name

folgje ús

Facebook Twitter Google

 

Toernoai

Sjieuwe Borger - Fers2 nû. 4.10, 20 maaie 2018

 

sjieuwe borger image

 

 

Sybren trof syn jierklub yn de hockeykantine. It jierlikse toernoai fan de studinteferiening wie oer it wykein útsmard en ôffurdigingen fan susterferieningen út hiel it lan kamen del om de bannen oan te heljen. Bannen foar it libben waarden smeid dy’t de leden in protte foardielen en fertuten dwaan soene.

‘Hey Sybren, wêr hast dyn stick?’ frege Toon.

‘Ik moat ien liene.’

‘Wat is de opstelling?’

‘Wy hawwe net allegearre hockeyd,’ sei RobbertPaul. ‘Dêrom soe ik sizze: 4-4-2 of 1-3-3-3.’

‘Ik wol oanfallend spylje,’ sei Jan. ‘Ik doch leaver: 3-4-3, dan kinne sawol de lêste man as de foarstopper nei foarren gean.’

‘Wy hawwe net genôch oanfallende kwaliteit yn it team,’ ferfette RobbertPaul. ‘It liket my net ferstânich ta om dan in oanfallende opstelling yn te setten.’

‘Ik wol winne,’ sei Richard. ‘Altiten.’

‘Do hoechst net perfoarst oanfallend te spyljen om te winnen,’ sei RobbertPaul. ‘Kinst kieze foar 3-2-3-2, dan kinne we moai ôfspylje sadatst de bal net kwytrekkest en tagelyk brûk meitsje kinst fan de oanfalsmooglikheden ast dy krigest.’

 

Oan de ein fan de dei siet de stimming der goed yn en stiene se oan de bar wylst se in potsje bier dronken.

‘RobbertPaul,’ sei Erik. ‘Hoe dogge wy it moarn no?’

De jierklub gong yn in rûnte om RobbertPaul stean en se stieken de hollen by inoar.

‘Wat dogge wy as der gjin rêden mear oan is? Jouwe wy belies?’ rôp RobbertPaul.

‘Jouwe wy it oer?’

It bleau stil, se seagen inoar yn de eagen, de earms oer inoars skouders.

‘Jout Phyl-lis op?’ RobbertPaul spriek alle wurdlidden helder út. ‘No?’

‘Phyl-lis jout nea op,’ kôge er foar.

‘Phyl-lis jout nea op,’ yellden se him nei.

Se lieten har gean oant se trochweakke fan swit ôfmêde tsjin inoar oanfoelen en har it omsteand laach bewitten waarden. Richard smiet as earste it bierglês leech oer harren beswitte hollen. Se folgen him, by einsluten wiene se hjir net op de soasjeteit, dat ik koe wat lije. Richard rôp oan de bar dat er bier hawwe woe.

Hy seach út op de de troanje fan Piter Lettinga dy’t op him ta kaam.

‘Soa mantsje, do hast noch wat tegoede fan my,’ sei Piter grimmitich. ‘Jimme hiele jierklub, nammers.’

‘Sille wy dat mar op de soasjeteit dwaan en it hjir smûk hâlde?’ sei Richard. ‘Kom earst mar ris oer mei dat bier, twa meter, ientsje foar de ferkuolling en ientsje foar de toarst,’

Piter sei neat en seach Richard koart sawat oan.

‘Wat in sfearferdjerder, sa’n kroechkommissaris,’ sei Rolf wylst er mei de mannen klonk. ‘Wat is no it ferskil tusken ús en Kradmoor, sjoch no ris hoe’t er dy lju by him opride lit.’

‘Kriget er sa’n stivenien fan,’ sei Sybren. ‘Steltsje ego’s. Se wolle Kafee Olee sa graach opfolgje dat se de brúnwurker úthingje. Om jin te besauwen.

‘Wy kinne it wol skodzje,’stimde Rolf mei. ‘Mar dat dêr is it antwurd op de fraach hoe’st midsmjittich bliuwst.’ Hy loek oan de skouders.

