sjieuwe borger image

Yntermezzo

Sjieuwe Borger - Fers2 nû. 4.12, 17 juny 2018

Yn de nacht waard er wekker en frege er him ôf oft er Jacqueline sjen moast as syn faam lykas dy froulju dêr’t er wat mei hân hie foardat er mei John nei Toskane ôfset wie. Hy tocht oan Joyce op de middelskoalle, omdat er tocht in blondine hawwe te moatten, mar syn eachmerk wie net suver. Nei har kaam in yntelliginte frou, wat er by Joyce faaks ek ûntdekke kinnen hie as er each foar har ynderlik hân hie. It rekke út mei de yntelliginte frou omdat er in berjocht miste en hy te ûnbehelpsum wie om it mei har te bepraten. De dochter fan in hobjeboer, dy’t op it hafû siet en him yn de golle letterlik út de malêse loek, liet him yn de maitiid dêrnei yn de stiik foar in matroas dy’t op in cutter-sûger wurke. Sybren lake him slop: de matroas die bliken in efterlader te wêzen, de boeredochter stjoerde him gauris in berjocht en hy doarst har net te treastgjen, bang as er wie dat se him wer bedrage soe. Doe kaam Mirjam, dy’t him foar kar naam boppe in dizige kunde, dy’t noch lang neiwrokke. Kleardernôch koe er it net ferneare dat froulju kieze kinne, wat yn de neisimmer wer ris opjild die doe’t se mei in oar stie te tútsjen op it plak dêr’t Sybren mei har ôfpraat hie. Hoe woest better fernije datst te koart kaamst, tocht Sybren en hy rûn har foarby as seach er har net, mar dat makke er der letter sels fan. Sy hie harsels bûten syn berik brocht en hy wie de selsbehearsking kwytrekke en syn libben begûn te lykjen op de begjinsiden fan Turksk Fruit. Dat nea wer, tocht er, se hiene him allinne mar fertriet brocht. En it brocht him no oan it twifeljen oer Jacqueline. Hoe moai’t er har ek fûn, hoe’t se oer mannen prate en der dan wer net neffens hannele, it wie net yn it lyk te bringen, se wie ferknipt. It wie net goed om mei Jacqueline troch te setten as it sa bliuwe soe. Hy lei wekker en switte, hy moast it simmerdekbêd út de kast helje tocht er.

Hy stapte út bêd en gong it húske yn. Hy fûn har wyld oantreklik, de grutte net te bedjipjen dûnkere eagen, dy’t de kleur net rjocht priis joegen, de hunningkleurige krollen. Hy winske dat er har krige te sjen sa’t se har uterlik joech, sa koe er har foarstelle oan syn jierklub, ynstee fan har te sjen as de frou dy’t as in sljochtsinnige út de wc wei ferwinskingen raast en dêrby syn sied út har wrong. Hy tocht oan it famke fan de basisskoalle, dat er mette yn groep 7, doe’t er jûns mei in espeltsje freonen op it skoalleplein omhong. Jacky hie it hier, de eagen fan it famke dat him flinters yn de ûnderbúk besoarge. It wie him sa licht en hy hie sûnder neitinken syn ferealens op har útsprutsen en sy wie yn laitsjen útbarsten. Blier befrijd laitsjen, sy befrijde har fan de eangst dat se net moai fûn wurde soe, en befrijend omdat yn har laits ek besletten lei dat se him aardich fûn.

Jacky hie net hystearysk dwaan hoegd om dat freondintsje, it lei mear as alve jier efter him. Destiids wie syn foarkar foarme: froulju mei lang kroljend hier en dûnkere grutte eagen. Hy moast it har noch mar ris útlizze, mar as sy sa bliuwe soe, soe him dat net slagje. Hy hie in oar foar eagen as de frou dy’t er op de wc efterlitten hie, mar hy besleat dat er himsels in nije kâns jaan moast, yn bêd wie se yn alle gefal hearlik en se wie maklik en as er syn sied yn har spuite aksele se net tsjin en joech se har dêrnei licht snokjend del.

