking fan it ferline syn beslach. Sokke skiedboeken jouwe as autentyk beskôge kennis dy’t it offisjele stimpel fan wierheid krijt, mar dy’t net mear is as in kennisclaim, want selden kin der ûnderbouwing oandroegen wurde foar de wierheden. Gewoanlik kin dat ús neat skele: wy binne foar in skiedniskanon, wat moatte wy de bern oars leare? Dêrby hawwe alle skoalboekredaksjes te krijen mei kommersjele easken en twinge ekonomyske faktoaren harren ta oantreklike seleksjes, yngripende reduksjes fan materiaal en perspektiven en in simplifikaasje fan stânpunten (en dêrby giet faak fanalles mis).

Mar der is ek seleksje en útlizzing dêr’t de redaksje gâns kontrôle oer hân hat: de literêre kanonfoarming. Oant in literatuer in kanon hat, in top boppe wetter, is dy net op it ûntjouwingspeil dat wittenskiplik bestudearre wurde kin, sa wurdt faak tocht en ek hjir. It is net sa. Akademisy litte har net liede troch kanons want dy ferstienje ûnderwerpen en sette stúdzje om yn neipraterij. Kanons binne in frij sletten systeem, se meitsje beskaat wurk beskikber en lizze ek de begripen fêst om dat wurk mei te hifkjen. Folksliteratuer hat gewoanlik gjin kanon—dêrom hjit it yn Fryslân gjin folksliteratuer mar -skriuwerij—oant de ûngeregeld oraal trochjûne teltsjes neffens dy fêste linen sammele, ferlike en útpluze binne. Kanons bringe foarsisbere foaroardielen mei om teksten te ferklearjen. Dêroan ferbûn befoardielje de regels foar it útkiezen fan kanonike teksten de machtigen en slute se de marzjinale groepen út, likefolle wat de kwaliteit fan it wurk is. Fan kanonisearring giet in sterke modelwurking út, oars sein kanons wurkje selssensurearjend. Dêrom fersteure kanons de literatuer.

Boppedat—haadstik 6 giet oer de ‘trend’ fan Fryske skriuwers om yn it Nederlânsk te skriuwen—is der fossilisearring. Yn Fryslân is gjin progressive keunst ûntwikkele yn de rin fan de tweintichste ieu. Der is gjin links teater kommen, der is gjin selsbewuste en foarútstribjende literatuerbeweging, der binne gjin polityk-literêre manifesto’s, der is gjin ideologysk folwoeksen publyk kweke, en der is hielendal gjin debat is oer hoe’t neonasjonalisme en neoliberalisme de frije keunst smoare. Hell no, leaver driigje om Nederlânsk te skriuwen as ris in krityske blik smite op de Fryske ynstituten dy’t mei har benearjende selshistorisearring de Fryske literatuer yn it paad steane en suverje.

It lêste haadstik is in opsomjen fan feiten sûnder ferbân. As der al in oarsaak of gefolch op it aljemint komt is dat meast yn it grize gebiet tusken leagen en mislieding. Sa soene de Koperative Utjowerij en de Friese Pers Boekerij har dominante útjouposysje ferlern ha troch “de opkomst fan de digitale media.” “Grutte feroaringen” stiet derby en dat klinkt oannimlik, want mei it effekt fan technology op de útjouyndustry wurdt wrâldwiid bedoeld dat de ôfsetmerk foar it papieren boek steil omdel giet trochdat e-books en print-on-demands de merk oerspiele, respektivelik omsile. Mar dat barde net yn Fryslân. No noch net. De Fryske literatuer ken amper e-books en direkte skriuwer-lêzerôfset. De Facebookmuorre fan It Skriuwersboun, seit it skiedboek, “fungearret as de stamtafel foar de goed twahûndert leden: skriuwers, oersetters, sjoernalisten, leararen Frysk ensfh.” Fungearjen is in snoad keazen wurd: it liket synonym mei funksjonearjen, mar wylst funksjonearje ek betsjut fan goed wurkje betsjut fungearje inkeld tsjinst dwaan. Op de Skriuwersbounmuorre stean sa’n fjouwer berjochten de moanne, fan it bûnsbestjoer sels, sûnder ‘likes’, lit stean in reaksje fan ien fan de twahûndert.

