Wyldsjitters, fiskerlju en oare bewenners fan dykhuzen
as diel fan Obe Postma syn ‘iepen wrâld’
De dykbewenners meitsje fan Koarnwert wat oars as in gewoan boeredoarp. Men rûkt der de see. Se hawwe karakteristyk west foar Postma syn bertedoarp en binne it dêrmei ek wurden fan syn poëzy.
Postma dichtet foaral oer har dy’t libben fan wat de natuer oplevere. Dat wienen se net allegearre. Guodden wienen fêste arbeider, oaren timmerman, oars net as fisker of noch oars wat. Men kin wol sizze dat it libben fan dy natuerminsken him fassinearre hat. Se meitsje diel út fan de tiid yn syn libben dêr’t er sa graach oer skriuwt. Letter doe’t er it hûs út gong om te learen, wie dat al oars. It is trouwens de fraach oft it ea oars west hat. Syn poëzy is mear de dream efterôf fan in jeugd.Dit is in ûntwerp fan in haadstik yn de biografy oer Obe Postma dêr’t ik oan wurkje. De wurktitel fan dy biografy is op it stuit: Dreaun fan ierde’ dream.
Yn it dichterlik bestean fan Postma meie de dykbewenners dan wol in grut plak ynnimme, yn werklikheid wie der net folle kontakt. As tekenjend wurdt yn Koarnwert noch ferteld hoe’t er as studint mei in heech opswaaiende gongelstôk oer de seedyk kuiere en net weromgroete.Mei tank oan Pier Adema fan Koarnwert. Dochs is by it âld wurden dy niget wer weromkommen. Dat sil mei leeftyd te krijen ha, mar ek mei it eigenmeitsjen fan de oare libbens fia syn poëzy. Ferûntweardige frege er him yn 1959 ôf oft der huzen west hawwe dy’t him neier wienen as de dykhúskes en de libbens dêr’t er him sa goed yn bejaan kinnen hie, as yn dat fan ‘dy jonge kearel by de seekant wei’ dy’t boerefeint en arbeider waard. It gedicht hjit ‘Net deselde wrâld?’, as wie it in antwurd op in fraach dy’t him steld wie of in reaksje op in opmerking dy’t him net fan begryp like te tsjûgjen.
Wa’t dy jonge kearel west hat, wit ik net. It kin de ‘ald-kammeraat’ út it gedicht ‘Ik garje foar dy’ út 1923 wêze, mar miskyn ek wol Auke Roukes út it gedicht fan dy namme. Dat is fan 1924. It docht der ek net safolle ta, it wie yn alle gefallen ien út de dykhuzen. En dat wie Bouke Roedema ek. Oer dy Bouke skriuwt er yn datselde gedicht ‘Net deselde wrâld?’: ‘En dy genoat fan myn jonge tiid oan ’e seedyk, dy’t ik freegje wollen hie: ‘Bouke, as jo no op jo libben tebek sjogge, wat sizze jo dêr dan fan?’ As yn de jierren fyftich studearjende âldomkesizzers Elgersma by him op besite kamen, frege er altyd hoe’t it mei Bouke wie.Mei tank oan Doekele Elgersma. Bouke siet op skoalle yn deselde klasse. Dy jonges fernuveren har dêroer. De Elgersma’s wienen boer op Houw, net fier fan Bouke-en-dy yn har dykhús ôf.
Of noch in oar foarbyld om sjen te litten wat in grut plak it libben oan de seekant yn it tinken fan Postma ynnaam. ‘Ik wol jo noch effen fordútse dat de 2 brieven fen lokwinskjen, dy’t my it leafst wienen, dy fan R.P. Sybesma en in famke út Koarnwert wienen. Dat famke is nou in âld minske yn in rêsthûs. Har forstoarne man, in arbeider, spilet in rol yn mear as ien dichtstik’. Dat skreau er yn 1953 oan Douwe Kalma werom, dy’t him ek mei syn 85-ste jierdei lokwinske hie. Sy wie berne as dochter fan in timmerman yn it dykhús fuort by de pleats dêr’t Postma opgroeide en letter troud mei Sipke de Boer út Surch. It gedicht ‘Yn ’e Werkmanstraat’ giet oer him en syn libben. It is fan 1917 en ek in in memoriam. Ek hy waard berne yn ‘in himpen spultsje, ned’rich oan dyksfoet’.
Wêrom’t er oer har dichte
Om te begripen wat him dreaun hat om oer de dykhuzen en har bewenners te dichtsjen, is it om te begjinnen fan belang te witten dat se in diel wienen fan it ûnderwerp dat er him ta stof foar syn dichtwurk keazen hie. Dat wie it Fryske lân en it Fryske libben. Se foarmen dêryn in hiel eigen wrâld, oars as dy fan de boeren en arbeiders, mar hy woe se beide omfiemje om se op in heger plan as in ienheid te sjen.
