image De treastpoezen fan it Frysk

Opiny

De treastpoezen fan it Frysk

Friduwih Riemersma en Abe de Vries - Fers2 7.1, 5 maart 2021

Jou mar ta: sitte jo fêst yn negative tinzen, jo Youtubeje nei poezefilmkes. Poezen relativearje. Alhoe’t jo jo ego beskermje mei heale wierheden, se lizze op ’e radiator te spinnen. Se misse it fermogen om jo taal te ferstean. Se litte har kritykleas oankrûpe likefolle jo falske beskuldigingen en jo minsklike benyptheid. Op sa’n stuit witte jo dat de poezen jo better begripe as it minskdom.

Sa begrypt “sels” de poes fan Jelma Knol wol hoe’t it kin dat (doe noch) Tresoarbestjoerslid Willem Verf in folslein ynkompetinte Gysbert Japicxpriissjuery oanwiist; eat dat de “ûnfatsoenlike” minsken net begripe. Fan de poes fan Jelma Knol hoege jo jo net ôf te freegjen wêrom’t Tresoar gjin prizereglemint hat foar de Gysbert, hoelang’t Tresoar de Gysbert al útrikt sûnder prizereglemint, hoe’t jo witte kinne dat se dat dan wol goed dogge, wêrom’t de provinsje it reglemint net iepenberet, en fansels: wêrom oft se net gewoan in saakkundige sjuery gearstalle lykas alle keunstprizen dogge. Fan de poes hoege jo, koarts, net kritysk te wêzen op jo oerheid.

En ja hear, hjoed hat ek Babs Gezelle Meerburg in poes, yn ’e Ljouwerter krante. Want de minsken begripe har net. “De tiid foar Frysk op skoalle is al sa beheind. Dy moatte je maksimaal ynsette foar it learen fan de Fryske taal sels,” seit ien. En in oar: ‘Se leare te eksperimintearjen mei de Fryske taal, mar se behearskje dy net, dus se leare kreupele boadskippen yn te tikjen op ’e mobyl?” Mar de poes hat in read hertsje dêr’t de fonkjes út sjitte. Tusken de skonken fan de minsken miaut er: “En bewûnderje. De steat fan it Frysk is hoopfol en biedt kânsen.”

Treast!—oant jo jo ôffreegje wêr’t de poes it feitlik wei hat. It baaske, fertelt se, is troch in deistich foarfaltsje oan it tinken set. Har dochter blykt likemin entûsjast oer de Fryske taal as guon fan har learlingen. Dus “wat is dat dochs mei it Frysk”? It tinken hjit dan fan ‘essee’ en giet mei sa’n name dripping dat jo sûnder ljisklearzens net by de konklúzje komme. It ynformele essee werkenne jo oan “the personal element (self-revelation, individual tastes and experiences, confidential manner), humor, graceful style, rambling structure, unconventionality or novelty of theme" ensafuorthinne, seit William Holman yn A Handbook to Literature, 9e pr., New Jersey, Prentice Hall, 2003, s. 193.

Mar dat kin dy frekte minsken neat skele. Wêr’t it har om giet is de grutte faasje fan taalferlies dy’t lykop giet mei de beheinde middels foar taalbehâld, sadat wy sekuer kieze moatte hoe’t wy ús ynspanningen ynsette. It Frysk is yn syn lêste generaasjes, mei sprekkers ferspraat oer doarpkes dêr’t de taal earder bloeide, en hieltyd minder bern en noch minder bernsbern leare it.

Wêrom leare dy it net? It baaske hipt behindich oer de oarsaak hinne: “De oerheid fasilitearret Fryske ynstellingen as Afûk, Fryske Akademy enTresoar”—mar net it ûnderwiis yn it Frysk. “Net it learoanbod, mar de learfraach stiet sintraal.” Mei in splinternij kurrikulum foar ûnderwiis yn ’e Fryske taal “besykje wy [sic!] om oan te sluten by de yntrinsike motivaasje fan de learder.” En och dy rotminsken! Sûnder dat learplan ek mar efkes yn te sjen skrabje se har oan ’e kin: wat yn fredesnamme se har foarstelle meie by de ‘yntrinsike motivaasje’ fan in bern fan seis? Dêr hat it baaske dochs gjin antwurd op?

“Los fan de fraach oft de krityk op it nije kurrikulum terjochte is, los ek fan de fraach oft de analyse kloppet, stel ik fêst dat it Frysk wer negatyf yn it nijs komt.” Mei wissens docht it dat. It Fryske taalbelied is sa ûnbehelperich dat ier of let in minske der net langer om hinne kin. Taalbeliedsmaatregels komme nea fuort út in deugdlike probleemanalyse en oplossingsstrategyen mei te hifkjen doelen. Se dogge samar wat en risseltaten bliuwe ûnmjitber en ûnôfrekkenber. En dat is, leave poes, allegearre de skuld fan de minsken dy’t it wer net snappe: “It imago fan it Frysk wurdt swakker as der hieltiten wer op wiisd wurdt dat it de ferkearde kant opgiet, dat de oerheid en de ynspeksje tekoartsjitte en dat de taalbehearsking ôfnimt.”

Mear fan Friduwih Riemersma

In sjarmante mjuks fan kontradiksjes In Memoriam Josse de Haan, 20 January 1941 - 31 October 2020
Adieu oan in humanistyske dichter In Memoriam Jaap Veenstra, 17 March 1959 - 31 October 2020
Ensafh docht literere priis sunder sjueryrapport Alwer in nije literêre prizespûster yn ’e Fryske belletry.
Keunst om ’e keunst Keunst om ’e keunst is ûnmooglik, ûntminskliket en neutralisearret de ynhâld fan keunst.
Help mem, der sit in korona under myn bed! Fryske kranten yn panyk smite literatuersjoernalisten derút?
Rely hat us by de poat De literêre priis hat sels gjin skyn fan earlikheid
Déjà lu Fjoertoer yn it wâld fan Arjan Hut
Nije bylden! & de rol fan de keunstner
“Wa is dy wite man?” Lilkens om ‘Floyd’ bemantelet handich ús eigen rassistysk geweld
Sjonge wy it út, ja of nee? Gerrit Breteler oer de frije poadiumkeunst en de populismepandemy
1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11 12 13 14 15