Twivel heart derby
By de boekoanbieding fan Dreaun fan ierde’ dream: Libben en wurk fan Obe Postma
Leaver as te fertellen wat der yn myn biografy oer Postma stiet, wol ik by dizze gelegenheid fan de oanbieding wat fertelle oer de problemen dy’t ik ûnder eagen sjoen ha by it skriuwen fan in biografy fan Obe Postma en de problemen yn dy biografy sels. Licht bin ik op guodden net kommen, want dreger as antwurden binne faak fragen.
Sokke problemen binne der genôch. Om te begjinnen freget men jin ôf oft de beskreaune wol in biografy wurdich is. Dan is de fraach oft in biografy wol in goeie foarm is om sjen te litten wat jo fan syn wurk tinkt, want foar my moat it belang fan in biografy yn dat wurk sitte. Dat besef hat ek makke, dat ik dit boek skreaun ha, no’t der ferliden jier al in biografy oer him útkommen is. Ik wist dat ik in oar boek skriuwe soe.
Foar my is in biografy it antwurd op de fraach hoe’t it libben dat men beskriuwt, rinne kinnen hat sa’t it rûn is. Ik wol achter de feiten sjen. Dy feiten binne net los fan de persoan te sjen. Altyd ha se him foarme en soms hat er se ek oan himsels te tankjen. Wat seit it oer de beskreaune dat er him earne mei dwaande holden hat of him earne oer útlit? Wat spylje oanlis en yngripende barrens dêr foar rol yn? Wat is bepaald troch de ferhâlding mei âlden, freonen en noch wer oaren?
In folgjend probleem binne de boarnen. Fansels moatte alle beskikbere boarnen brûkt wurde. Dat is by de stúdzje fan Postma faak net it gefal. In belangrike boarne rint hast elk om hinne. Dat binne syn úttrekselskriften. Ek mei de boarnen sels binne der problemen. Foar it wurk binne se der by Postma genôch, mar foar it libben net. It wurk leit behalve yn druk ek fêst yn mar leafst sa’n achthûndert oantekenskriften. Persoanlike dingen steane dêr lykwols net yn. It giet echt om syn stúdzje- en dichtwurk. Se litte sjen hoe’t syn kennis en ideeën oer filosofy, poëzy en skiednis har ûntwikkele hawwe. Ek meitsje se dúdlik hoe’t syn stúdzje yn Amsterdam derút seach. Der binne ek skriften út dy tiid by, foar’t neist ek twa seldsume kolleezjediktaten fan de geniale skeikundige Van ’t Hoff.
Ek binne der hiel wat brieven fan en ek oan him, lykwols ek wer foaral oer syn wurk. Brieven oer syn persoanlik libben binne der folle minder. Postma lit him dêr eins nea oer himsels út en wat er net sizze wol, ferswijt er. Ik jou in foarbyld. Bibliograaf Bauke van der Veen frege him yn 1957 nei publikaasjes út syn Amsterdamske tiid. Dat er doe oardeljier thús west hat, seit er net. It is: ‘Nei dy tiid [dat is 1890] haw ik in tochje bûten Amsterdam studearre’ en dat docht er nearne. Ik kaam it op it spoar yn argiven fan Nut en tsjerke.
Dat persoanlike libben is by Postma dus net sa maklik te finen. Ek troch oaren is der net folle oer skreaun. De foarnaamste boarne binne syn gedichten, want dêryn skriuwt er just wol in soad oer himsels. Mar it giet dan meast oer it wjerfarren fan hieltyd itselde geluk, net oer de ups en downs, noch oer syn gefoelens. Dy moatte fierhinne yndirekt ôflaat wurde.
Ek is der al hiel wat sekundêre literatuer oer Postma en syn wurk. Goed útsocht is syn natuerwittenskiplike wurk. Dêr is yn de Obe Postma rige in prachtich boek oer ferskynd, Zekerheden in waarnemingen. Jan Guichelaar hat dêr in dúdlik byld jûn fan de natuerwittenskipper, wat bepaald gjin maklik wurk west hawwe moat. Op dat punt koe ik heechstens wat aksinten oars lizze. Frans Steenmeijer hat him ek in klear oardiel oer Postma as natuer- en wiskundige foarme. Grut yn it lytse, har er him neamd.
Postma syn histoarysk wurk ha iksels al hiel wat oer skreaun. It learaarskip jildt mei it wurk fan Freark Dam, Martinus van Hoorn en Tineke Steenmeijer itselde foar. Ek oan syn filosofy is it nedige dien, mar no just net op basis fan de stúdzje fan syn eigen úttreksels, dy’t in soad ferhelderje kinne. It is mear op basis fan de ynterpretaasje fan syn poëzy.
