image

Us taalbehearsking

Friduwih Riemersma - Fers2 2.2, 31 jannewaris 2016

Politicians use statistics in the same way that a drunk uses lamp-posts—for support rather than for illumination.taskreaun oan Andrew Lang, 1910 taspraak

As ien ding opfalt oan iepenbier belied is it dat it o sa foarsisber is. Earst moat de boarger derfan oertsjûge wurden dat him grut ûnheil boppe de holle hinget, dan dat de oerheid en syn ynstituten dat ûnk foar jo keare kinne, hoewol’t dat fansels wol strang yngripen ferget, en sadree’t it nije belied effektuearre is, noch foar’t jo josels ôffreegje kinne wat no eins de relevânsje fan it nije belied wie, leveret de oerheid de gerêststellende rjochtfeardiging fan syn eigen hanneljen: it soe holpen hawwe.

Dus doe’t in goed jier lyn de Provinsje de ynspraak fan de boarger redusearre ta in lestige mar oer te kommen formaliteit dy’t gjin inkeld effekt op de beslútfoarming hawwe koe en de Fryske Akademy, nettsjinsteande it frij grutte ferset dertsjin, in nije Fryske stavering en in taalstanderdisearring trochfierde, doe wist de boarger fan Fryslân dat er in jier letter it selsgloarifisearjende bewiis krije soe fan it súkses fan de nije stavering. Provinsje en Fryske Akademy kinne ommers min tajaan dat de tsjinstanners fan de staveringsfernijing en taalstandert gelyk hân ha soene, dat der neat feroare wie en dat it jildfergriemerij west hie; soks soe boargerlike ûnrêst kreëarje. Gewoanlik wurde surveys, oftewol enkêtes, brûkt om te sjen oft in feroaring súksesfol wie en dat hat de Fryske Akademy dan ek dien.

Misbrûk fan statistyk kin lytse en ûnskuldige oarsaken hawwe. Bygelyks docht de parse inkeld wat mei bjusterbaarlike ûndersyksrisseltaten. As gefolch dêrfan binne de ûndersykskonklúzjes dêr’t wy fan hearre altyd prachtich. Minder wûnderlike konklúzjes soene yn in laad ferdwûn wêze. Tsjinoer it etalearjen fan it statistysk bewiisde bjusterbaarlike súkses fan de taalferoaringen stiet de iepenlike wanachting fan de Fryske parse foar de Fryske wittenskip. Unyk Frysksinnich is dat nammers net. Op in stuit hold de respektabele Rotterdamske krante NRC stadich op mei neamen fan boarnen yn syn wittenskipsbylage. De namme fan it ûndersyksynstitút en it fynplak fan it ûndersyksrapport waarden minder en minder neamd. Ik liet yn my omgean om de krante op te sizzen, mar Fokke & Sukke wiene wer sa aardich en ik koe de missende gegevens—dy’t dus it nijs krekt nijs meitsje: feiten ynstee fan geroften—faak wol yn The Guardian fine.

Ik hold de krante mar al gau waard it noch slimmer. As de NRC nammentlik ferslach die fan in wittenskiplik ûndersyk lieten hja dêr kommentaar op jaan fan ferkillende hoeken út, mar sûnder ferskil te meitsjen tusken it nivo fan dat kommentaar. De krante stelde, en stelt noch, de wearde fan de krityk fan de kollega yn de teoretyske natuerkunde gelyk oan de wurden fan immen dy’t de wikipediaside oer de snaarteory wol ris lêzen hat.

De NRC is in liberale krante; se binne net antywittenskip. Wat se wolle is de wittenskip tagonklik meitsje foar it brede publyk. Want feitlik is wittenskip krekt kennis as it út de ivoaren toer fan de akademys yn de wrâld by de minsken komt, dat sille wy mei de krante iens wêze. Krektsa pakt Omrop Fryslân it oan. In koart berjocht op de Omrop webside, “Skriuwen yn it Frysk wurdt hieltyd populêrder”‘Fryske Akademy: hieltyd mear Friezen skriuwe Frysk’, It Nijs (21 jannewaris 2016) <http://www.itnijs.frl/2016/01/fryske-akademy-hieltyd-mear-friezen-skriuwe-frysk/> [krigen 22 jannewaris 2016]., wurdt oernommen troch It Nijs as “Fryske Akademy: hieltyd mear Friezen skriuwe Frysk”‘Skriuwen yn it Frysk wurdt hieltyd populêrder’, Omrop Fryslân (21 jannewaris 2016) <http://www.omropfryslan.nl/nijs/skriuwen-yn-it-frysk-wurdt-hieltyd-populerder> [krigen 22 jannewaris 2016]. en beide media kundigje oan dat it barren yngeander besprutsen wurde sil yn in 24 minuten duorjende spesjale útstjoering oer de Fryske taal, opnommen yn de leechdromplige sfear fan it mediakafee.Omrop Fryslân, Bynt 21 jannewaris 2016 17:20 <http://www.omropfryslan.nl/utstjoering/bynt-fan-21-jannewaris-2016-1720> [krigen 22 jannewaris 2016]. Ferantwurdlik foar it ûndersyk is de Fryske Akademy, stiet derby, en de resultaten fan it ûndersyk binne beskikber yn desimber 2016. Dat is krekt oer alve moanne, mar wat kin dat Omrop Fryslân skele, of de Fryske Akademy—the show must go on.

It taalûndersyk rint noch. “Alle ynwenners fan Fryslân kinne no meidwaan oan ús ûndersyk nei taalbehearsking,” stiet op de homepage fan de Fryske Akademy. Klikke op de enkête ‘Taal yn Fryslân: de folgjende generaasje’ liedt nei in side dêr’t de domeineigner fan is... de Provinsje Fryslân. Minsken dy’t net yn Fryslân wenje kinne de enkête ek ynfolje (it ynternet ken gjin provinsjegrinzen), ik haw dat dien en ik haw mar twa lytse flaterkes en ien gruttere yn de fragelist fûn. Mar dat de fragen begryplik en relevant binne en net yn de rjochting fan in beskaat antwurd stjoere, makket de enkête noch gjin deugdlike ûndersyksmetoade.

