sjieuwe borger image

De feesttinte

Sjieuwe Borger - Fers2 nû. 4.1, 14 jannewaris 2018

Sybren spielde de lêste hap fuort mei it lêste slokje bier út it blikje en smiet it op de grûn. Mei in gebeart fan de earm frege er Ljudger oft er noch in potsje bier hawwe woe. Ljudger stiek twa fingers as oerwinningsteken op en bûgde him foaroer nei de frou njonken him. Sy sloech har earms om syn skouders en se tuten. Sybren socht in frij plakje oan de bar. Hy twong him tusken in pear manlju troch dy’t lilk opseagen, mar omtrint tagelyk kearden se har wer nei de bar en namen harren bestelling oan.

‘Nim my net kwea ôf,’ sei er tsjin de manlju njonken him. ‘It is hjir ek sa fol.’

‘Hum, hmm,’ antwurden se, wylst se op har bier kôgen en elk besocht it omtinken te krijen fan de barkeepster dy’t er foar kar naam.

De barkeepsters sels joegen him gjin tel ek al stie er hielendal foaroan no. Hy wie leaver yn de kroech op de soasjeteit, dêr’st wis wiest datst bier krigest ast dyn plak oan de bar befochten hiest. Hjir gouwen oare mores. Hy seach yn it rûn. De fammen hâlden yn inoar steapele glêzen ien foar oar ûnder de taapkraan dy’t sûnder ophâlden streamde en allinnich as de glêzen op wiene gong de kraan ta. It bier waard hieltiten oan kunde omparte. Sybren besocht it omtinken te krijgen troch lûd te roppen dat er bier hawwe woe, mar it joech him neat. Sa stie er dêr in hoart, net fan doel om de it derby sitte te litten. Syn útsjoch mocht der ek wêze: as yn de de taapsters it bier op de bar sette, de earms foarút, waarden de boarsten har sawat út it strakke blûske treaun. It die him wat en hy tocht oan Ljudger en syn blondine. Hy seach oer it skouder mar fûn harren net mear werom yn de kliber. Om de peal hinne stiene no feestgongers en se rjochten de eagen op it poadium dêr’t in band him ynspile. Doe’t hy him wer nei de bar omdraaide waard er oansprutsen.

‘Wat kin ik foar dy dwaan?’ har stim wie helder as fan in bern.

Hy seach har rjocht oan. Har antlit wie Aziatysk, hiel oars as dat fan dy mânske ljochte faam dêr’t Ljudger mei stie. Har kaken wiene krêftich en se hie brede, útsteande wangbonken. Har eagen wiene mangelfoarmich en, safier’t dat te ûnderskieden wie yn it ljocht fan in toalkjende sinne, ljocht, brúngrien. It knopke dat sy yn it lofternoasterwjuk hie, fûn er net moai. De kleur fan har hier, kastanjebrún, koe er dêrfoaroer wol wurdearje. Se hoegde it bier net op de bar te setten om har boarsten der útspringe te litten, sokke grutten hie er noch nea sjoen. Syn loaits bleau der lang op lizzen, te lang neffens har.

‘Ik frege oft ik wat foar dy ynskinke kin?’

‘Eh, ja. Sorry, ik hie dy nyskes noch net sjoen. Net liker as komst samar út it neat wei.’

‘Dat hearde ik thús ek faken, sei ús mem: Tsjitske fernimst net, hast hielendal gjin wurk fan as bern.’

‘It is my wat, Tsjitske.’

‘Se streake sawat ûnopfallend oer har boarsten.’

‘No, wat wurdt it, bûke?’

‘Meist my wol Sybren neame. Trije bier, graach.’

