image

Opiny

Wearde en belang fan literer Frysk proaza

Josse de Haan - Fers2 nû. 5.8, 21 april 2019

Ik bin opgroeid mei de kleurige en fleurige skilderijen fan de Cobra-generaasje dêr’t hjir trije eksimpels fan Appel, Corneille en Constant as postsegels útjûn binne yn 1988 – 40 jier Cobra. Yn 1958 seach ik de skilderijen foar it earst yn it Stedelijk Museum yn Amsterdam.

Ik wie 17, lies en skreau ôf en ta in gedicht foar mysels, of yn de skoalkrante Monocle fan de Rykskweekskoalle op it Schavernek yn Ljouwert. Sa’t dy manlju skilderen sa soe der ek skreaun wurde moatte tocht ik. Se hearden by de groep eksperimintelen yn Hollân dêr’t ek skriuwers ta rekkene wurde koene. En dy skreauden yndied fleurich en kleurich.

Yn it Frysk diene de jonges (en it famke ella wassenaer) fan quatrebras dat ek. Poëzy en proaza. Hjoed de dei is der op it gebiet fan de Fryske poëzy in soad flecht op ’e koai. It hat derfan dat it Frysk proaza der ûnderstrûpt. Dat soe oars moatte, foaral ek mei it each op de City of Literature fan de Unesco dêr’t Ljouwert in eachje op hat.

Frankfurter Buchmesse ‘93

Yn 1993 wie Nederlân gastlân op de Buchmesse yn Frankfurt. Ek Fryslân koe in bydrage leverje mei de eigen literatuer. It bestjoer fan it Skriuwersboun en twa leden hiene in plan om de Fryske literatuer yn Frankfurt te presintearjen. De skriuwer Wilco Berga kaam mei in fierhinne útwurke plan om lju op de Buchmesse yn trije of fjouwer talen te ynformearjen – Nederlânsk, Ingelsk, Dútsk en Frânsk of Spaansk.

Neffens Berga en de oare leden fan de kommisje fan it Skriuwersboun koe it allinne slagje as in breed skala oan literatuer oanbean wurde soe. Hy hie in krante ûntwurpen op goed papier (swartwyt en boekomslaggen yn kleur), dêr’t alle soarten har gerak krigen – koarte fragminten fan romans, poëzy, koarte ferhalen, jeugdboeken, berneliteratuer en drama. Dizze Fryske literêre krante soe oanbean wurde oan útjouwers, literêre aginten, sjoernalisten én oan de besikers fan de Messe.

Spitigernôch seagen de offisjele bobo’s net yn dat de Fryske litera tuer yn syn geheel in kâns ha moast lykas de Nederlânske om sjen te litten wat der oan diversiteit bestie. Se woene mei ien dichter skoare – in bline dichter, dat wurket altiten. Tsjêbbe Hettinga soe mei oersettings it iennige Frysk literêre produkt wurde.

Bouke Oldenhoff, de literatuerbefoarderer op it Frysk Literêr Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD), koe syn idee trochdrukke. As soene der allinne mar dichters wêze yn Fryslân. Mei Hettinga krige Fryslân in fertsjintwurdiger dy’t foaral mei syn foardracht - mar ek yn syn teksten - beynfloede wie troch de kulturele ‘event’ Dylan Thomas.

Effekten iensidige kar ’93 foar poëzy

De generaasje skriuwers dy’t krekt foar, yn en nei wrâldoarloch-2 berne is, sis yn de jierren ’38 oant ’48, hat lykas yn heel Nederlân, c.q. Europa, nijsgjirrige auteurs fan proaza oplevere. Se hawwe de oarloch net sa bewust meimakke, mar wol de eangsten fan de heiten en de memmen opslein. Dat is werom te finen yn de romans en poëzyteksten dy’t letter skreaun waarden sûnder dat it daalk oer dy oarloch gong. Dêr’t literatuer in spegel is fan de maatskippij komt dy wrâld fan libjen yn de literatuer werom.

Nei de foardrachten yn Frankfurt troch ús bline dichter Tsjêbbe Hettinga yn oktober 1993 tochten se foaral bûten Fryslân dat poëzy dé literêre foarm wie yn de Fryske literatuer. Fan Hettinga ferskynden oersettings yn in tal talen, CD’s en fierdere ynformaasje. Hettinga’s poëzy wie it spearpunt wurden foar de nije literatuerbefoarderer dy’t yn novimber ’93 op it FLMD kaam – T. Oppewal, oarspronklik biogemikus; no neamt er him Frysk taalkundige, publisist en ûnderwizer.

