
Op Ropsyl
Der is in flakte, neffens stedske mjitting leechte,
fol kleur en rigen biten om tsjin stoarm te rinnen,
fermits de foarried fan myn oeren op ’e knibbels
dêr net al koppe is mei help fan de kalinder.
Of sjoch oars fan sipels ’t meijaand, krigel lof.
De finnen net ferpatst as ponygreide, net
tekentafele foar de fabrikaazjes fan in eigen
maksel, tsjinjend brimsen, rûpen, útstjitgrinzen.
Der is in flakte, wat ek sizze wol: ferline.
Dêr rint gewaaks op âlde rigels noch nei see
en slacht healwizich of opfleanend jin temjitte
noardewyn, fan wolken tsjûk as skieppetsizen.
It dreambetochte ûnleech wachtet oant it keart –
fan ’e slûs floeit wetter oer yn flechten fûgels.
En de âlde bargeboer, hy fuorret sûnder argewaasje
de ynfaazjes fan it longerfolkje oan de ierden dyk.
Mear fan Abe de Vries
Kaleidoskopyske blik op it resinte Fryske fers Nije poëzyblomlêzing! |
Adieu oan in humanistyske dichter In Memoriam Jaap Veenstra, 17 March 1959 - 31 October 2020 |
Twa flearen |
De dobbe in dobbe, dêr’t ûnderwettersliners -/ gjin swimbad foar doekje-derom-winers |
Oan Sulpicia Sulpicia, kom nei dy ûnheilsnacht/ Wer feilich nei dyn haven ta |
‘As der ris in jongfaam opstie’ Waling Dykstra en froulike skriuwers yn de Fryske literatuer |
In ko ferkeapje yn ’e sted Ljouwert Ik haw myn kobist fêstbûn oan in appelbeam … |
Dan koe se in man út it plak keare Tusken de memorabele frouljusfigueren yn de literatuer yn Nederlân soe ek maklik de Fryske Haitskemoai fan Waling Dykstra stean kinne. |
It Russyske haadstik Ferfryskingen: Brodsky syn ‘Cape Cod’, fers II |
Dan wer koekút, dan wer nachtegeal Literatuer, as estetysk oardere tekst, omfiemet neist de sjenres poëzij en proaza, mei alle sub- en mingfoarmen dy’t dêrby hearre, ek it liet. |