It measte is dien oan de poëzy. Dêr is it ek ta in sekere diskusje kommen. Sa ha ik Sierksma syn idee ôfwiisd dat Postma in soarte doarpsdichter wie en ek dat fan Feitsma as soe Postma in Tachtiger west hawwe. Oer it psychysk-monistysk karakter fan syn poëzy is ek no noch altyd net it lêste wurd sein. In nij probleem wie de fraach oft Geart van der Meer gelyk hat mei syn opfetting dat Postma syn sintrale idee fan in Alsiele ûnsin is.
In oar punt fan Van der Meer is syn opfetting dat achtergrûnkennis of bûtentekstuele kontekst by de ynterpretaaasje fan in gedicht net meitelle meie. Neffens my kin it dêr net sûnder, seker net by Postma, dy’t net sa hiele tagonklik is. Hoe soe men rigels as: ‘O fliten lang fertein! Hjir mei jimm’ del te gean/ De himrik út, oan ’e ie ta dy’t/ De geaen skiedt!’ begripe, lit stean oanfiele kinne sûnder kennis fan Aldfrysk en midsieusk lânskip. Dy needsaak fan achtergrûnkennis jildt ek net allinnich foar histoaryske kennis, mar ek foar filosofy. Hielendal sûnder kennis giet it fansels net. It gedicht moat per slot begrepen wurde, ek al sil net elke lêzer itselde deryn leze. Van der Meer lost it probleem op troch út te gean fan wat de trochsneedlêzer neffens him wit, mar dat set de doar ek wiid iepen foar ûnderstellingen. By him is dat it gefal mei it sintrale begryp siele.
In eigen plakbepaling yn rinnende diskusjes joech dus stof ta tinken genôch, benammen op it gebiet fan filosofy en poëzy. Hiel wat paragrafen binne in wjerlizzing fan Van der Meer. It seit himsels dat ik dat beargumentearre en mei stipt boarneferwizen dien ha. Dy eigen plakbepaling berêst fansels op in analize fan Postma syn ideeën. Dêr ha ik my dochs yn it algemien al op útlein. Minstens safolle as it libben en de emoasjes giet myn boek dan ek oer it tinken fan Postma.
Oant safier oer de problemen fan boarnen en sekundêre literatuer. Dat binne fansels net de iennichsten. In belangryk probleem fan in biografy jildt net spesjaal foar in biografy, mar foar elk boek. Dat is de needsaak om der in hecht bouwurk fan te meitsjen. Alles moat stevich yn elkoar sitte. Om sa’n hecht bouwurk meitsje te kinnen, moat men witte wêr’t men hinne wol. Alles mar efter elkoar op te skriuwen wat men fynt, liedt net ta in sprekkend byld fan de beskreaune. Net alle feiten hoege ek meidield te wurden. Se moatte wol relevant wêze.
No is it probleem dat men pas echt goed wit hoe’t dat moat, as it boek klear is. Groeiend ynsjoch makket oars dat der ûnder it skriuwen hieltyd bysteld wurde moat, sawol oan de foarm, as oan de ynhâld. It skriuwen fan in boek is in yngewikkeld proses fan ôftaasten en bystellen, in proses mei in soad stappen. It kin helpe as men ien kear de titel wit. Oan in titel kin men faak wol sjen oft der in fizy ûntwikkele is. Sa’n titel komt ek net altyd daliks. Yn myn gefal wie er der al gau. Ynienen foel er my samar yn. It skeelde grif dat ik my al salang mei Postma dwaande holden hie. Feroare ha ’k him net mear. Hy soe fan Postma sels wêze kinne, tocht ik, ynklusyf dy genityfkonstruksje (dy’t ik tusken heakjes wól lije mei).
Uteinlik moat it boek rinne as ’t spoar. Haadsaken moatte as haadsaken presintearre wurde, bysaken as bysaken. Wat by elkoar heart, heart by elkoar te stean. Mocht it ien of ’t oar dochs nochris in kear te pas komme, dan moat der yn de noaten nei ferwiisd wurde. Mar sokke noaten binne net oars as needferbannen. Giet it lykwols om wat tige karakteristyks, dan kin it net oars of dat komt yn ferskillend ferbân te pas. By my binne dat de ûnderwerpen fan de paragrafen “Unrêst en begearen” en “Tiid en romte, Geast en Alsiele”, fan emoasje en filosofy dus.
Der binne ek de typyske problemen dy’t net by in boek yn it algemien jilde, mar by in biografy. Sa moat der fansels in haadstik oer de minske wêze, want it is yn de persoan fan de beskreaune dat in biografy syn ienheid fynt. Dochs komt sa’n haadstik net yn alle biografyen foar. It is net ien fan de makliksten. Dat wie it by Postma ek net. Der bestiet gjin dúdlik byld fan him. Wat wie it dat achter it stille en ienselvige, it krityske en it altyd mar oan it wurk wêzen siet?
