image

In ferdigening fan dichtkeunst

Hiemsiik fan Elmar Kuiper, as nomaden in tinten teplak fan Sytse Jansma en Brek dyn klank fan Abe de Vries

Friduwih Riemersma - Fers2 nû. 19, 1 novimber 2015

Hiemsiik

It leafdesliet ken twa manifestaasjes. Ien is de lyryske hofmakkerij mei syn ferliedingstaal, lykas fan de trûbadoers, fan bleu oant obseen. De oar omfettet it hertsear fan de ferlerne leafde, lykas yn de midsieuske hertstochtlike jeremiade mei syn konvinsjonele langstme nei de dea. No’t de kultuer hieltyd mear druk op ús leit om perfekte relaasjes te realisearjen, dy’t dêrtroch sneuvelje, en ús derneist de tiid jout foar en de niget oan it útplústerjen fan ellinde, sil de poëzij fan de foarbije leafde net gau ferdwine. Hiemsiik, de krekt ferskynde bondel fan Elmar Kuiper, smyt de lêzer dêr medias res yn:

as (…) ik it sintrum

fan it bloedbad bin

it skaad efter my

oantôget de fûgels

tsiere om it fleis (s. 9)

Hiemsiik is neat mear en neat minder as de pine fan langstme. Mar oars dat bygelyks de bibel suggerearret, ik bin in frjemdling wurden yn in frjemd lân”, komt hiemsykte net fan de feroaring fan plak, mar fan it trochsnijen fan bannen mei hechtingsfigueren lykas de âlden en de bern. De symptomen binne rêstleazens, ferfrjemding fan it sels en witte dat de locus fan de nostalgy net de úteinlike bestimming is, meastal sûnder te witten wêr’t jo dan hinne moatte. De funksje fan fan hiemsykte is antisipaasje-eangst. Minsken hawwe, oars as rôffûgels, gjin oare ferdigening tsjin it libben as de keppel om harren hinne. Dus eangst moat minsken tsjinhâlde om harren leaven te ferlitten. Dêrfoar is it te let. De sprekker yn Hiemsiik is ôfsnijd fan syn leaven. It genêsmiddel foar hiemsykte is om in leauwe yn it eigen kinnen te ûntwikkeljen yn de nije omkriten. Sa fier is it dúdlik noch net. Mar salang’t er syn ferhaal fertelt libbet de ferteller.

Kear op kear lykwols bringt er de taharker yn it sin dat de natuer syn klacht dielt, “de wyn / tsiert in mok kleit”, (s. 26) en dat er foar it universum oer stiet, dat wol sizze, as in stjerrende man: “lûkt de kosmos syn swellesturt oan”, (s. 11). Yn alle fjouwer, op it earste gesicht hybride, skiften—‘toarst’, ‘heit’, ‘geil’ en ‘blau’—hâldt it sykjen oan nei wat der net mear is. Yn ‘toarst’ is it objekt de beminde, dan de heit dy’t gjin heiterol mear spilet en him dêr ek net bewust fan is, dêrnei it objekt rêst—‘geil’ is de ûnrêst sels mei syn sawat-fatale gefolgen en yn ‘blau’ is de skjinne laai it objekt. De sprekker hat fuort al yn de gaten dat rêst, mei eventueel in nij begjin, troch selsferjouwing, of ek de ferjouwing fan in oar, in te swiere belêsting foarmet: “de hûn (…) gjin wâld ûnder de / kont fertsjinnet omdatsto dysels net ferjoust”. (s. 31) Om begryp, dat makliker op te bringen is as ferjaan, siket de sprekker net; it objekt fan it sykjen wurdt dan de taharker, immen dy’t inkeld mar harket.