In enkête jout allinne in byld fan it trochsneed hanneljen of tinken fan de ûndersyksgroep op in momint yn de tiid. It lit gjin ferrin fan de situaasje sjen en al hielendal gjin oarsaken. De Fryske Akademy seit dan ek net dat de moaie ûndersyksútkomst it gefolch is fan syn staveringsfernijing en standerdisearring, want men kin oarsaken en gefolgen inkeld sjen litte mei in eksperimint en net mei in enkête. Wy moatte ta it tinkbyld dat de Fryske Akademy it goed dien hat brocht wurde mei retoaryk. Dêr ha se it mediakafee fan Omrop Fryslân foar, dus dat komt wol goed. Wat net goed komt binne de problemen mei faliditeit fan sa’n ûndersyk. Faliditeit ferwiist nei hoe deeglik oft it ûndersyk fundearre is en hoe goed oft de fynsten oerienkomme mei de werklikheid; in net-falide ûndersyk is betsjuttingsleas. Yn desimber 2007 stie yn de Leeuwarder Courant:

Yn 1994 folge ûnder lieding fan Durk Gorter en Reitze Jonkman in tredde – it earste út 1967 wie fan Lieuwe Pietersen – grut opset ûndersyk nei de taal yn Fryslân. Wylst algemien ferwachte waard dat it Frysk hurd terrein ferlear, wie Gorter syn konklúzje dat noch noait safolle minsken Frysk praat hiene. Provinsjaal amtner Jelle Breuker soe letter sizze dat it ûndersyk yn tsjinst stien hie fan ‘de Fryske saak’.

Neffens Gorter wie dat om’t de útkomst net oerienkaam mei de ferwachtingen. Dat de ûndersikers de sitewaasje moaier foarspegelen as [dat] dy wie, wol er neat fan witte. “Wy hawwe alles neffens de metodologyske regels fan it survey-ûndersyk dien. Dat is in foarm fan selsrapportaazje. Fregest oan de minsken hoe goed [oft] se Frysk skriuwe kinne op in skaal fan ‘hiel maklik’ oant ‘hielendal net”, nimst se gjin eksamen ôf.Sietse de Vries, ‘Freed’, Leeuwarder Courant, 07 desimber 2007, 2.

Aldamtner Breuker hat gelyk: de metodologyske regels meitsje it ûndersyk net minder tendinsjeus en dêrom is de útkomst net ûnferwacht mar foarsisber geunstich foar ‘de Fryske saak’. Surveys hawwe in stikmannich swaktes. Yn it allerearste plak is dat fansels dat partisipanten oan in survey sels oanjaan moatte hoe’t se hannelje en tinke, wat in heech nivo oan selsrefleksje ferûnderstelt. De antwurdopsjes binne gauris yngewikkeld, lykas ‘tusken de 3 en 5 kear yn de wike’, of, as foar lêsgemak keazen wurdt, subjektyf en tige multy-ynterpretabel; ‘faak’ hat net in gelikense betsjutting foar alle partisipanten, likefolle wat har eftergrûn is. Random sampling, oftewol de foar faliditeit needsaaklike bline stekproef, is net mooglik. It responsnivo is leech. It Nijs berjochtet dat de Fryske Akademy begjin 2015 30.000 enkêtes útset hat en dat it ûndersyk holden is ûnder “in lytse 3.800 Friezen.” Dat is in respons fan noch gjin 13 persint en soks is net ûngewoan.By de quickscan fan de Provinsje, De Fryske Taalatlas 2015: Fryske taal yn byld, wie it responspersintaazje 35, fan de 28.000 ferstjoerde enkêtes binne 9915 yn de analyse meinommen. In earnstiger effekt as nonrespons is dat dat meastal selektive respons is; in spesifike groep minsken is oerfertsjintwurdige yn de stekproef. Dêr doelt Breuker op: earst dogge minsken dy’t it Frysk wichtich fine earder mei oan in enkête oer Fryske taal, twad behearskje dy de taal better, tred ha dy in pro-Fryske taalhâlding wat bydrage kin oan de oerskatting fan de eigen taalbehearsking.Patrick Studer en Liana Konstantinidou, ‘Language attitudes and language proficiency of undergraduate students in English-medium instruction’, Bulletin suisse de linguistique appliquée, no. spécial (2015) 215-231, 226.

By online surveys komt dêr noch it obstakel by fan de net te kontrolearjen tagong. Minsken kinne de enkête mear as ien kear ynfolje, se kinne de link op in foarum ‘poste’ en se kinne it ynfoljen troch kompjûterprogramma’s dwaan litte. De tradisjonele beheining fan mear as ienris tagong, cookies pleatse of it IP-adres ûnthâlde, wurket net om’t IP-adressen feroarje en cookies wiske wurde kinne—dat slagget by de taalenkête fan de Fryske Akademy ek: wiskje jo cookies, start de browser op ’e nij op en jo kinne de enkête ynfolje sa faak as jo wolle—of omsile troch in oare laptop te brûken. Dêr komt by dat minsken net altyd betrouwe op anonimiteit, wat it responsnivo omleech drukt en liedt ta sosjaal winsklike antwurden.Wybo Wiersma, ‘The validity of surveys: Online and offline’ (2013) <http://papers.wybowiersma.net/abstracts/Wiersma,Wybo,The_validity_of_surveys_online_and_offline.pdf> [krigen 22 jannewaris 2016] 7. Dat betsjut dat de eksterne faliditeit, dus de generalisearberheid fan de útkomsten yn de stekproef nei de hiele Fryske befolking, al gau te leech wurdt: de ûndersyksútkomst jildt net foar hiel Fryslân. Koartsein, it frijwillich meidwaan fan partisipanten en dat dy sels in ynskatting meitsje fan har nivo fan taalbehearsking, makket dat de útkomst net represintatyf is foar de Fryske befolking.

Ynterne faliditeit by surveys slacht op it mjitten fan wat men feitlik mjitte woe en oft dat wol hielendal metten is. Dat is net it gefal en opnij hat âldamtner Breuker gelyk: de ôfwiking falt yn in foardiel út fan ‘de Fryske saak’. Want hoewol’t de enkête Taal yn Fryslân beslist gjin eksamen wêze soe, sa’t de dielnimmer geregeldwei op it hert drukt wurdt, it twadde part fan de enkête is wiswol in taalbehearskingstest. Dy test is benammen lestich om’t de fragen fan ‘Wat fine jo gjin geef Frysk?’ ôfwikselje mei ‘Hoe soene jo it sizze?’, sadat de dielnimmer djip neitinke moat oer wat der eigentlik fan him frege wurdt en ûnbedoeld it IQ hifke wurdt. Fariabelen dy’t ferantwurdlik binne foar yndividueel ferskil yn nivo’s fan taalbehearsking binne motivaasje, taalhâlding en yntelliginsje. De enkête mjit allinne de taalbehearsking sels en net de faktoaren dy’t derop fan ynfloed binne, mar, seit Jaike Dijkstra yn har dissertaasje oer taaloanbod en taalûntwikkeling: “Non-ferbale yntelliginsje wie, krekt as by oare stúdzjes, in wichtige fariabele yn ’e iere taalûntwikkeling fan it Frysk en it Nederlânsk. Testdata yn taalûndersyk soe dêrom altyd korrigearre wurde moatte foar yntelligensje.”Jaike E. Dijkstra, Growing up with Frisian and Dutch (dissertaasje Universiteit van Amsterdam, 2013) <http://dare.uva.nl/document/2/127941> [krigen 22 jannewaris 2016], 186.In lestige enkête makket al gau dat minsken har ûnwis fiele en him net ôfmeitsje. Dat de enkête befoardielet minsken mei in hegere yntelliginsje en in heger IQ betsjut in bettere taalbehearsking.