Yn biografyen komt ek in haadstik oer freonskippen net folle foar. Faak wurdt sels net allinnich gjin apart omtinken oan de freonskippen jûn, mar wurde freonen ek net iens yntrodusearre en allinnich mar te praat brocht yn de rin fan it libben fan de haadpersoan. Sa ploft yn de biografy fan Maaike Meijer oer Vasalis Theo van Baaren der samar ynienen yn, sûnder dat men heart wa’t dat is. En dy Van Baaren wie net samar ien. Wat hie Vasalis better útkomme kinnen, as se neamd hie hoe geleard, ynternasjonaal oriëntearre, sinnich en apart oft dizze freon wie.
Ik ha sa’n haadstik oer freonskippen wol makke. By Postma, dy’t net troude en gjin neiteam hie, leit dat fansels ek wol yn de reden. Om de grutte betsjutting foar Postma fan syn freonskip mei Tsjitse de Boer ha ik fan de beskriuwing fan libben en mentaliteit fan De Boer suver in biografy yn de biografy makke. It behanneljen fan freonskippen freget mear as allinnich omtinken foar de freonen sels. Ek har rûnte fan freonen moat oan de oarder komme. Dy rûnte seit wat oer aard en belang fan de relaasje tusken in freon en de beskreaune. Hat dy freon bygelyks mear freonen en is de beskreaune krekt alhiel op dy iene freon oriëntearre? Sa’n sitewaasje docht him neffens my by Postma en Tsjitse de Boer foar. De Boer hie mear freonen, ûnder mear de jonkhearen Van Eysinga. Freonen fan de freonen: it belang fan in selde ynkadering jildt ek foar famylje. Sa ha ik om heit en mem en har húshâlding skerper yn byld te krijen stilstien by har ferhâlding ta de Makkumer Kingma’s.
Freonskip kin djip sitte. Yn de paragraaf “Unrêst en begearen”, dêr’t de freonskip ek in grut plak yn ynnimt, wurdt dat dúdlik. Ek nei wa’t dat begearen útgongen is, sa’t Postma dêr bygelyks yn it gedicht “Tsjinje” oer skriuwt. Dat gedicht wurdt altyd op De Boer belutsen, mar dêr tink ik oars oer. Freonskip by Postma kin ek oars net wêze as in tafallige moeting mei ien dy’t in gefoelich momint mei belibbet. En ien in freon neame, kin ek as in teken fan iensumheid opfette wurde. It seit wat dat Postma op syn âlde dei eins oars net as lju út it Fryske fermidden freon neamt. Echte freonen binne dat net, earder kollega’s yn de Fryske saak. Mear as dat freon seit yn dit gefal wa fan dy kunden út de Fryske wrâld oft er gjin freon neamt, mar achte dit of dat.
Ik gean ta beslút noch wat neier yn op it ôftaasten en bystellen ûnder it skriuwen. Dan kin ik meiïens noch wat fan de ynhâld sjen litte en ek fan myn fizy op Postma en syn wurk.
Soms binne de feroaringen fan ynsjoch sa grut, dat se it nivo fan de haadstikken berikke. Haadstikken binne bûn oan de gronology fan it libben en oan de oerhearskjende aspekten fan dat libben. Dy lêsten betreffe meastal it wurk. Sa wie it seker by Postma, net allinnich omdat er net hiel folle belibbe hat, amper reizge hat bygelyks, mar foaral omdat dat wurk by him sokke ûngelikense terreinen besloech. Sa lei it foar de hân om al dy terreinen in apart haadstik te jaan. Se folgje de gronology, mar ik ha my konsintrearre op it ûnderwerp en der net oare dingen út deselde tiid by helle.
Sa koenen de titels fan de haadstikken hiel krekt oanjaan wêr’t dy haadstikken oer geane en hiel saaklik en algemien wêze. Allinnich it earste en it lêste, dy’t de jeugd en de âlderdom beskriuwe, kamen net ta stân sûnder fizy op de beskreaune of de omstannichheden dêr’t er yn bedarre. Dat earste is “In bern fan it lân” wurden, it lêste “Werom yn Fryslân’’. Mei dat “In bern fan it lân” ha ik oanjaan wollen dat de boeresoan Postma mear oan it bûtenlibben hong as oan it boerebestean, mei “Werom yn Fryslân” dat syn âlde dei behalve troch it foar de hân lizzende punt fan it âldwêzen ek bepaald waard troch syn ferhâlding ta Fryslân. Dy ferhâlding ta Fryslân hie dochs altyd al belangryk west, foaral nei 1918, mar doe gong it út fan syn eigen ferlet en no mear fan it ferlet fan Fryslân. Dat Fryslân hie him mei syn kennis nedich. It giet dan om de Fryske Akademy, dy’t oprjochte waard doe’t er wer in pear jier yn Fryslân wenne.
