Abe de Vries

Omkearing fan fabels

Abe de Vries - Fers2 2.15, 9 oktober 2016

Hjoed wie it in dei!Obe Postma

1

Elkmansdyk, Ritsumasyl

Dit binn’ de dagen net fan ’e doarpen yn ’e omkriten.

Fierder as it stoart wankt, op ’e hast bouripe blabze,

in bestean middenmank oplûkende bloednoazen

& bulldogs oan in toutsje. Wylst ik my ôffreegje:

hoe dreech is it foar in drip & rin fan ’e tille

syn dauwiete lining ôf, fal it loftrom yn?

It kanaal iisfrij ferklearre.

Oer de lannen slûpt de takomst.

Noch in tel is oer foar de rop fan de skries,

faaks ien, twa om stront fan learzens

te skraabjen & in oerke mar & jou it ear

oan ’t fersuorre krûd by de dyk

& oan ’e broeiers.

Dagen en nachten tutet optutte nijbou keapers ta.

Mar it glês jout fan amper bemantele dagen

ek noch in glim - do bist op ’e rin

mei dichter’s bijke yn it nije gers.

Glês lit jim in killzone yndrave

& guerrilla games

& drek sil al dat asfalt wol wer drage &

do leist foar dea dêr by in Heak.

2

Fagebuorren, Techum

De grize boumasters fan it fort, fan it slach

dat graach kaarten kleuret yn ’e Grutte Seal,

sy woene in nije poarte, fier bûten de âlde.

Alsa stellingen mei oerlis groeven, stegers opboud,

sa ynklauden & ôffreden

de boargemasters foar in jier

en de boargerij streamt út

de opskuorgebieten oer.

Sjongt eigen lieten,

komt mei falske kraai & sjerrifstjer,

ferkeapet fastfood, Graal & idelheden,

dêr, yn ’t slachskaad fan ’t ynformaasjeboerd.

Tsjin elk dy’t tinkt dat er wit wat er lêst

út de helske tariedsels fan in útwreidzjende stêd –

net te kearen stiennesmiters, it nei krúspunten tsjennend

rezjimint dat koaltsjefjoer oprekkelet –

ja, tsjin jimme dei oan dei op & del reizgjende

bliktsjetteldragonders doar ik sizze:

sa brûst bûten muorren

& sil fan Techhum hjitte

fort syn fagebuorrren.

3

Heechspanning, Lytse Geast

Net in snipper fan in noch te ferskuorren skilderstik,

net in snypsnaar om foar planologen mei te pronkjen.

Nee, Potter, sei ik, beleaven gjin ko op syn ûnfoardelichst

foar in Amalia dêrjinsen yn Delftse kelder royaal bedobbe.

By eintsjebeslút is ditte hjirre

de Tytsjerksterfeart.

Doe soe er beplestike sinnespegeltsjes oerskilderje

op in oranje jûn, de greiden yn in nei brún útskaaiend grien,

mei tûfkes goudstof, fansels foar de iik op ’e achtergrûn.

Tikke him op dat stuit net in golfbal tsjin ’e kop?

Net ien hie it dien, mar Potter krige klop. (Golf,

myn bêste P., sei ik noch,

is de rêding fan dyn grien.)

Ferfoarme ûnder heechspanningstriedden

lûden syn lêste wurden net as ‘Aqua Zoo’

mar, sêfter, as ‘Lytse Geast’.

Dat plak sil ik hinne.

Tsien letters op in kaart dy’t ik net mear ha.

Tsien minuten is ’t te gean, te foet, fan hjir.

Dan gean ik mar.

4

Kontrapunt, Rengerspaad

Bilgaard hâlde ho doe’t de

gletsjer ophold fan skowen

& no sjocht men dus poddestuollen, de reidspleetlip,

elzeblaasskimmel & wol achthûndert

soarten floara & fauna, neffens de folder.

Sing we woods, woods worthy of a Consul let them be.

It is gersmoanne. Segestria florentina

krûpt noch net troch de tinten.

De omkearde wrâld,

’t is in jachttafriel & Reynaert is rjochter.

Hy befellet yn te wreidzjen.

Mûzen fan ’e Ljouwerterbosken,

ferjou my as ik op jimme kattesturten traapje,

gjin klimop mei doleânsjes plantsje,

gjin geiten fan molke opswold fok

as earbewiis oan in Konsul.

      By de kemping, oer ’t Rengerspaad,

komt likegoed de maitiid, dy’t alles nij makket,

mei deselde ridel stokjesykjende rotweilers as ferline jier.

Dat is noait it punt.

Mear fan Abe de Vries

Grand tour God brekt ûnrjochtfeardige rjochters de nekke, / tocht de mem. En liet har soan gean op grand tour.
Gedichten om mar better dalik te lêzen Miskien wiene wy der beide, Jennifer, mei de holle / net by, miskien wie ik by Simen Styl
De frijmitseler fan Camstrabuorren Libben en wurk fan Dirk Bouma Nieuwenhuis (1814-1873)
De betsjoende boeredochter Skriuwer en mienskip yn it Spannum fan Waling Dykstra
It plagiaat fan Verwijs Fryske literatuer yn Platdúts en Hollânsk perspektyf
It folk, skjin as wetter Konstruksje fan kritysk Frysk folkseigen by Waling Dykstra
De histoarje fan de duvel en Watse Klop Waling Dykstra, in folksferhaal en de skoalstriid yn Noard-Fryslân
‘Jimmer moat ik smeulend hearre’ De leste minstreel fan Walter Scott en it liet fan Waling Dykstra
Wa riidt dêr oer de dyk Yn September en October 2018 sil yn it WTC Expo yn Ljouwert it “spectaculair indoor theaterevenement” De Stormruiter plakfine. It wurdt ien fan de klapstikken fan it Lwd-Fryslân 2018 programma.
Scientias Miskien ha de aliens gjin/ fêste grûn ûnder de fuotten.
1 2 3 4 5 6 7 8 9