Dat is mear yn it algemien miskyn in ferklearring foar syn oandacht foar har. Giet it om in ferklearring mear yn it bysûnder, dan is it fan belang derop te wizen dat er dêr yn 1912 mei begongen is. Doe skreau er in soarte in memoriam foar in jager en fisker dy’t er net by namme neamde, mar dat Cornelis bij de Weg west hawwe moat. Ut datselde jier is in oar gedicht, dêr’t er de fiskers en jagers út âlde tiden yn oprôp. Hy tekenet har en Knilles as minsken dy’t libben nei har sin. It oare jiers makke er in gedicht op Douwe de Boer, in neef fan him, dy’t nei tweintich jier út Amearika yn syn bertedoarp werom west hie. Fan him wurdt sein dat wa’t út it skuorke oan de dyk kaam, krêft hie om it lok yn elk gea te finen.
Men soe tinke kinne dat er dizze dykminsken tatocht wat er doe yn syn eigen libbe miste, de frijheid en de romte en ek de moed om te libjen. Hy fielde dat er yn de wittenskip fêstrûn wie en dat er in libben fan wramen foar de klasse foar de boech hie. Wat er har dêrfoaroer tatocht, wie it libjen yn de wrâld fan syn dream as dichter, in dichter dy’t de sielen sjen woe fan it folk dat him nei stie en dy’t opgong yn it wjerfarren fan de wûnders fan de natuer.
Yn dy dream libben de minsken yn wat hy neamde de ‘iepen wrâld’. Dat die er mei dy wurden hast fan it begjin ôf oant de ein ta, fan 1902 oant 1953. It binne kaaiwurden yn syn wurk. Hy brûkt se yn 1938 sels in kear yn de titel fan in gedicht. Dat is in programmatysk gedicht, dat men lêze kin as in ferdigening fan syn poëzy foar dy fan de jonge, kommende Fryske dichter oer, Douwe Tamminga. Dat is de dichter fan it moaie byld, hy dy fan de iepen wrâld.Obe Postma, Samle fersen (2005) 374.
Yn dy iepen wrâld stienen de minsken iepen foar it sublime wjerfarren fan de dingen om har hinne, hiele gewoane dingen as ierde, himel, see, fjild, hôven en huzen. Hy neamde it ek wol it boartsjen of it wrakseljen mei de eleminten. Ljocht en sinne holpen ta dat wjerfarren. It fermogen om jin ien mei de wrâld om jin hinne te fielen, wie de siele. Ien kear hjit dat fermogen ek de geast.
Sels belibbe er it foar it earst op in peaskedei yn syn studintetiid en it sette him fuort oan ta it skriuwen fan in gedicht, it earste dat er makke.Obe Postma, Samle fersen (2005) 137. Dat gedicht wurke er yn 1902 om ta It ferline. It hat miskyn op 17 april 1892 west (Breuker, It godlike fan dream en sinnen, yn: Postma, Samle fersen (2005) 508.) Hy seach doe de dykminsken yn de skeante fan de dyk lizzen en har part fan de wrâld wol hawwen. Dy lei mei al syn wûnders iepen oan har ta.Obe Postma, Samle fersen (2005) 155 (1924) en 312 (1926).
De minsken fan de seedyk
Om better te begripen oer wa’t er it hat, wolle wy hjir wat oer har fertelle. Dat is ommers nedich, wol men syn fassinaasje beoardielje kinne. It frije libben oan de see bestiet ek net mear. It heart ta in foargoed foarbije tiid.
Yn har iepenstean foar de wûnders fan de wrâld en yn it nimmen fan it libben sa’t it is, hawwe se wat fan de dichter yn Postma. Hy neamt him sels ek in dichter fan de iepen wrâld.
De jager- en fiskerlju wurde tekene as de frijswalkjende tsjinhingers fan de honkfêste boeren, as minsken fan de see en de natoer, dy’t moedich yn it libben steane en dy’t de frijheid leafhawwe. Har wrâld is iepen en rom, se libje mei de eleminten, mei wetter, wyn en ljocht, mei de flecht fan de fûgels, de lûden fan de guozzen op de waard en de rook fan it fine gers en it sâlte wier. Inkelden hat er mear persoanlik oer skreaun. Dat binne yn it bysûnder Cornelis bij de Weg, Sipke de Boer en Bouke Roedema. Har by namme neame docht er lykwols net.
Dykhuzen wienen der net allinnich yn Koarnwert en sels net allinnich by de seedyk. Ek oan de Slachte bygelyks hawwe mear as tritich stien. Hjir en dêr is der noch wat fan oer, al besteane de bewenners net mear fan wat see en lân opsmite. It hat wol kâns dat dy dykhuzen der al yn de Lette Midsieuwen kommen binne Se stienen tusken dyk en dyksfeart, dêr’t in stripe fan in tweintich-tritich meter lei om brûkt te wurden foar it tichtsjen fan gatten of it opheegjen fan de dyk. Dy stripen hjitten saatsen, in wurd dat besibbe is oan seadde, want it wienen foaral seadden dêr’t gatten mei tichmakke waarden.
