image koart ferhaal friduwih riemersma

Koart proaza

Grutte hearskip gûlt net

Friduwih Riemersma - Fers2 5.18, 17 novimber 2019

Heity gûlde.” Myn broer, boppe my yn it steapelbêd, hie okkerdeis ús mem ompraat om him net langer te bestopjen: ien kin net samar, goed nei syn achtste jierdei, mem, de âldste soan fan it hearskip tusken de tekkens tropje. Hja hie noch net tsjirpt fan Oant moarnier! of hy soe ien foet helpleas oer de klif bongelje litte. Mar ik, ekstra stiif bestoppe, koe net iens tinke oan fuotsoal kiteljen. Myn broer wist of dat wol, of dat er dochs sterker wie. In liger wie er ek, en elkenien wist dat. “Heity gûlde,” werhelle er, mei klam op beide wurden.

“Ik bin net dôf!” sei ik.

“Ik seach him gûlen.”

“Liichbist liichbist drek út rist.”

“It is wier. It is in feit.”

“Do bist in liger da’s in feit.”

“Harkje. Heit gûlde, mei triennen en… wist wol… rare minen meitsjen.”

“Lit my dyn eagen sjen.” As er liigde waarden myn broer syn eagen glûperich slangegrien. Ek dat wist elkenien. Wannear’t er ús spoekige eange ferhalen fertelde dy’t wy net leauden, seine dat er it allegearre optocht, of lit ús oars dyn earlik-eagen sjen, woe er nea syn pet ôf dwaan, en no, sels yn ’e simmerskimer fan ús keamer, fansels soe er net lije wolle dat ik syn eagen seach.

Hy hie syn foet sa hurd opankere dat ik der kjel fan waard. Ik tocht net dat it grappich wie. “Triennen kinst ek krije fan prûsten. Triennen telle net.”

“As immen deagiet, prûstest net: do gûlst. Is no ienkear sa.”

“Gjinien gie dea.” Gewoanliks kringele ik yn myn sintimeters frije romte tusken de lekkens oant ik myn bleate skonken oplûke koe. Mar akselderij fielde net goed as jo oer earnstige saken redendielden.

“Likegoed gûlde er.” Myn broer lei ek stil. Syn foet wie net werom oer de klif dûkt. “’t Is my ynmoed, dy triennen… nei ûnderen… yn syn burd falle en wist wol… dat gûlgesicht, ik seach dat echt.”

“Nee hielendal net, hâld dy de harsens.”

“Woesto myn eagen sjen?”

“Nee!” It grutte hearskip gûlt net.

Earder publisearre op Ars Legendi

Mear fan Friduwih Riemersma

In mûlfol treast foar de majesteit (Ferhalen) Safary
Trije ruterfersen en de taak fan ’e oersetters In pear jier lyn op in ûnferwachte sinneskyndei sieten wy mei gleskes tee en in steapeltsje wurdboeken bûtendoar
De Starumer fisk fan Apollo De sinne kaam, de sinne sonk,/ ’t lân bleau yn ’t stedske skaad.
In mûlfol treast foar de majesteit (Ferhalen) Wjirmgat
Steatsliteratuerprize­sjuerys Steatsliteratuerprizesjuerys: rôlje dy marris út mei galchke! De Gysbert Japicxpriissjuery, de priis dy’t it provinsjebestjoer fan Fryslân útrikt …
In mûlfol treast foar de majesteit (Ferhalen) Offer
That’s all they really want/ Some fun Kapstok fan Tsead Bruinja
Radikalisearring yn de man cave De Schurerlêzing
Tsjinwynkronyk 2018 #4 It fjirde en lêste fearnsjier fan it kulturele haadstêdklapstik wurdt it stadich dúdlik dat it aansen om is, sûnder ‘legacy’, sûnder …
‘wat bin ik sels, wat is in oar’ It oeuvre fan Sjoerd Spanninga
1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11 12 13 14 15