Rougedichten yn de Gouden Ieu
Ien dy’t gjin idee hat wat Fryslân yn de santjinde ieu foar in lân wie, sil miskyn tinke dat de taal dêr it Frysk wie. Mar sa wie it net. De taal fan de literatuer wie en bleau noch lang it latyn, langer sels as yn Hollân en oare kultuergebieten yn de Nederlannen, neffens de kenner op dit gebiet, Jozef IJsewijn.J. IJsewijn, Companion to neo-Latin Studies (1977, nije útj. 1990). Frysk waard amper mear skreaun en praat eins allinnich noch op it plattelân. Dat hie wol oars west, mar dat wie al lang lyn. As taal foar de hegerein wie it Hollânsk om 1500 hinne al omgongstaal wurden en as taal foar de ûngeletterden waard om dyselde tiid hinne yn de stêden in mingtaal ûntwikkele, it Stedsk.
Yn it ferbân fan kleaster en tsjerke hie him yn de folkstaal yn de lette Midsieuwen wol in beskieden rederikersliteratuer ûntwikkele, mar dy wie yn it Hollânsk, dêr’t oars gjin âldere oerbliuwsels fan bewarre binne as út de sechstjinde ieu. Kleasters tekenen yn de lette Midsieuwen ek it lokale rjocht yn de folkstaal op en dat wie yn Fryslân it Frysk, en foar in grif adellik publyk ûntstienen dêr yn dyselde tiid lange rymkroniken oer de fryske frijheid. Wat wy literatuer neame, waard dêr fierder net skreaun. De stêden kamen ek net ta it ûntwikkeljen fan in literatuer yn Frysk of Hollânsk.
Dat feroare doe’t yn de sechstjinde ieu it humanisme ta de opkomst fan in literatuer foar geletterden late. Tenearsten wie dy yn it latyn, mar it soe net hiel lang duorje of dy waard yn it Nederlânsk neifolge, al of net fia it tuskenstasjon fan it Frânsk, dat earder wie. Yn Hollân sil it Nederlânsk om 1620 hinne al oerhearske hawwe. Doe hienen Hooft, Huygens, Vondel en Bredero al in fêste basis lein. Safier wie it doe noch net yn Fryslân, al hie Starter dêr de foargeande jierren wol hiel wat los makke. Krekte sifers om te ferlykjen ûntbrekke lykwols. Oft it langer fêsthâlden hjir oan it latyn ta te skriuwen is oan de twatalichheid fan Frysk en Nederlânsk, sa’t IJsewijn wol, falt te betwifeljen. De measte dichters yn Fryslân sille net mei it Frysk fertroud west hawwe. Fan it net behearskjen fan it Nederlânsk merkt men by har nea wat. It is alles ABN wat se skriuwe, inkeld allinnich komt by ien ris in frisisme foar. Earder tink ik oan ferskillen yn grutte nammen en yn draachflak.
Boppedat moat sels foar it ynternasjonale latyn de lokale faktor net ûnderskat wurde. Neolatynse gelegenheidsdichten geane selden oer lju fan bûten de eigen lokale kultuer. Yn it genre fan it santjinde-ieuske roudicht út Fryslân, dêr’t it yn it folgjende om gean sil, binne mar inkelden makke op net-Friezen. Ik telde mar fjouwer: ien fan heechlearaar Drusius op syn ferneamde Leidse kollega Joseph Scaliger, ien fan de Skylger dûmny Haselbekius op prins Maurits, dy’t eins net iens meidwaan kin, want Skylge wie doe gjin Fryslân, ien fan heechlearaar Pier Winsemius op de Sweedske kening Gustaaf Adolf,Op Gustaaf Adolf as beskermer fan de protestanten waarden in soad grêfskriften makke, troch Gysbert Japix ek yn it Frysk. Dat die er typearjend genôch lykwols pas mear as tweintich jier nei de dea fan de sweedske kening en dan ek noch as bewurking fan in gedicht fan Jan de Brune. Wol in teken hoe’n ikoan oft Gustaaf Aldolf wurden wie. en ta beslút ien fan ds. Couperus op Maarten Harpertsoan Tromp. It lei him net oan de kontakten. Dy wienen der genôch mei Hollân. It siet him yn de kultuer. In kultuer bestiet by de graasje fan in mienskip en dy wie lokaal.
