name

folgje ús

Facebook Twitter Google

 

Freed

Sjieuwe Borger - Fers2 nû. 4.8, 22 april 2018

 

sjieuwe borger image

 

 

Wekker wurde bûke,’ trúnde de man oan mei syn heech nasaal lûd, wylst er him oan de earm op loek. Sybren knipere mei de eagen en stelde fêst dat er ûnder in bousteiger slept hie. Yn de fierte lei de feriening.

‘Is dat no normaal, om yn de iepen loft ûnder seil te gean?’ sei Sjouke yn in skjinne overall.

Sybren wreau yn de eagen. Wat die dy man hjir no wer.

‘Tafallich. Hoe let is it, baas?’

Sjouke die as seach er nei de loft.

‘06:30 oer, rûs ik. Yn de stêd falt dat net sa licht te sizzen. Mei al dat beton sjochst de sinne mar min.’

‘Wat bringt jo hjir sa ierebetiid?’

‘Ik kin hjir in pear fertsjinje, fannejûn kear ik goed foarsjoen nei mem werom.’

‘Owh?’

‘Owh ja, wy ferbouwe de boel hjir. En strak gean ik nei Tsjikky, om har in nije kuolkast te bringen. Regele foar har,’ sei er en hy lake, falsk koest it net neame, mear wiis mei himsels al wie it dat ek net.

‘Ik haw it ding foar in prikje, fan buorfrou, echt wat foar Tsjikky, hie ik sa tocht.’

‘Moai foar har, Sjouke, mar soest no’st hjir bist, my nei hûs bringe wolle? Ik bin hielendal beklûme,’ sei Sybren, hy gong stean en hanbûke.

‘Wat jouste?’

‘Watst wolste.’

Sybren gong op it byridersplak sitten yn de reade VW-golf. Sjouke die de piratemuzyk leger en joech gas. De kuolkast op de karre efter de auto wie stevich fêstsjorre. Sjouke skattere yn alle bochten en song mei de piraat mei, wilens joech Sybren de rûte oan. Under de Clown fan Ben Kramer stoep Sybren út.

‘Tweintich eury. Troch dy kom ik noch te let op karwei, 25 is ek goed,’ sei er. Hy hâlde de hân troch it rútsje. Sybren helle de pong te foarskyn.

‘Ah, it wit wat betters,’ sei Sjouke, hy lei de hân op it stjoer en seach Sybren mei syn swarte eagen troch de spegel oan. ‘Ast my helpst mei dy kuolkast, dan is it ek goed.’

Sjouke seach der yndrukwekkend út mei syn swart bosk hier en syn dûnkere eachopslach, Syben koe ûnmooglik wegerje.

‘Akkoart.’

‘Ik helje dy op om 16:00 oere.’

Sjouke ried lûd toeterjend fuort.

 

Ljudger en Ivette joegen Sybren in waarm wolkom yn syn keamer.

‘Ik tocht dat jim yn in hoteltsje woene?’

‘Der wie neat mear iepen. Fynst it – hoopje ik - net slim dat ik ôfskie nim fan Ivette?’ frege Ljudger prot. ‘Ik haw de sliepbank yn de mienskiplike keamer al foar dy opmakke.’

Ivette seach oer it skouder.

‘Ik tochts datst by Jacky wiest?’ sei sy.

Sybren loek de doar efter him ta en foel op de lekkens yn ’e sliep. Hy bedarre wer yn de Kroech en song mei de jierklub in nij kûplet.

‘I finally found a whore
She was small and thin
God damn son of a bitch
I couldn’t get it in’

Dêrnei sloech er Piter del, en rûnen se mei inoar foldien de strjitte op.

 

Durandus siet foaroerbûgd oer in klapper. Sybren lei syn eigen boek neist Durandus sines en krige de klapper op.

‘Yntroduksje yn de statistyske meganika,’ lies er. ‘Dat is gjin ienfâldige kost.’

‘Dat kloppet,’ sei Durandus. ‘Tige slimme formules, ik bin altiten jaloersk op lju dy’t goed wiskunde kinne. Sille wy in bakje dwaan, dan kin ik it effen besakje litte.’

Hy bleau nettsjinsteande sitten en stoarre foar him út yn de fierte.

‘Dy faam dêr,’ hy makke in beweging mei de holle. Tusken de stellingen troch koene se in famke sitten sjen dat nei harren werom like te stoarjen. Dêrnei digere se wer nei it tablet foar har. Sybren koe har fan de soasjeteit dêr’t se him wol ris op de moandeiskofje opfallen wie, brún hier, brune eagen.