Se wie in pretsje oant der in oar foarby kaam, gong der yn him om. Hy waard wat fertwivele van de tinzen dy’t samar yn him opkamen.

Heal yn de sliep die er de ûnderbroek del en gong sitten op de pot om te sjen of dat minder pynlik wie. By de earste oanset barnde it net liker as gongen him nuddels it liif út. Mei triennen yn de eagen perse de lêste drippen derút. Hy fage de kul ôf en kniep deryn. Der ferskynde in molkige floeistof út it mûltsje. Hy ryboske.

In pear wiken lyn stiene Richie en hy te dûnsjen yn de Skûte, Patrick Cowley mei Do you wanna funk with me, doe’t Richie ritmysk op Sybren takaam. Richie bûgde him nei Sybren oer en wreau syn lippen op sines, twong de tonge yn Sybren syn mûle. Sybren fielde him frijwat oerfallen, al hiene hy en Richie in tige ynlik hoartlang. Hoe lang syn tonge mei dy fan Richie ferstringele wie, wist Sybren net, doe’t de kroechkommissaris fan tsjinst him op it skouder tikke. Hettinga wrotte Sybren en Richie mei izeren krêft út inoar.

‘Der wurdt hjir net tonge, dat is tsjin de mores,’ foege Hettinga der oan ta. Sybren seach him skiepeftich oan. Richie loek Sybren oan de mouwe fan de dûnsflier ôf, it like as setten se hân yn hân nei de bar ta dêr’t se bier bestelden. Nimmen sloech harren fierder acht.

‘Ik wie foar it earst bliid mei it yngripen fan Piter,’ sei Sybren. ‘Wêrom diest dat no, man’

‘Ik frege my ôf oft ik op mannen fal,’ sei Richie. ‘Al dy stoppels dy makken it wol spannend, mar lekker, hmm. Ik tink fan net.’

‘Do stiedest mei it krús tsjin my oan, it fielde hurd oan,’ sei Sybren. ‘Net in bytsje ek.’

‘Fûnsto it wol geil?’ frege Richie.

‘Kaamst my oer it mad, it wie in ferkrêfting, geil fiel ik mear by in frou,’ sei Sybren.

Sybren glimke der skealik om troch it skrinen hinne, no’t er der oan werom tocht. Hy naam de lytse man jitris tusken tomme en wiisfinger en kniep as molk er in ko; der kaam neat mear út.

‘Moarn nei dokter,’ sei er lûdop as woe er himsels moed ynprate. ‘En dêrnei it lêste eksamen,’ tocht er op wer bêd en hy foel sûnder fierdere omballingen yn de sliep.

*

Sybren soe de ûnderbroek wer oplûke.

‘Lit him noch effen nei ûnderen,’ se de universiteitsdokter. Sybren seach har freegjend oan.

‘Soest dy no foaroer bûge wolle, sa djip moolk.’

De dokter naam de lateks-wanten mei omtinken op.

‘Earst docht it in bytsje sear.’

Sybren seach net om, hy fernaam de eagen fan de dokter op syn kont. Hy woe it ûndersyk berêstend oer him komme litte, mar hy joech sûnder erch wjerstân doe’t de dokter him in pear fingers yn de ears krong. It wie pynlik oant sy op de hichte van syn foarsteandersklier kommen wie. In net ûnnoflike tûkering loek him troch de rêchbonke en de kul.

‘Wêrom dochst dat?’ frege Sybren.

‘Ik moat ûndersykje oftst dêr ek in besmetting hast. Ik nim in meunster mei de proktoskoop,’ antwurde sy.

‘Kin dat net oars, dan?’