Mar harkjen blykt in problematyske hanneling: “naai him in sintúch / oan ’e rêch sadat er / oars harket”. (s. 39) As, op ien fan de earste siden, de sprekker him ôffreget wa’t noch wat foar him dwaan kin, “wa ferslacht de toarst / en seaget my de hoarnen ôf”, (s. 13) wit de lêzer al dat dat in retoaryske fraach is; nimmen harket. Net it eponime ‘hiemsiik’, mar ‘artikulearje’ is te sjen as it kearngedicht fan de bondel om’t ek de sprekker dêr fernimt dat de taharker opholden is mei harkjen. Dy wit net iens dat er wol praat mar net heart en dy riert sadwaande yn de âlde wûne fan de ferlerne leafde en heit: “los in pleister op it sear plak gjin fout meitsje dy âld strûk / my troch alles hinne trochboarret fan syn gelyk”. (s. 33) It ferlies is no wer akút: “ferachtest de mins / as er it wol leaut hieltyd / wer omkôget op deselde / deade dream”. (s. 34) De sprekker rjochtet him dan op nimmen mear; hy liket in “do” oan te sprekken, mar syn kommunikaasje is in monolooch.

De rol fan de “ik”, de sprekker yn Hiemsiik, is dat er siket. Of oars sein, de funksje fan it lyrysk subjekt wurdt opboud yn relaasje ta it objekt en de emoasje is dat wat de “ik” yn beweging hâldt, sykjende, sadat dy him uterje kin. Dy beweging is in meanderjen; de lêzer wit meastal net wêr’t er is yn it ferhaal—de sprekker wit sels net hoe’t syn ferhaal fierder giet. Einiget in gedicht mei akseptaasje “dêr’t de stjerren fûl en meilydsum skine” (s. 15), it folgjende stelt wer lilk fêst: “as se út tiere / liere is (…) sûzet se stiendea”. (s. 16) It lêste gedicht slút wer oan by it earste, by de akute deadswinsk, no ferbylde troch wijwetter, dat guod dus dat as ultime bea om ferjouwing oer de kiste giet: “sisa ik ha de holle doopt yn / wijwetter ik ha my kapot lake”. (s. 58)

It net mear witten wêr’t wy binne yn de narrative wurdt ûnderstipe troch it brekken fan de grammatikale regels. De sinstruktuer wurdt opbrutsen, punktuaasje en haadletters brûken binne ôfwêzich. Utsein it bieden fan struktuer en helderheid oan de utering jouwe grammatikaregels in mienskiplike basis foar effektive kommunisaasje, ék mei de lêzer; dat falt wei. De fraach is dêrom op hokker wize it negearjen fan de regels de sizzenskrêft fersterket. Muorren fan wurden—it gefolch fan it missen fan punktuaasje—is wat oars tichtheid fan betsjutting. De iene komma en it iene fraachteken yn de hiele bondel (de earste trije lêzers dy’t se fine krije in taart fan de dichter!) bewize net dat de anargy net om de anargy sels is, of om hip te wêzen. Hat de sprekker miskien de bannen mei de grammatika trochsnijd yn konjunksje mei de waarme bannen, as oarsaak en gefolch tagelyk fan de hiemsykte?

De lêzer moat in motyf hawwe om fierder te lêzen (neist de taart), mar de “ik” kin likemin fêstrinne yn net te ûntsiferjen betsjuttingsleazens. It bewegingsmotyf fan de “ik” foarmet de emoasje; hy moat fierder. Dus leit it, mear as doelberet de regels brekken en de tekst út syn ferbân skuorren, foar de hân om, yn gearhing mei de ferfrjemding fan it sels en de leaven en as foarm fan ferkringing, in tekstuele ferpleatsing te ferûnderstellen. As men sjocht nei wat der bart as de tekst net op it plak stiet dêr’t it heart, dan komt it ynhâldlik boadskip net dalik oer, mar it ekspressive, ‘nonferbale’ boadskip koe net helderder: “oer de brêge piper dy’t skyld / nei hûs ta fytste ek do koest him net // beskermje”. (43) Lichte shock no? Triennen droegje, fuotten op ‘e grûn, djip sykhelje, soe de taharker sizze, dy’t der net is. Oars is it mei de mannichte fan bylden dy’t net lykwichtich posysjonearre binne yn it ramt fan rasjonele, byldleaze útspraken, lykas “beskermje my net ik kin der wol oer”. (s. 43) De byldedrang dy’t nei sa’n útspraak komt, en dy’t somtiden út in te algemien register fan plaatsjes komt, steurt it lûd, it ritme en ek de betsjutting dy’t ommers skoarre wurde moat troch it ynterpretative ramt, dat geregeld swak is yn Hiemsiik. Werom nei de ferpleatsing, betsjutting sit ek yn wat net te praat komt. Sjocht men nei hokker tekst hielendal ferdwûn is dan befêstiget dat de fermoedens: “snijt sy / derút” (s. 16) ‘My’ falt derút, in stikmannich kearen.

