image De Hylkje Goïnga Priis foar Frysktalige Literatuer

Download PDF

brekkend!

In trochstart fan de fallite Gysbert!

De Hylkje Goinga Priis foar Frysktalige Literatuer

Friduwih Riemersma & Abe de Vries - Fers2 7.1, 26 febrewaris 2021

De kunst is geene regeringszaak, in zooverre de Regering geen oordeel, noch eenig gezag heeft op het gebied der kunst.Thorbecke, 26 novimber 1863

Ta ús blidens kinne wy jo fertelle dat der in ein kommen is oan ’e Gysbert Japicxpriis-ympasse. Gjinien seach it ljocht mear, sa’t wy hjir en hjir en hjir en hjir en hjir sjen litten ha. De lange earm fan de oerheid dy’t de oerheidspriis organisearje moat, letterkundich sintrum Tresoar, beskikt net oer in Gysbertreglemint. Alhoe’t de Feroardering provinsjale prizen 2015 taseit fan “Deputearre Steaten stelle foar de advyskommisjes [i.e. sjuerys] foar alle [provinsjale] prizen in reglemint fêst”, goed fiif jier letter is der neat. Hoe wit Tresoar dan hoe’t it de priis earlik en weardich takent? De nije Gysbertsjuery hat abslút gjin ekspertise yn ’e literatuer—it kiezen fan sjueryleden it bêst bewarre geheim fan ’e Gysbert—mar dy is “ree” en “posityf [by de priis] belutsen”: in politike kar.

Boppedat kin net ien sizze wêr’t of foar wa’t de Gysbert eins is. No’t op oantrunen fan it Skriuwersbounbestjoer it nominaasje­stelsel abortearre is, lûkt de Gysbert mear as ea it omtinken nei de Gysbert en set de literatuer yn it skaad. Ek is fan ’e 36 winners mar 4 in frou, en 3 fan dy 4 krigen de priis foar har oeuvre, net foar in boek, de lêste yn 2019, sasear bliuwt de Gysbert stykjen yn syn seksis­tyske gatekeeperfunksje. Steefêst prate juerys har finalist goed, dy “is de bêste”, sûnder dat se útlizze kinne hoe’t se de wurken ferlike ha. Hieltyd mear is de priis kommersjeel, rjochte op útbringen yn in útlânske taal, wylst it wurk gjin inkeld debat losmakket. Mar it iennichste dat de keunst libben makket is de refleksje en diskusje deryn te bringen.

D’ryn komt de Hylkje Goïnga Priis foar Frysktalige Literatuer!

Fuort mei de ûntrochsichtigens, is primêr fereaske. Iepenbiere regels meitsje in priis earlik. In reglemint is in juridysk stik. It leit plichten fan de organisaasje fêst, èn de rjochten fan sjueryleden. Sa bliuwe dy út de kloeren fan de oerheid en syn oerheidsynstitút: ôfstân is in twadde eask. Tenei stjoere de útjouwers har boeken yn foar de priis, ynstee fan dat Tresoar kandidearret, sûnder dat wy sjogge hoe’t guonlju lobbye. Fierder draacht net langer in orakel op ’e Bûterhoeke de sjuery foar oan de Kultuerdeputearre, mar de redaksjes fan de literêre tydskriften dogge dat. Om kontinuïteit en ekspertise op te bouwen sit in sjuerylid trije Gysbert-omgongen lang. De oeuvrepriis giet derút, dy tsjinnet gjinien en is min foar frouljus­boeken. De prehistoaryske proaza-poëzy-yndieling is op ’e skoffel gien…

