sjieuwe borger image

Oan de Efterwei

Sjieuwe Borger - Fers2 nû. 4.2, 28 jannewaris 2018

Ljudger stie te beljen. Syn útdrukking feroare fan kjel yn helpleas en hy einige it petear.

‘Dy hie my in sin, de útfanhuzersbêden wiene beset. Wêrom’t ik sa let belje, it hat al alve oere west.’

‘Kinst noch nei stêd ride,’ sei Sjouke.

Tsjitske seach him lilk oan.

‘Se hawwe dronken, heit, en net min,’ sei sy. ‘Ik haw tape. It is net ferantwurde, of tinkstû dêr oars oer?’

‘Wy kinne yn de auto benachtsje,’ sei Ljudger.

Sjouke seach syn dochter freegjend oan.

‘Dan sliepe jimme mar yn de karavan,’ sei er har hifkjend.

‘Dy rûkt oars frijwat moassich, mar it is al it bêste op dit stuit.’

‘Wy geane, dy lju út A. hawwe it aardich bedoarn,’ sei Sjouke. Yn de tinte hâlde Stagelive fannijs op fan spyljen. ‘Dit is de twadde en lêste kears,’hearden se de stimme fan de sjonger boppe it tanimmend lawaai. ‘Jim hâlde no op, oars binne wy fuort.’ Se hearden de twifel yn it drigemint trochklinken.
Se stapten yn Sjouke syn reade VW-Golf. Hy wâde it pedaal yn en lake lûd. Hy draaide de radio dy’t op eftergrûn stie wat lûder, piratemuzyk.

‘Hoefolle hast sels eins dronken, heit?’ frege Tsjitske.

‘Ik kinne net mear as twa west hawwe,’ antwurde er. De bierdoppen yn de bûse fan de overall rinkelen.

‘Wat tinkst, leit mem al op bêd?’ frege Sjouke wylst er syn dochter oanseach en sy him.

Harren likenis foel noch mear op. Blykber wennen yn sokke útbuorrens fan it keninkryk minsken dêr’t de ynfloed fan Dzjengis Khan iuwen letter noch spoaren of efterlieten.

‘Ik tink fan net, hoe no?’

‘No ja, ik bedoel, se sil net skrikke omdat wy frjemdfolk meinimme?’

‘Ik tink dat se der wol oer mei, minsken oer de flier.’

Se sloegen in loane yn en Sjouke hâlde de auto njonken twa hege bûken foar in lyts húske mei in grut rút. Troch it rút neist de foardoar seach Sybren in frou sitten. Se hie in wite filtersigaret tusken de fingers en kuerde nei in boek dat op de tafel foar har lei. Se brocht de sigaret begearich nei de mûle en sloech in bledside om.

Sjouke gong harren foar. Yn it haltsje foar de wenkeamer stie in salonkastke mei dêrop in naaimasine en fergiele sjippe- en skuonsmarferpakkingen. Hy die de doar nei de wenkeamer iepen.

‘Ik haw feestgongers meinommen, mem. Goed folk.’

De frou seach op fan har boek en ferskode de sigaret nei de oare mûlshoeke. Se kniep in each ta en ynhalearre djip. Tsjitske die in stap nei foaren.

‘Dit binne Sybren en Ljudger, se komme út de stêd en hawwe gjin sliepplak. Heit hat oanbean dat se yn de karavan sliepe kinne.’

De frou seach Tsjitske oan mei beide eagen wat taknypt.

‘It is noch gjin healwei tolven, heit. Is it feest no al oer?’ sei se mei in swiere smokersstimme en se blies reek út.

‘It wie krekt begûn, mar doe kaam hy foarby,’ sei Sjouke wizend nei Ljudger.

‘No sa,’ sei de frou. Se sloech it boek ticht. De leare fan Marcion, stie op de foarkant.

‘Heit, wolst my wol wat te drinken jaan?’ sei de frou tsjin Sjouke.

In tl-balke ferljochte de keamer. In grut rútkezyn en in doar skaten de wenkeamer fan de pronkkeamer mei yn de midden in salontaffeltsje dêr’t in keunstlearen bankstel om hinne stie. Op it platte skerm oan de muorre waarden clips fan piratemuzyk fertoand, de muzyk sels wie út. Sybren seach tegeltsjes mei wiisheden derop, sawol wrâldske (Kinst hjir fan de flier ite, der leit fan alles) as kristlike (De Hear is myn hoeder, neat bin ik brek).

Sjouke rûn nei de keuken. Hy kaam werom mei in rôze drankje.

‘Wolle jimme ek noch in fleske bier?’ frege Tsjitske út de keuken wei.

