sjieuwe borger image

Eksamen

Sjieuwe Borger - Fers2 nû. 4.11, 3 juny 2018

It unthjit fan de simmer gong goed yn ferfolling, de sinne sprate syn gleonens allinkendewei oer de stêd. Sybren wie bliid dat er de jas thús litten hie. Hy rûn oer de grêft nei it rjochtshistoarysk ynstitút dêr’t er it eksamen Romeinsk rjocht hie. Hy stoep de treppen op en loek fûleinich oan de skille. In rûngear wyfke die op. Sybren hie him er der al faker oer fernuvere dat se hjir noch altiten wurke. Se hie al lang rjocht op pinsjoen, tocht him. Flibe hong har oan it kin. Hy bearde dat er der neat fan murk, al wie it winliken syn plicht om har in bytsje te heinen. It wie in wûnder dat se de doar altiten sa gau opfierde, as tidige se op syn komst. Hy stapte de gong yn.

‘Goedemiddei rju achte hear. Kin ik jo mantel oannimme?’ frege sy. Sybren loek de winkbrauwen op, hy wist net hoe’t er antwurdzje moast, no’t er hjir yn in poloshirt foar har stie.

‘Nee, tanke wol, it is goed sa.’

‘De profester ferwachtet jo yn de grutte keamer,’ sei se, ‘ik gean jo wol foar.’ Hy lei har hiel hoeden in hân op it skouder en seach har yn de eagen. De mûle foel har iepen, se hie de tosken net yn.

‘Nee, tanke wol, juffrou Eabeltsje,’ sei Sybren. ‘Ik wit wêr’t de profester tahâldt, en ik ken it paad.’ Hy begelate har nei de pizel dêr’t er har op har stoel oan de tafel delplante. Se gong mei de earms oer inoar sitten, in finger hie se foar de mûle.

‘Kalm sitten bliuwe,’ lústere Sybren har yn it ear. Se knikte en se stoarre út it rút foar har oer dat op it binnenplak joech.

Sybren kearde him om en hearde har lûd furtsjen, hy makke oan. Hy moast laitsje al makke er him tagelyk lilk. Dit koe sa dochs net langer.

Sybren gong nei in klop op de doar de grutte keamer yn. Profester Nikolai siet te smoken efter in swier ekenhouten buro dat fan foar de Earste Wrâldoarloch datearje moast.
‘Goedemiddei, Brouwer. Ik sjoch it jo tinken, wat sit er hjir te rikjen. No, dat is ien fan ús foarrjochten, dat men jin hjir noch straffeleas in sigaar permittearje kin, yn private eigendom kin dat noch. Wel, hat it meubelstik it jo in bytsje maklik makke?’

‘Dat meie jo wol sizze, profester. Se frege my oft se myn mantel oannimme koe. Hawar, ik haw net ien oan.’

‘Se wurdt ek in dei âlder, dat sprekt.’

‘Kin se hjir noch wol bliuwe? Moat se net fersoarge wurde?’

‘Hoe dat sa? De tamakking yn de lêste wil jout oan dat se oan har dea ta yn tsjinst bliuwt by de stifting Balkema. Dat falt net te feroarjen.’

‘Kinst it bestjoer fan de stifting by inoar roppe en it karbrief wizigje, tocht ik?’

De profester seach him staf oan, efter in reekgerdyn mei heal taknypte eagen. Op de pûden ûnder de eagen en op de wangen lei in laachje poeier. Nikolai mocht tinke dat it net opfoel, mar it tsjindiel wie it gefal.

‘Hmm,’ brocht er út wylst er oan de sigaar sobbe. Hy tyske yn in laad fan it buro.

‘Sjoch, hjir hawwe jo it karbrief,’ sei Nikolai, hy wiisde mei in manikuere finger op in kêst. Gean jo gong.’

‘Si dispensatrix morietur, aut ei necesse erit ut – morbo coacta – in valetudinarium recipietur eoque domus relinquenda erit in perpetuum, domus vendetur et fructus ex illis redundabunt ad scientiam iuris Byzantii atque ad dispensatricem, inquantum ei necesse in valetudinario. Haec condicio mutanda non est,’ lies Sybren foar.

‘Wat stiet der?’ frege Nikolai.

‘As de faam ferstjert, of troch sykte twongen yn in fersoargingstehûs opnommen wurde moat, en dêrtroch it hûs foargoed ferlitte moat, wurdt it hûs ferkocht en komme de opbringsten te goede oan it wittenskiplik ûndersyk fan it Byzantynsk rjocht en oan de faam safier’t dat nedich is om it fersoargingstehûs te beteljen. Dit betingst mei net feroare wurde,’ sette Sybren oer.

‘Krekt,’ sei de profester.

‘Nijsgjirrich dat Balkema sa hechte oan de faam.’