‘Ik wit hoe’st prominint wurdst. Moatst der aloan oan wurkje, Rolf,’ sei Richard en hy wipte mei in bokkesprong fia de barkruk op de bar. ‘Wy moatte sjonge en ús hearre litte,’ skreaude er oer de kantine hinne. ‘Phyllis is de kening fan de Kroech, dat is ús ferhaal.’

 

Krekt foardat de kroechkommissaris him fan de bar stompe koe sprong Richard tusken syn freonen yn en beloek er. Hy fielde oan it krús.

‘Ik bin út de broek skuord,’ sei er. De mannen barsten út yn laitsjen, mar Richard wiisde harren beret nei de dûnsflier mids de kantine. Se krongen troch de kliber, glêzen foelen op de grûn en der foelen flokken. De mannen stelden har op as in profesjoneel koar en loeken in fimelich mûltsje, foardat se it Phyllis-liet ophellen. Richard ferdwûn mei in ferwrongen holle nei de wc.

 

Oan it begjin fan it twadde kûplet fan Last Fridaynight kaam Richard stroffeljend by harren werom. De gasten yn de kantine namen de jierklub mei grutte eagen op.

‘And there she was
The beautiest broad,
Sippin’ bourbon
thru’ a straw’

Richard die writen om it omtinken fan syn freonen te krijen.

‘Kin der noch ien ride? Myn sek is skuord, kinst de nuten sjen,’ sei er earnstich en dochs bleau er kalm. Se songen troch, it liet dat er oppere kaam harren net bekend foar.

I poured it in
I pulled it out
It felt so good
She had to shout

Richard werhelle dat syn skroatum iepen lei. De wenstige lol hie er ferruile troch in bange eachopslach. Sybren die it him net oan tiid en draafde nei de bar, lei oer mei Piter dy’t in mikrofoan pakte.

‘Wa kin Richard nei spoedeaskjende help bringe? Hy hat wat mei de teare dielen.’ Hy wiisde nei Richard, dy’t de hân yn it krús hâlde as wier bang dat er de ballen kwytreitsje soe. Yn de kantine barste in bolderjend laitsjen los. Richard die net liker as hearde er neat en hy seach swijend dat fan Piter út. Der melde har in sjofeur en yn in ynderhaast taskode rôlstoel treaune se Richard nei de auto.

De dj pakte syn wurk wer op en om midnacht kaam Richard mei in glim werom op de dûnsflier yn de rôlstoel. Rolf dûnse tsjinoer him en nettsjinsteande syn handicap stiel Richard de show op Don’t stop til you get enough. Hy rôle nei syn jierklub ta en stapte út de rôlstoel.

‘Moatte wy it moarn no sûnder dy dwaan?’ frege RobbertPaul.

‘Tsja, myn spultsje had rêst nedich om oan inoar te groeien, de dokter frege har ôf hoe’t it moolk wie dat it hiel sekuer op it naadsje útskuord wie. In gelok by in ûngelok, want sa koe se it sûnder bliuwende groeden naaie.’

Se harken nei him mei in grimas.

‘En witst wat,’ gong Richard fierder. ‘Ik bin net allinne letterlik naaid, maar ek figuerlik. Dy dokter ûndersocht my en ealget dat ik ek noch ris in dripper hie. En dan bin ek noch wol ris benijd wa fan de dames efter de bar hjir ik dat oan te tankjen haw,’ sei er mei in gebeart fan de holle.

‘In fersutere dripper?’ frege Arjen en hy seach Richard strak oan.

‘Se koe it net hielendal op de dei fêststelle, se tocht oan in dei twa trije oant in wike of trije, sjoen de symptomen. Moandei effen in meunster bringe en dan wit ik it nije wike oer. In piltsje en oer in wike bin ik it wer kwyt.’

‘Bale Richie, no silst dy ynhâlde moatte.’

‘Hast wol ris heard fan rubber, Toon?’

‘Ik helje bier.’

Toon kaam werom mei in meter bier.

‘Hoe bedoelst: nea heard fan rubber? Dochsto it sûnder, dan?’