It is net sa ferwûnderlik dat ‘my’ as akkusatyf fuortfalt, om’t de accusatory me mist. Wis, de sprekker woe dat de situaasje oars wie. Mar hy jout nimmen de skuld, himsels ek net, mar wiist al yn it twadde gedicht nei Fortuna, de bline goadinne en personifikaasje fan it lok, dy’t de ûnfoarsisberens fan it libben represintearret en fan jonge jonges samar de libbensline trochsnijt: “moat ik it blyn ôfsnije / yn it libben snije?” (s. 10) It libbenslot krijt de skuld, net inkeld fan de gefolgen mar ek fan de geilheid sels, en net inkeld retoarysk mar as libbenswize. De sprekker berikt dêrom gjin genêzing. Ut it foarlêste gedicht blykt dat er hielendal net leaut yn syn eigen kinnen: “en wy (…) / as motflinters it ljocht / opsykje de flerken / baarne”. (s. 57) It bliuwt sa’t it is, de âlde jeremiade, lotter selsekspresje, fier fan de realiteit en yneffektyf.

Dêr’t Hiemsiik deryn slagget om de ferbylding net inkeld konkreet mar ek unyk te meitsjen en dêr’t de ferbylde totaalûnderfining fan gefoel en tinken en konkrete aspekten split second images opsmite, dêr ûntsnapt it boadskip oan relativearjende algemienheden sa as condition humaine of crise de la vie. Dêr ferhâldt de sprekker him mei de wrâld, ús wrâld, op in wize sa’t de eksimplaryske yn de nederklits rekke kloat Prufrock dat docht. Wy neame net foar neat dizze grutte namme: wy ha der it folste fertrouwen yn dat der mear en noch moaiere bondels komme lykas Hiemsiik.

as nomaden yn tinten teplak

image

Op ‘e dyk sei in man tsjin in frou: “We are comparing the apples. But we compare the little apples with the little apples. And we compare the big apples with the big apples.” Dat binne fenomenale sinnen! De stadige, steatlike binnenkomst mei de lange y en de lange a is al prachtich. Ken immen it liet ‘Wat moet ik doen met in ezel’ fan Sesamstrjitte? “Hij zegt alleen iii-aaa. (…) Je moet houden van hem, uiteraard.” Dêrnei komme dan de koarte lûdsjes en de werhelling fan ‘we’, ‘and we’ en ‘but we’ en dat alles ynbêde yn in ûnbestriden logika. Dat jo sokke skitterende sinnen hast nea yn it wyld hearre fernuveret net. Spitiger is dat sinnen as dizze ek mar selden yn de keunst bedarje en yn Fryslân by myn witten hielendal net. Mar dat is no mear as goedmakke. Sytse Jansma kundiget yn it earste gedicht fan syn bondel as nomaden yn tinten teplak ûnferhoalen oan: “Simpel sesamstrasse”. (s.12)

Mar it probleem foar de poëzij fan ‘skitterende sinnen’ is troch de krityske ferbetteringen fan Shelleys teze gâns grutter wurden; it is net langer sa dat wy poëzij wolle om te ferbyldzjen wat wy witte. Skientme jildt net mear as in wei nei wiisheid en moaie taal is hiel wat oars as poëzij. Tagelyk is it aldergrutste part fan it mondiale ûnderwiis taalûnderrjocht. Dizze problematyk wurdt akút yn as nomaden, op sa’n eigensinnige manier dat ‘moaie sinnen’ beslist in leechlizzend oardiel is.