De húskes foarmen faak oaniensletten rychjes. Fiskbuorren ûnder Blije, Koehoal by Tsjummearum en Dyksterbuorren ûnder Kimswert binne foarbylden. Ek yn Surch en Koarnwert wienen se. Yn 1890 wienen der ûnder Koarnwert sa’n toalve-trettjin, in pear mear as yn 1832. De measten stienen by Hou om, de beide by Sottrum wienen nij. It wienen mar hiel ienfâldige húskes, soms ek wol fan hout of net oars as in wenboat. Der waarden dan ek geregeld guodden ôfbrutsen, mar ek kamen der wer oaren foar yn it plak.
Hoewol’t se ek op it lân har gading fûnen, libben de dykhústers dochs foaral fan de see. Dat hat har mei ta in frij folkje foarme. De see joech har brea, mar wie tagelyk driging en aventoer. It wetter sloech doe faak en slacht no trouwens noch wolris oer de dyk, al is it no lang net mear wat it west hat. By stoarmwaar bûke de wyn it wetter tsjin de heechpeallen, dy’t dan skodden, en de trilling dielde him dan ek mei oan de slappe klaaigrûn, sadat er yn de dykhuzen op bêd te fielen wie. Mei eb en floed hat it net folle út te stean. It binne de weagen dy’t it him dienen. Dy koenen wol trije-fjouwer meter heech wurde. Troch de oanlis fan de dyk fan Lelystêd nei Inkhuzen is dat minder wurden. It wetter moat nei dy dyk no opnij omheech komme.Mei tank oan P. Adema te Koarnwert, in pakesizzer fan de noch te neamen Pier en Oeke Posthuma de Boer.
In goed oersjoch fan it ferskaat oan beroppen dat de lju yn de dykhuzen hienen jout it befolkingsregister fan 1860. Dat is de tiid dy’t Postma as jonge kennen hat. Der wennen doe in inkelde timmerman, heibaas, fisker, skylfisker, marskreamer, komelker of fêste arbeider en ek in ‘dagloner’, dy’t wol ta de wyldsjitters en fiskerlju heard hawwe sil. Krekt oer sokke natuerminsken skriuwt Postma, ek al binne der in pear gedichten oer oaren. Foar’t neist is har tal rillegau nei 1860 hurd tanommen. Om 1900 wienen der yn Koarnwert sân wylsterflappers, yn Peinjum, Surch en Gaast elk trije en yn Makkum fiif.J. Jukema, Th. Piersma, J.B. Hulscher e.a., Goudplevieren en wilsterflappers, eeuwenoude fascinatie voor trekvogels (Leeuwarden/Utrecht 2001) 111.
Se moasten mei in bytsje ta en koenen dat ek. In soad fan har sil ek gjin oare kar hân hawwe, omdat se gjin lân hienen dêr’t se in bestean op fine koenen. Allinnich yn de drokste tiid, as der op de bou of yn de ûngetiid in soad lju nedich wienen, ferhierden se har as losse arbeider. Ek hienen se tydlik wol wurk oan dyksûnderhâld of slatten.
De Roedema’s en de Posthuma de Boer’en
Yn de njoggentjinde ieu wienen it foaral Roedema’s, yn de tweintichste Posthuma de Boer’en. By har sille wy dan ek stilstean. It liket der yndied op dat navenant in soad fan de jonges dy’t berne waarden tusken 1860 en 1880 keazen foar in bestean as jager en fisker, oanfulle mei aaisykjen, wylsterflappen, mollefangen en jutten. Fan de Roedema’s wienen dat Jorrit, Doeke en Bouke, fan de Posthuma de Boer’en Jorrit, Pier, Klaas en Doeke. Fjouwer fan har wienen fan de leeftyd fan Postma: Doeke (1865) en Bouke Roedema (1868) en Jorrit (1863) en Pier (1865) Posthuma de Boer. Foar har tiid lykje der yn Koarnwert noch amper bewenners fan de dykhuzen west te hawwen dy’t sa’n bestean hân hawwe. De iennichste dy’t ik fûn ha, is Keimpe Jorrits Roedema (1835-1874), de heit fan Jorrit, Doeke en Bouke en in broer fan de mem fan de Posthuma de Boer’en.