Mei in linige beweging brocht se de glêzen ûnder te taapkraan. Se seach wilens op en Sybren miende dat se nei him glimke. Hy glimke werom, mar se hie allinne mar omtinken foar it ôfstriken fan de skûmkragen. Immen gong neist him stean, hie fielde de krêft en hy rûke lavindel. Sybren seach om, neist him stie Sjouke. Syn swart bosk hier hie er nei efteren kjimd, lykas Ljudger neffens de lêste fuotbalmoade.

‘Goejûn, fanke,’ sei er tsjin de taapster.

‘Hallo heit,’ sei se en tsjin Sybren: ‘Sjoch, dat is trije muntsjes. En wat drinksto, heit?’

‘Ien foar de smaak en ien foar de toarst.’

‘Muntsjes? Dy haw ik net.’

Sjouke seach him fan siden oan.

‘Dat is dochs net te leauwen, dat komt hjir oan sûnder muntsjes. Wy betelje hjir al fiifentweintich jier mei muntsjes.’

‘Ik ben hjir foar it earst,’ sei Sybren. Hy seach fan Sjouke nei syn dochter en werom. Itselde fenotype, in krêftige kake, brede wangbonken en in lichte eachsploai, mar oars as syn dochter, dy’t sniewyt fel hie, wie sines ljochtbrún. De man die de hannen yn de broeksbûsen fan syn skjinne overall en liet de munten rinkelje.

‘Seach ik dy net yn de Utdaging mei de soan fan Klaas de Boer, Ljudger hjit er dochs? Dan kin ik dy wol fertrouwe. Sjuch, trije munten, joust se my letter mar werom.’

Sybren betanke Sjouke en rûn nei dêr’t er Ljudger ealge.

‘Ik jou dy net twa bier tagelyk, heit.’ hearde er Sjouke syn dochter sizzen.

‘En hoechst hjir ek net de populêre jonge út te hingjen.’

Ljudger stie noch op itselde plak en prate mei in pear jekkers. De blondine krûpte stiif tsjin him oan. Se hie in earm om syn ûnderrêch hinne slein. Sybren lange Ljudger it bier oer en stiek in hân nei har út. Se lake him gleon oan mar se begriep net de útstutsen hân en Sybren liet him sakje. It bier pakte se al oan en dronk der toarstich fan.

‘Tige tank, dit is Janneke,’ sei Ljudger. ‘Myn freon Sybren.’ Janneke knikte him minlik ta.

‘Do fretst fan twa wâltsjes, De Boer,’ rôpen de jekkers en se laken lûd.

‘Dat is foar my wol wat oars, mannen. In freon is foar my ien mei in kul, net mear en net minder.’ De jekkers laken noch lûder en setten ôf nei it poadium, dêr’t Stagelive begûn mei syn optreden.

‘Moatst hjir mei muntsjes betelje, hast muntsjes? Dat mediterrane type út de Utdaging hat my in pear útsketten.’

‘Hjir hast myn pong, hellest effen foar 75 eury?’ Sei Ljudger, wilens seach er de blondine yn de eagen en bûgde er nei har ta. Se lei de frije hân yn syn nekke en beandere syn tút. Ljudger knypeage nei Sybren dy’t nei de úgong stapte. Bûten begûn it te skimerjen. Foar it munteloket by de yngong van it greidelân stie in rigele. Sybren sleat oan.

‘It is alle jierren wer itselde,’ sei de man mei it ûnfersoarge burd foar him. ‘Altiten stean ik hjir yn de rige.’ Hy sette in flesse jenever oan de mûle. ‘En wat se kostje. Ik moat der foar sparje.’

‘Eamelje net, dat is ek alle jierren wer itselde, mei dy,’ sei syn buorman. ‘’t Is feest, dat is dochs machtich moai.’

It burd draaide de dôp op de flesse en fage de mûle ôf mei de mouwe fan in snústerich fest. Hy wie noch ridlik nochter. De lucht klearre doe’t de mannen it feest yngongen. Hy seach harren nei en it foel him op hoe’t de gasten in grutte romte makken as sy foarby kamen.

