image philippus breuker gouden ieu skiednis fan fryslân
Pier Winsemius, Chronique ofte Historische geschiedenisse van Vrieslandt, 1622

De ungelikense fizy fan Winsemius en Schotanus op de fryske skiednis

Philippus Breuker - Fers2 nû. 5.16, 20 oktober 2019

De skiedskriuwing oer Fryslân, dy’t yn de jierren nei 1560 op gong kommen wie en doe net langer yn hânskrift hingjen bleau, mar ta in grutte rige fan publikaasjes late, waard foltôge yn it wurk fan Winsemius en Schotanus. Har haadwurken ferskynden respektivelik yn 1622 en 1658. De besteande literatuer wie dêryn op oarspronklike wize ferwurke. It soe lang duorje ear’t der wer in skiednis as harres fan Fryslân skreaun waard, as it dat al waard. Foeke Sjoerds út de achttjinde ieu is dêrby dochs mear in kompilator en lettere skiednissen binne of populêr bedoeld of it spesialistyske wurk fan in ploech skriuwers.

Miskyn is it ek gjin tafal dat it krekt yn de Gouden Ieu wie dat har wurk ferskynde. Fryslân wie doe noch in min of mear selsstannige nasjonale ienheid, dat mei syn eigen akademy en syn eigen stedhâlder wittenskiplik en polityk it superieure Hollân wat belykje koe of yn alle gefallen woe. Dat jildt miskyn mear foar Winsemius as foar Schotanus. Schotanus joech mei syn Fryslân mear in alternatyf yn it plak fan Hollân.

Ferskillen tusken beiden komme op in oar plak wol út, mar om alfêst in yndruk te jaan fan har ûngelikense oriëntaasje, kinne de spreuken tsjinje dy’t se as klassike disticha om it wapen fan Fryslân hinne makken. Dat iepenet fuort nei it titelblêd har boeken. It bestiet út twa liuwen en sân blokjes of pompeblêden foar de sân seelannen. Alle trije binne it kombinaasjes fan in daktilyske hexameter en in daktilyske pentameter. De foarm fan dat ‘elegysk distichon’ wurdt in protte brûkt foar opskriften en ‘puntdichten’ mei koarte, krûdige kommentaren.Mei tank oan Liuwe Westra foar de oersettingen en foar de emendaasjes, foaral yn it tredde. Sjoch dêroer ek al J.J. Kalma, Bij de ‘Beschryvinge van de heerlyckheydt van Frieslandt’ (Franeker 1664), yn: Schotanus, Beschryvinge (1664, faks-ed. 1978) XI. Der sprekt út dy spreuken hoe’t se tsjin Fryslân oan seagen.

image philippus breuker gouden ieu skiednis fan fryslân
Christianus Schotanus, De-Geschiedenissen Kerckelyck ende Wereldtlyck van Friesland Oost ende West, 1658

Winsemius set der yn 1622 om hinne:

Insula magnanimos Frisiae septena leones/ sculpsit in inuidiam, diruta Roma, tuam.

Dat kin fertaald wurde as: ‘It sânfâdich eilân fan Fryslân hat grutmoedige liuwen útfike, ferrinnewearre Rome, om dy oergeunstich te meitsjen.’ Dêr sprekt in auteur út dy’t Fryslân rivalisearje lit mei de grutste kultuer ea. De seelannen binne hjir dy fan Suffridus Petrus en oaren, dy’t fan Swin oant Wezer rinne, net de lytsere goaën út de Aldfryske rjochtsteksten. Mooglik moat yn de liuwen in knypeach lêzen wurde om it boartlike, of sels ironyske karakter fan de tekst dúdlik te meitsjen. Twa binne mear as de iene wolf fan Rome, dêr is dochs neat tsjin yn te bringen, no. Ek dy sân eilannen binne geastich te pas brocht by de sân heuvels fan Rome. De boartlikheid soe wol passe by de neolatynske dichter, dy’t er ek wie. De metryske foarskriften binne yn syn spreuk hielendal yn acht nommen, net allinnich mei de langte fan de wurdlidden, mar ek mei it plak fan ’e sesueren en de ferdieling fan de wurden oer de fersrigels.Neffens freonlike meidieling fan Westra. Schotanus lit er fan sjen dat dy syn dichtrigels wat knoffelich binne. Yn dy fan 1658 sit him dat benammen yn de fjouwer opinoar folgjende nominativen, allegear op in -a, yn ’e earste rigel en ek noch it begjin fan ’e twadde, en hielendal troch it feit dat by allebeide yn de earste beide wurden de klam op it begjin fan ’e fersfoet falt.