Ein dit jier sil der in taalûndersyk lizze dat net allinne wittenskiplik sjoen betsjuttingsleas is mar maatskiplik sjoen ek. Troch politisearring fan de wittenskip, sa’t men dat bygelyks yn it bedriuwslibben sjocht, komme gauris catch-22-prosessen op gong. De needsaak fan wittenskiplike bekrêftiging fan belied, benammen fan beliedsferoaringen, freget om in stream fan surveys. Mar in survey ropt by it publyk automatysk it idee op dat mei de útkomsten wat dien wurde sil, dat as de útkomst net ideaal is de autoriteit bystjoere sil. As de autoriteit dat net fan doel is, seit de bedriuwswittenskip, fier dan mar leaver gjin enkête út want dat frustearret de dielnimmers, óf der moat in ideale útkomst út rôlje. Yn it gefal fan it taalûndersyk fan de Fryske Akademy sil it selektive dielnimmen fan betûfte taalbehearskers beliedsoanpassing oerstallich lykje litte. Oan de oare kant miene húshâldens mei in minder goede taalbehearsking dat se har cookies wiskje kinne wat se wolle en har bern tsien kear de enkête dwaan litte, har twingend alle ferkearde antwurden yn te foljen—har midsmjittige gegevens sille gjin ynfloed hawwe op de útkomst; se kine likegoed net meidwaan. Dy húshâldens ha gelyk: surveys moatte it hawwe fan de ekstremen, midsmjittige ynput wurdt as 0 kodearre en ien of tûzen kear 0 makket gjin ferskil. Ynput ûnder de 0 is der net om’t foar minsken sûnder, of mei in tige basale Fryske taalbehearsking de survey te heechdrompelich is.Wat mooglik komt troch it idee fan hifkjen dat fan in survey útgiet; myn Nederlânsktalige bern kinne de Frysktalige boeken fan har pake mei wat muoite wol lêze, mar se kinne net oan in Fryske taalsurvey meidwaan.

It ûndersyk lit dan neat sjen útsein miskien dat der politisearring fan de wittenskip is. It hat gjin maatskiplik nut: der rôlet gjin advys út foar fatsoenlik Frysk ûnderwiisbelied foar de boarger dy’t dat winsket en seker net foar in maatskiplike struktuer dy’t ta Frysk taalûnderwiis needsaket.

De ûnfrijheid fan de Fryske wittenskip, it feit dat it taalûndersyk gjin publike kennis opsmyt dêr’t de boarger wat oan hat—yn jargon: de sosjale relevânsje derfan is leech—en de lege ambysje om sosjaalpolityk advys te jaan, ropt de fraach op wêrom’t de Fryske Akademy him überhaupt dwaande hâldt mei tellingen fan hoefolle Friezen Frysk prate en skriuwe. Wêrom net de fokus op fûnemintele linguistyk, fier fan de minskemaatskippij en de politike bemuoiïng mei de wittenskiplike output wei? De Provinsje kin ommers wol telle. Dy docht dat ek, mei in Taalatlas om de safolle jier. Dat dat mar quickscans binne makket neat út; fan quickies komme ek bern. Dêrneist is taalbehearsking, oars as abstrakte algebra, net in dissipline dy’t minsken fanalles wiis meitsje kin. Want it is evidint dat taalbehearsking ôfhinget fan de mooglikheden om de taal te learen. It is like dúdlik dat native speaker net synonym is mei ‘superieure taalbehearsking’, lit stean mei ‘superieure taalbehearsking & kompetinte learkrêft’. Dêrom ha jo gjin taalekspert of treende ûndersiker nedich om út te finen dat yn in regio dêr’t de oerheid de taalfeardichheid en de alfabetisearring yn de eigen taal foar it aldergrutste part ôfhingje lit fan âlden, sibben en buorlju, dy taalfeardichheid net optimaal wêze sil en dat yn in regio dêr’t boppedat in twadde taal de dominante taal is de taalfeardichheid yn de earste taal hieltyd lytser wurde sil. Jo sjogge dat alle dagen wer yn de empiry om jo hinne. De Fryske Akademy hoecht it net te ûntkennen, noch te befêstigjen.

Dus wêrom dy stream fan ûndersiken nei de effekten fan meartaligens, dêr’t de útkomsten sûnder útsûndering tige posityf fan binne, mar dy’t faak in like swakke ûndersyksopset ha as it taalûndersyk, yn it earste plak om’t se gjin ûnderskied meitsje tusken de nivo’s fan meartaligens.De definysje fan meartaligens yn it research project foar it ûnderstypjen fan bernesintra, Meartaligens yn it deistich libben, is: “(...) de meartalige sitewaasje yn de provinsje Fryslân. As liedster wurdsto alle dagen konfrontearre mei dy [sic!] meartaligens. Bern prate thús Frysk, Nederlânsk, in streektaal of in bûtenlânske taal. Guon bern leare yn de thússitewaasje al mear as ien taal.” It net definiearjen fan meartaligens per se, mar fan in “sitewaasje” dy’t der it effekt fan is, ien dy't de “liedsters” sûnder ynstruksje net hantearje kinne soene, liedt ta dizige, fier fan konkrete tips: “It útdragen fan de mearwaarde fan twa- en meartaligens. (…) It stimulearjen fan meartaligens by de bern troch yn de foar- en ierskoalske perioade goed omtinken te jaan oan de minderheidstaal, yn dit gefal it Frysk.” Meartaligens yn it deistich libben: Hânboek foar meiwurkers fan bernesintra, Fryske Akademy/Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen, 2012 <https://www.fryske-akademy.nl/fileadmin/mercator/research_projects_files/melt/Guide_frisian-dutch_final_version.pdf> [krigen 23 jannewaris 2016] 4 en 7. De âlde definysje fan meartaligens (út psychology en didaktyk; foar yndividuele tapassing) as floeiend wêze yn twa of mear talen wie te krap en wurd net mear brûkt, mar it hantearjen fan de brede definysje fan meartaligens as yn oanrekking komme mei mear talen as ien, makket gauris dat ûndersyk mear fragen opropt as dat it wat ferklearret. En wêrom dy geregelde befêstiging dat it poerbêst giet mei de Fryske taalbehearsking, ek al is de kar foar it Nederlânsk as offisjele taal al lang makke, net inkeld yn De Haach mar ek yn Ljouwert?De promoasje fan de Kulturele Haadstêd wie yn it Nederlânsk en krekt nei protest kaam der ek wat Frysktalige promoasje; de oanfraachformulieren fan de Provinsje Fryslân foar Fryske kultuersubsydzjes, dêr’t de oanfrager yn ferklearje moat dat it om Fryske kultuer giet, binne Nederlânsktalige formulieren.

