
Poëzy
Kosmysk
Doe’t skodzjend fan de oerknal noch
de loft rûnom de skyl
it rûge oerflak skruten duts
gie lûd sonoar en yl.
Yn ’t blanko ûnbeheind begjin
atomen botsten blyn
as hong it libben derfan ôf—
Dochst ticht dyn dakgerdyn.
Yn dat hielal treau sapiens earst
mei einepikefel,
mar ringen as rûtinesaak
de ûnderskepsels del.
Tss, wa’t syn rol as kosmysk sjocht:
in swetser, seisto en
de rêst giet yn ’e blêdblaasgûl
fan bûtendoar ferlern.
Mear fan Friduwih Riemersma
Haatspraak Cyber racism in de Friese Facebook-groepen |
In mûlfol treast foar de majesteit (Ferhalen) Safary |
Trije ruterfersen en de taak fan ’e oersetters In pear jier lyn op in ûnferwachte sinneskyndei sieten wy mei gleskes tee en in steapeltsje wurdboeken bûtendoar |
De Starumer fisk fan Apollo De sinne kaam, de sinne sonk,/ ’t lân bleau yn ’t stedske skaad. |
In mûlfol treast foar de majesteit (Ferhalen) Wjirmgat |
Steatsliteratuerprizesjuerys Steatsliteratuerprizesjuerys: rôlje dy marris út mei galchke! De Gysbert Japicxpriissjuery, de priis dy’t it provinsjebestjoer fan Fryslân útrikt … |
In mûlfol treast foar de majesteit (Ferhalen) Offer |
That’s all they really want/ Some fun Kapstok fan Tsead Bruinja |
Radikalisearring yn de man cave De Schurerlêzing |
Tsjinwynkronyk 2018 #4 It fjirde en lêste fearnsjier fan it kulturele haadstêdklapstik wurdt it stadich dúdlik dat it aansen om is, sûnder ‘legacy’, sûnder … |