Nikolai die de kohiba út en rûn nei de muorre, dêr’t boppe de skoarstjinmantel ynliste foto’s hongen.

‘Sjuddêr, de âlde Balk, as jongfeint op it hoars. Dêrop skynt er nei kolleezje gongen te wêzen, mar dat haw ik net mear meimakke.’

Sybren naam de ôfbylding op mei omtinken. In skiente mei brún hier hâlde it hynder by it helter fêst. It fleach Sybren ynien oan.

‘Wat kin ik jo oanbiede?’ frege Nikolai, hy naam in flesse fan de buffetkast en krige twa tûmlers. Hy skonk ien fol en soe de twadde folje.

‘Tanke wol, profester. Ik bin hjir foar it eksamen, dêrfoar wol ik net drinke.’

Nikolai nipte fan it glês en ferloek de mûle. Hy rinkele mei it skeltsje dat op de buffetkast lei. Juffrou Eabeltsje kaam nei in skofte hymjend yn de doar en Nikolai lange har it glês oer.

‘Soene jo dêr beleaven in pear iisklûntsjes yn dwaan wolle, juffrou Eabeltsje?’

‘Jawis, profester,’ sei se en se strampele nei de pizel werom.

‘Dy frou by dat hoars, dat is sy,’ sei Nikolai mei in gebeart fan de holle nei de doar. ‘De âlde Balk wie in leafhawwer fan hynders en hy hat har troffen by de hynstefokkerij. Hy hat har sa fan de buorkerij nei stêd helle as syn faam. Dy hynst is út har heite bêste beslach, lykas sy. Wat jo, Brouwer?’

Sybren seach Nikolai feralterearre oan en beseach de foto wat langer. Doe rjochte er him op Nikolai.

‘Witte jo, profester Nikolai,’ begûn er. ‘Ik bin der altiten ôf fan de feroaringen dy’t de tiid feroarsaket. Benammen it ûnderskied dat blykt tusken it fergonklike en it ûnfergonklike.’

‘Bedoele jo skiente, Brouwer. Ja hawwe gelyk. Jo kinne it sjen oan juffrou Eabeltsje; wat wy ûnderfine oan de foto hat net de echte skiente west, want dy skiente is fergien. Dy foto mei dêrop dat troubere frommiske is in ôfbylding fan in ôfbylding fan de foarm Skiente.’

‘Dy foto is net in ôfbylding fan in ôfbylding fan de foarm Skiente,’ rôp Sybren út. ‘It is in foto mei juffrou Eabeltsje, sa’t se der as boerefaam útseach, lykas har jeld no ek in ôfspegeling is fan de foarm Jeld, de folmakke Foarm Jeld, tsjonge, wat in flutpraat, ik bin it dêr net mei iens. Foar itselde kinst dy yntinke dat de foto de Foarm is, want dêr stiet juffrou Eabeltsje op yn al har doetiidske folmakkens.’

Nikolai seach him wat dreech oan, naam doe gau de professorale hâlding wer op. Soe Nikolai Plato syn foarmelear oanhingje, frege Sybren him ôf. It koe fansels ek wêze dat er it as akademikus wol nijsgjirrich fûn.

Juffrou Eabeltsje kaam der yn.

‘Kofje foar profester de Walle, rju achte Bakker en in tûmler foar jo,’ sei se en se sette slim triljend it blêdsje nuodlik skean op de útjeften fan de Digesten, dy’t op it buro lei.

‘Tige tank, juffrou, ik bin mei in eksamen dwaande. Jo meie gean,’ sei Nikolai mei ynhâlden argewaasje.

‘Ja profester, fansels profester,’ sei Eabeltsje en se hastige har lompend mei de rjochterskonk nei har romte werom.

‘Hja heart de skiednis ta,’ spriek Nikolai heechdravend.

‘Jo sizze dat wol hiel wis,’ sei Sybren, dy’t him aloan mear begûn te ergerjen oan de fernimstigens fan Nikolai.

‘Huh?’ sei Nikolai.

‘Ik set in fraachteken by jo opmerking dat juffrou Eabeltsje de skiednis taheart.’

‘Wat bedoele jo?’

‘It karbrief jout oan dat it hûs net ferkocht wurdt salang’t de juffrou hjir yn sûnens tahâldt. Jo jouwe oan dat se oan har dea ta yn tsjinst is fan de stifting. Jo sizze dêrmei oan dat se sûn is, mar ik sjoch wat oars. Ik sjoch in âlde krebintige frou dy’t amper mear gean kin, dy’t minsken ûntfangt mar net sjocht oft se al of net in jas oan hawwe en as in beuker oan de keukenstafel sitten giet. It maatskiplik net goed te praten dat Eabeltsje hjir oan it wurk bliuwt as se der sa oan ta is. Se hat fersoarging nedich, dat mist net. It karbrief is helder, it grêftehûs moat op buordsjes.’