‘Spitigernôch net, dit is sûnt in pear wike protokol. Al hie ik eins wol gelyk troch datst gjin ynfeksje opdien hiest troch anale of orale penetraasje, fan de sûnsensynspeksje moatte wy it allegearre tige sekuer neigean.’

‘Jo wurde betanke,’ sei Sybren teatraal. Hy gong rjochtop stean en klaaide him oan. Hy besaude oer de tins oan de pimpering.

Dokter gong efter har byldskerm sitten.

‘Wy stjoere de boel op nei it lab en dan haw ik oaremoarn de útslach. It is sa klear as in klûntsje datst in dripper hast, it medisyn hinget wat fan it type besmetting ôf,’ sei se. ‘Wilens mar effen gjin mienskip mear en moatst sjen út te finen fan wa’tst it hast, dan kinne jimme it beprate. Hast in ferhâlding?’

Sybren swei en seach nei it iepen rút.

‘Ik freegje my ôf hoe’t ik it bringe moat,’ antwurde Sybren.

‘Yn de wachtkeamer lizze folders mei ynformaasje, kinst dy brûke as yntro,’ sei de dokter, se joech him in hân. Se die de doar nei de wachtkeamer iepen en wiisde op de kast mei folders.

*

Foar de doar by Jacky kaam in berjocht fan de jierklub binnen. ‘Spoedoerlis Phyllis, fannejûn om 20:30 oer byienkomst by Richie en Arjan.’

‘Wat komst te dwaan?’ frege se troch de ynterkom.

‘Ik moat mei dy prate, it is wichtich.’

Se makke de doar los.

‘Wat tocht Sybren, ik haw sin, dat ik stek mar wer ris oan by Jacky?’ rôp se him fan boppen oan de treppen ta. Op de oergong seach er har stean, in baailekken hie se los om har hinne slein. De sigaret yn de mûlshoeke kaam tefoarskyn út it kroljend hiergerdyn. Hy naam de treppen yn trije stappen en gong efter har stean, pakte har by it mul mei ien earm en naam har mei de oare hân de sigaret út de mûle. Hy ynhalearre djip.

‘Kom,’ sei Sybren, hy blies reek út. ‘Dyn hier is prachtich.’

‘Jou myn sigaret werom,’ sei se. Hy naam noch in trek en die har yn de mûle.

‘Hmm, in sigaretsje út en troch is dochs wol hearlik,’ sei se en se loek him efter har oan de keamer yn, treau him op bêd dat se niis noch beslept hie. Se lei faak op bêd, tocht er. Se dôve de sigaret en makke him de broek los. Sybren die de eagen ticht doe’t se him slikke oer syn ballen. Se naam se yn de mûle en makke in guorgeljend lûd. Hy loek har kjel omheech. Se fage it gerdyn fansiden en sloech de eagen nei him op.

‘Witst wat ik sei? En wat as ik him der no ris ôfbyt?’

‘Owh, litsto my skrikke juh. Leave, ik haw wat belangryks mei dy te bepraten.’

‘Fêst,’ se dûkte nei ûnderen. Slikke wer oan syn lid en mompele eat dat like op ‘lekkere lul’ en ‘wat bin ik wiet’ en naam syn topke yn de mûle. Hy doarst neat út te bringen, bang dat wat er mei har diele moast it spul ûnûntkomber ferbrekke soe. Se wie efter de pûst doe’t se op him sitten gong en him by har ynbrocht.

‘Do smakkest hiel sâlt, Sybren,’ sei se neihymjend. ‘Sa sâlt haw ik it noch neat iten, hast dy wol dûst?’ Se dine op en del en hy fielde spasmen fan har kut. Sybren die as hie er har opmerking net heard.

‘Sis ris wat goare dingen tsjin my.’

Hy swei noch hieltiten en betocht dat har hâlden en dragen hiel oars wie as wat se oer syn persoanlike hygiëne útspriek.

‘Sis ris tsjin my dat ik in hoer bin en dat ik in fiis doaske haw.’