Richard seach ûnnoazel omheech.

‘Ik meitsje altiten in ynskatting oft it kin.’

‘Mar it kin dochs nea, feitlik?’

‘Diskear kleardernôch net.’

‘Sis Richard, der steane gjin dames efter de bar,’ sei Arjen sunich.

‘Ik haw net sein dat sy in dame wie,’ sei Richard. ‘In dame docht soks net, tsjoch!’

De mannen stuiteren der oer.

‘Kinst wat helderder wêze?’ frege Arjen.

Se klonken en wylst se dronken en om de dûnsflier hinne stiene en nei de froulju goden, hearden se sirenes neieroan kommen. Swaailjochten waarden driigjend sichtber. De waard mûskoppe en se fongen op dat it gong om in in stunt fan in promininte jierklub of de kroechkommisje. De kroechkommissarissen foelen net út har rol, want se tapen planút troch. Troch de ruten fan it klubhûs seagen Arjen en Sybren in polysjewein en de brânwacht hâlden foar de yngong fan de hockeyfjilden. Yn it klubhûs waard it wat ûnrêstich, de dj hâlde op en op de dûnsflier stûke it beweech. Minsken seagen bang op by it bolderjen fan swiere motoaren fan lânkrusers dy’t it hockeyterrein opblaasden. Se gongen mei draaiende motor om de it klubhûs hinne stean mei de efterkant nei de ruten ta stald, dêr’t dronken troanjes mei eangstich en tagelyk nijsgjirich eachopslach efter wei koekeloerden. In hoartsje wie it deastil, doe knalden de útlitpipen en by elke knal ferskynde in lange stekflam. Piter naam de mikrofoan yn hannen.

‘Ik haw gjin inkelde aan wêr’t t it bestjoer tahâldt en dan haw ik de lêst om it oer te nimmen.’

‘In grap fan it bestjoer,’ rôp immen yn de seal.

Der waard jûchheid en de seal reagearre ferromme. Piter makke in fermoanjende beweging mei de earm.

‘Safier’t ik wit stie dizze stunt net op de planning,’ sei er. ‘Wy bliuwe hjir binnendoarren. In pear man fan de kroechkommissje giet op ferkenning út. Hy wie skraachwurk te ferstean oer de muzyk hinne dy’t no ferdôvjend út de lûdsprekkers op de lânkrusers bûke.

‘Hear ik dêr it Horst Wessellied?’ frege Rolf. ‘Witst fuort wêr’t se foar steane.’

‘Wy sitten as rotten yn de falle,’ sei Richard. Kinne wy hjir net wei? Lettinga is myn baas net.’ Hy rôle de rolstoel hinne-ende-wer en murk dat er tusken alle omsteanders net in kant op koe.

‘It is helder wa’t ús dwersbongelet,’ skreaude Piter troch de mikrofoan. Hy wonk syn trouste folgers, se leine koart oer en rûnen in de rige nei de útgong. Sadree’t se de doarren iepen loeken sprong de bemanning út de weinen. Se hiene kamûflaazjepakken oan en gasmaskers op, treaune de kroechkommissarris fansiden en draafden de kantine yn, dêr’t se witwêrsanne’ pûdsjes hinne smieten. Dy knapten út inoar en de lucht fan rottige aaien fersprate him tusken de minsken. Mei kaam de kliber yn beweging en stoarte him sa haljetrawalje op de útgong ta dat de ynfallers omtrint ûnder de fuotten rekken. Bûtendoar wie in hel fan fjoer en leven en wylst de kliber in hinnekommen socht smiet ien fan de ynfallers in molotov-cocktail op it reiden tek fan it klubhûs. De lânkrusers skroeiden fuort mei fjurrige pipen, ûnder it spyljen fan Wagner waarden se begelaat troch de polysjewein mei alarmjocht. De feestgongers stiene der omhinne en namen op hoe’t it klubhûs yn in omsjoch yn ljochte lôge stie.