‘It bestjoer fan de stifting tinkt der oars oer; âlde beammen ferplantest dochs net mear,’ sei Nikolai salverich. ‘Genôch gekjage, wy meitsje begjin mei it eksamen,.’

‘Nee noch net,’ sei Sybren. Hy rûn nei de foto fan juffrou Eabeltsje mei Balkema op it hynder. Hy naam de ôfbylding yngeand op en hy huvere om de likenis mei Tsjitske, ek al wie de foto swart-wyt. Hy griep him fêst oan it koele moarmer fan de skoarstienmantel en de spreuk ‘et in arcadia ego’ twong him oan him op.

‘Hoe hjit de juffrou folút?’ woe er Nikolai freegje mar hy liet it. Nikolai nûge him oan de salontafel. Sybren kearde him om nei in lêste each op de foto.

‘Wat kinst my fertelle oer de koadifaasje fan Justinianus en syn lettere wetjouwing?’

*

‘Jo krije in 8 fan my,’ sei Nikolai doe’t er weromkaam neidat er him koart werom lutsen hie, sa te sjen om de wangen wat by te poeierjen.

‘Fine jo dat in reedlik oardiel?’ frege Sybren.

‘Op in mûnling is dat feitlik it heechste watst helje kinst,’ sei de profester, hy fage him oer de wangen en it poeier twirrele nei ûnderen.

‘It heechste wat men helje kin is in 10,’ brocht Sybren dêr tsjinyn. ‘Dat jo binne my in 10 ferskuldige.’

Nikolai seach him dizich oan.

‘Jo meitsje jo eigen regels. As jo fine dat in 8 it heechste is op in mûnling, dan betsjut dat, dat ik feitlik in 10 helle haw.’

‘Mar jo hiene net alles hielendal goed,’ ferdigene Nikolai.

‘Yn dat gefal is 8 net korrekt as heechste beoardieling,’ sei Sybren. ‘Dan soene jo in sifer leger as in 8 jaan moatte en dan mei ik der fanút gean dat in 10 wol it heechste te heljen is. Dan wol ik in 9,5 profester.’

It koste Sybren muoite om him net op te winen. Nikolai koe dan wol goede akademyske lêzingen jaan dy’t er mei kwinkslaggen ôfmakke, logika wie net in sterk punt.

‘Witto jo Brouwer, wy nimme ien op de goede útslach. Ik kin dy net heger jaan as in 8, omdat ik dat by mûnlinge eksamens nea doch,’ sei Nikolai. Hy rûn nei de buffetkast en soe in tûmler fan Sybren ynjitte.

‘Tanke wol, profester. It sjit my yn it sin dat ik in ôfspraak haw.’

Nikolai frûnsele de foarholle en krige it skeltsje. Hy rinkele en nipte fan syn glês. Sybren loek de doar efter him ta. Juffrou Eabeltsje lompte op Sybren ta en joech him syn tinkbyldige jas oer. Sy gong him foar nei de útgong en hâlde de doar foar him iepen.

‘Goede reis, Bakker,’ groete se.

‘Guondei,’ sei er. Hy rûn de treppen del en stiek de hân op nei Nikolai dy’t mei de tûmler yn de hân efter it rút wei werom wiuwde. Sybren sloech in sydstrjitte yn en oertocht oft er beswier tsjin de 8 meitsje soe, mar hy betocht dat er gjin kâns makke by de eksamenkomssisje dêr’t Nikolai syn wiif lid fan wie.

Mear fan Sjieuwe Borger

Memento mori Dêr is de âld toer al, hy wibelet my suver temjitte.
Piano piano Myn sweager en ik tôgen de piano by ús yn de hûs. De piano kaam by myn suster en myn sweager wei …
Yntermezzo Yn de nacht waard er wekker en frege er him ôf oft er Jacqueline sjen moast as syn faam lykas dy froulju dêr’t er wat mei hân hie foardat er …
Toernoai Sybren trof syn jierklub yn de hockeykantine. It jierlikse toernoai fan de studinteferiening wie oer it wykein útsmard …
Freed ‘ekker wurde bûke’ trúnde de man oan mei syn heech nasaal lûd, wylst er him oan de earm op loek. ‘Is dat no normaal …
Dies ‘Sorry, ik moat fuort’ sei er. ‘Jierklub.’ ‘Litst my yn de steek?’ frege se kjel.
Cordon bleu Sybren griep nei syn snoadfoan. ‘Giest hjoed wer nei de UB?’ frege se.
Dwylsin Sybren pakte de brûskop út de hâlder liet it wetter oer it liif rinne. Hy spande de lofter boppe-earm …
Oan de Efterwei Ljudger stie te beljen. Syn útdrukking feroare fan kjel yn helpleas en hy einige it petear.
De feesttinte Sybren spielde de lêste hap fuort mei it lêste slokje bier út it blikje en smiet it op de grûn.
1 2