Slim is de skiedrefisy krekt echt as dy de Fryske literatuer in beskate kant út forsearret. Kanons, wat mear rigide dy binne, binne net goed foar literatuer. Se bringe in set regels fuort om te bepalen wat grutte wurken binne, wat skriuwers har frijheid smoart en ek de spontane wurdearring fan it publyk. Demotivearjend en diskriminearjend is de ûnbeskamsume leagen—Corporaal siet sels yn in redaksje mei in frou as haad—dat froulju wol yn redaksjes fan Fryske tydskriften kamen mar net as haadredakteur. Wat fertelt dat de froulike haadredakteuren: neat oars dochs as dat har ynbring sa futyl is dat se oer de holle sjoen wurde meie, sadat se it likegoed oan in man oerlitte kinne, sels as se wurk oer in frou steefêst teplak sette as frouljuslektuer en dus haadredakteurje as in keardel.

Oer in oarsaak fan it efterbliuwen fan froulju yn de Fryske literatuer seit it skiedboek neat; de fraach wêrom stelt it allinne as der losse eintsjes yn it ferhaal fuortwurke wurde moatte. Mar de opkomst fan de feministyske literatuerteory liet sjen dat froulju it aldermeast te winnen hawwe by it trochbrekken fan de deade wite manljuskanon. Yn Fryslân hat de frouljus-brain drain gigantysk west, en/want inkeld yn de marzjes wie romte foar boarsten, út sa’n marzje kaam ea de froulike skriuwer Elske Schotanus. Mar it momentum foar omsmiten fan de kanon hat altyd mist om’t de Fryske literatuer in produkt wie en is fan kultuernasjonalisme. De provinsje hat gjin keunstbelied; inkeld taal- en kultuerbelied. De minderheidskultuer Fryslân docht war om ‘syn’ potinsjeel kreative skriuwers, ynklusyf Schotanus, te prigeljen om te skriuwen yn syn taal en jout opdracht oan skriuwers om in ferskaat fan stikken te meitsjen oer harsels, oer it Frysk en oer Fryslân. It meastepart fan wat de Fryske jongerein dogge is kopiearjen. Dat witte wy al in ieu. Wat koarter, mar op syn minst tweintich jier, witte wy dat der om dy reden net mear útjûn wurdt foar in echt publyk, mar inkeld foar in kliber dy’t himsels yn stân hâldt mei ynterne konkurrinsje en skjinne skyn skriuwen en ja & amen.

Gearfetsjend, Salang’t de beam bloeit: Koarte skiednis fan de Fryske literatuer mist skiedkundige metoade, krektens, doel en line en is ûnbetrouber, selektyf, rommelich en min lêsber. Wilens, al in hiel skoft, moatte de heechkreative minsken mei de krêft om op ôfstân te oersjen en kritysk te stean, ree wêze om de yntellektuele en artistike iensumens te akseptearjen. Want dy’t dingen seit dy’t derta dogge en orizjineel binne krijt daliks krityk út de tradisjonele stânpunten wei. Sadwaande easket oanwizen fan alternative paradigma’s in aardige selswissens en in fielen fan korrektheid en rjochtfeardige grûn foar wat jo dogge. En sa sjogge jo dat it bytsje kritisy dat der is in pear fasetten oanfalt, lykas as fan dit skiedboek dat it optilt fan de typflaters. Gjin kritikus hat it gehiel oanfallen. Gjin kritikus falt it systeem oan dat sa’n skiedboek produsearret. Fryslân hat gjin kritisy. Dat feit is slimmer as it skiedboek sels.

Mear fan Friduwih Riemersma

De priis op ’e nij besjoen Takenning en útrikking fan de Gysbert Japicxpriis 2021
‘Al te persoanlik’ feit de Gysbert-manko’s moai yn ’e dôfpot
Gjin sjueryrapport foar de Gysbert Japicxpriis 2021
Kultuerkontrole De nije macht fan ús kultuer­ynstitúsjes berikt mêden dy’t earder bûten it bestjoersfoech leine
Stimleas yn it auditoarium Palimpsest, in sterk dichtdebút fan Erik Betten
Kalamiteit by de leveransier Noas tsjin ’t glês fan Edwin de Groot
By besunigingsweach: gean fan ’e terp ôf En panykje net, of, Hoe’t De Rouwe syn analogy kopke-ûnder giet
In Ried foar de Keunst (podcast) Gerrit Breteler: de wearde fan keunst is net ‘men betellet der fet foar’
Wol keunst wier ferskaat? (podcast) Systematysk harkje (@Amanda Gorman @Zaïre Krieger) nei de útranzjearre minderheden sit net yn ús ynstituten
Dit bart der as jo McGonagall oersette of, de mof fan Thiadmer Riemersma
1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11 12 13 14 15