Der binne fan de sechstjinde ieu oant nei 1800 hiel wat bundels neolatynske poëzy fan Friezen útkommen. De measten hat Wumkes yn syn Paden fen Fryslân wol oer skreaun en letter yn ûnderskate artikels benammen Piter van Tuinen. It giet by neolatynse poëzy in soad om gelegenheidsgedichten oer persoanen en ek wol barrens, earst foaral foar freonen en ek binne it gauris grêfskriften. Letter wurde it mear lof-, rou- en trougedichten. Bekende auteurs fan sokke bundels binne de heechlearaar om utens Cyprianus Vomelius (1540), de Boalserter rektor Johannes Fungeri (1585), de rektoaren fan Ljouwert Edo Neuhusius (postúm 1651) en Tobias Gutberleth (ek postúm, 1667) en de advokaten Henricus Neuhusius (1656) en Ernest Baders, hokker lêste tusken 1673 en 1702 mar leafst fjouwer fan sokke bundels útbrocht. Neuhusius Jr. (in soan fan Edo) en Baders wienen echte breaskriuwers, dy’t op bestelling in gelegenheidsdicht makken.
Navenant in soad gelegenheidspoëzy waard dêrneist skreaun troch Frjentsjerter studinten. It skriuwen waard dan ek oefene yn de artesfakulteit, dêr’t elke studint syn stúdzje mei begong. Dat wie in fuortsetting fan it ûnderwiis yn de heechste klassen fan de latynske skoalle. Wat der oars oan neolatynske dichtkeunst ferskynde, koe yn omfang net helje by de gelegenheidspoëzy. Neamd moatte dan wurde Bernardus Furmerius (1575), Pier Winsemius (1631 en 1638) en Johannes Bouricius (1654 en 1656). Dêr steane as dichters en skriuwers yn it Nederlânsk en ek yn it Frysk Starter (1621), Petrus Baardt (1627), Petrus Geestdorp (1629), Haring van Harinxma (1641) en Gysbert Japix (1668) foaroer. Gelegenheidspoëzy nimt op Starter en Geestdorp nei by har in lyts plak yn.
Dat soe lykwols gau feroarje. It neolatyn ferlear terrein en it Nederlânsk wûn oan. Dat waard ek sichtber by de gelegenheidsgedichten. It earste foarbyld fan nederlânsktalige gelegenheidspoëzy yn boekfoarm binne de twa dielen fan de blomlêzing Klioos Kraam (1656 en 1657). Earder al, yn 1650, wie yn Ljouwert Vondels Poëzie útjûn. It oandiel fan Fryske dichters yn Klioos Kraam is oars noch mar hiel beskieden. De measte poëzy komt fan Hollanners, foaral fan Vondel en de doe populêre Jan Vos. Oars is dat mei de bundel Mengeldichten fan de advokaat Hobbe Schotanus van Sterringa, dy’t yn 1683 útjûn waard. Syn earste gelegenheidsdichten binne fan 1669. Nei 1680 wurde literêre boekpublikaasjes yn Fryslân in grutte útsûndering en nederlânsktalige normaal.
Sels út dit hiel globale oersjoch docht al bliken dat it Nederlânsk it om 1650 hinne begong te winnen fan it latyn. Henricus Neuhusius klaget yn 1652 dan ek oer de lytse belangstelling yn Fryslân foar de neolatynske poëzy.Neffens in oantekening fan J. Dirks yn syn Hs 1161 III, 20, dy’t him basearret op in gedicht fan Neuhusius. De oergong is noch wat krekter nei te gean oan it genre fan de roudichten. Dat wie by útstek wat fan it neolatyn. Foar in oar doel ha ik in fjirtich jier lyn in dokumintaasje oanlein fan alle poëzy dy’t fan de sechstjinde ieu oant 1666 yn Fryslân útkommen is. Ik kies dêr no de roudichten út. De troudichten jouwe in selde byld. Studint Henr. Dom. Coumans skreau yn 1605 de earsten, ien yn it Nederlânsk en ien yn it latyn, beide foar itselde pear. Eardere metryske poëzy is út Fryslân net bekend. Nei 1650 binne de nederlânske al yn de mearderheid. By de troudichten is ek ien yn it Frysk, in hiele ieren. Dat waard yn 1609 skreaun troch Johannes van Hichtum, doe krekt dûmny.
