Sosjology fan in Frysk doarp yn de Gouden Ieu
Boazum wie yn de Gouden Ieu sosjaal in frij igale mienskip. Adel wenne der net mear. Studearje oan in universiteit dienen allinnich bern fan de dûmny, de notaris en in heareboer. Wol binne der trije lagen te ûnderskieden. Dat wienen dy fan de boeren; de ambachtslju, nearingdwaanden en de fersoargjende sektor; en de (losse) arbeiders en alimentearren.
Ik begjin mei de boeren. Sy foarmen in sletten groep. Mar trije fan de 87 boeren en komelkers tusken 1640 en 1714 hienen gjin heit dy’t net boer wie. Se trouden ek mear as oaren yn har eigen groep. Troch de grûn wie de famyljekontinuïteit oer de jierren hinne by har ek gâns grutter as by oare selsstannigen.
Sy hienen ek it measte oansjen. It tsjerkebestjoer wie in saak fan oars net as boeren. Sy allinnich mochten ek stimme, al hong dat der fanôf oft har lânhearre har dat tabetroude, want stimrjocht wie yn Fryslân keppele oan grûnbesit en dus foarbeholden oan grûneigeners. It soe oant 1686 ta duorje ear’t in net-boer tsjerkfâd waard. Doarpsfolmacht wienen ek allinnich boeren. Sy stimden foar it doarp yn saken fan de gritenij, mei ynbegryp fan it ûnderhâld fan fearten en diken. Yn de sechttjinde ieu en earder hienen doarpsrjochters dat noch west, mar dat amt ferlear yn de santjinde ieu syn oansjen.
Dochs is it karakteristyk foar de wolfeart fan de Gouden Ieu dat tusken 1590 en 1646 ek lytse boeren tsjerkfâd wienen. Doe waard der rûlearre oer de buorskippen, dy’t om bar guodden kieze mochten. Elk siet doe mar foar in pear jier yn de tsjerkfâdij. Derfoar en ek dernei wer koenen tsjerkfâden jierren deselden bliuwe.
Under de boeren sieten ek de measte fermogenden, mar har fermogen hold net oer. Dan wienen der yn de Bouhoeke wol oaren. Fan de 41 boeren yn 1640 wie mar ien eigenierd, dat wol sizze dat er op in eigen pleats buorke, en in oar op in lytser spul wie dat noch foar in part. Dat wienen Sicke Foppes Tania en Rienck Ulbes. Tania hat wat fan in heareboer hân. Einierd hienen noch koart fan tefoaren wol ien of twa mear west, mar de measte klaaigrûn, ek yn Boazum, wie al ieuwen ferhierd. Yn 1644 ferkochten Sicke en Rienck har lannen ek oan oaren en doe wienen it tenearsten allinnich noch mar hierboeren. Dat wie wol in ferskil mei de sechstjinde ieu, doe’t de adellike Walta’s noch yn it doarp wennen en dêr mear as in pear pleatsen hienen. Guodden fan har buorken sels ek, al hienen se dan fêst in setboer.
Yn de Gouden Ieu, sa kin men dus wol sizze, wienen yn Boazum de sosjale ferskillen tusken boeren ûnder elkoar net hiel grut. Wol wienen de pleatsen ûngelike grut en dat makke fansels wol wat út. De krekte omfang wiksele troch oan- en ferkeap fan stikken lân en troch splitsing of gearfoeging altyd troch, mar in goeie yndruk jout dochs it floreenkohier fan it jier 1700. Mar seis pleatsen wienen doe 70 pûnsmiet of mear, of om it yn hektaren te sizzen, trochinoar sa’n 30 ha. Yn 1640 wienen dat dy fan Pijter Jacobs, Lieuwe Douwes, Jaen Lieuwes, Broer Tania en Jan Doeckes. De sechste, mei syn 109 ½ pm. de grutste fan allegear, wie yn 1640 folle lytser. Sân wienen sels lytser as 30 pm. en twa wie gjin lân mear by. De measten wienen dus mar lyts.
Ferskil yn sosjaal oansjen lit him noch altyd sjen oan de grêfstiennen yn tsjerke. Begrave yn tsjerke wie útsûndering. Dat wie foar de foarnaamsten en ryksten. Gewoan wie jin begrave te litten op it tsjerkhôf. Grêven op it tsjerkhof wienen fergees. Dêr kaam ek gjin stien op. By in soad pleatsen en ek wol by guon huzen hearden twa plakken op it tsjerkhôf. Hoe âld oft it rjocht op dy plakken west hat, doar ik net sizze, want dêrfoar is temin oer har skiednis bekend. It systeem hat noch hiel lang bestien, miskyn wol oant yn de tweintichste ieu. In grêf yn tsjerke moast foar betelle wurde. Yn de jierren om 1640 hinne wie dat fiif gg. Grêven yn tsjerke wienen oant de Gouden Ieu foar de prysters en de adel, al liet de adel him yn de Midsieuwen faak yn kleasters begrave. Dêr kamen sarken op, dy’t by de adel wol grutte dekplaten nei in kelder wienen. Grêfstiennen foar boeren lykje moade wurden te wêzen om 1610 hinne. De beide âldst bekende stiennen út Boazum binne fan 1612 en yn koarte jierren kamen der dêrnei mear. Tenearsten gong it allinnich om boeren út einierde geslachten yn it doarp. De earste oare dy’t in grêf yn tsjerke hie wie yn 1639 in notaris, dy’t ien foar in bern fan him kocht. Dêrnei kaam der ek in inkelde ambachtsman. Yn totaal binne der út de santjinde ieu noch fyftjin oare stiennen bewarre of, wat ek foarkomt, allinnich mar bekend, wêrûnder ek fan oaren as boeren. Inkeld binne dat komplete sarken, mar meast allinnich mar hollestiennen. It legersteed waard yn it gefal fan in hollestien opfuld mei blauwe hurdstiennen tegels.