image

Dy ynmoedige kar fan de Fryske Akademy foar Nederlânsk ûnderwiis docht bliken út syn online taalûndersyk. By de fraach oft de Fryske taal brûkt en ûnderwiisd waard eartiids op myn skoalle is der in antwurdkar fan ‘nea Frysk’ nei ‘in soad Frysk’, mar de opsje ‘inkeld/altyf Frysk’ mist. It giet hjir net om in efkes oer de holle sjen; ûndersikers witte, of hearre te witten, dat antwurdskalen symmetrysk wêze moatte en as dus de negative ekstreem ‘nea’ is, moat de positive ekstreem ‘altyd’ wêze. It effekt fan it opskowen fan de antwurdskaal nei de negative kant is dat de úkomst positiver is: de suggestje is dan dat minder Frysk ûnderwiis like goed resultearet yn in frij hege taalbehearsking. Mar it is misliedend; ik haw de earste skoaljierren allinne Fryske taalles hân en Frysk wie by ús de ûnderwiistaal. Nei dy earste skoaljierren ferhuze ik en de skoalle gie gewoan troch mei folslein-Frysk ûnderwiis. De Fryske Akademy hat dy mooglikheid net opnommen as antwurdopsje om’t se mienden dat it antwurd yn realiteit net foarkaam.

Hieltyd opnij wurdt de relaasje fan taalbehearsking mei akademyske prestaasjes befêstige. Ek yn my: ik haw myn earste taal goed leard te behearskjen en ik bin heech oplaat. Mar nuver genôch is de Fryske Akademy it mei dy riddenearring hielendal net iens, hoewol’t dy gjin gelegenheid oerslacht om de keppeling fan taalbehearsking en learprestaasjes te befêstigjen. Dat komt om’t Fryslân Latynske skoallen hân hat en fan de midsieuwen ôf ek wol wat doarpsskoaltsjes yn de lânstaal, mar yn de santjinde en achttjinde ieu wiene dat yn de regel skuorren dêr’t se de bern mei-inoar yn opsletten sûnder dat der les wie en begjin njoggentjinde ieu kaam der in ûnderwiiswet en Nederlânsktalich ûnderwiis. Ientalige bern waarden as se seis waarden ûnderdompele yn in taal dy’t se net begriepen. Guon waarden twatalich, oaren drop-outs avant la lettre, de measten der tusken yn. En dat is net alles. In foarstelling fan Fryslân as monolinguistysk berêst op in fersin. Troch de ieuwen hinne hat ien taalmienskip twa talen tagelyk brûkt, de iene foar offisjele, formele kommunikaasje en de oare foar de gewoane konversaasje. In monolinguistysk ûnderwiisstelsel beneidielt dêrtroch net alle bern gelikens, mar diskriminearret de bern dy’t minder mei de offisjele taal yn oanrekking kommen binne. In artikel oer de mannichte fan betsjuttingen fan ‘multilingualism’ fertelt:

When newly arrived immigrant children entering U.S. schools, for example, are described as ‘bilingual children,’ the term is often used as a euphemism for ‘poor’ and ‘uneducated’. In this case, newly arrived immigrant children do not yet function in two languages. They are monolingual speakers of their first language and not bilingual at all. The term bilingual here is used to convey a very different set of meanings from what linguists intend.Guadalupe Valdés, ‘Multilingualism’, Linguistic Society of America <http://www.linguisticsociety.org/resource/multilingualism> [krigen 22 jannewaris 2016].

Om de ‘ûnbeskaafde’ bern gelikense kânsen te jaan moast der efterstânsbelied komme. Fan 1974 oant 1995 hat it ûnderwiis yn eigen taal en kultuer mei klam op it taalaspekt (OET(C)) yn de Nederlânske wet ferankere west. Dat efterstânsbelied wie basearre op it idee dat it ûnderwiis yn de eigen taal in positive ynfloed ha soe op it ûnderwiis yn de Nederlânske taal en dus op de fierdere skoalprestaasjes. It behearskjen fan in taal ûnderstipet it eigen ferbale riddenearjen en de oerdracht fan ideeën en beide helpe it learen. It makket dêrby net út yn hokker taal as riddenearre en oerdroegen wurdt, gjin inkelde taal is ynherint better. Mar it makket fansels wol út dat de taal dêr’t yn oerdroegen wurdt, de ûnderwiistaal, net de taal is dy’t it bern al behearsket en dêr’t it bern al yn tinkt. Dat is wat Jim Cummins yn de jierren 1970 ûntduts doe’t er seach dat de taal fan Ingelse skoalbern yn ’e klasse ferskilde fan har taal op it skoalplein en dat dat ferskil fan ynfloed is op it learen. Om administrative redenen is de OET(C) al gau wer ôfskaft en krekt lang nei de OET(C) en besibbe eksperiminten om de bern gelikense kânsen te jaan troch de ûnderwiistaal te manipulearjen, kamen de fragen oer it ûnderwiis fan ‘twatalige’ bern yn de nasjonale of dominante taal. Cummins skriuwt yn 2009:

In a transitional bilingual program such as those implemented for minority students in the United States and parts of The Netherlands (e.g. Verhoeven, 1991), when should children be mainstreamed to classes taught predominantly or totally through their L2 [twadde taal]? If children experience academic difficulties (e.g. in reading) in a bilingual program, should they be transferred to a monolingual program where more intensive instruction can be given through just one language?Jim Cummins. ‘Putting Language Proficiency in Its Place: Responding to Critiques of the Conversational/Academic Language Distinction,’ 8 nov. 2009 <http://www.tolerance.org/tdsi/sites/tolerance.org.tdsi/files/assets/general/Putting_Language_Proficiency_in_Its_Place_Jim_Cummins.pdf> [krigen 22 jannewaris 2016] 1.