De Roedema’s wienen fan 1800 ôf yn Koarnwert manmachtich.As net oars neamd wurdt, giet dizze beskriuwing werom op de digitale befolkingsregister Alle Friezen <https://www.allefriezen.nl/>, de Befolkingsregisters fan Koarnwert op it gemeentehûs te Wytmarsum (no Súdwest-Fryslân), de Kadastrale atlas fan Fryslân, dl. 10, Wûnseradiel súd (1999; op hisgis ek digitaal) en it tsjerke-argyf fan Koarnwert, Tresoar. Generaasje op generaasje krigen se in soad bern en der wienen nochal wat dy’t yn it doarp of de neiste omkriten har bestean fûnen. De âldste Roedema fan Koarnwert wie Keimpe Doekes Roedema. Hy waard yn 1765 berne yn Furdgum. Mooglik hat er yn Furdgum ek al oan de seedyk wenne, want dêr wienen ek dykhuzen. By syn trouwen yn 1791 wenne er al yn Koarnwert. Syn frou Atje Gatses wenne dêr ek. Se krigen sân bern. Skriuwe koe er net, sa ferklearre er yn 1811 by it namme-oannimmen. Hy stoar yn 1844 yn earmoede. It hûs yn Koarnwert, dat yn 1832 noch fan himsels west hie, wie doe al fan ’e tsjerke. It stie boppe Houw, op it plak dêr’t letter de Ofslútdyk oanlein waard. Wat er dien hat, is net bekend.
Har soan Jorrit (1811-1885) wenne op de pear lêste moannen nei, suver syn hiele libben yn itselde hûs as syn âlden. By syn trouwen yn 1833 wie er timmerfeint yn Wûns en yn it befolkingsregister fan 1860 hjit er ‘heibaas’. Oan dy beroppen is wol te sjen dat er technysk en praktysk west hat, in eigenskip dy’t men ek oars yn de famylje fynt. Sa wie syn omkesizzer Keimpe Doekes by syn trouwen yn 1853 timmerfeint yn Longerhou. Oft er dêrneist ek jage en fiske hat, witte wy net. Ek muzikaliteit siet yn de famylje.
Jorrit syn frou wie Aafke Jeens Limburg. Se krigen tusken 1835 en 1851 njoggen bern, sân famkes en twa jonges. Doeke, ien fan de beide jonges, stoar yn 1875. Hy wie doe 23. Sûnt dat jier waard de húshâlding troch de tsjerke ûnderholden. De tsjerke betelle ek de hier fan har hûs. Jorrit fertsjinne no en dan noch in stoer by, lykas yn 1883 foar it omhakjen fan de Terp, in stik boulân fan de tsjerke. Yn 1884 ferhuzen se nei Surch. Wat de reden west hat, is net bekend. Mooglik wie it hûs brekfallich wurden, want it waard ôfbrutsen. De stien waard brûkt om de seedyk te ferswierjen. Jorrit stoar begjin 1885. De húshâlding gong doe al gau werom nei Koarnwert. Se kamen yn net folle mear as in keamer yn de Buorren te wenjen, ek wer yn in hûs fan de tsjerke.
Ien fan de bern wie Jeentje (1840-1887), dy’t net goed mei de holle wie en yn 1886 opnommen waard yn Frjentsjer, dêr’t se it oare jiers ferstoar. Har suster Trijntje troude yn 1861 mei Pier Piers Posthuma de Boer en waard sa de mem fan in nij geslacht dat it frije libben oan de seekant foar kar naam. In oare dochter, Ymkje, troude mei Jan Obes, in broer fan Obe Postma syn heit. Dat wie yn 1881. Se wie doe al 37 jier.
Soan Keimpe (1835-1874) bleau yn ’e hûs, ek doe’t er yn 1859 troude. Yn it befolkingsregister wurdt er yn 1860 ‘dagloner’ neamd. Hy stoar doe’t er noch gjin fjirtich wie en waard op kosten fan de diakeny begroeven. Fan him is wol wis dat er fan de natuer libbe hat. Dat soe men teminsten ôfliede wolle út it feit dat de tsjerke by syn ferstjerren syn ark en fisktúch ferkocht.
Syn frou Hieke Tjallings Terpstra (1839-1918) waard hast tachtich. Ek sy hat it dreech hân. Se krigen sân soannen en twa dochters, fan wa’t ien mar in goed healjier waard: Tjalling (1860), Jorrit (1861), Jan (1863), Doeke (1865), Sieuwke (1866), Bouke (1868), Pieter (1870), Sieuwke (1873) en Keimpe (1875). Al dy bern groeiden dus op mei neist har yn itselde hûs har pake en beppe en guodden fan har noch ynwenjende omkes en muoikes.
De tsjerke holp ek har sa no en dan. Sa betelle dy yn 1880 de húshier. Doeke hat yn 1875 slim siik west. De tsjerke betelle de Harnzer fuorman Beitschat 16 gûne foar it fjouwer kear riden fan dokter Snijder om him te sykjen en Snijder sels krige 28 gûne. Doe’t it hûs yn 1884 ôfbrutsen waard, ferhuze de mem mei de fjouwer jongste bern nei in oar dykhûs, net fier derôf, de kant fan it doarp wat út. De oare bern wienen de doar al út.