Elk reduksjonisme fan de bondel ta syn eleminten rint op neat út. Sa is as nomaden hast folslein net-kritysk. Der is gjin ûntjouwing fan in riddenearring mei bewiis en konklúzje; de bondel beskriuwt en omskriuwt en presintearret ynformaasje sûnder dy te transformearjen. Mar krekt as de lêzer beslute sil dat de bondel radikaal deskriptyf is, komt der in retoaryske fraach, in mooglik begjinpunt fan in debat: “wêrom skildersto de wolken as blokken”. (s. 52) Dy inkelde krityske opstelling is in yntegraal part fan it gehiel, as it tsjinwicht tsjin it absolutisme fan de withoefolle tafallige, arbitrêre geboaden en ferboaden: “lis dyn fûst yn ‘e holte fan dyn oksel”. (s. 26) Al earder is nammers it absolute idee fan de dichter as hillige learaar trochbrutsen. Syn lyryske ik is net moreel goed, mar krekt oarsom in ûnbetroubere ferteller dy’t dúdlik net docht net wat er seit te dwaan: “foar de rivieren fan ur / bou ik (…) in lea fan gazellen”. (s. 36) Dat is gjin byldspraak mar gewoan kletskoek, fan itselde alloai as tendinsjeuze útspraken sa as “alles is keunst”, (s. 28) en Suske & Wiske-alliteraasjes of -assonânsjes dy’t alle dichterlike do’s en don’ts trochkruse, lykas “risseljend reid” of “[Suske & Wiske en de] roppende frosken”. (s. 42)

Ek dêr’t it de struktuer oangiet past de holistyske beneiering it bêste. De bondel is bûn troch de styl; gedichten binne yn fiif skiften forsearre, mar eftergrûnynformaasje oer of binnen de skiften ûntbrekt en de tema’s bliuwe deselde, te witten it kompleks taal-keunst-kommunikaasje: “Ik as orakeljende talibantulbân / do as salvjend salvo fan treast”. (s. 84) Ek op mikronivo blykt it ûnfermogen om helder ûnderskied yn ûnderwerpen oan te bringen. Yn de gearstalde wurden markearret de brek selden in wikseling fan jargon; “romptrombones”, “opblaaspuppys” en “heupskroeven” ferlitte de taal fan de anatomy om dalik hingjen te bliuwen yn dy fan de de lichemsfunksje. (s. 26) Op it nivo der tuskenyn, rigels en stanza’s, is de brek in like frjemd en wat ûnwolkom ding. Somtiden is de dichtrigel grammatikaal kompleet en koe sletten wurde mei in punt, soms is de rigel in preposisjonele sin dy’t einigje koe mei in komma, mar faak markearret de rigelbrek likegoed as de stanzabrek inkeld de fisuele regelmaat op it papier. De konvinsjonele, auditive funksjes fan de brek, nammentlik klam op it earste of lêste wurdlid fan de rigel en ritmyske harmony, wurde likefaak brûkt as brutsen. Yn “yn har sodomfolle longen / yn har stúmskens / galmet in âld s.o.s.”—merk hjir, hast oan it ein fan de bondel, de iennichste trije lêstekens op—ferwachtet it ear de brek efter ‘galmet’ en it each hat de brek leaver nei ‘stúmskens’. (s. 88) De foarrang foar it each befoarrjochtet it lêzen: in fan de oar isolearre akt.

Oan de produksjekant fynt men it isolemint yn de taal. Der is âldsk wurdgebrûk, “klaksonearjende dagerea” (s. 56), mei abstrakte kwalifikaasjes, “stadige lânskip” (s. 52), of ûnmooglike karakteristiken lykas “switterige moskeeën” (s. 68), ommers net inkeld rjochtsje learhûzen oeral op ‘e wrâld har histoarysk op matiging fan temperatueren (en beane alle moskeeën dêr’t ik wie noflike kuolte), mar ek ferhinderet it ferplichte rituele waskjen foar de entree fan de moskee elts spoar fan switrook. Dêrneist docht de iensidige, ynkoherinte, langtriedderige, egosintryske praatstyl, mei konversaasjes oer smelle ûnderwerpen, mei rigide regels foar uteringen lykas in alliterearjende bywurd-tiidwurdkeppeling, “winterblyn waait” (s. 48) en mei flakke yntonaasje of monotony lykas yn “tsjin it ljocht en sjoch de kofjefilterrinnende drippen” (s. 46), eksentryk oan. Oft de lyryske ik him no ûnbewust is fan de lêzer of net ynteressearre is yn har, ekspresje fan ynderlik tinken ferfangt kommunikaasje, foar begrypsskakearringen fan taal, lykas humor, synisme en byldspraak is gjin plak en nettsjinsteande de mannichte wurden komt de sprekker nea ta it punt of in konklúzje. Koartsein, yn de bondel is gjin oar, lit stean ien dy’t oansprutsen wurdt. Nammerste urginter is it berop dat de tekst docht op de lêzer.