‘Tuerlik,’ sei Ljudger. ‘Witsto wêr’t Janneke is?’

‘Op bêd, se kaam hielendal gear thús,’ sei de frou.

‘Dat wol ‘k wol leauwe,’ sei Sjouke en hy naam Ljudger earnstich op. Tsjitske joech harren in pypke bier en gong de keamer út. In hoart letter kaam se der yn joggingbroek wer yn. Har boarsten stiene noch hieltiten grutsk foarút ek al hie se foar it neiste gjin bh oan.

‘Ik sil jim effen jim sliepplak sjen litte, folgje my.’

Se gong harren foar troch in smel gonkje en knipte in ljocht oan. Rjochts rûnen se twa skodoarren foarby foardat se yn in hok belânen dat rûkte nei ôfwurke oalje. Se kriemden rjochtsôf it tsjuster yn - Tsjitske hiet Sybren har hân fêst te hâlden – en bedarren yn in ferljochte wurkpleats mei allegearre ark, it measte stie der ferskate kearen. Ut in ferburgen boarne kaam hjir ek piratemuzyk op. Nei de wurkpleats folge in serre, dy’t oplutsen wie út rútkezinen, deselde as de wand tusken wenkeamer en pronkkeamer. Op de finsterbanken stiene planten, Sybren koe tomaten, paprika’s en in siklaam, in frouwetonge, en in kristustoarne. Tsjin de muorre yn de serre wie in oanrjocht befêstige, dêr’t noch mear ark op lei, hy koe in heakske sliper werom en der stie in sirkelseage. Oan de wasklinen hong no neat. Tsjitske taaste boppe oan de sponning fan de doar. Troch it rút seagen se in karavan stean, dêrnjonken lei de weareld oan pallets oploege. De steapel meat likernôch 10 by 10 meter by in hichte van fiif meter. Se fûn de kaai en fierde de doar op. Fannijs rûkten se it ûnthjit fan in wytgjende foarsimmer.

‘Jimme sliepe hjirre,’ sei Tsjitske wylst se ûnder ien fan de bêden klamme sliepsekken weihelle.

‘Ik wit net oft ik dat wol,’ sei Ljudger. ‘It rûkt hjir stealich en as dy pallets yn ’e brân geane, dan geane wy mei.’

‘It kin net oars,’ sei Tsjitske. ‘Mear rûmte is der net. En wêrom soene dy pallets yn ’e brân gean moatte?’

‘Sokke dingen komme no ienkear foar, en it is no feest hjirre.’

‘Sokke dingen barre, mar net oan dit adres,’ sei Tsjitske.

‘Hoe kinst dat no sa sizze?’

Se seach him twingend oan en swijde. Ljudger stjoerde de eagen nei de grûn.

‘Astû strak noch fleske bier wolst, dan kinst dy sa pakke.’ Se die de doar fan de kuolkast iepen. Sybren hie noch nea in kuolkast sjoen dy’t sa fol siet mei griene pypkes. Dêrby like it as woe de doar net goed ta.

‘En dêr stiet der noch ientsje, foar as dizze leech is,’ se wiisde nei de oare ein fan de karavan.

‘Wêrom stiet dizze karavan hjirre?’ frege Sybren.

‘Dan kin heit him weromlûke, as it him te drok wurdt,’ sei se en knypeage nei him. Har boarsten dinen op en del.

‘Ik bin hjir, bûke, dy dêre hawwe gjin eagen.’

Sybren krige in kaam.

‘Ik moat pisje en dan wol ik koese,’ sei Ljudger. ‘De toarteltsjes fermeitsje har hjir grif noch wol in skoftsje.’

‘Do bist strang, Tsjitske,’ sei Sybren.

‘Ik hâld net fan mannen, dy’t ûnder it praten nei myn boarsten gowe.’

‘Ik die it net mei sin, ik sil der om tinke. Hoe kaamst op it idee om sosjology te kiezen?’

‘Ik woe it hûs út, dat wie foar my de reden om fierder te learen. No ja, ik koe mei gymnasium allinne ek net safolle fansels. Ik moast ek wol leare myn mem-en-dy koene my net riede. Nei myn trettjinde al net mear, wants se hawwe acht jier legere skoalle. Ik begûn mar wat om de doar út te wêzen, mar ferpleechkunde waard neat en de pedagogyske akadeemje ek net. Ik hie yn dy snuorje wat lêzen oer soasjology en dat like my al wat. Witst wêrom? Omdat ik mysels better begripen leare woe. Party minsken wolle dat troch psychology te studearjen, mar dan learst op ‘en heechsten dysels kennen, as dat al sa is. As soasjolooch learst de kliber better te begripen en dêrmei - tocht ik - mysels as ûnderdiel fan de kliber, myn eigen yndividualiteit.’