‘Moatst har omtinken sjen te krijen,’ zei Sybren en hy wiuwde nei har. Se seach net op fan har tablet.

‘Lit dat mar oan my oer,’ sei Durandus.

‘Doch it dan ek man,’ sei Sybren. Der trille in boadskip by him yn.

‘Ik bin ûnderweis nei Haadterp, dêr wachtet in moai yn blau stutsen dame mei ljocht hier op my. En ik stek aanst ek yn it blau. Tank foar dyn bêd.’

‘Sjoch,’ sei Sybren en hy liet Durandus de snoadfoan sjen. ‘Dizze jonge lit der gjin gers oer groeie.’

‘Guon ha dat,’ sei Durandus. ‘Mei Mariko hie ik it graach oars sjoen. Spitich dat se der mei dy poehaman útpykt is.’

‘Wês bliid, it seit wat oer Mariko.’

‘Jaha, die lijer hat al har freondinnen ôfwurke en it doe oan har fernijd, as woe er har knoeie.’

‘Echt kânsleas.’

‘Hiel oars as ik mei myn prinsipes, se kaam by my werom, mar ik woe har yn noch út net mear. Ast sa maklik bist, dan leaver dat fanke dêr, Nynke hjit se. Se sjocht der ek noch ris moai út.’

‘Ik ken har,’ sei Sybren.

Nynke seach op fan har tablet dat fan harren út. Durandus stiek in ûnferskillige hân op en se groete him fleurich werom. Durandus begûn te glimmen en kaam oerein. By de útgong seach er noch ris oer it skouder, Nynke seach him nei, lake en naam haar lêshâlding wer oan.

‘Hast al byt, man,’ sei Sybren.

‘It koste wat muoite, oant ik har by de natuerkundige tiidskriften sitten seach. Dat wie in goede oanknoping.’

Durandus en Sybren rûnen de treppen op nei de kantine. Op it terras stieken se in sigaret op en se dronken der swarte kofje by.

‘Wy hawwe juster fochten op de Kroech,’ sei Sybren. ‘Ik waard fannemoarn ûnder bleate himel wekker.’

‘Ik hie it al wat heard, wurde jimme no útsletten?’

‘Sy hawwe ús al straft mei in nacht bûtendoar sliepe.’

‘Sit wat yn.’

‘Mar ik woe dy wat oars fertelle. Ik bin der koartby in bysûnder typke tsjinkommen.’

 

‘Dy is goed siik,’ sei Durandus doe’t Sybren syn ferhaal dien hie. ‘Of it is prettich of it is foute boel. Mar do bist geastlik ek siik, wa stekt de finger no yn it rinkje fan in dame dy’t er noch hielendal net ken.’

‘Ik wit net, it kaam samar yn my op en ik koe it net litte. Se siet dêr fansels ek sa poerneaken op bêd. Se wachte oant ik him der ynhingje soe. Lykas wy juster dan úteinliken al dien hawwe, hy skrynt my der oer.’

‘Mar se rint by in psychiater, moast foarsichtich mei wêze. Se is kwetsber en aardich ûntarekkenber.’
‘Tinkst?’ sei Sybren. ‘Ja, it silt wol, jou my noch ris in sigaret. Ik wie der oars fan ôf.’

Se smookten swijend en seagen oer de balustrade nei it ferkear ûnder harren. De sinne skynde mei krêft en de himel wie donkerblau. Nynke ferskynde yn in blomkesjûpe en gong by harren stean. Har brune eagen skitteren.

‘No Sybren, jimme hawwe it juster mar mâl dien. Ik lies dat jimme de tagong fan de Kroech ûntsein is,’ sei Nynke.

‘Sa slim wie it oars net wat der bard is. De kroechkommisje lokke it sels út. Ik bin sawat deaferzen fannacht, ik haw bûtendoar slept.

‘It friest nachts noch?’ frege Durandus.

‘Ik wie kâld.’

‘En hoe is it mei dyn jierklub?’