Hy hat de gearstaller west fan de blomlêzing Spiegel van de Friese poëzie, en syn lêste wurk bestie út it gearstallen fan it sammele wurk fan Tsj. Hettinga (2017). Tusken 1993 en 2017 hie dizze literatuerbefoarderer de einredaksje fan it s.n. Wolkenboek, in skiednis fan de Fryske literatuer. De krityk skriuwt dat it in oangenaam kofjetafelboek wurden is, dêr’t it moderne proaza fan bygelyks Piter Boersma, Steven de Jong en Josse de Haan ûnderút helle wurdt, de skriuwers wurde ôfblaft. Einredakteur Oppewal hat net yngrepen. Ek hjir strûpt it moderne proaza der ûnder. Doe’t ik sels yn 1999 mei in roman – Piksjitten op Snyp/Kikkerjaren – kaam dy’t Meulenhoff oersette en publisearje woe yn it Nederlânsk hat dizze selde befoarderer fan de literatuer alles besocht om dit tsjin te hâlden…

Swallows and Floating Horses

Yn 2018 is der in antology fan de Fryske literatuer yn it Ingelsk en Frysk ferskynd – Swallows and floating horses (Francis Boutle Publishers, London, 387 pagina’s).

Wat de literatuerbefoarderer yn 24 jier net oprêde koe (of net woe) is no bard. Ik bin der heel wiis mei, want troch dit boek krijt de Fryske literatuer de ‘boost’ dy’t it nedich hie. It nivo kin besjen lije docht bliken.

Yn de ynlieding op it boek skriuwe de trije gearstallers – Ernst Bruinsma, Alpita de Jong en André Looijenga – dat it Frysk in tradysje fan in eigen literatuer opboude yn acht iuwen. It boek is de earste twatalige Frysk-Ingelske útjefte fan proaza en poëzy. De beheinde omfang fan it boek bepaalde mei de grutte fan de seleksje, dy’t yn hannen wie fan de trije gearstallers.

De literatuer yn it boek yllustrearret hoe’t de Friezen harsels seagen en sjogge, ek troch de eagen fan oaren (yn oare talen). Yn de 20e en 21e iuw spilet de modernisearring fan de maatskippij in rol yn de kar fan de teksten. De 70-er en 80-er jierren litte sjen dat Fryslân op de oare provinsjes begjint te lykjen. Fierder is neffens de gearstallers de Fryske literatuer is in autonoom literêr systeem wurden – útjouwers, skriuwers en lêzers dy’t de Provinsje en it Ryk stypje mei û.o. wurkbeurzen. De helte fan it boek – in lytse 200 siden – bestiet út teksten fan de 20e en 21e iuw.

Oan de autentike teksten giet ynformaasje foarôf oer de literêre sitewaasje, oer de skriuwers en it boek of gedicht. Dêrtroch is de tekst bêde yn de tiid en kin de (oarstalige, bûtenlânske) lêzer it fragmint pleatse. Sels aaisykjen en keatsen ferskine as typyske kultuereleminten. It boek noadiget út om oersettings fan folsleine wurken te meitsjen dy’t nedich binne foar de City of Literature. Net-Frysk-lêzers kinne oanjaan wat nijsgjirrich liket.

Wat wolle bûtenlânske útjouwers?

Yn 2016 haw ik 23 jier nei de earste kear foar de twadde kear op de Frankfurter Buchmesse west om te sjen hoe’t it dêre wurket en wat al dy útjouwers wolle. Ik haw der in pear dagen omslein en mei heel wat lju út ûnderskate lannen praten.

Faak moast ik útlizze wat Fryslân wie en hoe’t de literêre sitewaasje der hinne lei. Ek de ferhâlding mei de Nederlânske literatuer kaam meastens op it aljemint. Wêrom publisearje net mear Nederlânske útjouwers regelmjittich oersettings fan Fryske romans? Dêrtroch soe men better op ‘e hichte wêze mei dy lytse literatuer.