Reglemint

fan de Hylkje Goïnga Priis foar Frysktalige Literatuer

Algemien diel

  1. De Organisatoren fan de Hylkje Goïnga Priis foar Frysktalige Literatuer binne de provinsje Fryslân, en it Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum Tresoar. De priis is finansiere troch de provinsje Fryslân en bestiet út in sjek mei de wearde fan 10.000 euro en in portret fan de winner skildere troch in skilder nei syn/har kar. Dit portret komt yn de prizegalery yn Tresoar yn Ljouwert te hingjen.
  2. It doel fan de priis is om de boeken fan de grutste kulturele bestjutting te ûnderskieden en te ûnderstypjen, dy’t op in artistike manier bydrage oan de Frysktalige literatuer. De priis sil ien kear yn de twa jier takend wurde, om bar yn de kategoryen proaza & toaniel en poëzy & hybride sjenre. Yn 2021 is de kategory poëzy & hybride sjenre.
  3. De sjuery stelt út de oanmelde boeken in Longlist op fan op ’en heechst 7 titels, dêr’t troch har net minder as 3 titels út keazen wurde foar de Shortlist. De sjuery kiest út dy nominearre titels it winnende boek dat him neffens it oardiel fan de sjuery ûnderskiedt as it prominintste oarspronklike, artistike boek yn de Fryske taal. Op 27 september 2021 wurdt bekendmakke hokker boek troch de sjuery beleane is mei de Hylkje Goïnga Priis.
  4. Tsjin it beslút fan de sjuery is gjin berop mooglik.
  5. Om meitingje te kinnen moat in boek foldwaan oan alle neikommende betingsten:
    1. it moat skreaun wêze yn de Fryske taal,
    2. de kategory is proaza & toaniel OF poëzy & hybride sjenre,
    3. it moat fan in libbene skriuwer wêze dy’t foar minimaal 55 persint skriuwt yn de Fryske taal,
    4. it moet yn druk of e-print yn Nederlân ferskynd wêze yn it tiidrek fan 1 febrewaris 2017 oant 1 febrewaris 2021. It tiidrek foar de priisútrikking oare kategoary rint fan 1 febrewaris 2019 oant 1 febrewaris 2023, ensafuorthinne. Oangeande de ferskiningsdatum wurdt de ISBN-registraasje oanholden. By twivels oer de ferskiningsdatum wurdt it boek net yn behanneling nommen.
    5. it boek moat skreaun wêze troch ien skriuwer, of troch in kollektyf dat as ien skriuwer beskôge wurde kin. Briefwiksels, blomlêzingen ensf. komme dus net yn ’e beneaming. “In kollektyf dat as in skriuwer beskôge wurdt” moat sa ynterpretearre wurde dat de tekst yn it boek net oan de aparte skriuwers ta te skriuwen is.
    6. Utsletten fan meidwaan binne boeken fan skriuwers, ko-auteurs en skriuwassistinten dy’t hearre ta sjuery of personielsleden of meiwurkers fan de organisatoren fan de priis.
  6. De sjuery hat it rjocht de organisaasje motivearre, skriftlik en by unanym beslút te fersykjen om yn bysûndere gefallen fan it stelde yn kêst 5 ôf te wiken of te besluten om gjin priis ta te kennen. De organisaasje beslút yn sa’n gefal binnen 4 wiken op dat fersyk.
  7. Titels dy’t oan de yn kêst 5 neamde betingsten foldogge moatte troch de útjouwer ynstjoerd wurde. Dy hat it rjocht om op ’en heechst fjouwer boeken yn te stjoeren, dêr’t teminsten de helte fan skreaun is troch in frou; wannear’t de útjouwer ien boek ynstjoert moat dat fan in frou wêze. De kosten foar it gearstallen en ferstjoeren fan de boeken binne foar rekken fan de útjouwer.
  8. Titels moatte foar 28 febrewaris ynstjoerd wêze nei Tresoar, Bûterhoeke 1, 8911 DH Ljouwert, mei it oanjaan fan ‘ynstjoering Hylkje Goïnga’. Ynstjoeringen krigen nei dy datum dogge net mei.
  9. Troch in wurk ynstjoere te litten foar de Hylkje Goïnga priis tinget de auteur mei nei dy priis en jout dêrmei te kennen de doelstelling fan de provinsje Fryslân en it Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum Tresoar (om de kultureel wichtichste wurken te ûnderskieden en ûnderstypjen, dy’t op in artistike manier bydrage oan de Frysktalige literatuer) te ûnderskriuwen en mei te wurkjen oan de middelen dy’t de provinsje Fryslân, en it Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum Tresoar foar it ferwêzentlikjen fan dy doelstelling needsaaklik achtsje, bygelyks in tillefyzje-útstjoering. De ynstjoerende útjouwer stiet derfoar yn dat er him /se har derfan bewissige hat dat de skriuwer ree is dy meiwurking te jaan. De útrikking sil in foar de nominearre skriuwers en har útjouwers in feestlik karakter hawwe. Oer de details sille belutsen partijen op ’e tiid ynformearre wurde.

Oanfoljend diel

Wize fan takennen fan de priis

  1. Om ta it takennen fan de priis te kommen wurdt dizze proseduere folge:
    1. der wurdt hifke oft it ynstjoerd boek foldocht oan de betingsten neamd yn kêst 5,
    2. it meitsjen en oankundigjen fan de longlist fan 7 boeken,
    3. it út dy longlist kiezen fan 3 boeken om te nominearjen foar de priis, en oankundigjen,
    4. it útkiezen en oankundigjen fan de priiswinner.