Sibren sloarpe fan syn fleske.

‘Wie dat belangryk foar dy?’

‘Ik stie yn dizze mienskip, mar ik ûntwoeks it op de middelskoalle. Op de basisskoalle naam ik it wurd fan dûmny letterlik. Twa kear op snein nei tsjerke en tuskentroch nei it middeissop learde ik de psalm foar moandei út de holle. Ik krige fan master altiten in beleanning omdat ik de bêste wie. Ik fûn it wol spitich foar de oaren yn de klasse, dy krigen neat. Ik waard hjir berne om in goed kristen te wurden. Hoewol, wurdst hjir net berne om in goed kristen te wurden, dan sit der in bedoeling yn. Hjir giet alles út tradysje, bedoelingen binne rasjoneel begrypst, dêr is oer neitocht, oer tradysjes net. Op de middelskoalle kamen de fragen. Dat begûn mei in sin út is Johannes syn bliid boadskip: Yn it begjin wie it wurd en it wurd wie by God en it wurd wie godlik, of God sa’t oaren sizze.’

Sybren krige in farsk fleske út de kuolkast en draaide de kroankoark der ôf.

‘Harkest wol?’

‘Yn sekere sin.’

‘Yn sekere sin, haha. No dy sin út Johannes, dy is sá abstrakt. Ik siet yn tsjerke en ik seach heit gean mei it jildponkje en ynienen seach ik him as myn begjin. Dat kinst noch begripe, mar hoe kin God no oan it begjin stien hawwe, der wie dochs ek wat foar it begjin? En doe seach ik dy ynbannige froulju om my hinne mei de swarte huodsjes en swarte klean en dy mannen yn dy glimmende swarte pakken. As se der sa by rûnen wie dat genôch foar de earetsjinst, hoegdest net mear nei te tinken of fragen te stellen. Joechst dy der oan oer en wiest klear. Owh ja, dy klean waarden yn de tsjerke ferkocht. Ek dêr waard oer swijd, ek al waard de timpel sa ta in merk. Fan doe ôf seach ik myn bruorren en susters hieltiten mear as minsken dy’t mei konkrete uterlikheden dwaande wiene, wylst ik mei ûnbeantwurde fragen ompakte. Soasjology hat my dy antwurden net jûn, ek net om mysels better te begripen, mar ik begryp troch de stúdzje al better dat it leauwen fan dizze minsken in binende faktor is. Meidat ik dêr ôfstân fan die, fielde ik my dêr net mear by thús.’

Sybren seach har oan. Sy bûgde nei him ta, hy wist net wat him earder rekke, har boarsten of har lippen. Hy tute har werom.

‘Lekker sliepe, Sybren, tank foar dyn omtinken.’

‘Tankje, Tsjikky.’

‘Ik haatsje dy namme,’ sei se yn de doar fan de karavan. ‘Sa neamt heit beppe ek altiten. Hy is altiten in memmepopke bleaun, en in alkoholist.’ Se seach oer it skouder. ‘Witst wêr’t Ljudger is?’

‘Nei it húske, tocht ik?’ sei Sybren. Hy kaam oerein en gong efter har oan.

*

Yn de wenkeamer kuerde Tsjitske har mem yn it boek en loek oan har sigaret. Sjouke siet yn it himd foar har oer, de overall heal út op de rêch, de mouwen om de búk bûn. Twa katten en in fodzeslikkerke sieten om syn stoel nei him op te sjen. Hy seach nei de clips, jitte hieltiten sûnder lûd, en dronk syn pypke leech.

‘Wol mem noch wat drinken, mem?’ frege Sjouke.

‘Lekker, heit,’ antwurde de frou en se blies reek út.

‘Sis Sybren, hastû wol ris heard fan Marcion?’ frege se hookstrooks en se seach him strak oan. Har eagen wiene sa blau as de himel yn Toskane, tocht Sybren. Sjouke sette in longdrinkglês neist it boek del. Yn de ljochtreade drankje dreaune iisklûntsjes.

‘Makkest it net te sterk, heit?’

‘Der sit iis yn.’

‘Ik haw nea fan Marcion heard,’ antwurde Sybren.