‘Dat minsken sa rûke kinne, no,’ sei de man oan it loket. ‘Dat binne Bartle en Djoerd, hoefolle muntsjes woene jo?’

It wie tsjuster doe’t Sybren de bûsen fol muntsjes troppe. De loft wie helder en dêr’t de sinne tuolke, ljochte it boppe de beammen. Sybren fernuvere him deroer en sette ta op de beamwâl dy’t om de greide seame. Jitte foardat er de râne fan de greide berikt hie, hâlde er yn op it lûd dat út de tichte strewellen kaam. It wie kleardernôch hymjende leafde. Sybren troppe de hân yn de bûse mei munten, dat se net rinkelje soene. Nijsgjirrich kaam er neieroan, mar hy besaude oer it oantinken oan fannacht. Hy beweegde hoeden tebek en rûn fierders lykwidich oan de beamwâl nei de feesttinte oant er wer it lûd fan it leafdesbedriuw hearde. Hy gong jitris neier oan de boskjes. Hy seach in slipke en in spikerbroek mei in pear klompen derneist. Hy lake ynhâlden. Mei wat mear gong er de beamwâl bylâns en stelde fêst dat de feestgongers it der fan namen, yn en bûten de tinte. Al waard net oeral hime en pûst, de leafde waard hjir al ûnbaatsuchtich bedreaun.

*

‘Leaust it net,’ sei er en hy tikke Ljudger op it skouder.

Ljudger helle de lippen fan Janneke harres en hy seach lilk.

‘Sjochst net dat ik dwaande bin,’ sei er.

‘Idder wat te rêden?’ frege Janneke mei in lodderige eachopslach.

‘Dêr binne se al goed dwaande,’ sei Sybren en hy wiisde dat earne út. ‘Yn de wâlen.’

‘Dû bedoelst dat se lizze te jûpen,’ sei Janneke.

‘Ja,’ sei Sybren. Hy wist net rjocht hoe’t er reagearje soe.

‘Dat is normaal, it is dochs feest,’ gong se fierder. Se lei de earms om Ljudger en bea him de lippen fannijs oan. Ljudger seach Sybren fuort en gong troch dêr’t er bleaun wie.

Janneke hie in ynkringende rook om har hinne, Sybren tocht dat it chanel no 5 wie, mar hy koe it net rjocht thús bringe en tagelyk frege er him ôf of studintes ek sa’n lucht brûkten; it wie mear wat foar harren memmen, mar dat joech no krekt wat útdaagjends oan in famke as Janneke. Ast de eagen ticht diest fernaamst it ferskil net iens.

Hy kaam neier oan it poadium en harke nei in klassiker fan Status Quo dy’t de band net fan echt te ûnderskieden spile. De minsken foaroan hiene net allinne swart learene jekkers oan, guon droegen ynstee dêrfan in blokt read-swart of blau-swart bûsgroene, mei in spikerbroek en klompen mei in learke oer it krop. De stimming kaam der goed yn, se trapen it ritme mei op de houten flier. It kaam suver oer de muzyk hinne. Doe’t it nûmer dien wie kundige de sjonger Paradise by the dashboard oan. Der gong in lûd jûchhei op en elkenien song mei. Se hâlden in bierglês of in barnende oanstekker yn de hichte en dinen mei op de muzyk. Sybren naam it fol fernuvering yn him op. Safolle ienriedigens hie er net ferwachte yn in buorskip dêr’t sokke ferskillen bestiene tusken it heidensk en it leauwich folksdiel, dat it sawat net grutter koe. Hy begûn mei te sjongen en tocht oan de studinteferiening en Jacky kaam him wer yn it sin.

It was long ago and it was far away

And it was so much better that it is today

It was long ago and it was far away

And it was so much better that it is today

*

Oerstadich stoar de muzyk fuort en Sybren seach de lippen fan de sjonger sluten op dy fan de sjongeres. De minsken begûnen te fluitsjen en te razen. De sjonger rjochte him op nei in koarte tút en griep de mikrofoan.

