name

folgje ús

Facebook Twitter Google

 

Proaza

Memento mori

Sjieuwe Borger - Fers2 nû. 6.2, 10 april 2020

 

sjieuwe borger image

 

 

Wat in aaklike wyn ik traapje my út inoar. Dêr is de âld toer al, hy wibelet my suver temjitte. Dat wyntsje hie ik better stean litte kind. Smakke oars hearlik. Noch in lyts eintsje, gelokkich. It is dochs net te leauwen, wat in lúkse weinen steane der. De rigele begjint al fier foar it leantsje. In pear trapen en dan bin ik der. Sa, it leantsje yn. Jezus wat liede dy klokken lûd. Kin dat net wat minder? In minske soe dochs breinroer wurde fan dat lawaai. It doarp, it heart by it doarp sizze se. It kin om my oppakke, dat doarp as it om it lieden giet. Wat kin my dy tsjerke nukke, dêr haw ik jierren lyn al mei ôfdien. Heit en mem, harrejasses. Fuck heit en mem. Ik wol rêst yn de holle en dit komt fan bûten wei. Ophâlde, hâld dy yn, dêr giest sawat.

In man pakte har by it stjoer en de ûnderearm. ‘Dêr koe ik dy noch just heine, Rinskje. Wêrom sa rimpen, bist dochs al te let.’

Jurjen, wat er in prachtige eagen.

‘Hast my rêden. Oars hie ik hjir ûnderút lein tusken de núnders.’

‘Ja fanke, men moat wat dwaan foar jins neiste, net? ’ Jurjen knypeaget gau-eftich, kin ek wêze dat er in stofke yn it each hie.

‘No dêr giest.’ Hy krige har by de boppe-earm en jûch har in triuw. ‘Sjuddy.’

Lekker dat er my effen oanrekke, in bytsje leger hie noch lekkerder west. Ik wiuw him in lofttút nei.

Dy sûch wol my net iens sjen, hat inkeld each foar greide en kij, in echte greidboer. Iuwenlange seleksje, dat kin net oars. Sy kinne hjir allinne mar fier sjen, deunby mist harren. Ik soe by him oars wol faker falle wolle, hy soe net begripe hoe’t it kaam. Ha!

Moai, ik bin der, de fyts effen yn de stalling en dan sykje ik in plakje.

‘Goeie, Rinskje, wat ferskriklik net?’

Oe hea, Jant. Wat moat men dêr no fan sizze. Wurden kinne hjir net foar, mar wat kin my it feitlik nukke.

‘Sa jong noch.’

‘Ja, en dat Jan der no allinnich foar stiet, mei de bern.’

‘Net bêst, juh.’

Se komt op my ta. Ik bûch effen oer it eftertsjil om de fyts op slot te dwaan. Ik sis noch wat om it wat belykje te litten.

‘Om sa jong derút te stappen.’

Hoeden opsjen. Rint se troch? Nee sy stie te wachtsjen, aha, dêr komt Jurjen oan.

‘Goeie Jurjen, wat ferskriklik net?’

‘Goeie Jant, it is net bêst, no.’

Jurjen bringt útrêding, nimt har by de earm, dêr hie ik rinne moatten, syn earm om my hinne. Dy doaze fan in Jant ek altiten, mar wat wolst. Sy is frij en ik bin troud. Hoewol, sy hat twa pubers. En Jurjen is de ideäle skoansoan, al is er foar my wat jong. Ik mei him graach lije. Hy mei him by my wol ris opsette. Hoewol… Hy kin him net stilhâlde, soe it hiele doarp yn opskuor reitsje. Ik folgje harren mar it tsjerkhôf op.

‘Rinskje, rinst mei ús op.’

‘Ja fansels, ik wist net datst sa goed mei har wiest.’

Hejuh, wat in domme opmerking fan my.

‘Myn broer is befreone mei har broer. Hy kaam by ús oer de flier.’

‘Aha.’

‘En do?’

Stom, elkenien ken elkenien hjir yn de buorren. Ik ek, al wenje ik hjir noch mar jier. Mar goed dat se fan inoar allinnich de uterlike saken witte. Oars wie it hjir echt net út te hâlden. Wêrom bin ik yn godsnamme winliken nei dit gat ferhuze. Ast dy net sjen litst by in begraffenis, dan drage se dy dat nei oant it sande slachte. No de stoepe op, tuike oan dat de knibbels it hâlde meie. Tenei wat minder fûleindich springe, ik wurd in dei âlder. Mar sjochst it my net oan, dat ik de fyftich al foarby bin. Seit Douwe ek. En hy kin it witte, hy snijt deistich yn minsken om, as wie it in slachter. Sjocht wat der fan oerbliuwt as se de tritich foarby binne. Se hawwe in pânse, sloppe spieren, hingelwangen, pûden ûnder de eagen. Mar ikke net, alle dagen yntinsyf meditearje, joga. Moarns om seis oere kuierje mei de hûntsjes, op in minsten in healoere. Ik kin der net sûnder, as ik dát net dwaan soe. Hâlde ik it hjir alhiel net út. Tanke wol Douwe, foar it komplimint. It is dat ik mei dy troud bin, datst it witst. Mar fierder leist my sljocht. Hoe’t ik har ken fregest my, Jant? Ik haw it mei har man dien, op it earste doarpsfeest dat ik hjir meimakke. Spitich dat er my dêrnei net mear oansjen woe.