De Ingelske, Dútske, Frânske, Amerikaanske en Spaanske fertsjintwurdigers fregen nei myn yntroduksje as Frysk skriuwer fan romans as earste: ‘Hast oersette fragminten fan dyn boeken by dy?’ Se fûnen sa’n skriuwer yn in foar har ûnbekinde taal wol nijsgjirrich. Mar spitigernôch hie ik gjin oersette fragminten by my.

In moai en adekwaat foarbyld fan it presintearjen fan nije literatuer fûn ik yn Read and Greet – Authors of Singel Publishers Amsterdam (2016). It is in boekwurk fan 196 siden mei ynformaasje oer de 24 skriuwers fan dizze útjouwerij – boekomslach, namme en foto auteur, koarte ynfo oer boek en skriuwer, en dan in 8 oant 10 siden fan it boek (soms in haadstik).

Dit giet fierder as wat it Fonds van de Letteren docht dy’t eins allinne ynfo jout oer de skriuwer en it boek en in pear kritiken. Mar in útjouwer wurdt allinne oertsjûge troch teksten – as dy yn syn fûns passe binne der mooglikheden.

Frysk proaza yn oare talen – grinzen iepen

Dizze wurkwize easket oersettings fan in roman fan sa’n acht oant tsien siden yn ûnderskate talen. Representative fragminten mei ynhâld dêr’t de nijsgjirrichheid fan bûtenlânske útjouwers prikele wurdt. Represintatyf is yn dit ferbân net sasear represintatyf foar de skriuwer, as wol dat de fragminten foarbylden binne fan wat de Fryske literatuer yn syn diversiteit oplevere hat, neffens dizze redaksje.

Utjouwers, lykas Meulenhoff, fine it yn ’t algemien wichtich dat der perspektyf yn in skriuwer sit, in jonge skriuwer mei takomst, in âldere mei in oeuvre, sadat nei ien boek noch mear op ‘e merk brocht wurde kinne as it earste oanslacht.

In literatuer dy’t harsels opslút, de grinzen as gerdinen tichtlûkt, bestiet net mear. It yn in isolemint sitten sûnder ferbinings is deadelik. De minsken dy’t dy taal prate, dy’t dy taal lêze en skriuwe, en fine dat soks genôch is, hâlde harsels foar de gek.

As jo jo taal net diele (wolle) mei oaren ûntstiet der in status kwo, in wetter dat stilstiet. Der fynt gjin ferfarsking plak mei oare en nije ynsichten. Stilsteand wetter begjint te stjonken, wurdt siik en sil op in stuit ôfstjerre. Seker yn in digitale wrâld.

Ik pleitsje der dus foar dat Frysk literêr proaza oersetten wurdt yn gruttere talen – Nederlânsk, Ingelsk, Dútsk, Frânsk en Spaansk. In taal út it noarden fan Europa soe ek moai wêze. Oersettings litte de beheiningen en de rykdom fan de basistaal sjen, en kinne der mei foar soargje dat in taal har fernijt, meigiet yn de tiid. Untwikkelingen yn de maatskippij soene ek yn it Frysk har gerak krije kinne. No’t it Frysk proaza bûten Fryslân net rûnom bekend is – it hat gjin status, is net oersetten – soe dat in earste opdracht wêze kinne foar it Skriuwersboun en it Provinsjebestjoer.

Literatuer: spegel fan in lân

In taal herberget har eigen rykdom, spegelet de lju en it lân dêr’t dy taal praten en skreaun wurdt. Fuor guon dy’t yn in oare taal (oar lân) libje kin dat nijsgjirrich wêze.

Alle talen en dialekten yn in lân foarmje mei inoar de taalkultuer. As in diel fan dy kultuer net tagonklik is foar oare talen en kultueren yn datselde lân en dêrbûten dan foarmet dy lytse taal in barjêre, en kin se net sjen litte hokker weardefolle eleminten oanwêzich binne.

Skriuwers spegelje de wrâld en beskriuwe wat der geande is yn in lân dêr’t dy taal prominint is. Literêr skriuwen is ien fan de keunsten dy’t allegearre op har eigen mêd hearre by de eigen aardichheden fan in lân. Njonken de literêre skriuwers binne dêr de skilders, de muzyklju, de byldzjende keunstners, de dûnsers de toanielspilers en de filmers. Keunst dus.

