hendaye-josse de haan
Rjochts de twalingrots – lêste útrinners fan de Pyreneeën, dêr’t it neakenstrân fan Hendaye leit – dizze simmer beskerme troch klaaide wapene militêren

Poëzij-Kollaazjes

Josse de Haan - Fers2, 9 oktober 2016

Sulverwetterdyk

golven teare rôljend dûbel

jeie elkoar ta grutte hichten

de see twingend ta in sinister liet

skom bernet in tear sulverljocht

kilometers kust springe op en del

sulverwetterdyk foar oefene swimmers

Silverwaterroad

waves are folding rolling doubled over

driving each other to their highest peaks

forcing from the sea a sinister song

foam gives birth to tender silverlight

miles of coast spring up and downward

silverwaterrroad for trained swimmers

hendaye-josse de haan
Hendaye om 1930 hinne, op ’e achtergrûn it kasino, dêr’t Mata Hari dûnse; de punthûskes kinst no noch hiere.

Txingudi 64 SEVEN

Kollaazjes II

Yn it nije Frânsk/Spaansk/Baskyske tydskrift Txingudi 64 SEVEN (earste nûmer juny 2016), in glossy dy’t twa kear jiers yn ûnderskate talen ferskynt, sille trije fersen fan my yn in tal talen opnommen wurde – Frysk, Nederlânsk, Ingelsk, Frânsk, Spaansk en/of Baskysk.

Txingudi is de namme fan de baai midden yn ’e Euroregio Hendaye, Irun en Fontarrabia (mei-inoar likernôch 100.000 ynwenners). Troch dy baai streamt de rivier de Bidasoa yn de Atlantyske Oseaan. It tydskrift Txingudi 64 SEVEN ferwiist nei de baai, nei de postkoade, 64700, en op dy wize nei Hendaye. De redaksje wol dit diel fan Frankryk, op ’e râne fan Spanje en ek de Txingudi-baai neamd, mei foto’s, ferhalen, gedichten en allerhande ynformaasje, bygelyks oer it keatsen oftewol de pelota, mear bekend meitsje yn de wrâld. It blêd sil ferskine yn de trije talen dy’t hjir sprutsen wurde, Frânsk, Spaansk en Baskysk, en yn it Ingelsk.

Neffens my soe sa’n oanpak ek foar Fryslân in mooglikheid wêze om de Fryske Euroregio bekender te meitsjen. Twa kear yn it jier sa’n glossy yn ûnderskate talen smyt grif mear op as tûzenden VVV-folders.

Meidat ik al jierren elke dei lâns dizze baai kuierje, en lâns it fjouwerenheale kilometer lange strân fan Hendaye, al heel wat koarte gedichten oer dizze oseaan en it strân skreaun haw, de see observearre yn al har ferskiningsfoarmen, haw ik trije fersen oer dy grins fan wetter en strân oan dat nije tydskrift oanbean – in skriuwer dy’t op in oare wize fan de see hâldt. Ien fers stie al earder op Fers2.

Op Fers2 ferskine de Fryske en Ingelske ferzy (de Ingelske oersetting is neirûn troch Larry S. Johnson, in Amearikaanske freon út San Sebastian).

Bidasoa-Uneinigens

moarnsljocht krûpt stadich by de wâl omheech

dize wurdt yn twa gerdinen fansiden skood

grinspeallen markearje it wetter swiet en sâlt

tusken de rivier en de ûneinigens fan de see

aanst komst yn in boatsje út de nacht omheech

en parkearrest yn ‘e havenearmen fan myn hûs

dan skriuwe wy tegearre fersen en lêze ús libben

do yn dyn taal en teken, ik yn myn eigen idioam

dêrnei roeie wy ús lytser wurdend de oseaan temjitte

Bidasoa-Endlessness

morningdawn crawls slowly up the wall

divides the mist into a pair of curtains

borderposts mark where water goes from sweet to salt

between the river and the endlessness of the sea

out of the night you soon appear in a rowboat

which you moor in the harborarms of my house

then together we write poems and read our lives

you in your speech and symbols, I in my own tongue

afterwards we row ourselves fading towards the ocean

hendaye-josse de haan
De dichteresse hat de letters en de wurden yn de see smiten – se wol noch ien potsje skrebbelje mei har freon oan de oare kant fan de oseaan.