‘Leave minsken, skoft,’ sei er. Hy liet de sjongeres los út syn greep en hy helle in hân troch it betize hier.

‘Ien, twa, trije, sûpe,’ klonk út it publyk.

De lûdsman spile piratemuzyk. De jekkers en de blokte bûsgroenen draafden nei de bar, dêr’t it bier al op har wachte. De leden fan de band stieken in sigaretsje op. Sybren joech him nei Ljudger. Hy hie in earm ûnder it truike fan Janneke. Se hie de eagen ticht.

‘Ik helje bier, jimme wolle dochs ek wol ien?’

Ljudger knikte, wylst Janneke read oanrûn.

*

Sybren krige it plakje oan de bar dat Sjouke foar him iepen hâlde.

‘Dat dy taapster is dyn dochter?’

‘Ja, dat kloppet.’

‘Se liket op dy.’

‘Dat sizze wol mear. Ik haw noch sân bern. Twa lykje op my, in pear op de frou, in pear is in mjuks, en in pear in mjuks fan de foarteam. Ik kin teminsten net sizze hoe’t it oars kommen is.’

‘De ferneamde molkboer?’

‘Ha,’ sei Sjouke. Hy sloech it glês bier efteroer en fage de lippen ôf oan de mouwe fan syn skjinne overall.

‘In molkboer is hjir net, mar soe it wat? Uteinliken stamje wy allegearre ôf fan Adam en Eva, dat witst dochs?’ Hy seach Sybren oan net liker as hie er de bril mei de ferdonkerjende de glêzen noch op. Syn iris wie fan it djipste brún, omtrint swart.

‘Dat wurdt wol oannommen,’ sei Sybren kjel.

‘Dûmny preke der oer, by de doop. Hy hie it oer oerwinnen fan eigenskippen. Hy neamde in mûnts, Mendel.’

‘Owh grif. Jo krije noch munten fan my.’

‘Hoecht net, juh. Hoechst allinne mar in pear gleskes bier foar my te keapjen. Dan hast it my al mear as fergoede.’

‘Ik soe krekt bier bestelle, foar my en Ljudger en syn faam.’

Sjouke kniep de eagen gear, it joech him noch mear Aziatysks.

‘Faam?’ frege er.

Sybren fernaam Sjouke syn nijgjirrigens.

‘Faam?’ werhelle hy de fraach.

‘Ja, dy blondine, se hjit fan Janneke.

‘Wêr hâlde se ta?’ Frege er, hy begûn flugger te sykheljen.

Sybren wiisde nei de midden fan de tinte. Sjouke ferliet fuort syn plak oan de bar. Hy krong tusken de omsteanders troch en hy stampte nei Ljudger dy’t Janneke just ynlik yn de eagen seach en har oankrûpte. Sjouke kloppe him op de rêch. Ljudger kearde om en stoarre yn de swarte eagen fan Sjouke.

‘Sjouke…,’ sei er en sabeare ûntspand ploaide er it antlit yn in ûntskuldigjende glim.

‘Ljudger de Boer, witst hoe âld hju is?’

’Achttjin, dat hat se my fernijd, mar wat nukt dy dat no, man?’

‘Ik haw him neat fernijd,’ foel Janneke yn.

‘Fyftjin en myn dochter, fal har net lêstich,’ sei Sjouke. Hy treau Ljudger oan kant en hy joech syn dochter in klap mei de flakke hân.

‘Nei hûs, dû ljidske, oars krigest mei de latte oer de beolch.’

Janneke seach him dûm oan, mar hy stjoerde har mei de eagen en snokjend gong se de tinte út. De jekkers en blokte bûsgroentsjes stiene der deun op en âlen der oer. Sjouke kearde him om nei harren ta en op slach wie it stil. Hy loek de overall rjocht en joech Sybren en Ljudger oan om him te folgjen nei de bar.

