Oersettingen fan Adonis, út Wat blijft (2016)
In liet foar de bernejierren
Yn it waarme, ûnrêstige bêd
wurdt leafde wekker
foar minsken gesangen, in wei foar de sinne
Foar in bern
skynt de sinne op syn skrutelens
yn har stappen wurdt de kosmos lyts
krimpt de ivichheid
is de ierde in kleed sûnder ein
de wrâld in bêd
Juster wiene suchten myn hûs
wie earmoed myn lampe, it floeiende bloed oalje
ik wie in skaad, earmoed wie sa’t it wie
myn fuotten wiene nacht, myn eagen ljocht
Bernejierren
maitiid fan it ferline, maart fan it libben
kommen en gean fan ferlangen
moarn bisto in striid sûnder ein
in ûnwjersteanbere winsk
moarn bisto it slachfjild
skepsto en fernijsto de kosmos
it gefjocht priizget dy
wûnen en farsk bloed besjonge dy
bernejierren
kommen en gean fan ferlangen
maitiid fan it ferline, maart fan it libben
Wês dúdlik, deadskop
In wrâld wurdt hjoed krusige, in oare ferleagene:
Hokker wrâld komt syn wûnen te boppe
wurdt dielgenoat fan ús wûnen?
Is de fraach ûnfoech?
Is sljocht wêze nei ûndersyk ûnleauwe?
Wat as ik myn leafde skine lit, har woestyn omearmje
ingels yn myn snokjen hein, harren fraach
wylst ik my set ta myn tsjustere saken
deryn doarmje
harren fraach?
Ik wurd gek fan ferlangen
Wêr komt myn lijen wei
wylst ik ien fan jim bin
bêste twa wrâlden, my klaai as jim
yn in jas weve troch profesijen
troch de himel ferkeazen?
Al-Raqīm, yn ’e grot is it wetter ferstienne
Neakenens skynt yn ’e judasnacht
Dit is it goud fan ’e âlden
en dit it goud fan modernen – sulveren stjerren
sulveren foarskriften
sulveren polityk
Details – 13
1.
De tsjerke is in teken
De moskee in stim, –
tusken beide ferrint it libben yn Aleppo as in tún
op it eilân fan tiid
2.
De skiednis ken oarloggen en ûntelbere púnheapen
wylst de ferliezen, hoe folle en hoe djoer
yn ’e stoarm fan it feroare libben
net mear binne as in plúske dat him fermakket op ’e nekke fan ’e ierde
It ferlangen om te libjen beweecht
en sykhellet ûnder it pún nei ferliezen
Neat kin in bertegjalp stopje
3.
Yn ’e skimer
as de romte de doarren slút foar it ljocht
iepent de stêd de poarten dêr’t it tsjuster it ljocht yn lêze mei
Lês troch, bêste freon
4.
Hjir wenne it rjocht faak yn in swurd
dêr sliepte de gedachte yn in hûs dat in finzenis like
hjir en dêr waard it ferstân omskodde yn it retort fan ’e wet
as in hert dêr’t fan ferlange wurdt
dat it inkeld yn in helm kloppet
Yntusken wie de hoop in bern dat nei de berte
yn in tichte kiste lein wurdt
Freegje de stien
Hij swijt en is dúdlik
Mar
nettsjinsteande alles
fertsjinnet suver alles yn dizze stêd
leafde
Ik bin ôfgeunstich op elk dy’t noch tiid te gean hat
wat mij oangiet, myn muze is suver te âld
Mear fan Eppie Dam
Oersetting fan Brodsky: In mich Tewylsto songst, is de hjerst al oanbrutsen./ In spoen hat de kachel oanstutsen. |
Oersetting fan Brodsky: Sunder titel en Rotterdams Deiboek Jerstj&ucric;n yn dizze lytse trochsneestêêd/ dy’t likegoed de lânkaart wist te heljen |
Oersettingen fan Antjie Krog myn beppesizzer en ik bouwe sânkastielen |
Oersetting fan Brodsky: Flinter Kin ik beweare: do bist dea?/ Do libbest mar in dei. |
Gedichten fan Eppie Dam: hjoed wint it tinken hjoed keapet wilders in multyfokale bril |
Oer De achttjin Hij kaam hjir faak: noch net yn rydbroek nee,/ mar yn in leaden jas, wat noartsk en krommich. |
Oersetting fan Brodsky: It jier 1972 Gjin fûgel wit myn iepen finster noch te finen. / In frommes akselt tsjin en is op slach frigide. |
Oersetting fan Brodsky: Hichten Hja sieten mei har beiden graach/ op ien fan de gloaiende hichten |
Oersettingen fan twa gedichten sûnder titel fan Joseph Brodsky In hûs is frjemd foar wa’t it ta him nimt./ In blik giet hastich oer fornús en stuollen |
Slauerhoff yn Oersetting: Stjerrebern In stjerrenacht hommels op ierde bedarre,/ Troch stowyn jage yn sniedún ferlern … |