Ta de roudichten rekkenje ik hjir gedichten ta dy’t skreaun binne by de dea fan ien, útsûndere de epigrammen en grêfskriften. Dy foarmje in apart genre, binne lytser en hienen in langere tradysje. It roudicht giet mear op libbensbysûnderheden yn. Selden wurdt in adressant neamd, behalve dan oan de ein, as de fêststeande trits fan klacht, rou en treast ôfsletten wurdt. Eins allinnich by froulju en bern stiet de adressant sintraal, fuort ek al yn de titel. Foaral by publike figueren as foarsten en nasjonale helden wurdt it wurd soms ta widdo of bern rjochte, mar faker ta in net beneamde lêzer. Dêr stiet foaroer dat der ek tige persoanlik oandwaande roudichten binne.Dizze beskriuwing is basearre op de roudichten út Fryslân. Sjoch oer it genre yn it algemien S.F. Witstein, Funeraire poëzie in de Nederlandse renaissance. Enkele funeraire gedichten van Heinsius, Hooft, Huygens en Vondel bezien tegen de achtergrond van de theorie betreffende het genre (1969) en H.-H. Krummacher, Das barocke Epicedium, yn: id., Lyra. Studien zur Theorie und Geschichte der Lyrik vom 16. bis zum 19. Jahrhundert (2013) 215-272.
It earste roudicht út Fryslân, sa docht bliken, is ien út 1606 en dy is yn it latyn. De studint medisinen Jacobus Naevius hat it skreaun foar syn heechlearaar Alardus Auletius. It earste yn it Nederlânsk is fan J.J. Starter, makke by de dea fan stedhâlder Willem Loadewyk. Dat is fan 1620, in jier of tsien letter as de earsten fan Heinsius en Hooft yn Hollân. Starter sil de keunst wol ôfsjoen hawwe doe’t er yn Amsterdam wenne.
It tal publikaasjes dat ik fan 1606 oant 1666 fûn ha, is 131, it tal ferstoarnen dêr’t se oer geane 102.Sjoch de bylage. Oant 1639 binne net folle roudichten skreaun. Yn it Nederlânsk mar op fjouwer lju, fan wa’t trije stedhâlder wienen, yn it latyn op trettjin, op Gustaaf Adolf en Ernst Casimir nei allegearre út it fermidden fan studinten en heechleararen yn Frjentsjer. Foar’t neist sil de grutte taname om 1640 hinne te krijen hawwe mei it lytser wurdende effekt fan de wjerstân tsjin de ferearing fan deaden by protestanten. De gereformearde tsjerke hie der fûl op tsjin west. In faktor dêr’t har ferset op ôfstuite sil de deftichheid west hawwe dy’t om datselde jier hinne it patrisiaat fan in nije generaasje ûnderskiedt fan in âlder, mear sober geslacht. Dy feroaring lit him moai ôflêze oan it ‘van’ of op syn latyn it ‘a(b)’ dat tusken foar- en skaainamme skoot. De adel hie dy oergong hûndert jier earder makke.
Fan dy 131 publikaasjes binne 73 allinnich yn it latyn, 41 allinnich yn it Nederlânsk, 16 yn mear as ien taal en ien yn it hebrieusk. It ferskil tusken it oantal publikaasjes en it oantal ferstoarnen sit him deryn dat fan in oantal ferstoarnen mear as ien apart útjûn roudicht oerlevere is. It grutste oantal is trije. Dat hawwe de stedhâlders Ernst Casimir, Hindrik Casimir en Willem Frederik en dan noch de Ljouwerter ds. Livius Hilarii. It oantal roudichten is noch wat grutter, want dy 16 meartalige publikaasjes binne samlingen fan mear as ien gedicht. It giet dan altyd om ‘akademyske’ útjeften út Frjentsjer fan studinten, soms mei in heechlearaar en meast ek in útjouwer. Dat wie gauris Johannes Arcerius, in boekdrukker yn Frjentsjer.