‘De barhingers wike foar ús as de see foar Moazes en Israëls bern,’ sei Sjouke mei in gnyske. ‘Bestelstû effen, Sybren. Twa bier foar my, ien foar de toarst en ien foar de smaak. Hjir hast muntsjes. Lit it har net merkbite, dat it foar my is.’ Hy makke in gebeart mei de holle dat út fan syn dochter efter de bar.

Sybren stiek de earm op.

‘Fjouwer bier graach.’

Se seach op fan it taapjen.

‘Momint,’ sei se. Se striek it skûm fan it bier en sette de glêzen foar syn buorman op de bar. Se spielde glêzen om en tape se fol.

‘Bistû in freon fan ús heit? Meastal sjogge dy der oars út,’ sei se en sette trije glêzen foar him del.

‘In freon, dat net nee. Ik bin krekt mei him yn de kunde kommen.’

‘Dû wiest dochs net fan doel om hieltiten bier foar heit te keapjen? Dat soarte freonen, dêr haw ik net sa it smucht op.’

‘Hy hat my muntsjes jûn en it my frege.’

‘Hoefolle hat er foar himsels besteld.’

‘Ien foar de smaak en ien foar de toarst.’

‘Al wer? Dat is typysk heit,’ se naam in glês oan en rûn nei de taap werom.

‘Ik haw de munten hjir,’ raasde Sybren. Hy seach har lippen op en del gean, tocht soksawat as ‘judasjild’ te lêzen, mar wie der net wis fan.

Sybren joech Sjouke it glês.

‘Se hie dy troch, Tsjikky,’ sei Sjouke. ‘Hju wol my fan myn earlik fertsjinne wykeinbier ôfhâlde. Ik haw de hiele wike bikkelhurd bealge en ik bin oan mysels ta en dan fergunt se my dat pilske. Sels op it doarpsfeest.’ Op de boppelippe hie er in wite snoar, it glês wie leech.

‘Sis, De Boer junior, wolstû noch in pear foar my helje by in oare taapster. Hast Janneke beleage, bist it my wol skuldich.’

Ljudger ferdwûn mei in hânfol munten yn de kliber.

‘Dy dochter liket yndie yn neat op Tsjitske – moaie frou ek, oars.’

‘Ik hie de hannen fol om har in bytsje beskaafde grut te krijen. Leit se it oan mei dy Ljudger, wêrtst by stiest. Ik sis wol ris tsjin mysels, fan wa hat se dat. Se tinkt út har krús wei.’

‘Se sjocht der al âlder út, dat koest him net kwea ôf nimme.’

‘Fansels, hy koe der neat oan dwaan. Mar as dy De Boer sa is as al dy oare De Boer-jonges, dan wit ik wol wêr’t dat beteard wie fannacht: efter de feesttinte. Sa gie it altiten. Dû woest as jongfeintsje ek wol ris wat, mar my mocht it nea barre. En foar’t ik it wist, siet ik oan Teats fêst. Ik wiisde nei har en se wie al swier fan ús Pimke… owh ja.’

Sjouke dronk it glês leech. Hy seach Sybren ûntskuldigjend oan. Sybren kearde him om en bestelde gau in glês bier by ien fan de taapsters dy’t op him taskeat, se hie kleardernôch al in ôfspraakje regele mei ien fan de jekkers of blokte bûsgroentsjes. Efter de taap wei naam Tsjitske him ûnoandien oan, se waard der noch oantrekliker fan. Hy stiek in tomme op nei har en lake. Om har mûle en eagen ferskynde sawat ûnopfallend in ploai, doe bûgde se har fannijs oer de glêzen yn de spielbak. Sybren lange Sjouke it glês oer.

‘Drinkst sels net?’

‘Ik wist net oft Tsjikky my twa yntaapje soe.’