It ûnderlizzende idee is nea oanfochten: it behearksjen fan in taal ûnderstipet de ûnderwiisprestaasjes. Nederlân kin der wol ris wat lytsbernich oer dwaan as dy taal net de Nederlânske taal is. Sa koe in kollega fan my, dy’t Nederlânks ferstiet, lêst en skriuwt en de Nederlânske, Amerikaanske en ynternasjonale gebeartetaal behearsket, gjin Nederlânske stúdzjefinansiering krije foar de filmakademy om’t er gjin Nederlânsk sprekt, wylst Amearika him wol in grant foar de filmskoalle yn New York joech. Mar it is in bekend feit dat de Nederlânske taal gjin hegere garânsje jout op moaie skoalprestaasjes as de behearsking fan hokker oare taal dan ek. Behalven dus as wy bern al it ûnderwiis oanbiede en eksamens ôfnimme yn it Nederlânsk. In bern dat dan syn twadde taal net behearsket kin net meikomme en syn prestaasjes bliuwe efter. De oplossing foar de legere sifers by ‘twatalige’ bern wie lykwols simpel: se noch mear Nederlânske taal oanbiede. De oanhâldende brain drain út Fryslân wei, mei as gefolch mear sosjaalekonomyske efterstân, needsake ta it oanbieden fan noch mear Nederlânsk,Onderwijsraad, Kennis moet stromen (Den Haag 2002) 11, 19-22, et passim. ommers thús in dialekt prate foarme dan in ekstra risiko. En de problemen yn it ûnderwiis sels, lykas besettingsproblemen, kombinaasjeklassen en oare saken dy’t efterstannen feroarsaken,Lucas Harms, ‘Mobiliteit’, yn: Anja Steenbekkers, Carola Simon en Vic Veldheer (red.), Thuis op het platteland: De leefsituatie van platteland en stad vergeleken (Den Haag 2016) 213-242, 129. makke dat der noch mar ekstra Nederlânsk jûn wurde moest.Albert Walsweer, ‘Ruimte voor leren: Kennisconstructie en samenhangend taalonderwijs op kleine Friese plattelandsscholen’, yn: Ad Backus, Merel Keijzer, Ineke Vedder en Bert Weltens (red.), Zesde Anéla-conferentie (Delft 2009) 396-406.

Ek al wie der dêrtroch al yn 1995 hielendal gjin plak mear foar Frysk ûnderwiis, dochs wie it taalûndersyk dat yn dat jier publisearre waard optimistysk: de Fryske taalsituaasje soe stabyl wêze. In ûnferwacht prachtige útkomst. Sa’n pronkstik noeget hielendal net út om jin yn de ivoaren toer werom te lûken. Is it krekt oarsom net logysk dat de wittenskip graach wer sa’n fertsjinste leverje woe? Is net in taal fan in etnyske of regionale minderheid krekt yn it lêste plak in middel foar it doelberet kommunisearjen fan feiten út de realiteit, of foar it fuortsterkjen fan de kognitive feardichheden en yn it earste plak in krêftige yndikator fan de sosjale karakteristiken fan in minske en in folk? Lit ús taal net sjen wa’t wy binne? Yn alle gefallen werhelle de Fryske Akademy dat ûndersyk.

As it no komt ta de fraach of de Fryske Akademy net wit fan de swakte fan syn taalûndersyk dat noch rint, dan is it antwurd ja, wierskynlik wol. Yndividueel hifkjen, oftewol eksaminearjen, is de iennichste manier om immen syn taalbehearsking te mjitten, dat is eksakt de reden dat it Ministearje fan Underwiis om ferplichte eineksamens freget en net om in fakultatyf ôfslutend survey oer ‘wat miene jo sels dat jo leard ha op skoalle’.

Wa’t werklik wat witte wol fan de Fryske taalbehearsking yn Fryslân selektearret in stekproef dy’t represintatyf is foar de Fryske befolking. Dus dy stekproef moat in IQ-, leeftyds- en sekseferdieling hawwe en in ferdieling nei oplieding, ynkommen, beropsgroep, dôvens, blinens en alle oare faktoaren dêr’t út de wittenskiplike literatuer fan blykt dat se fan ynfloed binne op taalbehearsking, dy’t sekuer gelikens is oan de ferdieling dêrfan yn de hiele Fryske befolking. Dy stekproef motivearret men dan om in Frysk taaleksamen earlik te dwaan (dat bart by surveys meastal mei in finansjele fergoeding). De útkomst fan sa’n ûndersyk is net te generalisearjen nei bygelyks de Fryske befolking yn Amsterdam en likemin is de útkomst de generalisearjen yn de tiid. In survey is in momentopname; times they are a changin. Mar sa’n ûndersyk kin men in pear jier letter werhelje mei in farske stekproef. Fan it ferlykjen fan de beide útkomsten kin men in soad leare—as learen de bedoeling is. Ut de pseudowittenskip fan de Fryske Akademy blykt in lakonike attitude foar learen en kennis oer dy’t him min ferhâldt ta de ynteresse yn de akademyske prestaasjes fan skoalbern en harren en ús taalbehearsking.

image

Mar situaasjes binne faak gjin útkomst fan rasjonele planning. Se binne organysk sa groeid. Nei de oarloch rjochte de nije dissipline fan de taalsosjology him yn de Fryske minderheidstalige situaasje hast fansels op de rol fan de taal yn de mienskip. Grutskalige surveys oer it taalgebrûk karakterisearje de Fryske taalsosjology. In earste sosjologysk survey, noch lyts fan opset, oer taalgebrûk ûnder legere skoalbern, komt yn 1956. Dêrnei folgje de surveys inoar op; de twadde, breder fan opset, komt yn 1967 (publikaasje 1969), in oarenien yn 1976, oer taal en taalgebrûk (publisearre 1980), yn 1980 is der al wer in survey, fan Gorter et al. (publikaasje 1984) en yn 1994 ien fan Gorter en Jonkman (foarriedige publikaasje fan de risseltaten 1995).Germen J. de Haan, ‘Sociology of language’, yn: Jarich Hoekstra, Willem Visser, Goffe Jensma (red.), Studies in West Frisian grammar: Selected papers by Germen J. de Haan (Amsterdam 2010) 19-22, 20. Gorter et al. woene fan har 1984-survey foar in part in werhelling meitsje fan dy út 1969 om de risseltaten ferlykje te kinnen, hoewol’t hja yn it ûndersyksferslach tajouwe dat guon analysemetoaden fan de taalhâlding yn 1969 net de meast gaadlike binne; mar foar in part werhelje betsjut dat deselde analysemetoaden brûkt wurde.Durk Gorter en Jehannes Ytsma, ‘Social factors and language attitudes in Friesland’, yn: Roeland van Hout en Uus Knops (red.), Language Attitudes in the Dutch Language Area (Dordrecht, NL/Providence, RI, USA 1988) 59-72, 63. It giet om de surveys: Lieuwe Pietersen, De Friezen en hun taal (Drachten 1969) en Durk Gorter, Gjalt Jelsma, Pieter van der Plank en Klaas de Vos (red.), Taal yn Fryslân (Ljouwert 1984) / Language in Friesland (Ingelske gearfetting; Ljouwert 1988). Yn 1994 keazen Gorter en Jonkman opnij foar ferlykberheid fan de risseltaten, sadat hja har survey wer safolle mooglik gelikens holden oan dy fan de foargeande desennia, om krekt te wêzen stribben hja ûnder it bewâld fan de Fryske Akademy nei in replikaasje fan it ûndersyk fan 1980. Har konklúzje fan it 1994-survey wie, lykas no, hiel posityf. De posysje fan de Fryske taal soe stabyl wêze dêr’t it taalbehearsking, taalgebrûk en taalhâlding oangie.De Haan, ‘Sociology of language’, 20. It giet om de survey: Durk Gorter en Reitze J. Jonkman (red.), Taal yn Fryslân: Op 'e nij besjoen (Ljouwert 1995).