De Sjuery en it sjurearjen

  1. De sjuery bestiet út trije persoanen en dêrûnder in foarsitter.
  2. De leden fan de sjuery wurde sa oansteld: kandidaten mei ekspertize yn de literatuer sollisi­tearje en wurde keazen troch seleksjepetearen, troch de redaksjes fan de frysktalige literêre tydskriften Ensafh en Fers2 dy’t rjochtlinen foar de seleksje opstelle om ekspertize te garandearjen, en de gaadliksten wurde foardroegen oan en beneamd troch de deputearre fan Kultuer fan Fryslân.
  3. De foarsitter liedt it wurk en de beslútfoarming fan de sjuery.
  4. Lidmaatskip fan de sjuery jildt foar in tiidrek fan 6 jier, en kin tuskentiidsk beëinige wurde wannear’t it sjuerylid net mear by steat is syn/har funksje yn te foljen of troch deagean. Yn it gefal fan tuskentiidske beëiniging wiist de deputearre fan Kultuer in nij sjuerylid oan.
  5. Sjueryleden rûlearje yn de sjuery: oan it ein fan alle útrikkings­jierren giet ien sjuerylid fan de trije fuort en komt der ien nije.
  6. De sjuery wurket sels, op grûn fan syn saakkundich oardiel, de kritearia út fan artistike fertsjinste, sadat dy artistike fertsjinste oantoanber wurdt, en hifket al it wurk neffens dy list fan kritearia.
  7. De sjuery kiest yn trije gearkomsten de úteinlike winner. Yn de earste en twadde gearkomste wurde de boeken keazen. Dy karren moatte skriftlik beärgumintearrre wurde. Yn de tredde gearkomste komt de sjuery yn in stimming ta in einoardiel. Dat einoardiel moat mank gean mei in skriftlik sjueryrapport dat alle artistyk-estetyske overwagingen en -besluten fan de sjueryleden sjen lit, en dat yn de priis­oanbiedingsseremoanje iepenbier makke wurdt.
  8. De leden fan de sjuery moatte in geheimhâldingsferklearring ûndertekenje.
  9. De sjueryleden krije in passende fergoeding dêr’t de hichte elke twa jier fan fêststeld wurdt troch de finansiers fan de priis.

De seremoanje om it oanbieden fan de priis

  1. De seremoanje fan de priisoanbieding krijt syn beslach yn november fan it jier dat de priis takend wurdt.
  2. Oan de seremoanje nimme de skriuwers fan de trije boeken dy’t kwalifisearre binne foar de shortlist en de leden fan de sjuery diel.
  3. De reiskosten fan de skriuwers en in persoan die har beselskippet wurde troch de organisaasje fergoede.
  4. It programma fan de seremoanje sjocht der sa út:
    1. presintaasje fan de trije boeken kwalifisearre foar de finale, oankundiging fan de útslach,
    2. in taspraak troch de sjueryfoarsitter ta it lauwerjen fan de winner,
    3. it oanbieden fan de priis yn de foarm fan in oarkonde en in sjek troch in ôffurdige fan de organisaasje,
    4. in keunstsinnich part.

Dit Reglemint is neisjoen troch in jurist en oanpast op 1 maart 2021.

Mear fan Friduwih Riemersma

De priis op ’e nij besjoen Takenning en útrikking fan de Gysbert Japicxpriis 2021
‘Al te persoanlik’ feit de Gysbert-manko’s moai yn ’e dôfpot
Gjin sjueryrapport foar de Gysbert Japicxpriis 2021
Kultuerkontrole De nije macht fan ús kultuer­ynstitúsjes berikt mêden dy’t earder bûten it bestjoersfoech leine
Stimleas yn it auditoarium Palimpsest, in sterk dichtdebút fan Erik Betten
Kalamiteit by de leveransier Noas tsjin ’t glês fan Edwin de Groot
By besunigingsweach: gean fan ’e terp ôf En panykje net, of, Hoe’t De Rouwe syn analogy kopke-ûnder giet
In Ried foar de Keunst (podcast) Gerrit Breteler: de wearde fan keunst is net ‘men betellet der fet foar’
Wol keunst wier ferskaat? (podcast) Systematysk harkje (@Amanda Gorman @Zaïre Krieger) nei de útranzjearre minderheden sit net yn ús ynstituten
Dit bart der as jo McGonagall oersette of, de mof fan Thiadmer Riemersma
1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11 12 13 14 15