
Poëzy
Kosmysk
Doe’t skodzjend fan de oerknal noch
de loft rûnom de skyl
it rûge oerflak skruten duts
gie lûd sonoar en yl.
Yn ’t blanko ûnbeheind begjin
atomen botsten blyn
as hong it libben derfan ôf—
Dochst ticht dyn dakgerdyn.
Yn dat hielal treau sapiens earst
mei einepikefel,
mar ringen as rûtinesaak
de ûnderskepsels del.
Tss, wa’t syn rol as kosmysk sjocht:
in swetser, seisto en
de rêst giet yn ’e blêdblaasgûl
fan bûtendoar ferlern.
Mear fan Friduwih Riemersma
In tradysje fan ‘It kin sa wol’ De ynfloed fan digitaliteit fan literêre tydskriften op de Fryske literatuer |
Utopyske Leafde Hoewol’t de kwestje fan de ideale leafde foar it grutste part it domein is fan de dichters beslacht it ek it wurkgebiet fan filosofen. |
Wat is der mis mei it logo fan Valletta? It liket net op in pompeblêd. |
Diaspora fan minsklik kapitaal It oeuvre fan Sjieuwe Borger spilet hieltyd yn it heechoplate miljeu. It aktive engaazjemint mei oplieding is dêr leech. |
‘Charlie Hebdo’: Kronyk fan in diskusje |
Belofteparadoks: Fers2 yn 2016 |
“Wy binne it hert” Ynienen like it wer in issue: de ynstitúsjonalisearring fan Fryslân. |