‘Hy learde dat de wreekjende God fan it Alde Testamint net deselde is as de heit fan Jezus, dy’t it oer leafde foar jins neiste preket. Marcion fûn it Alde Testamint dêrom net sa wichtich. Hy makke in skifting yn de iere kristlike skriften. Yn syn kanon hie er allinne mar syn eigen evangeelje en tsien brieven van Paulus. Neffens Justinus de Martelder wie er in duveloanbidder, in slimme bedriging fan de suvere kristlike leare,’ sei de frou, se nipte fan har glês en sûge oan har sigaret. Sybren rûkte de ynkringende rook fan mentol.

‘Mem, wyn dy net sa op,’ rôp Sjouke har ta.

‘Dat wie net in bêsten ien,’ sei Sybren.

‘Hy tocht sels nei,’ sei de frou. ‘Dat is belangryk. God skoep de minsken neffens syn byld, soe de minske sels dan ûnkritysk wêze?’

Tsjitske seach har oan.

‘Hat mem dy freon fan Sybren sjoen?’

‘Is er net by de karavan?’

‘Wêr tinkt mem dat wy weikomme?’

De frou seach Tsjitske oan, swijde en kuerde wer yn it boek.

‘Hju rint net fuort,’ sei Sjouke.

‘Ik gean op bêd, nacht,’ sei Tsjitske. ‘Lekker sliepe Sybren, lit dy goed ynformearje.’ Hy fielde har fingers op syn efterholle. Sybren pakte in stoel.

‘Witst Sybren, guon seine dat Marcion in gnostikus wie, in bestrider fan de frije wil. Hoe tsjinstridig dat ek oandwaan mei,’ gong Tsjitske har mem fierder.

Sybren hearde Tsjitske de treppen oprinnen.

‘Ik tink dat it jo in protte tiid kostet om my dat allegearre út te lizzen,’ sei Sybren. ‘Dêr gean ik ris foar sitten.’

Sybren hearde de frou moanotoan praten en bewûndere wilens har himelsblauwe eagen dy’t fol fjoer ferhellen en altemets hifken oft Sybren har noch wol folge, wylst har lippen beweegden op in skynber nea einigjende stream fan wurden en hy seach dat Sjouke him útklaaide en de keamer útgong en doe’t Sybren in nij fleske bier oan de mûle sette kaam Ljudger koart yn syn eachweiding mei Janneke yn it sok en Tsjitske har mem seach prot op en prate fierder oer Marcion de seeman en syn leare en guon hâlden út hy wie gjin gnostikus mar in joadehater en meidat Sybren syn sechste fleske bier útdronken hie ûnderwylst leard hie hoe’t er in folmakke bessen-sevenup – al wie it gjin sevenup – mjuksje moast, fûn er tiid om op bêd.

‘Is Binky dan al werom, hoe let libje wy?’ sei de frou heal yn noed, heal brûkel. Se kaam oerein, stiek fluch in sigaret oan en seach op de klok.

‘Healwei trijen,’ sei se tsjin har sels.

Sybren winske har goenacht. Se seach op har snoadfoan en sûge de reek fan de sigaret yn en gong wer op har plak sitten.

‘Oant moarn.’

*

Sybren waard oer nacht wekker fan it dynjen fan de karavan. It ljocht fan de moanne foel troch in rút. De kuolkast sloech oan, hy draaide him om en seach Janneke, dy’t op Ljudger ried. In earm hâlde sy sûnder beweech efter har rêch, hy folge har ûnderearm nei har hân dy’t Ljudger syn ballen yn in fêste omklamming hâlde. Hy hearde Ljudger stinnen.

‘Ik hâld fan dy Ives.’

‘Ik hjit fan Janneke,’ sei se.

‘Wat wiene wy ôfpraat?’ sei er en syn hannen kletsten op har billen.

‘It spyt my, mynhear,’ sei se en gong linich op en del. Sybren seach der in hoart ûnwêzentlik nei en foel yn de sliep. Hy dreamde dat yn it skouke fan syn pake siet te fiskjen. Pake hufte mei in roeiriem yn op in dryst bist mei teisterhierren dat in snoek yn de bek hie.

*

‘Sybren, Sybren, wekker wurde,’ ien loek him oan de skouders. Hy fielde it klopjen oan de sliepen. Hy wreau him yn de eagen en fielde dat er juster genôch hân hie.

‘Wekker wurde, Sybren.’

Hy die de eagen op en seach yn Janneke har poppekop, doe liet er syn loaits op har hannen sakje.

‘Heit freget ofst meigiest nei tsjerke.’

‘Kin ik noch ûnder de brûs?’

‘Jawis.’

Meidat Sybren de karavan útgong hearde er him al yn beweging kommen en begûn it hymjen fannijs. Hy loek oan de skouders en gong de serre yn.