De measten wennen har libben lang yn Koarnwert. De bern wienen allegearre fan Postma syn leeftyd. Trije fan de jonges waarden ek seedyksters. Jorrit en Doeke trouden beide yn 1887 en kamen fuortby te wenjen, elk oan in kant en op koarte ôfstân fan de mem. Jorrit stoar sûnder bern yn 1905, Doeke ferfear yn 1911 mei syn frou en fiif bern nei Amearika.Alle Friezen, Emigranten (dig.) <https://www.allefriezen.nl/zoeken/persons?f=%7B%22search_s_register_type_title%22:%7B%22v%22:%22Emigranten%22%7D%7D>.
Bouke skynt as jonge in fjochtersbaas west te hawwen. De jonge Obe tekene op 15 jannewaris 1878 teminsten oan dat er fochten hie mei Keimpe en ek mei Pier. Der moasten dy middeis acht bern neibliuwe.Sjoch ôfbylding 15 yn Skriuwers yn byld 6: Obe Postma (1868-1963) (Ljouwert 1997). Hy troude yn 1892 mei Tjittje Dijkstra (1869-1951). Hy hie earst boerefeint west, al fuort yn 1881. Sy wennen oanslutend oan de oare Roedema’s, mar wat neier de kant fan de Buorren út. Se krigen tusken 1893 en 1907 njoggen bern, seis famkes en trije jonges. It wie in echte natuerman. Hy koe fan de seedyk ôf sjen wêr’t ljipaaien leinen. De libbene lokfûgels hold er yn it hinnehok de winter oer. Doe’t er âld wie en net mear wylsterfange koe, gong er op de seedyk stean en seach er nei it flappen fan de trije ûngetroude soannen, Keimpe, Gerryt en Tsjalling. Dat wienen ek losse arbeiders, fiskers en jagers. Se wennen mei har suster Sietske yn it âlderlik hûs. Se stoaren yn de jierren ‘60 en ‘70, Sietske yn 1989. Neffens in buorfrou hienen se yn iensumheid libbe, wienen se yn iensumheid stoarn en yn iensumheid begroeven.J. Jukema, Th. Piersma, J.B. Hulscher e.a., Goudplevieren en wilsterflappers, eeuwenoude fascinatie voor trekvogels (Leeuwarden/Utrecht 2001) 10, 64. Bouke stoar yn 1959.
It wie dêr in goed plak foar de wylsterfangst. Wylsters folgje de kustline. Noardlik fan Koarnwert rint de seedyk noardeastlik-súdwestlik, mar dêr bûcht er nei it suden ta ôf en de wylsters bûgden mei. Ek wetterwylpen waarden fongen. Dy trekke yn jannewaris en febrewaris. It net kaam dan op in heech stik greide, omdat wylpen dêr faak rêsten. Der waard allinnich fongen by opkommend wetter, as de wylpen it lân yn kamen.J. Jukema, Th. Piersma, J.B. Hulscher e.a., Goudplevieren en wilsterflappers, eeuwenoude fascinatie voor trekvogels (Leeuwarden/Utrecht 2001) 67, 131.
Der wie yn Postma syn jeugd noch in húshâlding oan de seedyk mei bern yn syn leeftyd dy’t letter ek meast yn Koarnwert bleaunen. Ek oer guon fan har hat Postma dichte. Dat wie de húshâlding fan Pier Piers Posthuma de Boer en Trijntje Jorrits Roedema. It wienen meiïens ek de iennichste húshâldingen yn earder en letter tiid oan de seedyk dy’t sa machtich en honkfêst wienen. Sa wienen der eins twa grutte famyljes yn it doarp, dy fan syn eigen famylje, dat is te sizzen de Rinia’s, en dy fan Keimpe’ Hieke en har sweager en skoansuster Pier en Trijntje. Boeren dus en de frijbuiters oan de see. Hy makket fan har de twa kanten fan it ‘ik’ yn syn gedichten.
Pier Piers Posthuma de Boer (1835-1917) wie in Makkumer. Hy troude yn 1861 mei Trijntje Jorrits Roedema (1836-1896). Yn it befolkingsregister fan Koarnwert hjit Pier ‘dagloner’. Se wennen fan de Buorren ôf rekkene in ein op nei Hou, mar noch foar de Roedema’s. It hûs wie der yn 1832 noch net. It wie in dûbel hûs. Botte breed hienen se it net, want fan 1869 oant 1885 betelle de tsjerke de húshier. Yn 1887 lienden se 50 gûne fan de tsjerke. Pier hierde soms wat tsjerkelân, foar ’t earst yn 1877. Hy pakte ek alle losse wurk oan. Sa fertsjinne er yn 1888 foar it graven fan de iisbaan, it hakjen fan bou yn de Buorren en it opdragen fan stienkoal, allegearre foar de tsjerke, ƒ 30,10. Soms wie der gjin fleis op tafel. De mem frege dan ien fan de jonges in jonge mok te sjitten. In jongen, want âlde mokken wienen taai.