Yn 1996 kaam der hurde krityk op dy konklúzje. Germen de Haan hold út dat empirysk bewiis miste en de ûndersyksrisseltaten fan Gorter en Jonkman stridich wiene mei har konklúzje.Germen J. de Haan, Over de (in-)stabiliteit van het Fries, Nederlandse Taalkunde 1 (1996) 306-319. Ingelske ferzje, ‘On the (in-)stability of Frisian’, yn: Jarich Hoekstra, Willem Visser, Goffe Jensma (red.), Studies in West Frisian grammar: Selected papers by Germen J. de Haan (Amsterdam 2010) 301-316. De Haan suggerearret dat de ideology fan de ûndersikers liedt ta in optimistyske skatting fan it tal Friezen dat it Fryskbrûken as deagewoan beskôge:

according tot Gorter and Jonkman there were many of such people. Notably missing from the list of interested parties are scientists. Or maybe this really is not so notable at all, and the publication has no scientific pretence whatsoever. This would explain why Gorter and Jonkman fail to put their study’s results in a broader scientific context. There is no comparison with studies done by others (except for Pietersen (1969)), and there is no scientific debate. The bibliography contains a mere three publications. Also, the fact that Frisian is the language of choice of the study is not a surprise then, not even when it is claimed that the study is of international significance. One of the authors, however, does consider TYF94 to be a scientific publication (see Gorter (1996)). Moreover, the work was published as number 12 of the Social-scientific series (Sosjaal-wittenskiplike rige) of the Fryske Akademy.De Haan, ‘On the (in-)stability of Frisian’, 315.

De Fryske Akademy, dy’t de stúdzje yn syn Sosjaal-wittenskiplike rige opnaam, hat op syn webside wol in synopsis fan de publikaasje mar ferwiist net nei ynternasjonale wittenskiplike resinsjes. De katalogus fan de Universiteit fan Amsterdam lit sjen dat der wol in resinsje yn in peer-reviewed bûtenlânsk tydskrift is fan de 1984-survey, mar net fan de 1995-survey. Dat kin yndie wize op wat De Haan as mooglikheid neamt: dat de 1995-survey nea wittenskiplike pretinsjes hie. Dy oanname wurdt fierder befêstige troch it feit dat de 1976-80-survey in priizgjende ynternasjonale resinsje krige yn in peer-reviewed tydskriftSheila M. Embleton, resinsje fan of Language & language attitudes in a bilingual community: Terherne (Friesland), fan James Floyd Smith, Language in Society 14:2 (1985) 279. en dat de 1995-survey benammen sitearre wurdt yn Fryske oerheidsdokuminten en mar amper yn de wittenskip. Yn 2013 konstatearre Arjen IJsbrand van den Berg op syn weblog Boekblog: “ En dan blijkt dat in officiële stukken nog altijd terugverwezen wordt naar de enquête Taal yn Fryslân; Op ’e nij besjoen van Gorter en Jonkman uit 1995.”Arjen IJsbrand van den Berg, ‘Taal yn Fryslân; Op ’e nij besjoen ~ Durk Gorter & Reitze J. Jonkman’, 15 maaie 2013 <http://boeklog.info/2013/05/15/taal-yn-frysln-op-e-nij-besjoen/> [krigen op 22 jannewaris 2016]. De ‘offisjele stikken’ binne de beliedsstikken om de foarnommen staveringswiziging, dy’t it splinternije Frysk hânwurdboek ûnbrûkber meitsje sil, te rjochtfeardigjen, neffens Van den Berg op basis fan sifers dy’t net doge, dy fan Gorter en Jonkman.

En mij viel vooral die 17% [Friezen dy’t de taal aardich skriuwe kinne] op omdat dit zo veel hoger is dan in eerdere onderzoeken. Bij een enquête uit 1967 lag dit percentage op 11,5% — met een foutenmarge van zeker plus of min drie procent zo schat ik in. Tijdens de eerste ronde van Taal yn Fryslân was het 10,6%, plus of min circa 2% gezien het aantal ondervraagden.

(...)

Het ontbreken van een verklaring voor de stijging valt dus op in het rapport.

(…)

Blijft alleen staan dat ik 17% aan schrijvende inwoners van de provincie een rijkelijk hoog percentage vind. Dat zijn er namelijk dan 17% x 640.000 = 108.800.

Intuïtief ligt het aantal Friezen dat de taal met regelmaat schrijft voor mij eerder op 3.000 — geredeneerd naar wat ik online waarneem, en wat ik ooit ontving als redacteur van een literair blad.

Anderen noemen een aantal van 10.000.Ibid.; Daam de Vries, ‘Nûging fan de iuw’, Ensafh, 30 april 2013 <http://www.ensafh.nl/?p=31342> [krigen 22 jannewaris 2016].

Dat de útkomst fan in 18 jier âld survey al lang net mear jilde koe, ek as it ûndersyk doogd hie, komt net iens op it aljemint. It misbrûk fan statistyk is dúdlik genôch en Van den Berg wol ha dat dat de polityk fan syn meast twingende kant sjen lit. Mar it kommentaar op de blog relativearret: “leuk naslagwerk,maar volgens mij zijn er niet zo veel friezen die zich hier echt druk om maken.”Id., Taal Cursus, reaksje 26 juni 2013, by Arjen IJsbrand van den Berg, ‘Taal yn Fryslân’.

Sa is it no wer. Krekt twa moanne lyn hat de Provinsje syn quickscan taalgebrûk, De Fryske taalatlas 2015, presintearre, mei in skikken en ploaien fan statistyske gegevens sa’t alle burokrasyen dogge om te funksjonearjen. Der binne wol oanwizingen foar dat oerheden troch de skiednis hinne ek oer de wiere sifers bekikten, sadat har ferdieling fan middelen net op ’e kop ferkeard kaam.Sjoch bygelyks Herbert Spirer, Louise Spirer, en A.J. Jaffe, Misused statistics (2e oanp. útwr. pr.; New York/Basel/Hong Kong 1998) 228. Mar op watfoar katastrofe soe it útrinne as Fryslân net yn Frysk ûnderwiis ynvestearret en net makket dat dat ûnderwiis relevant is troch fan Frysk de offisjele taal te meitsjen en sadwaande ferlet fan Frysk te kweekjen? Op gjin inkelde katastrofe, sjoch mar om jo hinne; dêrom hoecht de Provinsje Fryslân gjin earlike sifers. Dalik dêrefteroan komt dan de Fryske Akademy en dy hoege hielendal gjin sifers. Dy ha genôch oan heal analisearre, noch net ynterpretearre rauwe data: “Spesjaal foar Bynt jout de Fryske Akademy nammentlik in foarpriuwke fan de resultaten fan harren grutte taalûndersyk.”‘Skriuwen yn it Frysk wurdt hieltyd populêrder’ Omrop Fryslân.