‘Ik trof har op it doarpsfeest, ik rekke mei har oan de praat.’

‘Ok, wie sy doe ek al sa delslachtich?’

‘Nee, juh. Sa bliid as in protter.’ Dat men dat sa sizze koe. Hoe soe it de man no fergean?

Jant hâldt it stekje foar my iepen, sy is tink bang dat ik it oanlis mei Jurjen tink, sa swier hinget sy him yn de earms.

‘Sjoch, de minsken komme de tsjerke al út. Wy slute ús by harren oan.’

Ja dan rinne se ús foarby en dan witte sy dat wy der by west hawwe.

Wy skufelje fierder. Gelokkich dat der net safolle minsken stjerre, trije kear om de tsjerke en dan as in streep it hôf oer nei de kûle. Makket net út oftst oer de grêven rinst of der tuskentroch, elk is der op út om foaroan te stean. In oar syn leed telt net, dat hat west. Elkenien hat rjocht op syn eigen five minutes of fame, haha.

Pastoar stiet al by de kûle mei it wijwetter. Al is it grêf dan ek al net wijd, en kin dat ast dysels tekoart dien hast? Ach wat wit ik der ek fan. Wat in moaie man, wêrom moat sa’n oantreklike man no pryster wurde. Dat is dochs skande, fergriemen fan manljusfleis. Sûnde, hu! Hoewol, goed mooglik dat er net fan froulju hâldt, âlderwetsk selibatêr.

Owh wy geane net trije kear, fansels it is in Roomske begraffenis. Ik gean deun by de pryster stean, in knypeach kin dochs gjin kwea? Hy moat it fansels al sjen.

‘Goede frou, tinke jo derom dat jo net yn it grêf falle. It is net foar jo ornearre.’

Wat in sterke greep, ik span effen de boppe-earm, dan kin er fiele wat ik te bieden haw. Oeh, hy sjucht my yn de eagen. Ik wurd wiet. No ja, nimmen dy’t it sjocht. Spitich fan dy swartrôk.

‘Leave oanwêzigen, lit ús bidde. Us heit yn de himel, jo namme…’

Owh moatst sjen, Jant docht de hannen gear en de eagen ticht. Mar wat docht dy pystige Jurjen dêr? Hy slacht in earm om har hinne. Se dogge allegearre sawat mei kinst sjen oan de preuveljende lippen. Ik bid al jierren net mear. Oant myn njoggentjinde haw ik bidden, oant myn âlden by inoar wei gongen. Doe waard ik wekker en begûn ik myn eigen libben te lizzen. Jurjen kaardet har watte betûft oer de rêch, sy genietet der fan, dy blei. En dat wiif njonken har, dy is fet. Jongejonge, Douwe sil soksoarte ûnder it mes krije tink. Earst 25 kilo ôffalle. En dat kapsel fan dat frommis, in wc-boarstel. It liket wol wenst om nei jins fiifentritichste maklik hier te hawwen en de skuon allyksa. Learskes, dêr sjogge se dy op oan. As wie in ûnfoech, mar se wolle net tajaan dat se har net steane mei de grouwe konten en liven. Dat de hakken der ôfbrekke. Gatfer hoe krige Douwe it yn de plasse om hjir hinne te wenjen. Gelokkich haw ik goed ûnderhannele, ik haw myn eigen plakje. 30 kante meter yn myn eigen stêd.

‘Amen.’

It duorre al wat langer as by ús destiids. Pastoar langet Jan in lep oer, dêr falt de earste skeppe op de kiste. Tsjonge wat in kontwurk hat dat wiif, jong hawwe se sokke moaie slanke lea en ljocht hier en blauwe eagen. Dêrom is myn pake destiids oan beppe hingjen bleaun. Hy woe net werom nei Wupperthal, hy hat nei de oarloch sels syn paspoart ynruile. No ik bin der wiis mei dat ik der net sa Frysk útsjoch, nimmen sil my oansjen op myn skaainamme. Dy heart alhiel net Dútsk. En ik lykje fansels op ús mem út Hollân.

‘Rinskje, giest mei om in bakje?’

Ik haw der net safolle sin oan, ik haw mear te dwaan. Mar ik lit my net kenne, sa bin ik net. Se prate oer my as ik no al ôfset. Goaien it sit my efter, it swit brekt my út. Jant stiek de earm troch harres.

‘Dy Jurjen is oe sa frousk, bliuwst by my?’ lake Jant.