Se krigen tusken 1862 en 1882 njoggen bern, trije famkes en seis jonges. Twa fan de trije famkes stoaren doe’t se noch gjin tweintich wienen. Guodden fan de bern wurde yn it befolkingsregister kristlik gereformeard neamd. Ta wat denominaasje oft se hearden, ha ’k net om socht. Miskyn gongen se mei de Doleânsje mei of wienen se baptist. De húshâlding wie anti-militaristysk en pasifist.
Klaas (1873-1957) en Doeke (1879-1956) trouden net en bleaunen yn ’e hûs. Se hienen al ier in motorfyts en ek in radio. Klaas wie de húshâlder-fisker en fûgelsjitter op Makkumer Waard, foaral op guozzen. Fiskjen die er likegoed op see as binnendyks. Op see gong it om bot, binnendyks om iel. Klaas die de húshâlding en wie fisker binnen – en bûtendyks en wyldsjitter, Doeke timmerman, jager en ek wyldsjitter op de Waard. Benammen op guozzen ward sketten. Dat barde mei in guozzeroer. It waard laden mei kûgels en krûd. Soms kamen de kûgels der oan de ferkearde kant út en skroeiden de wynbrauwen.
Se sieten by dat sjitten yn yngroeven kisten. Doeke hie in eigen ferbettere kiste úttocht. In kiste wie in driuwend bakje yn in omskot fan hout. Dat hout siet yn ’e grûn. Se bleaunen der droech yn, hoe ’t it wetter ek te kear gie. De bak waard mei wichten hiel krekt ôfsteld op it gewicht fan de jager, oars dreau er net. Sa koe ek in oar him net brûke. Ien kear mei in stoarm wie de kiste fuortspield en hie ien fan har de hiele kust lâns west om him te finen. Dat slagge by Warkum en dêr hat er him stikken slein.Mei tank oan Pier Adema foar ûnderskate bysûnderheden.
Se wylsterflapten ek. Foar de wylsterflapperij makken de bruorren al it reau fan netten, lokfûgels en lokfluitsjes sels. Dat wurk handige har tige. Foar de fûgels hienen se in mal makke.
Hoewol’t se inkeld houtene lokkers yn ’e ferkeap hienen, eksperimentearren de mannen ek mei lokfûgels, makke fan papier-maché, nei alle betinken omdat de houtene faaks wat swier útfoelen. Doeke syn fluitsjes wienen ferneamd en stienen bekend as it ‘Koarnwertermodel’. Se waarden makke út pokhout. Dat nimt gjin wetter op en hâldt sa de toan. De hurdsten makke er lykwols út skieppekoatsjes. As er se snijd hie, gong er mei winich waar op ’e seedyk stean en liet it seewetter deroer hinne waaie om se te testen. It guod waard ek foar oaren makke en Doeke gie geregeld mei syn hannel nei Ljouwert, wêr ’t hy ferkeapadreskes hie. It ferhaal giet dat oare jagers wol op de lokkers skeaten as se yn it fjild stienen, sa echt like de fûgel.A. Veenstra, Wilsterflappen. Goudplevierenvangst in Friesland en de kop van Noord-Holland. Eigen útj. (1996), sjoch ek it besprek fan O. Gielstra yn Aldnijs 18 (1997; ek dig.).; meidielingen fan P. Adema te Koarnwert (2012), in pakesizzer fan Pier en Oeke Posthuma de Boer.
Twa oare soannen sochten har bestean ek yn it frije libben oan de seekant. Dat wienen Jorrit (1863-1915) en jonge Pier (1865-1955). Se trouden beide yn 1890, de iene mei Klaaske Rijpma (1866-1947) en de oare mei Oeke Visser (1868-1942). Se kamen neist elkoar op Sottrum oan ’e seedyk te wenjen. Foar’t neist ha se har eigen huzen dêr boud. Dêr stienen foartiid gjin dykhuzen. It húske fan Pier en Oeke hie in panstrutsen dak. Dêr waard oanspield hout tsjinoan timmere.
Jorrit waard net âld, hy stoar al yn 1915. Klaaske en hy krigen tusken 1891 en 1909 seis bern, trije jonges en trije famkes. Trije bern trouden en gongen derút, de trije oaren bleaunen ûngetroud en by mem wenjen. Dat wienen Trijntje (1896-1961), Pier (1903-1988) en Keimpe (1909-1985).
