Koart proaza
Grutte hearskip gûlt net
Heity gûlde.” Myn broer, boppe my yn it steapelbêd, hie okkerdeis ús mem ompraat om him net langer te bestopjen: ien kin net samar, goed nei syn achtste jierdei, mem, de âldste soan fan it hearskip tusken de tekkens tropje. Hja hie noch net tsjirpt fan Oant moarnier! of hy soe ien foet helpleas oer de klif bongelje litte. Mar ik, ekstra stiif bestoppe, koe net iens tinke oan fuotsoal kiteljen. Myn broer wist of dat wol, of dat er dochs sterker wie. In liger wie er ek, en elkenien wist dat. “Heity gûlde,” werhelle er, mei klam op beide wurden.
“Ik bin net dôf!” sei ik.
“Ik seach him gûlen.”
“Liichbist liichbist drek út rist.”
“It is wier. It is in feit.”
“Do bist in liger da’s in feit.”
“Harkje. Heit gûlde, mei triennen en… wist wol… rare minen meitsjen.”
“Lit my dyn eagen sjen.” As er liigde waarden myn broer syn eagen glûperich slangegrien. Ek dat wist elkenien. Wannear’t er ús spoekige eange ferhalen fertelde dy’t wy net leauden, seine dat er it allegearre optocht, of lit ús oars dyn earlik-eagen sjen, woe er nea syn pet ôf dwaan, en no, sels yn ’e simmerskimer fan ús keamer, fansels soe er net lije wolle dat ik syn eagen seach.
Hy hie syn foet sa hurd opankere dat ik der kjel fan waard. Ik tocht net dat it grappich wie. “Triennen kinst ek krije fan prûsten. Triennen telle net.”
“As immen deagiet, prûstest net: do gûlst. Is no ienkear sa.”
“Gjinien gie dea.” Gewoanliks kringele ik yn myn sintimeters frije romte tusken de lekkens oant ik myn bleate skonken oplûke koe. Mar akselderij fielde net goed as jo oer earnstige saken redendielden.
“Likegoed gûlde er.” Myn broer lei ek stil. Syn foet wie net werom oer de klif dûkt. “’t Is my ynmoed, dy triennen… nei ûnderen… yn syn burd falle en wist wol… dat gûlgesicht, ik seach dat echt.”
“Nee hielendal net, hâld dy de harsens.”
“Woesto myn eagen sjen?”
“Nee!” It grutte hearskip gûlt net.
Earder publisearre op Ars Legendi
Mear fan Friduwih Riemersma
Hee, harkje nei myn politike aginda! ‘Troaje’ is sa’t jo witte de meast ûnrjochtfeardige oarloch yn de westerske wrâldskiednis. |
Ramptoerisme Wat in kostlike tragykommeedzje Kulturele Haadstêd! De timing wie perfekt. It prachtige terraswaar dat makke dat jo noflik sitten gean koene foar … |
Kaartferkeap Haha, kaartferkeap! De kulturele haadstêd dy’t kaarten ferkeapje wol, LOL! |
It glossarium fan De Groot Yn Sels in Tibetaan belânet op it lêst yn see |
It politike kaliber fan de Kulturele Haadstedprojekten It krige amper omtinken. Sels de Trump-tweets deroer rekken hast ferlern … |
Ferbylding yn tsjinspoed It fokabulêr fan grutskens is fersliten. Patriotisme, de sûne grutskens op jo eigen folk, is de oarsaak fan … |
In goede reis Gerard Reve: Jo witte net wêrom’t de iene winter wol mar de oare net de meteorologyske skiednis yn giet as dramatysk |
Betelle om neat te skriuwen Gjin besprek fan Bartle Laverman syn nije dichtbondel |