Dit is grif lang net alles wat der yn dy 60 jier oan roudichten skreaun is. As men bygelyks rekkenet dat fan de 32 fan Henricus Neuhusius my mar fan fjouwer bekend is dat se ek bûten syn bundel oerlevere binne, dan krijt men wol in idee fan it ferskil, al sil it oer de hiele liny net ien op acht wêze. Neuhusius skreau folle mear as wa oars en troch syn bundel sille de measten en miskyn wol allegearre wol oerlevere wêze. In oar foarbyld dat op mear roudichten wiist as dat no bekend binne, jildt by stedhâlder Hindrik Casimir. Mei sa’n publike figuer kin de oplage net hiel lyts west hawwe, dat men soe tinke dat fan alle roudichten op him dochs minstens wol ien eksimplaar oerlevere wie. Mar sa is it net. Ik ken mar ien fan de no bekende trije útjeften yn syn oarspronklike foarm. Dat is de plano-útjefte fan in gedicht fan Petrus Baardt, en dan noch wol mei twa útjouwersadressen (Fonteyne yn Ljouwert en Van Hilten yn Amsterdam). In twadden, fan Haring van Harinxma, is allinnich bekend út in lettere blomlêzing en in tredden oars net as dat er neamd wurdt yn it bewuste gedicht yn dy blomlêzing:
Myn Droefheyt goede Vrient! verbiet mij meer te spreken:
Dan, oft’ u noch yets mocht aen mijn Verhael ontbreecken,
Soo gaet na Doctor Baerdts, off Geest-Dorps, soet Gedicht,
Daer hebj’ een aerdigh, breet, volkomen goet bericht.Haringh van Harinxma, ‘Eergedicht op het afsterven ende begraven van […] Hendrick, graef tot Nassau’ yn: Analecta, of enige oude ongedrukte schriften van diversen inhoud, tot Friesland alleen specterende (Ljouwert 1750) 120.
Noch in oar gefal is mooglik de publikaasje dy’t de klassis ds. Joh. van Hichtum yn maaie 1613 opdroech net te fersprieden. De oantekening yn it klassisboek is min lêsber, omdat er trochhelle is, mar is lêzen as ‘naenien’ en in ‘naenia’ kin in roudicht wêze.Ph.H. Breuker, De betekenis van de Franeker academie voor de Friese literatuur, yn: J.M.M. Hermans e.a., De Franeker universiteitsbibliotheek in de zeventiende eeuw (2007) 157. Ik ha him hjir net meiteld.
Hoefolle roudichten oft der west hawwe, falt min te sizzen, mar it tal fan 131 dat no bekend is, sil dochs wol mei trije fermannichfâldige wurde moatte. Dan soenen it yn dy sechstich jier fan 1606 oant 1666 in fjouwerthûndert west hawwe.
Dêrmei bliuwe roudichten likegoed noch in frij seldsum genre. In roudicht wie wat eksklusyfs. De lju op wa’t se skreaun waarden foarmen mar in lytse boppelaach fan de befolking. Wa’t dat wienen, wurdt wol dúdlik út de oerlevere eksimplaren. It giet om tweintich persoanen út it fermidden fan de Frjentsjerter akademy, ynklusyf de Leidse heechlearaar Joseph Scaliger, dy’t troch Drusius betocht waard. Seis binne foarsten, twa nasjonale helden, 29 lju fan adel, 35 guodden út it patrisiaat, ien is rektor fan in latynske skoalle, sân binne dûmny en twa froulju út de boargerstân.
Sjocht men nei it ferrin yn de ferhâlding tusken de talen, dan docht bliken dat sels oan de Akademy it Nederlânsk it al om 1650 hinne fan it latyn wint. Oant dan ta binne de roudichten dêre allinnich yn it latyn, fan 1651 ôf altyd ek en soms sels allinnich yn it Nederlânsk. By adel en patrisiaat wikselt de taal fan it begjin ôf, al oerhearsket oant 1649 it latyn, mar dêrnei binne de beide talen sawat yn it lykwicht. Foarsten en helden wurde meast yn it Nederlânsk betocht, wat te ferwachtsjen wie, mar dûmnys ferrassend genôch omtrint altyd yn it latyn. By har giet it dus net om de pastorale kant, mar om har geleardheid.