Metafoaren binne der, sa’t wy al seinen, net, mar similes oerfloedich; “as” is it meastbrûkte wurd yn as nomaden. It hiele doel fan de simile is om maksimaal betsjutting te jaan mei in minimum fan wurden en dus in ûnbekende saak oan te wizen as gelikens oan in saak dy’t it publyk goed ken. Mar al te faak is it similegebrûk stridich mei dat doel. Parallel oan de ûnmooglike moskee ferwize se nei just nei saken dy’t it publyk net iens kenne kin: “as klaterrussyske sinten”. (s. 64) De fal fan de roebel yn desimber wie wrâldnijs, dy sil foarearst net klaterje. Yn as nomaden snijt de simile de bannen mei de bekende wrâld just troch. Ek assimilaasjes spylje in grutte rol; minsken organisearje har kennis fan de wrâld fia assimilaasjes: “de lea is in idel omskot”. (s. 74) Assosjaasjes binne krêftige betsjuttingstjoerders. De fraze “loslitte en weromkomme” (s. 74) bringt my dalik en ûnûntkomber de puppytreningen yn ‘t sin fan de hûnen fan ús heit en myn ferwûndering oer wat der, al by de canis lupus en noch mear by de homo sapiens, wol net mis gean kin by de ienfâldige ynstrukjes ‘Los!’ en ‘Kom!’

Al liket as nomaden de frije assosjaasje net yn it paad te stean, om de assosjaasje te rjochtsjen neamt de tekst symboalen út de byldkultuer en populêr-kulturele ikoanen. Meastal mis ik dy ferwizingen, mar de namme Chaim Soutine ken ik. Typt men dy yn de google-sykbalke, dan ferskynt daliks ‘Karkas fan kofleis’ yn de resultaten, it ikoanyske ekspresjonistyske skilderij fan Soutine. De earste hit dy’t ik oanklikte hie ûnder de ôfbylding derfan in úttreksel út in boek fan ien fan de bekendste hjoeddeiske keunstkritisy, Jay Bernstein. De tekst begjint mei “It is as if”, werhellet fiif rigels fierder “that is, it is as if”, skoot op nei X “say, is” Y en beslút mei X “is” Y. as nomaden hâldt him fier fan falsifiearbere, rasjonele útspraken lykas dy fan Bernstein—X stiet foar it rotsjende objekt en Y foar de ûntbinende foarstelling. Mar de oerienkomst yn patroan falt op: “as karkasdragers”, “as stadige sawabuffel”, “parys is in poelier”, “et nous sommes somme”. (s. 70-71) Ynstee fan mei in konklúzje slút it gedicht mei twa frij-transliterearre rigels út in populêr, faak covere Jiddysk ferske, ‘Donna, donna.’ It Jiddysk brûkt it Hebrieuske skrift. De ‘Germaanske’ transliteraasje lit sjen dat net de taal, noch it lûd dat foar in part ferlern giet yn de transliteraasje, liedend west ha, mar de represintaasje. Yn it ferske leart in keal dat nei de slachtbank giet oer frijheid. It is dus in losse, yrrelevante assosjaasje dy’t Jansma oanbringt, dy’t net weromwiist nei Soutine of in mooglike tsjutting fan dy syn wurk, mar wei liket te lieden fan elke simpele betsjutting.