Oant safier oer de boeren. Wat hannel, ambacht en fersoargjende sektor oangiet, de twadde laach, kin sein wurde dat om 1585 hinne in fersoargingspeil berikt wie dat yn twa ieuwen net folle mear feroare. Doe wienen der al lang in geastlike (yn de roomske tiid sels trije), in skoalmaster, in kleanmakker en in timmerman; minder lang in wever, in keapman en in bakker; sûnt koart ek in kastlein en in smid; en mei gauwens ek in kûper. Timmerlju en keaplju kamen der gau mear as ien fan, skippers in hiel soad. In typysk skaaimerk fan de Gouden Ieu binne dy skippers. Waard yn earder ieuwen in soad sels út de stêden helle of brocht, as der teminsten op de eigen pleats net yn foarsjoen wurde koe, no moast der turf en wat net al oanfierd wurde en bûter, tsiis en fee ferfearn wurde. Nije beroppen yn de santjinde ieu wienen in notaris (net nei 1628), in bysjager (om 1640 hinne) en in sjirurgyn (yn 1673). Mear spesjalisearre beroppen, lykas molemakker, weinmakker en lekkenkeaper, hienen de ‘flekken’ Rien en Easterwierrum, dy’t oan it doarp grinzen.
De tredde laach, dy fan de losse en letter ek fêste arbeiders en de alimentearren, waard yn de Gouden Ieu hurd grutter, foaral nei 1650. In skaaimerk fan dizze groep is dat se ek faak yn it doarp hingjen bleaunen. Sa wienen se mei de boeren it meast honkfêst, mar dan om hiel oare redenen. By har spile mear de wissichheid mei dat de tsjerke sanedich ynsprong en ek it ûntbrekken fan oare mooglikheden earne oars. In oare trek is de ferswagering, dy’t se dielden mei de laach fan ambachtslju en nearingdwaanden. Inkelde famyljes sprongen der wat dat oangiet altyd út. Dy makken dan ek de tsjinst yn de Buorren út.
Dat grutter wurden lei him net oan it oantal alimentearre húshâldingen, want dat bleau frij konstant. Piken fan in tweintich wienen der yn 1574 en 1672, twa jierren dêr’t befolkingssifers fan oerlevere binne, mar dat wienen dan ek minne jierren. Oars siet har oantal tusken de tsien en de fjirtjin op in oantal húshâldings fan tusken de tachtich en de 85. Oars leit it mei it oantal arbeiders. Dy wienen der yn de sechstjinde ieu noch net, as men de lju yn de dykhuzen teminsten net meirekkenje soe. Mar dat wienen mei har bermen en har pear kij dochs eins ek oars net as losse arbeiders. Yn 1600 wienen it noch trije, neitiid oant 1714 meast fiif. Ek dat skeelt dus noch net safolle. Dêrby moat wol betocht wurde dat der yn de sechstjinde ieu hiel wat selsstannigen west hawwe dy’t ek wurk foar oaren derneist dienen.
De beropsbefolking spesjalisearre har dus mear en mear. Boppedat waarden troch gearfoegingen de pleatsen nei 1640 grutter. Gjin niget dêrom dat yn minder wurdende tiden, as it tal selsstannigen ôfnaam, it tal fêste arbeiders just grutter waard. Dat grutter wurden is hiel goed te sjen. Miskyn hat der yn 1640 ien west, mar yn 1672 wienen it al seis en yn 1714 acht. It giet hjir hieltyd om boere-arbeiders. Dêrneist wienen der ek wol húshâldingen mei in ambachtsfeint as kostwinner, mar dat wienen mar inkelingen en yn har oantal feroare net folle. Sawol by boeren as ambachtslju en ik tink ek wol by de nearingdwaanden, mar dêr is eins neat oer te finen, bestienen út ien bedriuw faak de âlde generaasje en in jongen beide tagelyk. Dat sil ek net altyd fetpot west hawwe.
Mear fan Philippus Breuker
In busreis mei Trinus Ta de ûnferjitlike mominten út myn libben heart in petear mei de doe al ferneamde Trinus Riemersma |
De Gouden Ieu: koarte bloei, lang ferfal Op mear as ien manier kin men sjen litte dat de Gouden Ieu mar koart duorre hat en folge is troch in djippe en lange depresje. |
Utrikking Gysbert Japicxpriis 2019 De Gouden Ieu hat mar koart duorre. Op de groei fan rykdom en wolfeart folge in djippe depressy. |
De ungelikense fizy op de Fryske skiednis De skiedskriuwing oer Fryslân, dy’t yn de jierren nei 1560 op gong kommen wie, waard foltôge yn it wurk fan Winsemius en Schotanus |
Obe Postma oer de jonge húshâlding fan syn âlden |
Rougedichten yn de Gouden Ieu Ien dy’t gjin idee hat wat Fryslân yn de santjinde ieu foar in lân wie, sil miskyn tinke dat de taal dêr it Frysk wie. Mar sa wie it net. |
Twivel heart derby By de boekoanbieding fan Dreaun fan ierde’ dream: Libben en wurk fan Obe Postma |
Skoalmaster yn de Jordaan Yn 1982 belle my in frou út Monnickendam oer Inne de Jong. Sy hie yn 1958 by him yn Amsterdam yn ’e klasse sitten … |
Johannes Henricus Regenbogen Hy wie dêr mei syn guod op in hânkarre kommen. |