Hy besefte hoe wier it wie en koe it dochs net sizze. Hy woe lûd laitsje, mar hâlde him yn en fersloppe by de tins wat sy foar inoar ferswijden.

‘Wat is dat no, Syb, sa ken ik dy net,’ sei se, se gong hookstrooks oerein. Hy hearde har yn de wc ferdwinen. Har stim kaam boppe it kletterjen yn de wc-pot út.

‘Wêrom smeitsje dyn ballen sa sâlt? Hast mei in oare frou op bêd west?’ raasde se.

Sybren sei neat.

‘Woest dat mei my beprate?’ frege se, se skuorde rûch oan de wc-rol.

‘Ja, dat kloppet,’ sei er, hy rûn nei de wc.

Se barste yn hystearysk laitsjen út en sprong út de wc tefoarskyn.

‘Ik wist it wol, bist krekt as myn heit, lykas alle manlju, huorkers,’ jankte se.

‘Nee, juh, ik miende it net,’ sei er. Se seach him ûnbegripend oan mei dûme, betrienne eagen en makke in flugge beweging nei him. Har boarsten makken in hipke fan de ûnferhoedse ferpleatsing. Se besocht him de wangen iepen te klauwen, mar hy kearde har. Hy fielde in kâlde huver oer de rêch, frege him ôf oft er de oanfal beanderje moast. Net dat se in frou wie wjerhâlde him derfan om har in pets te ferkeapjen, hy koe it net omdat se gek wie, it hie gjin inkel doel.

‘Ik woe mei dy prate, mar ik bin it kwyt. As ik it wer wit meld ik my. It muoit my, ik moat fuort,’ hy woe him nei de treppen keare.

‘Wip noch ris del, ja,’ sei se en se begûn te snokkerjen. ‘Ik hie myn hier foar dy litten sa’t it is as ik wekker wurd en dan giest al wer.’ Se skoarske har tsjim him oan as in kat.

‘Leave Jacky, do witst dat ik gek op dy en hast prachtich hier, sa. Mar ik moat fuort, ik haw it eksamen Romeinsk Rjocht. Ik wol my der noch effen op tariede, goed?’

Hy joech har hoeden in tút en streake har de nekke. Hy hope dat se it begriep en dat se net opnij in oanfal krije soe. Hy gong earslings de treppen del en hy seach har ôfwachtsjend yn de eagen oant er op de tuskenetaazje oankaam. Doe draaide er him om en sprong er mei twa treden tagelyk nei ûnderen.

Mear fan Sjieuwe Borger

Memento mori Dêr is de âld toer al, hy wibelet my suver temjitte.
Piano piano Myn sweager en ik tôgen de piano by ús yn de hûs. De piano kaam by myn suster en myn sweager wei …
Eksamen It ûnthjit fan de simmer gong goed yn ferfolling, de sinne sprate syn gleonens allinkendewei oer de stêd.
Toernoai Sybren trof syn jierklub yn de hockeykantine. It jierlikse toernoai fan de studinteferiening wie oer it wykein útsmard …
Freed ‘ekker wurde bûke’ trúnde de man oan mei syn heech nasaal lûd, wylst er him oan de earm op loek. ‘Is dat no normaal …
Dies ‘Sorry, ik moat fuort’ sei er. ‘Jierklub.’ ‘Litst my yn de steek?’ frege se kjel.
Cordon bleu Sybren griep nei syn snoadfoan. ‘Giest hjoed wer nei de UB?’ frege se.
Dwylsin Sybren pakte de brûskop út de hâlder liet it wetter oer it liif rinne. Hy spande de lofter boppe-earm …
Oan de Efterwei Ljudger stie te beljen. Syn útdrukking feroare fan kjel yn helpleas en hy einige it petear.
De feesttinte Sybren spielde de lêste hap fuort mei it lêste slokje bier út it blikje en smiet it op de grûn.
1 2