De oergong nei it Nederlânsk lit him ek lêze as in útwreiding fan literêre belangstelling nei boargerlagen. Ek om dy reden is it roudicht foar de kultuerskiednis in ynteressant genre. Roudichten wienen tenearsten in fanselssprekkendheid foar in bepaald publyk, mar waarden nei dy oergong in teken fan neidruklik stânsbesef, om net te sizzen fan distânsjesucht. Sokken foar wa’t dat grif jildt, binne Sjoukje van Fogelsang, de mem fan P. van Doma, fan wa’t dat oars ek wol bekend is (1652), en Rinske van Atsma, de frou fan Petrus van Axma (1659), of fansels foar Doma en Axma. It is hiel ûngewoan dat roudichten foar froulju yn it latyn binne, lykas by har. Dichter wie yn beide gefallen breaskriuwer H. Neuhusius. Hy hat der miskyn ek wol op oanstien om ien te skriuwen.
Bylage
De list is gronologysk. Om it oersichtlik te hâlden binne jiertallen allinne tafoege by de earsten yn elk skift en fierder as der ferskil yn taal is mei de foarige. De nammen binne ûnderstreke as it giet om roudichten allinnich yn it nederlânsk en kursivearre as der guodden yn beide talen binne. De oaren binne allinnich yn it latyn. In * jout oan dat it in frou is.
- Akademysk fermidden: Auletius 1606, Scaliger (hebrieusk), Drusius, Orini, Faber, Wasarbeli, Metius, Rhala, Winsemius, Joh. Phocylides 1651, Joh. Cloppenburg, *Remigia van Nitzen frou Nic. Amama, *Maria Corvinus frou fan L. Parent, Nemethi, Franc. Rhala, Bernh. Fullenius, *Jetske Outgers frou fan Joh. Terentius, *Francyna Potgieters frou fan Henr. Schotanus Sterringa B.sn., Verhel, Wissenbach
- Foarsten: Willem Loadewyk 1620, Maurits, Gustaaf Adolf 1632, Ernst Casimir, *Sophia Hedwig, Willem Frederik
- Adel: Ruurd van Juckema 1639, Barthold van Tziaerda 1640, Evert van Haren, Frans van Jongema, Ritske van Echten, Tiete van Ockinga, Gerard van Loo, *Joh. van Botnia widd. Bonne van Haytsma 1641, Epe van Aylva 1645, Hobbe van Aylva, H.O. van Sythiema, in bern fan Fred. van Inthiema, Joach. van Andree, Ritske van Rinia, *Cunira van Sjaerda, Abbe van Bootsma 1649, Ulbe van Aylva 1652, *Cath. van Ringia frou fan Hor. Hobbema 1652, *Sophie El. Schwartzenberg thoe Hohenlansberg 1654, Barth. van Ostheim 1654, H.F. van Inthiema, *Anna Bueslager widd. Joh. On. Schwartzenbergh thoe Hohenlansberg 1656, H.G. van Andree, Hans Wyckel 1659, *Cath. van Entens widd. fan Suffr. Burmania, Jarich van Burmania, Tjalling God. van Kamstra, Douwe van Aylva 1665, Bon. van Donia
- Patrisiaat: Gysbert Bouricius 1618, Gellius Hillema, Paulus Ghemmenich 1626, Hector Bouricius 1636, Harmen Potter ca. 1640, M. van Aitzema 1640, Gellius van Jongestal 1641, Willem van Viersen, Regnerus van Jepema, Orck van Doyem, Cornelis Kinnema, Cornelis Pijnacker, Joh. Husingius, in bern fan Willem van Ghemmenich, Joost van Jongestal, Jeremias Epei, Joh. Nijs, Gellius Schotanus, Saco Teyens 1650, *Maria van Boelens-Mejontsma frou fan Tarq. van Boelens, *Sjoukje van Fogelsang foar soan P. van Doma 1652, Saco Fockens 1652, G.A. Gualtheri 1653, Suffr. van Saeckma 1655, Wibr. van Itsma, Hor. Meinsma 1656, Dom. Acronii van Buma 1656, *Anna van Ghemmenich widd. fan Gerbr. van Hottinga 1657, Jac. Boelens 1659,*Rinske van Atsma frou fan Petrus van Axma 1659,Petrus van Axma, Assuerus van Viersen 1663, Coenraad Beyma 1665, Theod. Saeckma 1666
- Rektoaren: Fungerus 1607
- Dûmnys: J.G. à Besten 1650, Rippertus Sixti, Matth. Walsweer 1652, Joh. Vomelius, Livius Hilarii, Viglius Cornelii, Henr. Daventreus
- Helden: M.H. Tromp 1654, Tjerk Hiddes de Vries 1666
- Boargers: *Dodonea Revius, 17 jier 1664, *Geertruid Gabbema frou fan Joh. Ens
Noaten
- J. IJsewijn, Companion to neo-Latin Studies (1977, nije útj. 1990).