Dat foarpriuwke is in iepen doar. “De taal wurdt net minder praat, ferstien en lêzen as 22 jier lyn, mar benammen it skreaune Frysk is dwaande mei in opmars. It lêste falt benammen te ferklearjen trochdat in soad minsken it Frysk brûke op sosjale media lykas Facebook, Twitter en Whatsapp.”‘Skriuwen yn it Frysk wurdt hieltyd populêrder’ Omrop Fryslân. Fansels slacht it blame it on the social media Fryslân net oer. Jawis komme fan oer de hiele wrâld berjochten dat troch de nije technology de skriftlike kommunikaasje terrein wûn hat op de mûnlinge.Kirsten Purcell, Judy Buchanan en Linda Friedrich, ‘The impact of digital tools on student writing and how writing is taught in schools’, PewResearchCenter, 16 july 2013, <http://www.pewinternet.org/files/old-media/Files/Reports/2013/PIP_NWP%20Writing%20and%20Tech.pdf> [krigen op 22 jannewaris 2016] 59, et passim. Yndie is de foaroanname ûnder alle taalbehearskingsramten dat skriuwen op in hegere behearsking tsjut as praten.Sjoch bygelyks ‘Common European Framework of Reference for Languages: Learning, Teaching, Assessment (CEFR)’, Council of Europe <http://www.coe.int/t/dg4/linguistic/Cadre1_en.asp> [krigen 22 jannewaris 2016]. Mar as wy oannime dat de hoemannichte ynterminsklike kommunikaasje likernôch gelyk bliuwt, dan hâldt it mear stjoeren fan skriftlike berjochten yn dat der minder skille en ‘reëel’ praat wurdt; der is dus in ferskowing fan medium, net fan behearskingsnivo. It skriuwen op social media is in alfabetsop, mei akronimen, ôfkoartingen en neologismen, dat is oeral op ’e wrâld sa. Hoewol’t dat neat seit oer de feardichheden yn it akademysk skriuwenPurcell, Buchanan en Friedrich, ‘The impact of digital tools’, 53, passim. wurdt der dochs faak klage oer de lege taalbehearsking op Facebook en Twitter. Wat no sa aardich is yn Fryslân is dat nei de withoefolle troch de Provinsje opkrongen staveringswizigingen nimmen mear geef Frysk skriuwt. En noch moaier is dat de Fryske Akademy gewoan tajout dat it inisjatyf om Frysk te skriuwen folslein yn de priveesfear leit, gewoan by ús, sa’t it altyd west hat.