As jo wat witte wolle oer ferline en ferlerne tiden dan lizze dêre de histoaryske boeken dy’t fakentiids feitlik de tiid, de minsken en it lân beskriuwe. De literatuer dy’t yn deselde perioade spilet leit it aksint op de minsken, op de ûnderlinge relaasjes, op wat lju by de ein hawwe, op wat se fiele, winskje, en wat har net sinniget.

Heftige leafdes kinne minsken nei grutte hichten bringe, of werom smite as it mislearret op de dongbult fan ellinde. Dy lytse wrâlden binne faak ôfspegelingen fan de grutte dy’t anonimer is en dêrtroch oerflakkiger. It lêzen fan literatuer jout mooglikheden foar identifikaasje.

Oersettings ferbreedzje de wrâld

Frysk proaza wurdt net oersetten – út en troch ris in roman – en dus bestean de Fryske wrâlden net yn de rest fan Nederlân en Europa. It Frysk proaza hat dêrtroch gjin status, men ken it net. Unbekind makket ûnbemind.

Meidat it gjin status hat tinke lju dat je der gjin rekken mei hoege te hâlden. Sterker, lesjaan yn it Frysk – nettsjinsteande it ferplichte is – wurdt mei sloerd op de legere en op de middelbere skoalle. As lju net witte wat it is, net witte dat har eigen wrâlden beskreaun wurde, dêr’t se yn libje, ha se der ek gjin niget oan.

Literêre keunst kin soms helpe om dy eigen wrâld wat better te begripen. Ek troch minsken dy’t yn in oare wrâld libje. Keunst op himsels makket de wrâld en de mins yn dy wrâld rommer.

Myn pleit foar oersettings hat dus mei heel wat saken te krijen, ek mei ûnderfinings út it ferline doe’t guon lju al protest oantekenen as Frysk literêr wurk yn it Nederlânsk oersetten waard (of wurde soe). Dat wie yn 1968 doe’t we mei de telefoanpoëzy – Operaesje Fers – op 16-2-’68 yn Hjerbeam begûnen.

De redaksje doe, Meindert Bylsma, Geart van der Zwaag en Josse de Haan, besleat dat Operaesje Fers meartalich wêze moast – Frysk, Nederlânsk en eventueel oare talen. De telefoannûmers koene ommers oeral op ’e wrâld draaid wurde. It Frysk soe oer de hele wrâld bekend wurde kinne. De earste subsydzjes kamen dan ek fan de gemeente Ljouwert en fan it ministearje fan Kultuer, rekréaasje en maatskiplik wurk. Fryslân woe net stypje.

Dial a Poem yn New York ’68/’69

Doe’t Dial a Poem (draai in gedicht) yn New York de Fryske telefoanpoëzy in healjier letter folge, en wy gedichten útwikselen – Fryske fersen dêre op de telefoanlinen, en fersen fan de beatdichters fan New York yn Fryslân op ‘e linen stiene - hiene we in hele stap setten. It Fryske waard as lytse taal út har isolemint helle. De Provinsje koe doe net mear subsydzje wegerje.

Der is doe op dat stuit – mei al dy nasjonale en ynternasjonale belangstelling foar de Fryske poëzy – net echt trochpakt en bring ek Frysk literêr proaza yn oersetting op ’e merk. De akseptaasje en wurdearring fan de poëzy yn oare taalgebieten wie normaal wurden, en dat hie mei it proaza op deselde wize ferrinne kinnen.

De Fryske literatuer as lyts oersetten fenomeen hie normaal wurde kinnen, en foaral bekend. It is te fergelykjen mei dat wat Basken nei it ein fan de diktatuer yn 1975 prestearren. De fûle Fryske nasjonalisten dy’t sa raasden om rjochten foar it Frysk op alle gebieten fergeaten dat de keunst, en dan benammen de eigen literêre taal, ien fan de pylders is fan dy lytse taal – foar status en respekt moat fochten wurde.

Fansels, dy promoasje kostet jild, mar it soe in wêzentlik ûnderdiel wêze kinne fan provinsjaal belied. Literatuer lit de wrâld fan dy lytse taal sjen, literatuer bout mei oan de status fan in regionale taal.