Oeke har heit stoar jong en rillegau nei syn dea emigrearren de bern nei Amearika. Allinnich Oeke bleau yn Fryslân. Sy en Pier krigen tusken 1891 en 1907 njoggen bern, seis famkes en trije jonges. Ien famke waard mar in healjier, twa bern trouden net en binne yn it âlderlik hûs wenjen bleaun. Dat wienen Pier (1892-1984) en Dirkje (1905-1990). Beide hawwe der wol in skoft út west. Sa wie Pier fan 1913 oant 1914 boerefeint by de mem fan Postma. Oetske hat faam west by Tseard Postma, de broer fan Obe Postma. Dy lies jûns foar út Pallieter fan Felix Timmermans. De famylje wie tige muzikaal. Se spilen op de moanika, sa’t in harmoanika neamd waard, en ek op de fioele.Mei tank oan Pier Adema fan Koarnwert en Eddy Posthuma de Boer te Amsterdam, beide pakesizzers fan Pier en Oeke; dig. site Alle Friezen en befolkingsregister Koarnwert. Gehielûnthâlder wienen se ek. Dirkje wie sosjalist en anti-militarist. Doe’t hûnderten miltêren yn 1933 in grutte oefening op Sottrum holden, sette sy út protest de grammofoan op de stoepe en begong lûd SDAP-striidlieten te sjongen en oare anti-oarlochsmuzyk ôf te spyljen. De legertop moast yngripe om der in ein oan te meitsjen.O. Gielstra, Fan de Grutte toer en de Lytse bal. 1958-2008, 50 jier Keatsferiening ‘Meinioar Ien’ Koarnwert (Koarnwert 2008) 101.
Jonge Pier hat mei syn neven Pier en Keimpe de lêste fan it jagers- en fiskersfolk yn Koarnwert west. Har libben wie al gâns oars as dat fan har foarâlden oan de dyk. Earst hie de Ofslútdyk al foar grutte feroaringen soarge en letter kaam ek it ferbod op wylsterflappen.
Noch inkelde oaren
Der wennen yn Postma syn jonge jierren mear minsken oan de seedyk as de Roedema’s en de Posthuma de Boer’en. Sy ha hjir in soad omtinken krigen om it libben fan de seedyksters yn byld te bringen. Dêr is it measte oer bekend fan har.
In grutte rol lykje se net yn it dichtwurk te spyljen. Jintsje Roedema komt foar yn ‘De see’. Sy is yn de psychiatryske ynrjochting yn Frjentsjer stoarn. Wa’t de ‘hy’ út de earste strofe en it ‘jutte- en jagerswiif’ fierderop binne, is min te sizzen. De frou is miskyn deselde as it ‘arbeidersminske’ út ‘It moaiste fan Europa’, ‘dy’t op dykskroane stie / En dy’t mear witten hat as it deiske allinne.’ Bouke Roedema is al neamd.
Mar der binne oaren yn de gedichten. Nammen wurde selden neamd, dat it is in toer om út te finen op wa’t doeld wurdt. Har libbens wurde soms oars dúdlik tekene. Wa’t de boartersmaat út it gedicht ‘Houster herne’ west hat, is net bekend. De echte natuerman yn ‘Fan jagers- en fan fiskerslaach’ moat hast wol Cornelis bij de Weg fan Surch wêze, omdat dy koart foar’t it gedicht yn 1912 makke waard, de iennichste yn Wûnseradiel wie dy’t frij jong noch en ûngetroud ferstoar. Hy waard 40 jier en hjitte fan boerebedriuw.Mei tank oan Roel Demmink, dy’t dat foar my neigien hat. Hoe’t Postma him kend hat, is ek ûnbekend. Wol bekend is wa’t Evert Bouwens west hat, dy’t neamd wurdt yn ‘As Fryslân in yndustrylân wurdt’ en ek yn ‘Fêst oan it Fryske ferline en it Fryske fielen’. It wie heibaas Evert Bouwens Strandstra (1825-1884). Hy wenne by de Houster tille.
‘Yn ’e Werkmanstraat’ giet oer Sipke de Boer fan Surch (1871- 1916), troud mei Aukje Ybema, dy ’t beide al neamd binne. Se wennen by syn ferstjerren yn de Twadde Hollandiastrjitte te Boalsert. De Hollandia-fabryk waard yn 1894 oprjochte. Omdat Postma, sa’t wy seagen, fan him seit dat er yn mear as ien dichtstik in rol spilet, hat it in soad kâns dat it deselde is fan wa’t hy yn ‘Net deselde wrâld?’ skriuwt: ‘Hawwe der libbens west dêr’t ik my sa goed yn bejaan koe as yn dat fan dy jonge kearel by de seekant wei dy’t boerefeint en arbeider waard?’ Mooglik slane ‘Ik garje foar dy’ en ‘Auke Roukes’ ek op him. Hy wurdt mei namme neamd yn ‘As Fryslân in yndustrylân wurdt’ en miskyn is hy ek de Sipke fan ‘It moaiste fan Europa’. It is my net slagge om út te finen hoe’t Postma him kende. Men soe hast tinke dat er boerefeint by har of in omke yn it doarp west hat.
