abe de vries - ropsyl

Abe de Vries - Fers2 nû. 2.19, 4 desimber 2016

Op Ropsyl

Der is in flakte, neffens stedske mjitting leechte,

fol kleur en rigen biten om tsjin stoarm te rinnen,

fermits de foarried fan myn oeren op ’e knibbels

dêr net al koppe is mei help fan de kalinder.

Of sjoch oars fan sipels ’t meijaand, krigel lof.

De finnen net ferpatst as ponygreide, net

tekentafele foar de fabrikaazjes fan in eigen

maksel, tsjinjend brimsen, rûpen, útstjitgrinzen.

Der is in flakte, wat ek sizze wol: ferline.

Dêr rint gewaaks op âlde rigels noch nei see

en slacht healwizich of opfleanend jin temjitte

noardewyn, fan wolken tsjûk as skieppetsizen.

It dreambetochte ûnleech wachtet oant it keart –

fan ’e slûs floeit wetter oer yn flechten fûgels.

En de âlde bargeboer, hy fuorret sûnder argewaasje

de ynfaazjes fan it longerfolkje oan de ierden dyk.

Mear fan Abe de Vries

Grand tour God brekt ûnrjochtfeardige rjochters de nekke, / tocht de mem. En liet har soan gean op grand tour.
Gedichten om mar better dalik te lêzen Miskien wiene wy der beide, Jennifer, mei de holle / net by, miskien wie ik by Simen Styl
De frijmitseler fan Camstrabuorren Libben en wurk fan Dirk Bouma Nieuwenhuis (1814-1873)
De betsjoende boeredochter Skriuwer en mienskip yn it Spannum fan Waling Dykstra
It plagiaat fan Verwijs Fryske literatuer yn Platdúts en Hollânsk perspektyf
It folk, skjin as wetter Konstruksje fan kritysk Frysk folkseigen by Waling Dykstra
De histoarje fan de duvel en Watse Klop Waling Dykstra, in folksferhaal en de skoalstriid yn Noard-Fryslân
‘Jimmer moat ik smeulend hearre’ De leste minstreel fan Walter Scott en it liet fan Waling Dykstra
Wa riidt dêr oer de dyk Yn September en October 2018 sil yn it WTC Expo yn Ljouwert it “spectaculair indoor theaterevenement” De Stormruiter plakfine. It wurdt ien fan de klapstikken fan it Lwd-Fryslân 2018 programma.
Scientias Miskien ha de aliens gjin/ fêste grûn ûnder de fuotten.
1 2 3 4 5 6 7 8 9