Skrebbelje

hy sit op in krukje mei trije poaten op ‘e grins fan see en strân

sjocht oer it skolperjend wetter trije boatsjes op ‘e hoarizon

der komme houten wurden en letters driuwend op him ta

de dichteresse oan de oare kant hat wurd hâlden, se op reis stjoerd

ienris soe se soks dwaan as in definitive groet en waarme neitins

hy sammelet de wurden, lêst har lêste winsk foar noch ien potsje skrebbel

Scrabbleplay

he sits on a stool with three legs where the sea meets the beach

sees over splashing water three small boats on the horizon

wooden words and letters are drifting to his place

the poetess on the other side has kept her promise that someday

she would send them as an ultimate salute and a warm memory

he collects the words, reads her final wish for one more scrabbleplay

Poezij-kolaazjes I

Josse de Haan - Fers2, 12 juny 2016

Pelotari
Pelotari/Pelotaspiler/Keatser

do dûnser stiest as beferzen metalen byld

yn Urepel - djip tusken de Baskyske bergen

hast yn Spanje en yn Frankryk keatst

kampioen wiest - grinzen bestiene net

no hast dy deljûn yn in pelotadoarp

op ’e buorren - it fronton noadiget ús út

radiofisk

Radio-aktive fisk

de oseaan barst troch syn tijen

fisken swimme mei blommen yn it hier

fan kust nei kust - se sjonge monotoan

se hawwe tefolle geld wetter dronken

út de buizen fan de gleone sintrales

se kinne net mear sliepe - swimme 24 oere

colafleskes

Segregaasje

wite fleskes steane as stille tsjûgen leech te wachtsjen

yn de gleone sinne op ’e midden fan de keale buorren

aansens rôlet de colatankwein ûnderskate slangen út

spuitsje se de glêzen fleskes koel oant de râne fol

in dopmasine klikt se allegearre fakuüm fakkundich ticht

yn gelid rinne se dan de ien nei d’oare fan lofts nei rjochts

wachtsjend op ’e bern fan de gewoane en d’oare skoalle

coca cola stie en stiet by definysje boppe elke segregaasje

image Josse de Haan

Uneinigens

moarnsljocht krûpt stadich by de wâl omheech

dize wurdt yn twa gerdinen fansiden skood

grinspeallen markearje it wetter swiet en sâlt

tusken de rivier en de ûneinigens fan de see

aanst komst yn in boatsje út de nacht omheech

en parkearrest yn ’e havenearmen fan myn hûs

dan skriuwe wy tegearre fersen en lêze ús libben

do yn dyn taal en teken, ik yn myn eigen idioom

dêrnei roeie wy ús stadich de oseaan temjitte

dashboardgirl

Dashboardgirl

dyn eagen haw ik fêstspikere boppe myn dashboardlight

do - pin up sûnder lichem - stiest sa op myn nachtkastje

ik wol dyn eagen drinke en djip fêstlizze yn myn liif

sadat ik fan al dat oare ûnrant gjin ferlet mear haw

dyn eagen fertelle stoarjes en leginden út âlde tiden

de nijsgjirrigens nei it no is bedobbe ûnder deade teksten

ik bin al sa oan dy wend dat ik dy gjin hân mear jou

wy binne - tink ik - hast folslein gelyk en weardich - en do?

Mear fan Josse de Haan

Werom yn ’e tiid Aforismen en oare oantekens III
Telefoannumer achterstefoaren Aforismen en oare oantekens II
In blomke plukke Aforismen en oare oantekens I
Tút fan Judas Politike Haiku I
Wearde en belang fan literer Frysk proaza Ik bin opgroeid mei de kleurige en fleurige skilderijen fan de Cobra-generaasje …
Poëzij-Kollaazjes do dûnser stiest as beferzen metalen byld/ yn Urepel - djip tusken de Baskyske bergen
Pratende Postsegels yn in Poesyalbum It wie yn ’55 of ’56, hy wie fjirtjin of krekt fyftjin en A. hie him frege om in ferske yn har poesyalbum te skriuwen.
Coca Cola foar de dokes #1
Coca Cola foar de dokes #2 Alles wie hjir gers, alles wie kij en molke, dat easke hege pipen en fabriken. Molke, tsiis en bûter wiene hjir de saken dêr’t it om draaide.