Sybren pakte syn snoadfoan. Er stie in rige meldingen yn de groep. Rolf frege oft ien al wat fan Sybren heard hie. Sybren melde him en fernaam dat nimmen der slim oan ta wie, in pear blauwe plakken, kniesde ribben en in bloednoas, dat wie alles. Se hiene frij betiid ien foar it ôfwennen helle by Rob en Sybren al mist, mar tochten dat er nei syn nije hartsje gongen wie, dat soene Richard en RobbertPaul op ’t lêst ek dien hawwe. Dy jûn soe harren bybliuwe pochte Richard, mei al dy stikkene meubels, al hiene se no in útsluting te pakken fan twa wike. Sybren skrok mei’t er besefte dat er der echt neat mear fan wist of faaks al lei te sliepen ûnder de steigers. Doe mong Bart him yn it petear. Oft er by ien ite koe fannejûn nei it lêste eksamen. Hy soe dêrnei op in slokje traktearje. It bleau in tiid stil, oant Toon trochjoech dat er makaroany makke yn in grutte panne en dat se allegearre wolkom wiene, oars soe er de hiele wike itselde ite, mar dat joech neat want hy krige it wol op. Bart skreau fuort dat er fan de partij wie.

‘Richard befêstiget dat de Kroech tydlik net mear yn meie,’ sei Sybren.

‘Is dat dy brune hunk?’ frege Nynke. Durandus ferloek.

‘Dy’t him altiten sa misdraacht.’ gong se fierder. ‘Hy hat dat Sineesk restaurant ek ferboud, sa’t it skynt. Hy belle fannemoarn ûnder myn kofjetsjinst. Hy woe in klacht yntsjinje tsjin de kroechkommisje. Ik haw him trochferbûn.’

‘Net te leauwen,’ sei Durandus. ‘Gelokkich is myn jierklub net sa. QPP, wa beskavet de beskavers?’ Hy seach Nynke oan. ‘Wat foar latte kin ik foar dy helje?’

Hy joech Durandus in klap op it skouder.

‘Ik gean noch effen foar de Romeinen sitten.’

‘Ante portas,’ rôp Durandus him nei.

‘Datsto fierder komme meist!’

 

Om 16:30 oere ried Sjouke de Golf Diesel foar. Sybren rûkte de lucht fan âld bier doe’t er neist Sjouke sitten gong.

‘Hast dronken?’ frege er.

‘In pear pypkes by it freedzjen. Oan de ein fan de wike hat in wurkman rjocht op syn stikje ûntspanning.’

‘Ja fansels.’

‘Doarst it oan?’ Sjouke joech Sybren de kâns net om nei te tinken, lit stean te antwurdzjen. Hy skroeide fuort mei piipjende bannen en skattere wer yn alle bochten. Syn sa swarte hier wie no troch boustof hielendal griis lykas syn overall.

‘Mar goed dat mem net njonken my sit, se soe yn de broek skite,’ sei Sjouke. ‘Op nei Tsjikky.’

Hy hâlde foar in flat út de jierren fyftich. It keunstwurk op de gevel wie in ferbylding fan de weropbou nei de twadde wrâldoarloch. Sjouke skille oan. It duorre in hoart foardat Tsjitske de doar iepenfierde en tagelyk in jongfeint út liet. Hy hie betrienne eagen. Tsjitske groete him en rjochte har wilens al op Sjouke.

‘En koe hy net meihelpe?’ frege Sjouke noch foardat Tsjitske wat útbringe koe.

‘Hy hie hjir wat lizze litten, dat helle er effen op. Nee dus.’

‘No sa. Mar goed dat ik him by my haw,’ Sjouke wiisde op Sybren neist him.

Tsjitske naam Sybren flechtich op en kearde nei har heit. Sybren tocht dat se in kaam krige, mar oan har antlit foel neat te sjen.

‘Dû hast dochs net tefolle dronken, wol heit?’

‘In pear,’ sei er. Hy liet de kroankoarken yn de broeksbûsen fan de overall rinkelje. ‘Op ien poat kinst net stean.’

‘It klinkt as wiene it mear,’ sei se. ‘Kofje heit, en dû ek? Wybren wie it, net?’

‘Sybren.’

‘Owh ja, Sybren.’

‘Wat tinkst Tsjikky, ik haw de flesiepener. Ik kin de doppen dochs net samar op de grûn smite?’

‘Nee, dat kin it net lije yn de bou, heit.’

‘Kofje mar. Kom Sybren, wy pakke dy kuolkast effen op.’

Sybren rûn mei Sjouke nei de oanhingwein en folge Sjouke syn maneuvels. Hy makke it net los, tearde it op en lei it yn de kofferbak fan de Golf.