‘Wêrom gongen Janneke en do net nei tsjerke, Ljudger? frege Sybren op de weromreis.

‘Wat tinkst?’ frege Ljudger en hy trape it gaspedaal yn.

De hânwizers joegen de stêd al oan.

‘Ik lei út te sliepen en ik kom dêr net gau werom al wennet der famylje fan my.’

‘Hellest my de wurden út de mûle, al kom ik wol gauris,’ sei Tsjitske. Heit hat him der by del lein dat ik net mear nei tsjerke gean. Mem fynt it slim dat ik my útskreaun haw, it is sa oars as wat se foar my úttocht hie. Se woe dat ik predikant wurde soe, dat wie har dream. No is se sels mei allegearre teologyske stúdzjes te set, dat is better as dat ik har libben folslein meitsje. Dat moat in minske sels dwaan, in oar kin der net foar.’

Se seach Sybren blier oan yn de efterútkykspegel. Se streake him koart troch it hier.

‘Wat fûnstû fan de tsjinst?’

‘Nijsgjirrich hear, se rinne allegearre yn swarte dracht, teminsten de âlderein. Dy klean glânzje en sjogge der wat slytsk út. En de manlju sitte apart fan de froulju. Fan de preek haw ik net folle mei krige, ik haw om my hinne sjoen. Foaral de manlju sieten te dodzjen, dyn heit ek. It Wijingsfeest, tink?’

‘Ha, soest tinke. Juh, dat giet altiten sa. En rûkte it nei muntsjes?’

‘Fris, ja. Dat ferbân hie ik net lein.’

‘Goh, Sybren, wat bisto nayf,’ sei Ljudger. ‘Dat giet sa yn alle tsjerken, útsein by de Roomsken. Dy krije fanwegen de tsjerke altiten wyn en in hosty.’

Yn de spegel seach Sybren dat Tsjitske har eagen sûnder erch kniperen by it wurd roomsk.

‘Wat witsto dêrfan, Ljudger?’ frege Sybren.

‘Ik bin herfoarme doopt.’

‘Ik ek,’ sei Tsjitske. ’Yn it griffermeard bûn fan de herfoarme tsjerke. Dat is ultra-otterdoks, in soarte fan salafisme, mar dan sûnder moard en deaslach. Wat oars as mainstream kristendom.’

‘Aha,’ sei Sybren. ‘En no bist heiden.’

‘Ja, ik ha mysels ûntdoopt, sûnder in amerij spyt.’

*

Ljudger remme en sette de auto stil yn de Bankastrjitte. Hy seach fansiden nei Sybren, dy’t útstapte en de doar foar Tsjitske iepen hâlde. Hy helle har tas út de kofferbak en folge har nei de hûsdoar.

‘Do kinst my fêst noch wol ris wat fertelle oer dat leauwen fan dy, dêr’tst mei ôfdien hast,’ sei er. Tsjitske tute him op de wangen, har boarsten tipten troch syn polo hinne. Se wiuwde Ljudger in fûgel ta.

*

‘Wat dogge wy, Sybren?’ Sybren hie de riem noch net om of Ljudger loek op en parkearre de auto noch gjin trije minuten letter foar it hûs del.

Mear fan Sjieuwe Borger

Memento mori Dêr is de âld toer al, hy wibelet my suver temjitte.
Piano piano Myn sweager en ik tôgen de piano by ús yn de hûs. De piano kaam by myn suster en myn sweager wei …
Yntermezzo Yn de nacht waard er wekker en frege er him ôf oft er Jacqueline sjen moast as syn faam lykas dy froulju dêr’t er wat mei hân hie foardat er …
Eksamen It ûnthjit fan de simmer gong goed yn ferfolling, de sinne sprate syn gleonens allinkendewei oer de stêd.
Toernoai Sybren trof syn jierklub yn de hockeykantine. It jierlikse toernoai fan de studinteferiening wie oer it wykein útsmard …
Freed ‘ekker wurde bûke’ trúnde de man oan mei syn heech nasaal lûd, wylst er him oan de earm op loek. ‘Is dat no normaal …
Dies ‘Sorry, ik moat fuort’ sei er. ‘Jierklub.’ ‘Litst my yn de steek?’ frege se kjel.
Cordon bleu Sybren griep nei syn snoadfoan. ‘Giest hjoed wer nei de UB?’ frege se.
Dwylsin Sybren pakte de brûskop út de hâlder liet it wetter oer it liif rinne. Hy spande de lofter boppe-earm …
De feesttinte Sybren spielde de lêste hap fuort mei it lêste slokje bier út it blikje en smiet it op de grûn.
1 2