scientias

Abe de Vries Fers2 nû. 2.20, 18 desimber 2016

Scientias

Miskien ha de aliens gjin

fêste grûn ûnder de fuotten.

De earste Europeanen brûkten gjin

fjoer.

Grot op Jersey fielden Neanderthalers

har geweldich ta

oanlutsen.

Unbekende stêd út ’e Aldheid ûntdutsen yn

Gryks lân.

Monogamy waard it minsklik kulbien

fataal.

Kompjûter heart Bach en skriuwt in

masterlik wurk.

Spinnesoart krûpt út ’e Sortearhoed fan

Swynstien.

Romtesonde Juno fotografearret in

pearelke op Jupiter.

Wy moatte langer net besykje

de aliens oan te roppen.

Mear fan Abe de Vries

De Frske Literatuerkrityk …oftewol it Wonderbaarlike Leechlizzen fan Waling Dykstra.
Bjusterbaarlik troffen hat Waling-om it net mei de literatuer dêrt er yn skreau.
‘Dat skrutene taesten koe har sear dwaan’ Op himsels hied er tsjin it seksuele gjin biswieren. Al to folle moast dêr it tsjuster foar tsjinje.
‘Language Lab’: In protte taal, te min literatuer Language Lab is in programma ‘to raise awareness but also knowledge and technology, concerning language’, alsa Nana Haug Hilton en Goffe Jensma
Belofteparadoks: Fers2 yn 2016
Hannibal Lecter sljocht op Bachs Goldberg Variazionen &ld;Only fools and madmen are born along the Issa,” seit de beppe fan Tomasz Dilbin, de haadpersoan yn de roman The Issa Valley (1955) fan Czeslaw Milosz.
“Wy binne it hert” Ynienen like it wer in issue: de ynstitúsjonalisearring fan Fryslân.
1 2 3 4 5 6 7 8 9