‘Wêr bliuwt dy De Boer-jonge no? Sa wurket it net, ien foar ien. Wat in toarst. Se hie dy fuort troch no,’ sei Sjouke. ‘Dat ik fan har net drinke mei, nim ik noch op de keap ta. Salang’t se hjir mar delkomt. Se learde yn de stêd, se hie op skoalle alles ek samar foar it ferstân. Se hie der ek Hebrieusk.’

‘Hebrieusk? Woe se wat mei godtsjinst dwaan?’

‘Ja, soksawat. Se …’

Sjouke syn stimme foel fuort yn it lûd fan Stagelive. Se spilen it lûdere ûnderdiel fan harren repertoire.

‘Wat docht se?’ besocht Sybren jitris, mar Sjouke gong as in âlde jekker, yn overall dat al, op yn de muzyk en rûn nei it poadium. Oan de bar ûntstie wer wat rûmte en healweis de tinte seach Sybren Ljudger stean. Hy beweegde de holle op it ritme fan Van Halen en song Running with the devil mei. Sybren besleat noch in glês bier te nimmen by Tsjitske. Hy stiek de earm op, se kaam al op him ta. Se bûgde de holle en hy seach hoe’t har blûske har strak om de boarsten spande. De knoopkes joegen amper genôch wjerstân oan de spanning en Sybren fielde dat syn broek te strak siet.

‘Sis it mar.’

‘Doch my mar in bier. Dyn heit seit datst studearrest, teology?’

Se glimke.

‘Teology, seit er. Ha, dat is goeienien.’

‘Ik betocht it sels. Omdat er it hie oer Hebrieusk op skoalle.’

‘Ik taapje earst in pilske foar ús, dêrnei prate wy fierder, as it kin om it wurk.’

Se betsjinne in pear bekenden dy’t nei har rôpen. Sybren hong nei harren ta en fong wat wurden op.

‘Mochtst wer effen nei W. komme fan dyn mantsje. Goed, dan kin ik dy wol ris lekker ferwenne.’

Se seach de jekker mei syn strak nei efteren lutsen sturt kâld oan. Har lippen beweegden op en del en fuort ferdwûn de gniis fan syn troanje. Se groete him en hy sette ôf. Tsjitske helle de kraan nei har ta en tape twa glêzen fol, doe joech se taapster de wink. Se joech har in steapel glêzen oer en bespriek wat mei har, de taapster seach oer it skouder nei Sybren en werom nei Tsjitske. Se eage prot doe’t se begûn te taapjen. Tsjitske rûn op him ta, se lake ferromme.

*

‘Ha, Sybren,’ sei se. ‘No kinne wy effen yn alle rêst prate.’

‘Kinst samar efter de bar wei gean?’ Frege Sybren.

‘Ik bin ynhierd oant 23:00 ta, myn wurk is dien. Mar dû witst hoe’t soks giet yn in doarp, no?’ Se nipte fan har bier.

‘Nee, fertel.’

‘Tradysje is sterker as ôfspraken.’

‘Hoe bedoelst?’

‘Het Wijingsfeest hat altiten op frijwilligers draaid, dat dan wurdt der tocht út de mienskip wei. De minsken fan it doarp fine it frjemd ast dy oan in ôfspraak hâldst, dy’t stridich is mei it mienskipsbelang, de tradysje. De ôfspraken wurde foar de foarm makke. Mar ik wol sels ek effen wat meinimme fan it feest.’

‘Fansels.’

‘Nei de muzyk harkje sûnder dat fize gebalt fan dy sûplapen oan te hearren dat se bier wolle en mei dy op bêd. Ik wenje hjir net mear, mar de measte taapsters geane aanst allegearre mei harren date mei.

‘Owh?’

‘Dan lizze se te kronkeljen efter de tinte, of yn de boskjes, mei de man dy’t se earder oan de bar as earste in potsje oanbean hawwe.’