‘Ik bin heftich ûnder de yndruk,’ sei Sybren tsjin Richard, dy’t ryboskjend nei it fjoer seach en knikte.

‘Wy hiene it betinke kinnen,’ stimde er yn.

De brânwacht kaam yn beweging en spuite op it fjoer. De ruten waarden mei krêft út de sponningen blaasd. Omsteanders namen it fan ôfstân op, guon gûlden, oaren wiene stom en hâlden inoar treastgjend fêst wylst it klubhûs fan de ierde fage waard. It duorre lang foardat se fannijs sirenes fan plysjeweinen hearden, de brânwacht hie it wurk doe al tige útfierd en wie op ‘en minsten al in healoere fuort.

 

‘It toernoai is net útspile, al hawwe se der noch oer al neitocht,’ sei Sybren wylst er sitten gong en in sigaret oanmakke. Hy ynhalearre en hoaste. It wie net goed dat er smookte, gong troch him hinne. ‘Der wie te folle foarfallen, wy kinne in protte hawwe, mar de oare deis liezen wy dat it troch omstannichheden oergong.’

Jacky kearde har op de búk.

‘Doch my dy sigaret mar,’ sei se. ‘Wolst my it jiskebakje effen jaan?‘

‘Der is de jûns in gearkomste by inoar roppen. It soasbestjoer siket oan de boaiem ta út wa’t dit opset hat.’

‘En wat hasto dien?’

‘Wannear?’

‘Doe’t de hockeyklub oerfallen waard.’

‘Wat koe ik dwaan, ik koe net in kant út, ja foarút de kantine út. Ik ferwachtsje dat de skea betelle wurdt út in ynsamling ûnder leden en âld-leden, en dan is de saak ôfdien, ek al is de skea diskear ûnhjirmlik grut,’ sei er. Hy kaarde har troch it hier en beseach de tearen dy’t fan har noaswjukken nei de mûlshoeken rûnen.

‘Moai datst de krollen der net útkjimd hast, ik fyn se prachtich. Ik frege my ôf wêrom. Miskien omdat myn earste freondintsje ek fan dy prachtige krollen hie.’

‘Wêrom moatst no oer in oare frou prate,’ sei se en loek sneu mei de mûle sadat de tearen nei de mûlshoeken noch djipper waarden.

‘Dat wie op de basisskoalle.’

‘Ik wol dit perfoarst net hearre, ik wit hoe’t it giet as der oare froulju yn it spul sitte,’ raasde se en triennen biggelen har oer de wangen. ‘Do bist in leffert. Stiest mei de hannen yn de bûsen as der yn ynfal is. Mar wat makket dy it út, jim jierklub stiet dochs al bekend as twadde garnituer.’ Mei in ferwoeden beweging kaam se oerein, de hannen sloech se foar de boarsten. Se ferdwûn nei it húske.

‘Bah, wat haw ik it mier oan mannen,’ raasde se út it húske wei. ‘Se meitsje dy oan it stjonken.’

Sybren smiet it lekken fan him ôf en strûpte de klean oan. Hy draafde rimpen de wc foarby dêr’t se siet te stinnen.

‘Ik gean fuort,’ sei er en hy sloech treden oer om gau ûnder te kommen. ‘Ik haw moarn eksamen Romeinsk Rjocht III.’

‘En do litst my ek al wer sitte,’ rôp se efter de doar wei. Sy begûn fûl op de doar te bûnzjen.

 

Yn it Plantsoen fielde er sterke oanstriid en hy flokte himsels út dat er net by Jacqueline pisse hie, mar dy hie sels op de pot sitten. Hy seach om him hinne en helle efter wat beamkeguod de kul tefoarskyn, rjochte op in pandiggel en lege de blaas. It ferromme en barnde tagelyk. Hy sette ta om it brânerige fielen te ferdôvjen, mar de pine waard slimmer. Hy seach betrape oer it skouder meidat er besefte en skrok dat samar yn him omgong dat Jacqueline syn faam wie. Hy moast der wat om nokkerje, skodholle en rûn ferwûndere oer de simmer dy’t oanwûn nei hûs.