Minsken binne kompulsive betsjuttingsikers. Is der gjin betsjutting, dan fabrisearje minsken dy wêr’t jo by steane: “do ecce homo / stap út dyn pilatus pas / (…) hokus pokus”. (s. 26) It is in oare joadske korifee, dy’t lykwols gjin diel útmakket fan de popkultuer en gjin plakje krijt yn as nomaden, Viktor Frankl, dy’t sjen liet dat finzenen dy’t positive betsjutting fûnen yn nazykonsinstraasjekampen in gruttere kâns fan oerlibjen hiene. It probleem is allinne, sei Frankl, dat minsken harren gefoelens en gedachten meastal net bewust waarnimme kinne. “dat wat gjin ûnthâld hat / wat wol it dy sizze (…) mei syn hiele lichem bedobbet / er syn sahara fan gedachten”. (s. 82) Dus as men mient de boarne fan it betsjuttingjaan út de djippere lagen op te graven is wat der omheech komt gewoanlik net autentyk. Dy autentisiteit is men dan fier foarby sketten; dy leit nammentlik op it oerflak fan de ûnbewurke, net sifte, klassifisearre of syntetisearre assimilaasjes. Dat is wat as nomaden sjen lit: de oarsprong fan fan betsjuttingjaan is it by it sjen fan in nije wolk fuortendaliks oanwizen fan “lollytongen”, “blokken”, “wite smynk”! (s. 54, 52, 54) Sa wiist as nomaden hieltyd om him hinne, mei wurden, want dat is it ûnferbidlik foarstadium fan betsjutting.

Brek dyn klank

image

De weromblik op it libben is in ferskynsel dat hiel faak neamd wurdt by in hast-dea-ûnderfining. Yn in flits lûkt it libben oan minsken foarby. Hja belibje de bêste en minste mominten opnij, gronologysk fan de berte oant it no, mei in ekstreme helderheid, detailleerdheid en libbenens, en mei in hegere yntinsiteit fan fielen en tinken as yn it oarspronklike meimeitsjen; as “in ets” seit de ‘ik’ yn it earste gedicht (s. 11). Faak is de libbensweromblik fan it eigen perspektyf út en tagelyk fan dat fan de betsjuttingsfolle oaren, yn in draaikolk fan bylden, sferen, tinzen, efkes de stilte fan in ynsjoch, en dan wer fierder. Yn de bondel Brek dyn klank fan Abe de Vries is de lyryske stim, ‘ik’, in sels dat op dy wize werom lutsen wurdt yn syn libben, om’t dat libben blykber oan it ein kommen is.

Earder wurk lit al mistrouwen yn it postmoderne aventoer sjen. Mei de strofyske poëzij, klassyk metrum en it einrym yn de bondel De weromkommer yn it ûnlân, fan 2002, pleatste de dichter him daliks bûten de mainstream dy’t oarder en betsjutting ferfongen hie troch in ûnneifolchber yntrapersoanlik proses. Brek dyn klank hânhâldt bedoeling, regel en rym: “Inkeld de dichter / makket leauwen lichter.” (s. 16) Men fynt opnij gjin arty, eksperiminteel of ‘ynnovatyf’ frij spul of just dogmatysk op foarm kontrolearre ferzen. Dizze gedichten binne delikate ferslaggen fan plakken en tiden.

Mar de sprekker sprekt net oer dy plakken op syn tiidsline. Dy wolle wy miskien net iens kenne, mei de ûntwoarteling, iensumens, frustraasje oer de ûnmooglikheid fan beslissingen dy’t foar alle dierberen perfekt binne en de ûnrêst fan in brutsen libben. De lyryske stim leit iepen, lit sjen. De direktheid fan de konversasjonele taal, mei de aktive tiidwurden fan beweging en feroaring, makket dat de ‘ik’ as in hoedingel de lêzer oan de hân meifiert, opnij in tradisjoneel elemint, op de tocht troch it lânskip, de fjilden, it hûs, de keuken en it hôf fan syn libben.