‘Soa,’ sei Sybren, ‘dat liket wol in bytsje op it balmos by ús feriening.’

‘Mar dû bist net ien út it doarp, dochs?’ Gong se troch.

‘Dat kloppet, mar dat is gjin echte fraach. Do kenst elkenien hjir dochs? Ik bin hjir mei in freon, hy stiet dêrearne foaroan, tink ik.’

‘Wolst noch in glês?’ Frege se.

‘Ja, ik krij altiten toarst fan dy persoanlike ferhalen.’

Se makke mei de hân in drinkbeweging nei de taapster, dy’t har frijwat út de hichte opnaam, lykwols ek tagelyk wurk makke fan de bestelling.

‘It is net teology?’

‘Nee juh, heit hie it tink oer Hebrieusk. Hy kinst soks net ûnthâlde, hy hat 8 jier legere skoalle. Ik haw gymnasium dien. Wy hâlde it mar op Latyn, ok?’

‘Ik hie dyn heit al troffen yn de kafetaria.’

‘De Utdaging, bah,’ sei Tsjitske.

Sybren woe begjinne oer de drager, mar it wie te rânzich om te fertellen, al wiene de mores hjir yn in beskaat opsicht ek walglik en prate sy dêr hiel nochteren oer.

‘De measte minsken bliuwe hjir in libben lang,’ sei se. ‘As earne in tradysje yn stân hâlden wurdt, dan leit hjir op dit feest it begjin. Se dogge it hjir en ier of let reitsje de famkes yn ferwachting, it siedsje fan de tradysje wurdt hjir trochjûn.’ Se kuerde ûndersykjend om har hinne. ‘Ik meitsje der stúdzje fan.

‘Skiednis?’

‘Mis. Noch in kear.’

Sosjale geografy?’

‘Sosjology.’

‘En do observearrest partisipearjend?’

Se seach him oan. De pupillen wiene grut yn it skimerljocht fan de feesttinte en se liken de hiele iris swart te meitsjen, lykas fannemiddei har heites efter de bril wei west hiene.

‘Wêr sjochst my foar oan?’ Rôp se en se krige in spotske laits.

Se kearde har om nei de taapster.

‘Wolst my noch twa gleskes taapje, Fardou? Sybren, nimst se oan, ik moat nei it húske.’

De faam tape it bier fuort en sette se foar Sybren del. Se nige de holle nei him ta.

‘Wês in bytsje wach, man,’ sei se. ‘Se pakt wat se pakke kin, dy slet.’

‘Tanke foar de warskôging,’ sei Sybren. Hy preau fan syn bier.

Tsjitske kaam der al wer oan. Se wiggele mei de kont, dêr’t dy fan Kim Kardashian folslein by yn it neat ferdwûn. Hy stiek de hân op en se beantwurde de groet. Hy joech har it glês bier doe’t de sjonger fan Stagelive ophâlde fan sjongen. De leden fan de band folgen syn foarbyld en gongen om him hinne stean.

‘Ophâlde dêr,’ sei de sjonger. ‘Fuort ophâlde, of wy hâlde der mei op.’

Foaroan by it poadium wie in opskuor. Der fleach in stoel troch de loft en de kliber wykte út inoar. Sybren gong op de bar stean en seach Ljudger yn bokshâlding foar in jekker oer stean. Tsjitske gong neist Sybren sitten.

Ljudger en de jekker stiene inoar driigjend ôf te taasten en loerden nei inoar yn ôfwachting fan de earste klap.

‘Aardige freon hastû. Dy kjirl dêr’t er spul mei hat, dat is in eks fan myn suske. Dat is hjir net wenst, mar ja myn suske is ek net alhiel sa’t se hjir wend binne.’

‘Dyn suske dy ken ik al, sy en Ljudger stiene te tútsjen. Dyn heit wie der net sa wiis mei.’