‘Al dy regeltsjes út Brussel,’ sei er. ‘Wêr is it no goed foar om in kuolkast mei in net ôf te dekken.’

Hy pakte de kuolkast fan de oanhingwein.

‘Ik miende dat ik helpe soe,’ sei Sybren.

‘Wolst my de doar iepen hâlde?’ frege Sjouke.

Sybren gong him foar oant de treppen. Dêr sette Sjouke de kuolkast op de grûn, hy hime. Hy helle in ynhalator foar it ljocht.

‘As it Brussel behage hie, dan hiene se de klompmakkerijen te uzes ek opdoeke kinnen. Gjin ambtner dy’t oan it bestean fan ús klompen tocht hie.’ Hy naam in pear pufkes.

‘Hjirwei dogge wy it tegearre,’ sei er.

‘It is my neat, de stêd, fierstente folle treppens,’ sei Sjouke doe’t se twadde ferdjipping berikt hiene.

Hy skode de kuolkast te plak. ‘Ik hie dizze o sa graach sels hâlde wollen, mar mem fûn dat ik al genôch kuolkasten hie. Dat kaam dy dochs goed út, no Tsjikky?’

‘Ja heit, sjoch hjir is dyn kofje.’

‘Omdatst der sa op oanstiest,’ sei er en hy naam in slok. Syn each foel op de flesse wyn op tafel.

‘Hast in feestke hân?’

‘Ja, it is út mei Nats.’

‘Moat it sa mâl. Ik mocht him wol lije, syn heit hat in garaazjebedriuw,’ hy naam Sybren op. ‘Hy hat my in útlit ferkocht foar in goede priis en him der sels ûnder set. Wat docht dyn heit, bûke?’

Tsjitske joech Sybren net de kâns om te antwurdzjen.

‘Nats syn heit hie dy leaver in oare wein ferkocht. Hy koe efter it stjoer troch de boaiem hinne sjen,’ sei sy.

‘Witst dat ik altiten pineholle krije fan wyn? Ik drink it as bier. Fierstente sterk, jou my mar pils, dat drink ik as bier!’ sei Sjouke.

 

‘Dyn freon, De Boer, Ljudger, wennet dy ek yn de stêd?’ frege Sjouke. Se sieten te iten yn in Surinaamsk ythúske, der lei roti op de boarden.

‘As er frij is, dan komt er hjir faak. Oernachtet by my of in freondinne.

‘Ik frege my al ôf, it lei my net by dat der ien mei in kop wie yn de famylje. Myn broer hat noch studearre, hy stiet oan it ûnderwiis. Mar dat wie sa net by de De Boeren, dy hiene allegearre buorkerij. Ik haw it der altiten goed hân, Sybren.’

‘Jo hawwe by harren wurke?’

‘As lytsfeint. Ik hie it der net min. Us heit en ik rûnen der moarns troch de greide hinne. In heal oere te gean wie it. Yn dizze snuorje fan it jier kamen wy allegearre soarten fûgels tsjin, ljippen, skriezen, tjirken en soms hoantsen. It hiele fjild wie yn rep en roer.’

‘Dan hiene se nêsten, tink?’

‘Owh wis en seker. Ik fûn dy nêsten fluch, ik murk oan it hâlden en dragen fan de fûgels wol wêr’t se leine. Witst wat wy diene?’

‘Nee?’

‘Wy frieten de aaien op, alles wat wy tsjinkamen.’

‘Ohw?’

‘Dan hiene wy wat ekstra’s ta. Dêr koest goed op wurkje. Dy aaien yn de roti, dy binne bikkelhurd en grien. Dat is al wat oars as wat wy ûnderweis nei de boer op slobberen. Mar dit is goed en earlik fertsjinne iten,’ sei er en hy liet de briefkes yn de boarstbûse fan de overall knisterje.

‘Krije se thús no wol wat yn de roppert?’ frege Tsjitske.

Sjouke biet mei omtinken op it knars fan in pikepoat om. Hy seach nei de panne foar him en skepte jitris op.

‘Hju kin echt wól siede, Tsjikky. Ik bin mei har troud omdat se iten sea, dêr’tst goede stront fan meitsje koest. Ha, rjappels, griente en fet spek mei swaard. It wie miskien net hiel lekker, mar wol streksum. En de pûlen-yn-de-pôt, dat hat se fan my leard. En hju kin it noch hieltiten, as se wol, fanke.’ Sjouke rjochte him wer op syn board, iet it leech en rôp de betsjinning.