Brek dyn klank bestiet út fjouwer skiften. Dy rinne fan de iere rypheid ôf, dy’t komt mei folwoeksen begear en mei it fier fan hûs gean en swalkjen, yn it earste gedicht al oankundige mei “Oedipus, ik stel dy dizze fraach”, (s. 11), mar mear noch mei ferantwurdlikheid foar wat earder as ús kaam en der no noch altyd is. Dan folget it skift fan it op de wrâld setten fan bern nûmer ien, en bern nûmer twa, en dan komt it skift fan de dea. De bondel is amper besprutsen yn Fryslân en dy gong fan it Lustprinzip yn ien kear hupsakee nei de Todestrieb is net opmurken. Mar de noch net delbêde ûnrêst op de Balkan set de narrative yn it no en hjoeddedei geane heiten yn it algemien net dea as har twadde bern in beuker is.

Lykwols jout de ynhâld gjin drama priis. It giet hjir net om epyk lykas dat fan de tige populêre Tsjêbbe Hettinga, dat bûten de optredens jongeseftich oandocht om it platte boadskip fan nostalgy en ferlern eartiids en fergonklikens. Brek dyn klank leart gjin universele wierheden en swetst net oer heroyske oerwinningen. De ‘ik’ wit ek wol dat hypertensy en tabak smoke de haadoarsaken binne fan in net-natuerlike dea: “de lippen net / om’t útein fan in siraret – ferbean.” Mar oan de oare kant is ‘dyn’ klank brek te wêzen, sa’t de titel suggerearret, foargoed, it slimste wat in heit en dichter oerkomme kin. Sûnder de klank fan it nije libben wurdt de wrâld keal en leech: dea.

Klank stiet dus sintraal. Twalûden binne ryk fertsjintwurdige en dêrûnder benammen de fallende twalûden. “Om fierdere fernieling oan it tsjerkhôf / foar te kommen, wolle wy jo driuwend moanje / om jo hinnefolkje net op’t hôf te litten.” (s. 15) De glydzjende beweging nei in healsletten, heal iepen fokaal jout in kleiende meldij. As men sjocht wêr’t de klacht op slacht dan is dat geregeld in wêzen of ding dat, oft it no lyts of grut is, der neat oan dwaan kin: “De toer foel om; it kwea siet yn it anker.” (s. 15) Dy noftere fêstelling makket dat de weromblik op it libben net lotter in tocht is fan spyt nei spyt, om kwea dat ûnskuldigen oandien is, om’t de ‘ik’ dat kwea net keare koe.

It seldsume selsbeklach krijt ienlûden, en klinkt út de flecht wei: “Op dyn klankboaiem leit myn spyt dat wy al lang net mear songen doe’t dyn earen om hâld sochten . . .” (s. 25) Spyt oer it sels bliuwt meast ûnder it flak. Mar op guon plakken maskearret in alliteraasje, de skynbere ferbining fan begripen, it kontrast dertusken: “. . . seit dyn daimon dy. (…) Nimmen dy’t dyn dichtsjen mist.” (s. 44) De daimon, in stik boartersguod nei it model fan de fallen ingel, is net sasear in kwea as in walchlik bist, ienris hoedingel, letter straft, om neat, mei gekte en gaos. Mar de kearn leit yn it situearjen fan de ‘daimon’; dy heart net sasear by ‘dyn’ en ‘dy’ as wol by ‘dyn dichtsjen’ . Dit is gjin ynderlike monolooch, mar ien fan de ynstânsjes dêr’t de ‘ik’ yn it perspektyf fan in oar stapt en sels it bern is, efterlitten yn in situaasje dy’t er net begrypt. Mei ‘dyn dichtsjen’ sprekt de ‘ik’ net inkeld de fertwiveling út fan in dichter dy’t, sûnder klank, neat mear te betsjutten hat, mar hy rochtet him ek op de geleafde oar, waans oarspronklik betsjutting jaande akt as ‘daimon’ wiswol mist wurdt.