‘Dat mienst, no typysk. Dat kin it wêze, mar it kin ek wêze dat er op stront út is. Hy komt fan boppe de trekfeart út A. Der is al ieuwenlang in striid tusken dat doarp en hjir. En dan is er net allinne. Dan komme hju om ferhaal te heljen, it heart by de tradysjes. Oarsom dogge hju hjirwei itselde op it doarpsfeest fan A.’

‘Sjoch,’ gong se fierder mei in ynhâlden glimke, wylst de jekker Ljudger in stjit ferkocht. Ljudger griep nei syn wang en seach nei syn hân. Wilens helle de jekker wer út en rekke Ljudger op de sliep. Ljudger foel om mar yn syn fal helle er út en sloech de jekker fol op it kin. De jekker loek hielendal strak en draaide om de as en gong knock-out plat tsjin de grûn. Op de knibbels seach Ljudger om him hinne en stiek de earms omheech.

‘Homo, homo, dêr moat in pimel yn, dêr moat in pimel yn,’ balten de minsken om Ljudger hinne yn koar sûnder har te rjochtsjen tsjin immen, al wie har omtinken by in blokt bûsgroentsje dy’t him úntferme oer de jekker en him hoeden tikjes op de wangen joech. De ynhâld fan it glês bier wurke better en stadichoan kaam er wer by, wylst Ljudger him tusken de skonken fan de omsteanders troch krûpend yn feiligens wist te bringen. Efter him jûchheiden de minsken om de jekker dy’t oerein kaam doe’t in sterke earm him omheech loek. Hy seach kjel yn de swarte eagen fan Sjouke.

‘Wat dochst man. Dat giet op de kop ferkeard. Heardest net wat se rôpen? It is langer slimmer as Sodom en Gomorra, dêr boppe de feart.’

‘Hoe no, Sjouke?’

‘Dû giest hjir wei út dit gekkehûs.’

Stagelive begûn wer te spyljen en as in wûnder joegen de lju har ôf nei it poadium.

Sybren sprong op de grûn en en hy joech Tsjitske in hân om har fan de bar ôf te helpen.

‘Dû bist in echte hear, Sybren,’ sei se en hy wist net oft se grapke.

‘Wy geane harren nei, ik moat witte hoe’t it mei Ljudger is,’ sei Sybren. Hy hie har by de hân, dy’t noflik waarm oanfielde en hy troaide har mei him nei de yngong fan de feesttinte.

Mear fan Sjieuwe Borger

Memento mori Dêr is de âld toer al, hy wibelet my suver temjitte.
Piano piano Myn sweager en ik tôgen de piano by ús yn de hûs. De piano kaam by myn suster en myn sweager wei …
Yntermezzo Yn de nacht waard er wekker en frege er him ôf oft er Jacqueline sjen moast as syn faam lykas dy froulju dêr’t er wat mei hân hie foardat er …
Eksamen It ûnthjit fan de simmer gong goed yn ferfolling, de sinne sprate syn gleonens allinkendewei oer de stêd.
Toernoai Sybren trof syn jierklub yn de hockeykantine. It jierlikse toernoai fan de studinteferiening wie oer it wykein útsmard …
Freed ‘ekker wurde bûke’ trúnde de man oan mei syn heech nasaal lûd, wylst er him oan de earm op loek. ‘Is dat no normaal …
Dies ‘Sorry, ik moat fuort’ sei er. ‘Jierklub.’ ‘Litst my yn de steek?’ frege se kjel.
Cordon bleu Sybren griep nei syn snoadfoan. ‘Giest hjoed wer nei de UB?’ frege se.
Dwylsin Sybren pakte de brûskop út de hâlder liet it wetter oer it liif rinne. Hy spande de lofter boppe-earm …
Oan de Efterwei Ljudger stie te beljen. Syn útdrukking feroare fan kjel yn helpleas en hy einige it petear.
1 2