Douwe de Boer út it ‘skuorke oan ’e dyk’ ta beslút wie in neef fan Postma. De memmen wienen susters. ‘Oan D. de B. op weromreis nei Amearika’ giet oer him. Hy wie op 28 maart 1891 nei Amearika gongen. Postma moat oan dat gedicht te sjen doe thús west hawwe, miskyn al om syn heit, dy’t wat letter stoar.
Noaten
- Dit is in ûntwerp fan in haadstik yn de biografy oer Obe Postma dêr’t ik oan wurkje. De wurktitel fan dy biografy is op it stuit: Dreaun fan ierde’ dream.
- Mei tank oan Pier Adema fan Koarnwert.
- Mei tank oan Doekele Elgersma.
- Obe Postma, Samle fersen (2005) 374.
- Postma, Samle fersen (2005) 137. Dat gedicht wurke er yn 1902 om ta It ferline. It hat miskyn op 17 april 1892 west (Breuker, It godlike fan dream en sinnen, yn: Postma, Samle fersen (2005) 508.)
- Postma, Samle fersen (2005) 155 (1924) en 312 (1926).
- Mei tank oan P. Adema te Koarnwert, in pakesizzer fan de noch te neamen Pier en Oeke Posthuma de Boer.
- J. Jukema, Th. Piersma, J.B. Hulscher e.a., Goudplevieren en wilsterflappers, eeuwenoude fascinatie voor trekvogels (Leeuwarden/Utrecht 2001) 111.
- As net oars neamd wurdt, giet dizze beskriuwing werom op de digitale befolkingsregister Alle Friezen <https://www.allefriezen.nl/>, de Befolkingsregisters fan Koarnwert op it gemeentehûs te Wytmarsum (no Súdwest-Fryslân), de Kadastrale atlas fan Fryslân, dl. 10, Wûnseradiel súd (1999; op hisgis ek digitaal) en it tsjerke-argyf fan Koarnwert, Tresoar.
- Alle Friezen, Emigranten (dig.) <https://www.allefriezen.nl/zoeken/persons?f=%7B%22search_s_register_type_title%22:%7B%22v%22:%22Emigranten%22%7D%7D>.
- Sjoch ôfbylding 15 yn Skriuwers yn byld 6: Obe Postma (1868-1963) (Ljouwert 1997).
- Jukema e.a., Goudplevieren (2001) 10, 64.
- Jukema e.a., Goudplevieren (2001) 67, 131.
- Mei tank oan Pier Adema foar ûnderskate bysûnderheden.
- A. Veenstra, Wilsterflappen. Goudplevierenvangst in Friesland en de kop van Noord-Holland. Eigen útj. (1996), sjoch ek it besprek fan O. Gielstra yn Aldnijs 18 (1997; ek dig.).; meidielingen fan P. Adema te Koarnwert (2012), in pakesizzer fan Pier en Oeke Posthuma de Boer.
- Mei tank oan Pier Adema fan Koarnwert en Eddy Posthuma de Boer te Amsterdam, beide pakesizzers fan Pier en Oeke; dig. site Alle Friezen en befolkingsregister Koarnwert.
- O. Gielstra, Fan de Grutte toer en de Lytse bal. 1958-2008, 50 jier Keatsferiening ‘Meinioar Ien’ Koarnwert (Koarnwert 2008) 101.
- Mei tank oan Roel Demmink, dy’t dat foar my neigien hat.
Mear fan Philippus Breuker
In busreis mei Trinus Ta de ûnferjitlike mominten út myn libben heart in petear mei de doe al ferneamde Trinus Riemersma |
De Gouden Ieu: koarte bloei, lang ferfal Op mear as ien manier kin men sjen litte dat de Gouden Ieu mar koart duorre hat en folge is troch in djippe en lange depresje. |
Sosjology fan in frysk doarp yn de Gouden Ieu Boazum wie yn de Gouden Ieu sosjaal in frij igale mienskip. Adel wenne der net mear. |
Utrikking Gysbert Japicxpriis 2019 De Gouden Ieu hat mar koart duorre. Op de groei fan rykdom en wolfeart folge in djippe depressy. |
De ungelikense fizy op de Fryske skiednis De skiedskriuwing oer Fryslân, dy’t yn de jierren nei 1560 op gong kommen wie, waard foltôge yn it wurk fan Winsemius en Schotanus |
Obe Postma oer de jonge húshâlding fan syn âlden |
Rougedichten yn de Gouden Ieu Ien dy’t gjin idee hat wat Fryslân yn de santjinde ieu foar in lân wie, sil miskyn tinke dat de taal dêr it Frysk wie. Mar sa wie it net. |
Twivel heart derby By de boekoanbieding fan Dreaun fan ierde’ dream: Libben en wurk fan Obe Postma |
Skoalmaster yn de Jordaan Yn 1982 belle my in frou út Monnickendam oer Inne de Jong. Sy hie yn 1958 by him yn Amsterdam yn ’e klasse sitten … |
Johannes Henricus Regenbogen Hy wie dêr mei syn guod op in hânkarre kommen. |