Mar it is net yn de yndieling yn haadstikken dêr’t de groeiende fizy syn ynfloed jilde lit, mar yn de kar fan de paragrafen. Krekt op it nivo fan de paragrafen begjint de persoanlike kar fan de skriuwer te sprekken. De definitive kar fan paragrafen komt pas ta stân, as men it libben ienkear oersjen kin, oan de ein dus. Yn de praktyk betsjut dat dat earder skreaune paragrafen weifalle, oaren earne oars by ûnderbrocht wurde en der nije by komme. De hiele krekte lêzer sil yn de noaten in inkele kear merke dat in ferwizing weromgiet op in âldere ferzy. Dy is by it korrigearjen oer de holle sjoen. Sa falle by my paragrafen op oer de trije-ienheid “Allingawier, Skuzum en Piaam” en it ûntbrekken fan ien oer Koarnwert, it doarp dêr’t er berne waard en opgroeide, al krijt dat doarp fansels ek omtinken. Fierder falle op de Frysksinnichheid fan syn jeugd, de pynlike oergong fan natuerwittenskippen nei skiednis, dy’t yn myn eagen djippe spoaren neilitten hat, en de paragraaf “Mei of sûnder wurkferbân”.
Wat de poëzy oangiet, binne it navenant in hiel soad. Ik neam titels as “Flikkertins yn it Al-belibjen”, “Unwiis sjongen tusken de bergen”, guodden oer de ienheid fan it ‘ik’ en de wrâld, de sletten en de iepen wrâld yn Koarnwert en net te ferjitten de twivel fan Postma oan de wearde fan syn eigen wurk.
“Ik haw gjin diel oan ’t grutte wurk/ Dat wrâld syn foarmen bout” dichte er yn 1916. Hy fielde him mar lyts, dus. Dy ûnwissens oer de wearde fan syn wurk hie ek te krijen mei it besef dat dat wurk allinnich oer Fryslân gong. Yn in Grinzer ensyklopedy soe er neffens him allinnich stean om lytse skiednisstikjes dy’t er skreaun hie - om mar te swijen fan oare as regionale ensyklopedyen, sil er der by tocht hawwe. Dat besef brocht him yn 1944 ta de fertwivele útrop oft er it lytse Fryslân dan wol oan kinnen hie:
Mar, Fryslân, is ’t – do witst myn steat –
Dat ik dy net gripe kin?
En yn 1952 frege er him ôf:
Sa grut as Fryslân. Is it goed? te min?
Dy twivel heart fansels by de âlde dei, de tiid dat men jins libben oersjocht, mar dy twivel liket my Postma ek yn it algemien te tekenjen. Ikarus ha ik him mei ferlike. Hy hat in soad wollen, mar Fryslân waard syn diel. En sels yn dat lytse Fryslân wie er miskyn net de bêste. Wat hat de fraach him wat dwaande holden oft hy of Douwe Tamminga better dichter wie …
Mear fan Philippus Breuker
In busreis mei Trinus Ta de ûnferjitlike mominten út myn libben heart in petear mei de doe al ferneamde Trinus Riemersma |
De Gouden Ieu: koarte bloei, lang ferfal Op mear as ien manier kin men sjen litte dat de Gouden Ieu mar koart duorre hat en folge is troch in djippe en lange depresje. |
Sosjology fan in frysk doarp yn de Gouden Ieu Boazum wie yn de Gouden Ieu sosjaal in frij igale mienskip. Adel wenne der net mear. |
Utrikking Gysbert Japicxpriis 2019 De Gouden Ieu hat mar koart duorre. Op de groei fan rykdom en wolfeart folge in djippe depressy. |
De ungelikense fizy op de Fryske skiednis De skiedskriuwing oer Fryslân, dy’t yn de jierren nei 1560 op gong kommen wie, waard foltôge yn it wurk fan Winsemius en Schotanus |
Obe Postma oer de jonge húshâlding fan syn âlden |
Rougedichten yn de Gouden Ieu Ien dy’t gjin idee hat wat Fryslân yn de santjinde ieu foar in lân wie, sil miskyn tinke dat de taal dêr it Frysk wie. Mar sa wie it net. |
Twivel heart derby By de boekoanbieding fan Dreaun fan ierde’ dream: Libben en wurk fan Obe Postma |
Skoalmaster yn de Jordaan Yn 1982 belle my in frou út Monnickendam oer Inne de Jong. Sy hie yn 1958 by him yn Amsterdam yn ’e klasse sitten … |