- Op Gustaaf Adolf as beskermer fan de protestanten waarden in soad grêfskriften makke, troch Gysbert Japix ek yn it Frysk. Dat die er typearjend genôch lykwols pas mear as tweintich jier nei de dea fan de sweedske kening en dan ek noch as bewurking fan in gedicht fan Jan de Brune. Wol in teken hoe’n ikoan oft Gustaaf Aldolf wurden wie.
- Neffens in oantekening fan J. Dirks yn syn Hs 1161 III, 20, dy’t him basearret op in gedicht fan Neuhusius.
- Dizze beskriuwing is basearre op de roudichten út Fryslân. Sjoch oer it genre yn it algemien S.F. Witstein, Funeraire poëzie in de Nederlandse renaissance. Enkele funeraire gedichten van Heinsius, Hooft, Huygens en Vondel bezien tegen de achtergrond van de theorie betreffende het genre (1969) en H.-H. Krummacher, Das barocke Epicedium, yn: id., Lyra. Studien zur Theorie und Geschichte der Lyrik vom 16. bis zum 19. Jahrhundert (2013) 215-272.
- Sjoch de bylage.
- Haringh van Harinxma, ‘Eergedicht op het afsterven ende begraven van […] Hendrick, graef tot Nassau’ yn: Analecta, of enige oude ongedrukte schriften van diversen inhoud, tot Friesland alleen specterende (Ljouwert 1750) 120.
- Ph.H. Breuker, De betekenis van de Franeker academie voor de Friese literatuur, yn: J.M.M. Hermans e.a., De Franeker universiteitsbibliotheek in de zeventiende eeuw (2007) 157. Ik ha him hjir net meiteld.
Mear fan Philippus Breuker
In busreis mei Trinus Ta de ûnferjitlike mominten út myn libben heart in petear mei de doe al ferneamde Trinus Riemersma |
De Gouden Ieu: koarte bloei, lang ferfal Op mear as ien manier kin men sjen litte dat de Gouden Ieu mar koart duorre hat en folge is troch in djippe en lange depresje. |
Sosjology fan in frysk doarp yn de Gouden Ieu Boazum wie yn de Gouden Ieu sosjaal in frij igale mienskip. Adel wenne der net mear. |
Utrikking Gysbert Japicxpriis 2019 De Gouden Ieu hat mar koart duorre. Op de groei fan rykdom en wolfeart folge in djippe depressy. |
De ungelikense fizy op de Fryske skiednis De skiedskriuwing oer Fryslân, dy’t yn de jierren nei 1560 op gong kommen wie, waard foltôge yn it wurk fan Winsemius en Schotanus |
Obe Postma oer de jonge húshâlding fan syn âlden |
Twivel heart derby By de boekoanbieding fan Dreaun fan ierde’ dream: Libben en wurk fan Obe Postma |
Skoalmaster yn de Jordaan Yn 1982 belle my in frou út Monnickendam oer Inne de Jong. Sy hie yn 1958 by him yn Amsterdam yn ’e klasse sitten … |
Johannes Henricus Regenbogen Hy wie dêr mei syn guod op in hânkarre kommen. |