De Fryske Akademy hat jierrenlang ek de Fryske literatuer bestudearre. Dat leit no al heel wat jierren op syn gat. Ernst Bruinsma hat yn syn artikel Wittenskip yn Fryslân (De Moanne, 2019/nr 1) nije wegen oanjûn ek foar stúdzje fan de literatuer. Yn dit kader soene oersettings fan Frysk proaza nei oare talen mear lju aktivearje kinne – letterkundigen dy’t breed sjen kinne, want libje yn oare talen.

City of Literature?

De Basken seine op in stuit, neidat Bernardo Atxaga sukses hie mei syn roman Obabakoak yn oare talen, en dêrnei folle mear skriuwers oersetten waarden, dat de Skriuwers it Baskysk en de Basken nei de wrâld iepenen. De erkenning en de status soargen foar mear respekt en mooglikheden. De wrâld fan de Basken waard iepen lein, ek Spanjaarden, mar krekt wat oars. Mei har boeken yn oersetting krige de Spaanske kultuer as geheel – c.q. Europeeske – in breder oansjoch.

Ien fan de kaaien waard de oersetskoalle, dêr’t oersetters oplaat waarden – earst goed Baskysk leare, en dan oersette nei oare talen. It amateuristyske ôfskaffe. Dat soe ien fan de earste opdrachten wêze kinne yn Fryslân. Elk mient dat er oersette kin fan it Frysk yn it Nederlânsk, want elk is ommers twatalich…

Forget it, autochtoane Nederlanners kleie oer de oersettings. It is sa ûngefear sa’t Klaas Bruinsma nei it Spaansk oersette, dêr’t myn freondinne – opgroeid yn it Spaansk, want Baskysk wie ferbean – fan sei: ‘Hy wit fan struktuer en nuanses neat, it binne wurdboekoersettings sûnder libben’. Sels fan it Nederlânsk oersette nei it Frysk is net sa ienfâldich docht bliken (E. Dam dy’t besiket fersen út Tempel en Kruis fan H. Marsman oer te setten yn it Frysk – ‘Frozen moonlight yn myn hannen’, 2013, Elikser). Oersette is in fak, in keunst. Dat sil dus earst leard wurde moatte.

As Ljouwert yndied Unesco’s City of Literature wêze wol yn de takomst dan sil der ynfestearre wurde moatte. Op 14 febrewaris stelde Douwe Kootstra yn syn foarlêzen column ‘Foar in dûbeltsje op de earste rang’, dat heel wat Frysktalige kultueruterings as basis de skreaune taal hawwe – iepenloftspul, reklame, film, liettekst, fertelferhaal, column, wittenskip, radio, tv, ensfh.

De skriuwers dy’t soks allegearre by inoar skriuwe wurde hast net beleanne. It budzjet lit soks net ta. Kootstra is dêrtroch ophâlden mei skriuwen. As ik sels net ôf en ta in wurkbeurs fan it Nederlânsk Fonds voor de Letteren krigen hie (sûnt ’72), dan hie ik nea myn goed fjirtich boeken yn it Frysk skreaun, en wie al lang oergongen op it Nederlânsk. Ek skriuwers moatte ite en drinke. Ynfestearje dus yn oersetters en útjaan yn oare talen – earst yn ’t Nederlânsk, dan yn it Ingelsk en dêrnei fierder. It kin foar jonge skriuwers in stimulâns wêze foar it Frysk te kiezen.

Mear fan Josse de Haan

Werom yn ’e tiid Aforismen en oare oantekens III
Telefoannumer achterstefoaren Aforismen en oare oantekens II
In blomke plukke Aforismen en oare oantekens I
Tút fan Judas Politike Haiku I
Poëzij-Kollaazjes, Nû. 2 golven teare rôljend dûbel/ jeie elkoar ta grutte hichten/ de see twingend ta in sinister liet
Poëzij-Kollaazjes do dûnser stiest as beferzen metalen byld/ yn Urepel - djip tusken de Baskyske bergen
Pratende Postsegels yn in Poesyalbum It wie yn ’55 of ’56, hy wie fjirtjin of krekt fyftjin en A. hie him frege om in ferske yn har poesyalbum te skriuwen.
Coca Cola foar de dokes #1
Coca Cola foar de dokes #2 Alles wie hjir gers, alles wie kij en molke, dat easke hege pipen en fabriken. Molke, tsiis en bûter wiene hjir de saken dêr’t it om draaide.