Schotanus jout in hiel oare, serieuze en etyske ynfulling oan syn Fryslân. Hy hat yn 1658:

Libera sacra Deo geminoque superba leone/ Frisia Roma tuum fregit Iberque iugum.

Dat kin fertaald wurde as: ‘Fryslân - frij, tawijd oan God, en grutsk op syn beide liuwen - hat dyn jok, Rome, tebrutsen - en dines ek, Spanjert,’ of berime ek as:

Het vrije Friesche landt

Aan Godes dienst verpandt

En grootsch op een paar Leuwen,

Uw juk O Rome u brak

Uw Spanjen, ’t hart afstak,

Daar beide nog om schreuwen.Sa stiet it yn myn eksimplaar fan de Geschiedenissen.

Allinnich al út dizze iene rigel blykt Schotanus syn gereformearde en aktueler oriëntaasje. Oer seelannen hat er it net mear. De spreuk liket mei dat Rome in bewuste fariant op Winsemius, en dat is it grif ek, mar pas op! Syn Rome is earder de paus as it keizerryk.It is sa rûn, dat los fan elkoar mear as ien nei de goeie oersetting sjoen hat. Ien fan har, Bert Looper, tocht oan de paus. Schotanus syn Fryslân is frij, omdat it net mear roomsk is en steatkundich net mear ûnderdienich.

Yn 1664 lit er de frijheid wei en lit er him mei syn winskjende foarm gâns foarsichtiger út:

Septenas decoret glœbas geminumque leonem/ justitiæ mistum relligione jubar.

Dat is: ‘Lit (of: Mei) de glâns fan ’e gerjochtichheid fermongen mei godstsjinst it sântal brjitten en de beide liuwen siere.’

Noaten

  1. Mei tank oan Liuwe Westra foar de oersettingen en foar de emendaasjes, foaral yn it tredde. Sjoch dêroer ek al J.J. Kalma, Bij de ‘Beschryvinge van de heerlyckheydt van Frieslandt’ (Franeker 1664), yn: Schotanus, Beschryvinge (1664, faks-ed. 1978) XI.
  2. Neffens freonlike meidieling fan Westra. Schotanus lit er fan sjen dat dy syn dichtrigels wat knoffelich binne. Yn dy fan 1658 sit him dat benammen yn de fjouwer opinoar folgjende nominativen, allegear op in -a, yn ’e earste rigel en ek noch it begjin fan ’e twadde, en hielendal troch it feit dat by allebeide yn de earste beide wurden de klam op it begjin fan ’e fersfoet falt.
  3. Sa stiet it yn myn eksimplaar fan de Geschiedenissen.
  4. It is sa rûn, dat los fan elkoar mear as ien nei de goeie oersetting sjoen hat. Ien fan har, Bert Looper, tocht oan de paus.

Mear fan Philippus Breuker

In busreis mei Trinus Ta de ûnferjitlike mominten út myn libben heart in petear mei de doe al ferneamde Trinus Riemersma
De Gouden Ieu: koarte bloei, lang ferfal Op mear as ien manier kin men sjen litte dat de Gouden Ieu mar koart duorre hat en folge is troch in djippe en lange depresje.
Sosjology fan in frysk doarp yn de Gouden Ieu Boazum wie yn de Gouden Ieu sosjaal in frij igale mienskip. Adel wenne der net mear.
Utrikking Gysbert Japicxpriis 2019 De Gouden Ieu hat mar koart duorre. Op de groei fan rykdom en wolfeart folge in djippe depressy.
Obe Postma oer de jonge húshâlding fan syn âlden
Rougedichten yn de Gouden Ieu Ien dy’t gjin idee hat wat Fryslân yn de santjinde ieu foar in lân wie, sil miskyn tinke dat de taal dêr it Frysk wie. Mar sa wie it net.
Twivel heart derby By de boekoanbieding fan Dreaun fan ierde’ dream: Libben en wurk fan Obe Postma
Skoalmaster yn de Jordaan Yn 1982 belle my in frou út Monnickendam oer Inne de Jong. Sy hie yn 1958 by him yn Amsterdam yn ’e klasse sitten …
Wyldsjitters, fiskerlju en oare bewenners fan dykhuzen De dykbewenners meitsje fan Koarnwert wat oars as in gewoan boeredoarp. Men rûkt der de see. Se hawwe karakteristyk west foar Postma syn bertedoarp en binne it dêrmei ek wurden fan syn poëzy.
Johannes Henricus Regenbogen Hy wie dêr mei syn guod op in hânkarre kommen.
1 2