abe de vries - ropsyl

Abe de Vries - Fers2 nû. 2.19, 4 desimber 2016

Op Ropsyl

Der is in flakte, neffens stedske mjitting leechte,

fol kleur en rigen biten om tsjin stoarm te rinnen,

fermits de foarried fan myn oeren op ’e knibbels

dêr net al koppe is mei help fan de kalinder.

Of sjoch oars fan sipels ’t meijaand, krigel lof.

De finnen net ferpatst as ponygreide, net

tekentafele foar de fabrikaazjes fan in eigen

maksel, tsjinjend brimsen, rûpen, útstjitgrinzen.

Der is in flakte, wat ek sizze wol: ferline.

Dêr rint gewaaks op âlde rigels noch nei see

en slacht healwizich of opfleanend jin temjitte

noardewyn, fan wolken tsjûk as skieppetsizen.

It dreambetochte ûnleech wachtet oant it keart –

fan ’e slûs floeit wetter oer yn flechten fûgels.

En de âlde bargeboer, hy fuorret sûnder argewaasje

de ynfaazjes fan it longerfolkje oan de ierden dyk.

Mear fan Abe de Vries

De Frîske Literatuerkrityk …oftewol it Wonderbaarlike Leechlizzen fan Waling Dykstra.
Bjusterbaarlik troffen hat Waling-om it net mei de literatuer dêr’t er yn skreau.
‘Dat skrutene taesten koe har sear dwaan’ Op himsels hied er tsjin it seksuele gjin biswieren. Al to folle moast dêr it tsjuster foar tsjinje.
‘Language Lab’: In protte taal, te min literatuer Language Lab is in programma ‘to raise awareness but also knowledge and technology, concerning language’, alsa Nana Haug Hilton en Goffe Jensma
Belofteparadoks: Fers2 yn 2016
Hannibal Lecter sljocht op Bachs Goldberg Variazionen &ld;Only fools and madmen are born along the Issa,” seit de beppe fan Tomasz Dilbin, de haadpersoan yn de roman The Issa Valley (1955) fan Czeslaw Milosz.
“Wy binne it hert” Ynienen like it wer in issue: de ynstitúsjonalisearring fan Fryslân.
1 2 3 4 5 6 7 8 9