Noaten

  1. ‘Fryske Akademy: hieltyd mear Friezen skriuwe Frysk’, It Nijs (21 jannewaris 2016) <http://www.itnijs.frl/2016/01/fryske-akademy-hieltyd-mear-friezen-skriuwe-frysk/> [krigen 22 jannewaris 2016].
  2. ‘Skriuwen yn it Frysk wurdt hieltyd populêrder’, Omrop Fryslân (21 jannewaris 2016) <http://www.omropfryslan.nl/nijs/skriuwen-yn-it-frysk-wurdt-hieltyd-populerder> [krigen 22 jannewaris 2016].
  3. Omrop Fryslân, Bynt 21 jannewaris 2016 17:20 <http://www.omropfryslan.nl/utstjoering/bynt-fan-21-jannewaris-2016-1720> [krigen 22 jannewaris 2016].
  4. Sietse de Vries, ‘Freed’, Leeuwarder Courant, 07 desimber 2007, 2.
  5. By de quickscan fan de Provinsje, De Fryske Taalatlas 2015: Fryske taal yn byld, wie it responspersintaazje 35, fan de 28.000 ferstjoerde enkêtes binne 9915 yn de analyse meinommen.
  6. Patrick Studer en Liana Konstantinidou, ‘Language attitudes and language proficiency of undergraduate students in English-medium instruction’, Bulletin suisse de linguistique appliquée, no. spécial (2015) 215-231, 226.
  7. Wybo Wiersma, ‘The validity of surveys: Online and offline’ (2013) <http://papers.wybowiersma.net/abstracts/Wiersma,Wybo,The_validity_of_surveys_online_and_offline.pdf> [krigen 22 jannewaris 2016] 7.
  8. Jaike E. Dijkstra, Growing up with Frisian and Dutch (dissertaasje Universiteit van Amsterdam, 2013) <http://dare.uva.nl/document/2/127941> [krigen 22 jannewaris 2016], 186.
  9. Wat mooglik komt troch it idee fan hifkjen dat fan in survey útgiet; myn Nederlânsktalige bern kinne de Frysktalige boeken fan har pake mei wat muoite wol lêze, mar se kinne net oan in Fryske taalsurvey meidwaan.
  10. De definysje fan meartaligens yn it research project foar it ûnderstypjen fan bernesintra, Meartaligens yn it deistich libben, is: “(...) de meartalige sitewaasje yn de provinsje Fryslân. As liedster wurdsto alle dagen konfrontearre mei dy [sic!] meartaligens. Bern prate thús Frysk, Nederlânsk, in streektaal of in bûtenlânske taal. Guon bern leare yn de thússitewaasje al mear as ien taal.” It net definiearjen fan meartaligens per se, mar fan in “sitewaasje” dy’t der it effekt fan is, ien dy't de “liedsters” sûnder ynstruksje net hantearje kinne soene, liedt ta dizige, fier fan konkrete tips: “It útdragen fan de mearwaarde fan twa- en meartaligens. (…) It stimulearjen fan meartaligens by de bern troch yn de foar- en ierskoalske perioade goed omtinken te jaan oan de minderheidstaal, yn dit gefal it Frysk.” Meartaligens yn it deistich libben: Hânboek foar meiwurkers fan bernesintra, Fryske Akademy/Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen, 2012 <https://www.fryske-akademy.nl/fileadmin/mercator/research_projects_files/melt/Guide_frisian-dutch_final_version.pdf> [krigen 23 jannewaris 2016] 4 en 7. De âlde definysje fan meartaligens (út psychology en didaktyk; foar yndividuele tapassing) as floeiend wêze yn twa of mear talen wie te krap en wurd net mear brûkt, mar it hantearjen fan de brede definysje fan meartaligens as yn oanrekking komme mei mear talen as ien, makket gauris dat ûndersyk mear fragen opropt as dat it wat ferklearret.
  11. De promoasje fan de Kulturele Haadstêd wie yn it Nederlânsk en krekt nei protest kaam der ek wat Frysktalige promoasje; de oanfraachformulieren fan de Provinsje Fryslân foar Fryske kultuersubsydzjes, dêr’t de oanfrager yn ferklearje moat dat it om Fryske kultuer giet, binne Nederlânsktalige formulieren.
  12. Guadalupe Valdés, ‘Multilingualism’, Linguistic Society of America <http://www.linguisticsociety.org/resource/multilingualism> [krigen 22 jannewaris 2016].
  13. Jim Cummins. ‘Putting Language Proficiency in Its Place: Responding to Critiques of the Conversational/Academic Language Distinction,’ 8 nov. 2009 <http://www.tolerance.org/tdsi/sites/tolerance.org.tdsi/files/assets/general/Putting_Language_Proficiency_in_Its_Place_Jim_Cummins.pdf> [krigen 22 jannewaris 2016] 1.
  14. Onderwijsraad, Kennis moet stromen (Den Haag 2002) 11, 19-22, et passim.
  15. Lucas Harms, ‘Mobiliteit’, yn: Anja Steenbekkers, Carola Simon en Vic Veldheer (red.), Thuis op het platteland: De leefsituatie van platteland en stad vergeleken (Den Haag 2016) 213-242, 129.
  16. Albert Walsweer, ‘Ruimte voor leren: Kennisconstructie en samenhangend taalonderwijs op kleine Friese plattelandsscholen’, yn: Ad Backus, Merel Keijzer, Ineke Vedder en Bert Weltens (red.), Zesde Anéla-conferentie (Delft 2009) 396-406.
  17. Germen J. de Haan, ‘Sociology of language’, yn: Jarich Hoekstra, Willem Visser, Goffe Jensma (red.), Studies in West Frisian grammar: Selected papers by Germen J. de Haan (Amsterdam 2010) 19-22, 20.
  18. Durk Gorter en Jehannes Ytsma, ‘Social factors and language attitudes in Friesland’, yn: Roeland van Hout en Uus Knops (red.), Language Attitudes in the Dutch Language Area (Dordrecht, NL/Providence, RI, USA 1988) 59-72, 63. It giet om de surveys: Lieuwe Pietersen, De Friezen en hun taal (Drachten 1969) en Durk Gorter, Gjalt Jelsma, Pieter van der Plank en Klaas de Vos (red.), Taal yn Fryslân (Ljouwert 1984) / Language in Friesland (Ingelske gearfetting; Ljouwert 1988).
  19. De Haan, ‘Sociology of language’, 20. It giet om de survey: Durk Gorter en Reitze J. Jonkman (red.), Taal yn Fryslân: Op 'e nij besjoen (Ljouwert 1995).
  20. Germen J. de Haan, Over de (in-)stabiliteit van het Fries, Nederlandse Taalkunde 1 (1996) 306-319. Ingelske ferzje, ‘On the (in-)stability of Frisian’, yn: Jarich Hoekstra, Willem Visser, Goffe Jensma (red.), Studies in West Frisian grammar: Selected papers by Germen J. de Haan (Amsterdam 2010) 301-316.
  21. De Haan, ‘On the (in-)stability of Frisian’, 315.
  22. Sheila M. Embleton, resinsje fan of Language & language attitudes in a bilingual community: Terherne (Friesland), fan James Floyd Smith, Language in Society 14:2 (1985) 279.
  23. Arjen IJsbrand van den Berg, ‘Taal yn Fryslân; Op ’e nij besjoen ~ Durk Gorter & Reitze J. Jonkman’, 15 maaie 2013 <http://boeklog.info/2013/05/15/taal-yn-frysln-op-e-nij-besjoen/> [krigen op 22 jannewaris 2016].
  24. Ibid.; Daam de Vries, ‘Nûging fan de iuw’, Ensafh, 30 april 2013 <http://www.ensafh.nl/?p=31342> [krigen 22 jannewaris 2016].
  25. Id., Taal Cursus, reaksje 26 juni 2013, by Arjen IJsbrand van den Berg, ‘Taal yn Fryslân’.
  26. Sjoch bygelyks Herbert Spirer, Louise Spirer, en A.J. Jaffe, Misused statistics (2e oanp. útwr. pr.; New York/Basel/Hong Kong 1998) 228.
  27. ‘Skriuwen yn it Frysk wurdt hieltyd populêrder’ Omrop Fryslân.
  28. Ibid.
  29. Kirsten Purcell, Judy Buchanan en Linda Friedrich, ‘The impact of digital tools on student writing and how writing is taught in schools’, PewResearchCenter, 16 july 2013, <http://www.pewinternet.org/files/old-media/Files/Reports/2013/PIP_NWP%20Writing%20and%20Tech.pdf> [krigen op 22 jannewaris 2016] 59, et passim.
  30. Sjoch bygelyks ‘Common European Framework of Reference for Languages: Learning, Teaching, Assessment (CEFR)’, Council of Europe <http://www.coe.int/t/dg4/linguistic/Cadre1_en.asp> [krigen 22 jannewaris 2016].
  31. Purcell, Buchanan en Friedrich, ‘The impact of digital tools’, 53, passim.

Sjoch ek: De Provinsje liicht mei de Taalatlas 2015 himsels en oaren foar

Mear fan Friduwih Riemersma

Keunst yn it Friesch Dagblad It trochgeande lytser wurden fan de romte foar keunst yn de media is net unyk foar Fryslân. Oeral op ’e wrâld …
Hee, harkje nei myn politike aginda! ‘Troaje’ is sa’t jo witte de meast ûnrjochtfeardige oarloch yn de westerske wrâldskiednis.
Ramptoerisme Wat in kostlike tragykommeedzje Kulturele Haadstêd! De timing wie perfekt. It prachtige terraswaar dat makke dat jo noflik sitten gean koene foar …
Kaartferkeap Haha, kaartferkeap! De kulturele haadstêd dy’t kaarten ferkeapje wol, LOL!
It glossarium fan De Groot Yn Sels in Tibetaan belânet op it lêst yn see
It politike kaliber fan de Kulturele Haadstedprojekten It krige amper omtinken. Sels de Trump-tweets deroer rekken hast ferlern …
Ideology en symptoombestriding: It Dingtiidadvys oer Frysk yn it ûnderwiis Op freedtemiddei 3 February rûn Klaas Sietse Spoelstra troch de Ljouwerter financial district, skiljend mei passende oandielhâldersteatraliteit. Der wie wat.
Akwadukten lekke altyd wat Op ien dei, tongersdei 12 January, makke de provinsje Fryslân bekend dat de kultuerpartisipaasje yn Fryslân omdel gien wie en dat Fryslân mei de twa oare noardlike provinsjes in kultuerkonvenant ûndertekene hie.
Ferbylding yn tsjinspoed It fokabulêr fan grutskens is fersliten. Patriotisme, de sûne grutskens op jo eigen folk, is de oarsaak fan …
In goede reis Gerard Reve: Jo witte net wêrom’t de iene winter wol mar de oare net de meteorologyske skiednis yn giet as dramatysk
1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11 12 13 14 15