image Keunst yn it Friesch Dagblad

Ekstra!

Keunst yn it Friesch Dagblad

Friduwih Riemersma - Fers2, 21 septimber 2017

It trochgeande lytser wurden fan de romte foar keunst yn de media is net unyk foar Fryslân. Oeral op ’e wrâld, yn Afrika likegoed as Amearika, is wiisd op de digitale revolúsje as oarsaak fan hieltyd minder keunst yn ’e krante. It gefolch dêrfan, sa heart men fan alle kanten, is in populistyske nijsaginda. In krante fol sport ferkeapet, is it domanante idee fan de media, mar keunst net.

Dat tinken yn wurden fan oplagen en omset ynstee fan—wat fan âlds de missy wie fan de frije parse—it iepenbiere belang, stiet net los fan de draai nei in liberale ideology, dy’t de merk yn it sintrum fan de wrâld stelt. Shows, ‘events’ en festivals smite wat op, dus it oanbod is ferskuorrend en de fraach dêrnei wurdt mei in protte reklame oanjage. Mar keunst is net spektakulêr, dat it rêdt him op de frije merk net. Tagelyk leit it beskermjen fan keunst ûnder fjoer, benammen by de hjoeddeiske rjochtspopulistyske oerheden, om’t keunst elitêr wêze soe.

Om dy reden, en om’t de toerismemarketing snoad alles bestimpelet ta Kultuer, oant it ‘belibjen’ fan relatyf min ferljochte doarpsrânen ta, spilet midden yn de oanrin nei it kulturele haadstêdspektakel keunst gjin inkelde rol. Nammerste ferrassender en bemoedigjender is it beslút fan it Friesch Dagblad om romte op syn siden te meitsjen foar in krityske artikelesearje oer keunst.

Op 16 septimber iepene Abe de Vries de searje mei de warskôging dat, as it provinsjebestjoer it belang fan keunst net respektearret, Fryslân aansen foargoed syn fiedingsboaiem foar artistike ûntjouwing ferlieze sil. Nei it spektakel, de fun en de rinkeljende kassa sil it stil bliuwe. Dat dat gjin inketswart pessimisme is liet de trein fan Flevolân nei Ljouwert juster sjen: fol mei skoalbern dy’t in kultureel útstapke nei fucking Almeare makke hiene.

Tink dêr mar ris oer nei. Folgje it Friesch Dagblad, wy hâlde jo op ’e hichte.

Mear fan Friduwih Riemersma

Sjonge wy it út, ja of nee? Gerrit Breteler oer de frije poadiumkeunst en de populismepandemy
Homo-stigmatisearjen is wer en vogue Of, LGBTQI as hannelswaar
Untsnappe yn schadenfreude Hoe’t Syds Wiersma de pandemy opfleuret
Tút fan Judas Politike Haiku I
Postoarderpoëzij “Bear me, some God! oh quickly bear me hence/ To wholesome Solitude”
Limoenen is min oan te kommen Fersen
Gjin formalisme om ’e nocht It lyryske wurk fan Douwe Tamminga
Limoenen is min oan te kommen Fersen
Dekadintisme Oer de poëzy fan Elske Kampen
De Swarte Hûn sil sjonge Oer de fersen fan Les Murray – dy’t oerset wurde sille troch Eppie Dam
1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11 12 13 14 15