‘In poarsje om mei te nimmen,’ sei er. ‘Dit smakket my in stik better as dy snypsnaren fan Tryntsje yn de Utdaging, dat smakket nearne net nei. Der skynt oars in nije útbater yn de kommen.’

Der ferskynde in berjocht op Sybren syn snoadfoan.

‘Hjir kinst ek cumme,’ lies er ûnder in ôfbylding fan Ljudger en in dame yn in blau unifoarmjaske dy’t op him siet. Sybren hâlde de hân foar it skermke en frege him ôf hoe’t it Ljudger slagge wie om foto’s út sokke posysjes wei te meitsjen.

‘Ik seach it wol, mantsje,’ sei Sjouke. ‘Hju tinke modern te wêzen langer, mar earder wie it net oars. Wat ik meimakke by de boer… Goed dat der doe gjin snoadfoans wiene.’ Hy lake lûd.

‘Hâld dy yn, heit. Dat is dyn lêste, oars wurdt dronken. En ik ryd.’

‘Yn dat gefal kin ik noch wol ientsje nimme,’ sei Sjouke. Hy joech de betsjinning de wink mei in draaiende beweging fan de hân boppe de tafel.

De man sette twa flessen bier en in iis-tee op foar harren del. Sjouke gong ûnderút, die de eagen ta en snoarke. Sybren leaude net wat er seach.

‘Neat fan oanlûke, oer fiif minuten is er wer fris. Ik ryd him nei hûs.’

Se seagen inoar oan en laken.

 

Frituerlucht kaam harren yn de mjitte doe’t se de húskeamer ynstoepen. Op tafel stiene skalen patat en frikandellen en kroketten. Twa heal leech iten boarden stiene der neist.

‘Wêr bleaust no mantsje, koest net in berjocht dwaan?’ frege Tsjitske har mem oan Sjouke.

Sjouke joech har in tút.

‘Ik moast noch wat saken by Tsjitske berêde, it duorre wat langer.’

‘Ik haw noch wachte mei iten, mar Janneke en Binky hiene sa’n honger. Doe haw ik de frituer mar oandien,’ sei se en se stiek in sigaret yn de brân. Sjouke seach har skerp oan troch de gielige ruten fan syn bril.

‘Der is noch genôch oer foar dy en Tsjitske, en foar mynhear de studint ek,’ sei se en yn it himelsk blau fan har eagen ferskynde in glâns.

‘Janneke en Binky ha de pannen oars net leech iten,’ sei Sjouke. Hy rêde de tafel ôf en lege de boarden yn de amer neist it oanrjocht.

‘It is net wat mem tinkt,’ sei Tsjitske.

Har mem naam har op mar ûntwykte har opmerking en kearde har nei Sybren.

‘Sette wy aanst wer in boom op oer myn bibelstúdzje?’ frege se blier. Se kaam oerein en beweegde har dreech nei de diggelkast dêr’t se trije boarden úthelle.

‘Hoefolle kroketten woest hawwe, man?’

‘Ien is genôch, ik haw yn de stêd al iten.’ Hy pakte syn board en gong de keamer út.

‘No giet er al wer efter sitten,’ klage Tsjitske har mem.

Sybren preau wat fan de patat dy’t kâld en kliemsk wurden wie. Hy die writen om it op te iten mar it slagge him net. Hy brocht is board nei it oanrjocht. Op it kokenskastke hong in resept foar lambsrack en munt-basilikumpesto.

‘De lêste tiid sûndert er him hieltiten mear ôf yn syn garaazje,’ gong Tsjitske har mem fierder. ‘Ik sit hjir altiten lykme allinne.’

‘Kinst dochs mei Janneke of Binky prate,’ sei Tsjitske.

‘Wannear sjoch ik dy no, Binky is altiten op de kletter mei freonen en Janneke is krekt dyn heit, altiten allinne, op har keammerke. Gelokkich bistû der no Tsjikky. En dyn freon, mynhear de studint, dy’t sa folle leare wol oer de bibel.’

Tsjitske seach har kâld oan.

‘Dy Nats dyt’st foarhinne sniptes, dy wist hielendal neat fan de Skrift, Roomsk as er wie. Roomsken leauwe allinne mar as groep, krekt as de minsken fan de Islam, wy dêrfoaroer leauwe yn de frijdom fan gewisse en leauwe yn alle frij wat wy wolle en hoe’t wy dat wolle.’

