
Wat is der mis mei it logo
Wat is der mis mei it logo fan Valletta - Kulturele Haadsted 2018?

Liket net op in pompeblêd;

Liket ek net op Kenny fan South Park;

Is net makke foar in doelpublyk fan trijejierrigen;

Hat net alle oanbefellingen omtrint styl en smaak wei gniisd

Hat net syn funksje fan kommunikaasje fan in boadskip negearre;

Hat net in meitsjen fan ûnferjitlike yndruk mijd;

Is net trendy en hat tefolle tiidleazens;

Wurdt net ynkonsekwint genôch brûkt;

Is net de opfolger fan in fier ûnder de priis betelle earste logo;

Is likemin de ferfanger fan in nei in heal jier samar ôfskaft logo;

Is net ûnderwerp fan mystifikaasjes oer syn ta stân kommen;

Mient dat it him op it brede publyk rjochtsje moat;

Is gjin produkt fan in yntransparante lobby;

Is mar it resultaat fan in advertisement pitch;

Jout net de minste oanlieding om oer syn ta stân kommen te ligen;

En docht yn de fierste fierte net tinken oan kornútsjepolityk.
Mear fan Friduwih Riemersma
Sjonge wy it út, ja of nee? Gerrit Breteler oer de frije poadiumkeunst en de populismepandemy |
Homo-stigmatisearjen is wer en vogue Of, LGBTQI as hannelswaar |
Untsnappe yn schadenfreude Hoe’t Syds Wiersma de pandemy opfleuret |
Tút fan Judas Politike Haiku I |
Postoarderpoëzij “Bear me, some God! oh quickly bear me hence/ To wholesome Solitude” |
Limoenen is min oan te kommen Fersen |
Gjin formalisme om ’e nocht It lyryske wurk fan Douwe Tamminga |
Limoenen is min oan te kommen Fersen |
Dekadintisme Oer de poëzy fan Elske Kampen |
De Swarte Hûn sil sjonge Oer de fersen fan Les Murray – dy’t oerset wurde sille troch Eppie Dam |