image philippus breuker

Skoalmaster yn de Jordaan

Inne de Jong

Philippus Breuker - Fers2 nû. 4.16, 21 oktober 2018

Yn 1982 belle my in frou út Monnickendam oer Inne de Jong. Sy hie yn 1958 by him yn Amsterdam yn ’e klasse sitten en krekt lêzen dat er al jierren stoarn wie. Dat hie har oangrypt en no woe se graach mear oer him witte. Ik frege har om har oantinkens oan him op papier te setten en wat hjir aansen folget, wie wat se weromskreau.

Altyd ha ik tocht dat ik dat publisearje moast en hjir is it dan einlik. Hjir wie dan in foarbyld fan ien fan dy âlderwetske Fryske ûnderwizers dy’t der sa’n soad yn Amsterdam west hawwe. En wat foar ien! Sa’t er de bern yn Fryslân boeid hie mei syn Jonges fan Gaesterlân, my ek, sa hie er dat yn in Amsterdamske folksskoalle de bern dêr dien. Dat wist ik net en it kaam yn dit ferhaal sa goed út.

It is allegearre al lang lyn en De Jong is heal fergetten, ek as skriuwer. Yn Salang’t de beam bloeit komt er net mear foar, hiel oars as Fedde Schurer, op wa’t er oars yn in soad opsichten like en mei wa’t er ek nau befreone west hat. Schurer neamt him yn syn autobiografy De besleine spegel dan ek faak. Se wienen beide lid fan de anti-Colijnpartij it CDU. en krigen dêrom om 1930 hinne ek beide spul mei har skoalbestjoeren. De Jong hie earder al om deselde reden spul mei it Friesch Dagblad hân, dêr’t er doe wurke. Yn 1935 krige er dat wer, doe mei it skoalbestjoer fan de skoalle yn Utrecht dêr ’t er stie. Hy naam sels ûntslach (mar krige al wachtjild) en sollisitearre him bryk, mar krige altyd nul op it rekest. Yn 1937 wie er krekt fan plan om oer te gean nei it iepenbier ûnderwiis, doe’t de letter sa bekende fersetsman en haadredakteur fan Vrij Nederland, H.M. van Randwijk, him frege om by him te sollisitearjen. De Jong hat dêr sels oer skreaun, doe’t er yn 1968 yn Maatstaf Van Randwijk betocht. Oan dat stik ûntlien ik hjir de measte gegevens.

Hy begjint syn oantinkens sa: ‘In september 1937 kreeg ik een brief fan Henk van Randwijk met het verzoek om te solliciteren naar de Eben Haëzerschool in de Bloemstraat, Amsterdam. Tweede officiële naam: Instituut voor haveloze kinderen. Het leek hem wel iets voor mij, schreef hij. Hij was sedert enige maanden hoofd van het instituut met zijn berooide en voor een groot deel verpauperde jeugd’. It wie in âlde sûkerfabryk, dy’t yn de njoggentjinde ieu troch wat glêzen skotten ferdield wie yn in oantal hokken. Dy tsjinnen as skoallokalen. Foar mear as 90 persint kamen de bern út húshâldingen fan wurkleazen. Yn trije jier groeide de skoalle fan 150 learlingen nei 300. De bern fielden har dêr thús.

Schurer en De Jong stienen njoggen jier lang beide yn Amsterdam oan skoalle, fan 1937 oant 1946. Se stienen beide mannich kear op sjippekisten yn it Easterpark om propaganda foar it CDU te meitsjen. ‘Men begong mei tsien minsken om jin hinne, en yn inkelde minuten wiene der in pear hûndert, wylst de ynterrupsjes net fan de loft wienen’.

De Jong bleau oant syn pensioen oan de ‘reade skoalle’ ferbûn, earst as ûnderwizer, fan 1942 ôf as haad. Van Randwijk wie doe arrestearre troch de Gestapo en woe dat hy him opfolge. Nei syn pensioen hat De Jong noch fiif jier yn Amsterdam les jûn oan in mulo, mar doe is er mei syn frou en dochter werom gongen nei Gaasterlân. Dêr is er, tachtich jier âld, yn 1975 ferstoarn.

‘Meester’ Inne de Jong

Nu pas realiseer ik me, dat hij al 64 jaar oud was, toen hij in 1958 bij ons voor de klas stond. Meester de Jong, onze bovenmeester, van de Eben Haëzerschool in de Amsterdamse Jordaan. Zijn haar was bijna wit en hij had een borstelig snorretje. Hij werd niet gauw kwaad maar als dat gebeurde dan begon er een adertje bij z’n slaap vervaarlijk te kloppen, daaraan kon je zien dat het menens was. Gelukkig duurde het nooit lang.