‘Dyn redenearring is net slutend, mem,’ sei Tsjitske. ‘Kinst soks net yn de twadde persoan meartal sizze, want dan bist al in groep. Dû soest sizze moatte datstû persoanlijk frij bist om te leauwen watstû wolst en datst in persoanlike ferhâlding hast mei God, in pesoanlike Godsbelibbing.

‘Dû hast gelyk,’ stimde har mem mei. ‘It bliuwt ivich skande datst net foar teology keazen hast.’

‘Mar …,’ gong Tsjitske fierder.

‘Mar wat?’ frege har mem.

‘… de protestanten hawwe ek net soksawat as in persoanlike Godsbelibbing, se konformearje har oan de kliber en dogge wat harren fan de kânsel foarkôge wurdt.’

‘Ik sjoch it oars,’ sei Tsjitske har mem. ‘Ik hoech net letterlik te leauwen wat dûmny preket.’

‘As dat wier is, dan hat tsjerke net mei leauwen te meitsjen, mar allinne mei konformearring oan de kliber om oare reden, mem. Bygelyks omdat se dy der yn it doarp op oansjogge datst net nei tsjerke giest, of tradysje: wy diene it altiten al sa. Mar leauwen, nee.’

Har mem foel stil en sûge oan har sigaret.

‘Miskien soest ek wol net gaadlik west hawwe foar predikant. Dû soest de minsken oan it twifeljen bringe,’ sei se doe en beseach de punt fan de sigaret. ‘Mar úteinliken makket twifel it leauwen sterker, tink ik. Ik haw in berch twifele, Tsjikky, sels neidat ik belidenis dien hie.’

Sybren hearde it petear oan. Hy frege him ôf oft de frou ek sokke útiensettingen hâlde mei Sjouke. De doar gong iepen en tagelyk mei Sjouke kaam piratemuzyk de keamer yn. Sjouke helle de skalen fan tafel en lege se yn de amer yn de koken. Hy sette it smoarge diggelguod yn de ôfwasker, die it apparaat oan en tilde de amer mei itensôfeart op oan it hingsel.

‘Drinke wy noch in pypke, Sybren?’ frege er. ‘De piken moatte fretten hawwe.’

Sybren folge him. Sjouke hie in skjinne overall oanlutsen, mar syn hier wie noch griis fan it boustof. Sjouke kipere de amer om yn de goatstien yn de serre en skifte de itenresten, de kroketten en frikandellen snie er mei soarch yn lytse foar de piken te behappen stikjes. Dêrnei die er alles wer yn de amer en spielde er de goatstien skjin.

‘Kom, dan lit ik dy myn piken sjen.’ Bûten de serre wie in prieeltsje dêr’t de hinnen benachten. Dêromhinne wie in stik ôffrede dêr’t se wat yn omwrotten. Se pikten op ûnsichtber foer en skeaten op Sjouke ta doe’t se him seagen mei syn amer.

‘Pyk, pyk… pyk, pyk, pyk,’ rôp er en de hinnen bleaune stiif stean. Sjouke parte de ynhâld fan de amer om op trije plakken. De hinnen stoarren him oan as drôgen se. Sjouke hângearre en die de eagen ticht.

‘Amen,’ sei er nei in amerij. De hinnen stoden yn trije ferskillende groepen op it iten ôf. Sjouke seach fernoege ta en helle twa fleskes út de overall. Hy doppe se en lange ien oer oan Sybren.

‘Sûnens, jonge,’ sei er en wylst er dronk en de hinnen pikten glommen him de eagen.

‘Ik haw se rêden fan de pikeflat yn de Mieden. Moatst dy snaffels ris sjen, fynst se net in bytsje koart’?’

Sybren foel neat op oan de hinnen dy’t it foer begearich oppikten.

‘De snaffels wurde harren ôfbarnd, oars meitsje se inoar kapot yn de ûnnatuerlike oarder fan de frije útrin. Se kinne inoar dan net mear deadwaan, mar ek net goed frette. En wat dogge se dan yn de frije natoer, hjirre, tinkst?’

Hy sûge oan it pypke as wie it styk.

‘Hju slypje in nije punt oan de snaffel, op in stien. En dan mar sizze dat bisten net yntelligint binne.’