Mar dan binne wy al wer by nije meunsters oer de flier. It foardiel fan free verse is mooglikheid fan kontrast yn it metrum. Trogeeën, meast tetrameter, wurde effektyf trochbrutsen mei steatlike spondeetapassingen, “Dyn grouwélichste fjoerdraken, / ferskûle yn ’e Unhuere Bosken” en efkes letter: “O, ik wit hoe’t it is, as op in dei / it read grien en blau wurde wei.” (s. 45) Tusken is en as leit in moaie, pynlike sesuer. De lêzer wurdt efkes by de earm pakt en stilholden. Dy sil dy dei net mear ferjitte.

Wat de lêzer ferlokket om, as tsjûge mei lege hannen foar net te ferhelpen leed oer, dochs wer mei te gean, is de sterk sensuele ferbylding, dy’t ek opfoel yn de bondel In waarm wek altyd (2004). It giet net inkeld om in aktyf ynsetten fan alle sintugen, mar ek om erotyk, lykas fan de fingers yn “As ruter soest gewoan oan it hûs / foarbyride. Dat it gewoan út dy fingerseinen glide”, (s. 55), dy’t krekt sa krêftich is om’t de passaazje folge wurdt troch de tiidwurden ‘slacht’, ‘fleane’, ‘spat’ en ‘jûkjen’ en slút mei ‘fergiene’, want ûnderwilens binne wy yn it skift fan de dea oankommen. Opnij binne wy fan de lust samar by de dea.

Wat de kontekst fan de bondel oanbelanget, de lêzerstallen rinne werom om’t Frysk ûnderwiis foar it grutste part mist. Tagelyk hawwe lytse minderheidsliteratueren de oanstriid om de klam te lizzen op produksje en ynklusiviteit; net op kontimplaasje en noch minder op eksklusiviteit. Wurk wurdt net of min besprutsen en it tekoart oan resonânsje fan in wurk yn de literêre omkriten hat hast fansels effekt op letter wurk; it mankearret oan foarbylden en standert. Brek dyn klank befettet beslist mylpealgedichten, binnen it oeuvre en yn de Fryske literatuer, lykas ‘Om fierdere fernieling oan it tsjerkhôf’ en ‘Dyn grouwélichste fjoerdraken’ dêr’t wy hjirboppe út sitearre hawwe. Dat is in hoopfol teken. Oan de oare kant kin it samar ien fan de alderlêste Fryske kwaliteitsbondels wêze. Want it hâldt in kear op fansels.

  • Elmar Kuiper. Hiemsiik. Bornmeer, €15,00.
  • Sytse Jansma. as nomaden yn tinten teplak. Afûk, €17,50.
  • Abe de Vries. Brek dyn klank. Gerben Rypma Stifting, €15,00.

Mear fan Friduwih Riemersma

Sekssênes út Bist al hast klear? By de ljedder op. Hy boppe, ik ûnder. It glêzen plafon soe ek yn it tsjerkje fan Mullum net trochbrutsen …
Ensafh mei net omfalle, da’s alles It is in frije wrâld. Literêre krantsjemakkers meie literêre krantsjes útjaan dêr’t hja har eigen smaak …
In synyske wikiHow foar leafde en gelok Gedichten fan Tine Bethlehem fan 1955 oant 1995
De haadredakteur is in frou Sjoch no noch ris better, Joke Corporaal!
Foarkar of gjin kar Provinsje Fryslân keart minsken fan syn Frysktalige websiden
Cornelis van der Wal hie in betterenien west De earste fiif gedichten fan ’e Dichter fan Fryslân
Reislotterij 2018 In reiske winne: it kin oeral, by reisburo’s en winkel­keatlingen en… ek by LF2018!
Oars sjen: Meidwaan oan ’e Obe Postmamiddei Griist in bewurking fan lânskipspoëzy my oan? nee. Falt dêr oer te sjongen? ja (oeral is oer te sjongen, sjoch mar nei de heavy metal lyrics
Tsjinwynkronyk 2018 #1 It earste fearnsjier fan it kulturele haadstêd­barren sit derop! Fers2 hat mar in bytsje lêst fan hân fan dat fearnspart. Mar LF2018 nammerstemear
Kosmysk Doe’t skodzjend fan de oerknal noch / de loft rûnom de skyl …
1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11 12 13 14 15