We hadden een orgeltje in de klas en daar speelde hij op. Om de beurt mochten we naast hem op het bankje zitten om de muziekbladen om te slaan. Ik zie die handen nog voor me, die zo schijnbaar moeiteloos, de juiste toetsen aanraakten. Buiten de gebruikelijke psalmen en gezangen, leerde hij ons ook een paar Friese liedjes. Hij vertaalde ze voor ons in het Hollands, zodat we wisten wat we zongen. We zijn ook eens met de hele klas naar het concertgebouw geweest, een hele belevenis voor de meesten van ons. Hij hield van muziek.

Wat me echter het duidelijkst is bijgebleven, is de manier waarop hij kon vertellen. Daar was hij echt een ‘meester’ in. Zoals de meeste Friezen was hij er trots op Fries te zijn. Hij vertelde ons over zijn jeugd in zijn geliefde ‘Gaasterland’, voor ons ‘stadskinderen’, altijd even boeiend. ‘Jongens van Gaasterland’, een van zijn boeken, vertaalde hij, al vertellend, voor ons in het Hollands. We wilden altijd graag weten, welke van de jongens hijzelf was, maar dat wilde hij nooit zeggen.

Tijdens de geschiedenislessen werd dat jaar de hele tweede wereldoorlog behandeld. Hij vertelde van de Grebbeberg, van de mannen van Putten, van het schieten op de Dam op 4 mei 1945, de hongerwinter en natuurlijk de Jodenvervolging. Dat deed hij mede door de hele klas ‘Het dagboek van Anne Frank’ te laten lezen. Zijn afkeer van het fascisme en anti-semitisme was zo oprecht en eerlijk, anders had het nooit zo’n indruk op ons kunnen maken. Nu nog, als ik zie hoe sommige jongeren-groepen het fascisme weer propageren, hoe het hier en daar de kop weer opsteekt, dan denk ik: ‘wat jammer, dat jullie geen meester de Jong hebben gehad’. Kon hij ze nog maar eens vertellen, zoals hij ons vertelde. We mochten hem trouwens geen ‘meester’ noemen. ‘Een meester is iemand die rechten gestudeerd heeft’, zei hij. En dat had hij niet, dus voor ons was hij ‘meneer’ de Jong.

Nadat ik van school af was, ging ik hem nu en dan nog eens opzoeken en ik was de enige niet. Het was altijd gezellig en fijn om met hem te praten. Bij m’n verloving kreeg ik een mooie zelfgemaakte felicitatiekaart, die ik zuinig bewaard heb. Het kontakt werd minder toen ik ging trouwen en kinderen kreeg. Op een kerstkaart, die ik naar de Sanderijnstraat in Amsterdam stuurde, kwam geen antwoord meer. Ik dacht meteen: ‘hij is vast terug naar zijn Gaasterland’.

Nu in 1982 kom ik zijn naam tegen in het ‘Lexicon van de moderne Nederlandse literatuur’, uitgebreid met Friese schrijvers. Tot mijn schrik zie ik dat hij al in 1975 gestorven is. Ik had hem zo graag nog eens gesproken. Hopelijk worden zijn boeken nog eens in het Hollands vertaald, zodat ik die in elk geval kan lezen.

Bonnie Swart, December 1982

Mear fan Philippus Breuker

In busreis mei Trinus Ta de ûnferjitlike mominten út myn libben heart in petear mei de doe al ferneamde Trinus Riemersma
De Gouden Ieu: koarte bloei, lang ferfal Op mear as ien manier kin men sjen litte dat de Gouden Ieu mar koart duorre hat en folge is troch in djippe en lange depresje.
Sosjology fan in frysk doarp yn de Gouden Ieu Boazum wie yn de Gouden Ieu sosjaal in frij igale mienskip. Adel wenne der net mear.
Utrikking Gysbert Japicxpriis 2019 De Gouden Ieu hat mar koart duorre. Op de groei fan rykdom en wolfeart folge in djippe depressy.
De ungelikense fizy op de Fryske skiednis De skiedskriuwing oer Fryslân, dy’t yn de jierren nei 1560 op gong kommen wie, waard foltôge yn it wurk fan Winsemius en Schotanus
Obe Postma oer de jonge húshâlding fan syn âlden
Rougedichten yn de Gouden Ieu Ien dy’t gjin idee hat wat Fryslân yn de santjinde ieu foar in lân wie, sil miskyn tinke dat de taal dêr it Frysk wie. Mar sa wie it net.
Twivel heart derby By de boekoanbieding fan Dreaun fan ierde’ dream: Libben en wurk fan Obe Postma
Wyldsjitters, fiskerlju en oare bewenners fan dykhuzen De dykbewenners meitsje fan Koarnwert wat oars as in gewoan boeredoarp. Men rûkt der de see. Se hawwe karakteristyk west foar Postma syn bertedoarp en binne it dêrmei ek wurden fan syn poëzy.
Johannes Henricus Regenbogen Hy wie dêr mei syn guod op in hânkarre kommen.
1 2