Sybren gong yn de hûken en beseach de hinnesnaffels fan tichteby. De snaffels wiene yndie fannijs punte. Oan de útein siet noch yn lytse iepening, der soe wat falske lucht trochkomme kinne, mar se koene alwer natuerlik foeraasjearje.

De hinnen rekken sêd en Sjouken en Sybren gongen nei de serre werom.

‘Hast sin oan in farsk pypke?’ frege Sjouke en hy sette de radio lûder.

‘Jawol, mar eins wol ik nei hûs werom.’

‘Ik kin dy net mear bringe, dat fynt mem net goed, lit stean Tsjikky. Moatst der sels wat op betinke.’

De doar gong iepen.

‘Is der wat, heit?’ Sei Tsjitske. ‘Wy kinne de muzyk yn de húskeamer hearre.’

‘Neat juh, Tsjikky leave,’ sei er en hy draaide it lûd in bytsje werom.

‘Dû witst dochs dat ik Tsjitske hjit,’ sei se mei swarte eagen. ‘Dy namme út myn bernetiid wol ik net mear mei oansprutsen wurde.’

‘Wiest altiten myn eachappeltsje.’ Hy streake har oer it wang. ‘Hy hjir wol nei stêd werom en tagelyk noch ien mei drinke.’

‘Ik bring dy aanst wol nei it stasjon yn WE,’ sei Tsjitske. ‘Oer trijekertier, dan kinst noch ien nimme.’

 

Sybren en Sjouke klonken de flesse en dronken. In hoart wie Sjouke stil en tocht er djip nei.

‘Begryp my goed, Sybren,’ sei er doe. ‘Ik fyn it frjemd as minsken de namme feroarje. It wie altiten Tsjikky, oant se nei skoalle yn Dokkum gong. Dêr learde se hebrieusk, Teats tocht altiten dat se op de kânsel woe. Ik wist wol better, se hie fan jongs ôf net tefolle op mei tsjerke. Dat Hebrieusk koe ik net rymje.’

Sjouke seach Sybren oan. Sjouke syn eagen wiene wetterich en Sybren rûkte de soerige lucht fan âld bier, mear as fannemiddei.

‘Wy hawwe it hjir goed, wêrom soe men hjir wei gean,’ sei er foar him út. Hy gong sitten yn in túnstoel en foel yn sliep. Yn in omsjoch snoarke er en hy hâlde altemets op mei sykheljen, wêrnei’t it sykheljen ynienen wer begûn. Sjouke glimke yn de sliep. De sinne sakke efter de beammen dy’t it lânskip iuwenlang tekene hiene.

Foardat Sybren nei Tsjitske en har mem tasette draaide de muzyk wat leger. Sjouke skrille op en gnoarre dat de muzyk op deselde hichte oan bliuwe moast en sakke doe werom yn de sûs.

 

‘Hiesto no al of net Hebrieusk op skoalle?’

‘Latyn en Hebrieusk,’ antwurde se, wylst se de Golf fol gas troch de Mieden stjoerde.

Sybren seach har fan siden oan. Sy ried oft se fergroeid wie mei de wein en oft har neat oerkomme koe.

‘Ik die it foar ús mem, se wie sa teloarsteld dat ik net mear nei tsjerke gong dat ik har wat werom jaan woe. Dat ik naam Hebrieusk as ekstra fak. Nei de sechste gongen mem en ik nei Israël, it ûnthjitten lân. Se tocht dat ik har tolkje koe, mar it is net oars as yn Frankryk. Op skoalle wie it net sa op de praktyk rjochte, ik koe der neat mei yn Israël. Doe’t wy weromgongen nei hûs koe ik in kofje bestelle. It giet no better, ik praat wol ris mei in Israëlyske studint en sa no en dan lês ik in tiidskrift.’

Foar it stasjon fan WE hâlde se. Se bûgde nei him ta, tocht Sybren, en hy woe har op it wang tútsje. Se treaude him rimpen fuort.

‘Dû doarst,’ sei se. ‘Tutest elkenien dy’t in beweging dines út makket? Ik woe allinne wat fan de grûn oppakke.’

Sybren seach har ferslein oan en se moast laitsje.

‘No juh, sa slim is net wol,’ sei se en se kearde him in wang ta. Hy joech har hiel keken in tútsje.

Hy stapte út en wiuwde nei har. Hy hearde har fûleinich oplûken, mei’t er omseach wie de Golf de bocht al troch en út it each. De trein kaam er al oan.