
Op Ropsyl
Der is in flakte, neffens stedske mjitting leechte,
fol kleur en rigen biten om tsjin stoarm te rinnen,
fermits de foarried fan myn oeren op ’e knibbels
dêr net al koppe is mei help fan de kalinder.
Of sjoch oars fan sipels ’t meijaand, krigel lof.
De finnen net ferpatst as ponygreide, net
tekentafele foar de fabrikaazjes fan in eigen
maksel, tsjinjend brimsen, rûpen, útstjitgrinzen.
Der is in flakte, wat ek sizze wol: ferline.
Dêr rint gewaaks op âlde rigels noch nei see
en slacht healwizich of opfleanend jin temjitte
noardewyn, fan wolken tsjûk as skieppetsizen.
It dreambetochte ûnleech wachtet oant it keart –
fan ’e slûs floeit wetter oer yn flechten fûgels.
En de âlde bargeboer, hy fuorret sûnder argewaasje
de ynfaazjes fan it longerfolkje oan de ierden dyk.
Mear fan Abe de Vries
It Russyske haadstik Ferfryskingen: Brodsky syn ‘Cape Cod’, fers I |
It Russyske haadstik Ferfryskingen: Mandelstam syn ‘Tristia’ |
‘Foar ús tiden net mear te brûken’ De beoardieling fan njoggentjinde-ieuske Fryske literatuer foar it Fryske folk yn 1950 |
Fernijing en ferballing Fryske poëzij yn it Friesch Volksblad, 1876-1882. Poëzij wurdt estetisearre sielkunde om 1900 hinne … |
Tsjinwynkronyk 2018 #4 It fjirde en lêste fearnsjier fan it kulturele haadstêdklapstik wurdt it stadich dúdlik dat it aansen om is, sûnder ‘legacy’, sûnder … |
‘Tsiere, haspelje, iggewearje’ It Fryske toaniellibben yn Amsterdam, 1885-1900, #2: De toanielmasters |
‘Tsiere, haspelje, iggewearje’ It Fryske toaniellibben yn Amsterdam, 1885-1900, #1: De ferieningen |
Brekkend! Webside Beammeboek stilset In moanne lyn koene wy de webside fan de nijste kanonassimblaazje, Salang’t de beam bloeit, al net fine. |
Twataligens op ’e planken Yn de Fryske diglosse taalsitewaasje fan 1880 brûkten se de minderheids- en de steatstaal neistinoar op ’e toanieljûn. |
De frijtinker fan Ferwert: Pieter Westra Foar in grut part moat de Fryske njoggentjinde-ieuske parseskiednis noch skreaun wurde … |